Springe nei ynhâld

Wikipedy oerlis:Mienskip

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Plak foar Fryske forums

[boarne bewurkje]

Is der ek plak om de meast brûkte Fryske forums te nimmen? Bygelyks Frysk forum op Waldnet en Ynternasjonaal Frysk Forum Miskien soe Wikipedy sels in forum starte kinne?

--Boppe 12.26, 10 sep 2004 (UTC)

Soenen jo in side skriuwe oer (Fryske) Forums, dan koenen der ek wat keppelings by. (Net te folle, fansels, de Wikipedy is gjin keppelings-side.) Aliter 23.54, 10 sep 2004 (UTC)

Mienskip en Oersjoch

[boarne bewurkje]

Ik haw it Oersjoch hjirhinne brocht, mar mei it oerlis fan de âlde Mienskip-side, om't it Oersjoch gjin Oerlisside hie. Ik haw de âlde Mienskipside der boppen set. Op sich stiet dat ek yn it oersjoch, mar ik soe graach ferwizings hâlde wolle foar lju dy't bygelyks allinnich in side fine wolle dêr't se wat freegje kinne. Faaks kin dat ek mei in oare oardering of soks. Aliter 21.51, 4 feb 2005 (UTC)

Wikimedia Collaboration

[boarne bewurkje]

A new attempt to get the Wikimedia community to collaborate on multi-lingual tasks is the Wikimedia Collaboration of the Week. Please see the page on meta for details. It would be great if you could translate the following and add it to Mienskip. The text below is from en:Template:Wm-cotw and will be updated every week. Thanks. Angela 19.58, 3 apr 2005 (UTC)


The Wikimedia Collaboration of the Week is an attempt to get the Wikimedia community to join forces in tackling problems that affect all our projects. The current COTW is to create a standard multilingual manual for the MediaWiki software. The help pages should be linked from Help:Contents on Meta, our Wikimedia-wide coordination wiki. Please see the instructions for this COTW and help to make it happen!

Tagonklikens fan dizze side

[boarne bewurkje]

Ik socht niis om de side Putsje, mar koe dat net sa maklik fine. No steane op de side Mienskip grif wol mear ferwizings dy't net sa bot opfalle. Soenen wy op de haadside ek in link sette moatte om de side Mienskip better oan te jaan? Of hat in in doel om dizze side net sa yn de 'etalaazje' te setten? Wat tinkt oaren hjir fan? Swarte Kees 20 apr 2008, 11.48 (CEST)[beäntwurdzje]

Hoi Kees, ik sels haw hjir gjin idee oer. Mar dat wy sels guon dingen hast net werom kinne finen moat fansels ek oars kinne. --Geoffrey 20 apr 2008, 12.16 (CEST)[beäntwurdzje]
It wie neffens my it idee om it oansjen fan de Mienskip side ek nochris oan te passen, it kin faaks in stik oersichtliker. Mar de swierrichheid is it is in bulte wurk om dat rjocht te breidzjen. Alle siden dy't derûnder hearre binne ek net allegear like aktueel. In tal dêrfan kin tink ik wol fuort, mar de oare mienskip/útlis siden binne in kear oanmakke (foar in part oerset út in Nederlânsk) tink ik, en benammen Aliter hat hjir in bulte wurk yn ferset.
Ik haw my dêr nea sa bot ta sette kint om hjir saken by de tiid te bringen of saken ta te heakjen, je moatte dêr meast ek wol wat ynspiraasje by hawwe.
Ik nim oan dat Kees bedoelt om ferwizings op de Haadside nei siden as it Putsje te meitsjen dat liket my net handich, dan wurdt de Haadside ek minder oersichtlik. Theun 21 apr 2008, 20.34 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik rin hjir net al te hurd op. Dizze meidogger hat dit berjocht pleatst op hiel wat wiki's, hy liket der persoanlik belang by te hawwen. Wutsje 25 mrt 2009, 14.04 (CET)[beäntwurdzje]

Nije opset

[boarne bewurkje]

Goeie!

Ik ha de opset fan de Mienskip feroare. Ik bin benijd wat jim der fan fine. As it net nei it sin is set ik myn feroarings wol werom. Groetnis --Kening Aldgilles 14 nov 2011, 22.10 (CET)[beäntwurdzje]

Rijksmonumenten sjabloon

[boarne bewurkje]

Hey, omdat er een nieuw schildje is voor Rijksmonumenten heb ik gisteren een aantal pagina's bewerkt die een afbeelding van het blauw+witte schildje aan het begin van het artikel hadden. Is het een idee dat hiervoor in de plaats een sjabloon wordt gemaakt zodat de grote van dit embleem altijd even groot is? --1Veertje (talk) 12 sep 2014, 11.51 (CEST)[beäntwurdzje]

moderatoaren

[boarne bewurkje]

Yn it desimbernûmer fan Nij Frisia, it tydskrift fan de Jongfryske Mienskip, haw ik in stik skreaun oer dizze Wikipedy. Om't ik de Wiky in waarm hert ta draach/droech, wie myn artikel bedoeld om minsken te stimulearjen om hjir mei te dwaan. Lokkigerwize hat dat artikel net foar nije meiwurkers soarge. Noch gjin twa moanne letter kaam ik hjir yn 'konflikt' mei de iennige moderator dy't fanwege syn persoanlikheid net 'out of the box' tinke kin. No hie soks net in probleem wêze hoecht as de man hjir net ta moderator makke wie. Twa wike lyn hie ik mien ik myn lêste bydrage hjir levere, mar it bloed krûpt dêr't it net gean kin - it projekt is foar ús taal te wichtich - dat ik hie as foarbyld noch in tuskenoplossing yn twa begripen, gersdroegerij en boek, makke. Doe't ik fûn dat se ta foarbyld tsjinje koenen, haw ik moderator Drewes skreaun om der nei te sjen. Mar fansels koenen dy foarbylden net ien dei stânhâlde. Dy man mei syn iene each kikt op syn status en rameide de foarbylden derút en fansels dikke skoattels derop. Ik haw der suver om lake, ommers de kompjûter fan de Wiky wurket roboteftich en dêrmei sille dy twa foarbylden ek altiten yn dizze wikys sitten bliuwe. Wêrom dy twa foarbylden. No in ûnderwizer fan de basisskoalle kin jo útlizze dat jo gjin foute begripen klakkeleas nei goede begripen ferwize litte moatte. Sterker noch de bern yn groep 3 en 4 krije leskes dêr't se de goede wurden mei grien en de foute wurden mei read ûnderstreekje moatte. Mar hjir haw ik soks oan de moderatoaren net dúdlik meitsje kinnen. No bin ik gjin skoalmaster - al giet de kwaliteit fan de taal my oan it hert - mar de moderatoaren binne ek gjin skoalbern mear. Miskien moatte wy wol konstatearje dat yn it lân fan de blinen dy ieneach kening wurden is.Yn 'e Wâlden (oerlis) 16 mrt 2015, 09.53 (CET)[beäntwurdzje]

L.S. Ik hie de lêste pear kearen mar net mear reägearre op Yn 'e Wâlden syn geraaskal, mar no't er hjir yn in publyk foarum besiket en helje myn goede namme troch it slyk, moat ik it spul dochs mar even rjochtsette. Dizze meidogger dy't him sa beklaget oer de behanneling dy't er hjir krigen hat, dat is de man dy't mient dat er sels bepale kin oft oarmans wurk sinfol is, ja of nee, en as it net oan syn eigen mjitstêven foldocht, dan fynt er dat er dermei dwaan kin wat er wol. Sadwaande bruts er de lêste tiid likefolle ôf as dat er oan 'e Wikipedy tafoege. Der waard fan him neat oars frege as om him oan 'e regels fan gewoan fatsoen te hâlden en oarmans wurk mei respekt te behanneljen.
De staveringskwestje is in sekundêre saak, dy't pas op it lêst opspile en dy't er sels oant bûten alle proporsjes opblaasd hat. Net ien dy't oan syn omstaveringswurk kaam. It iennichste dat ik besocht te dwaan, wie om brûkers fan 'e Wikipedy nei de juste siden ta te liden. Der is neat mis mei om "gersdroegerij" troch te wizen nei "gersdrûgerij". De lju komme wêr't se wêze moatte, en sjogge dêr hoe't se it wurd skriuwe moatte. Of net. As se it net sjogge, is dat ek net sa slim, want de Wikipedy is net bedoeld as staveringshifker; dêr binne oare websiden en middels foar beskikber. As men ek wat opstekt oer de stavering, dan is dat moai, mar de Wikipedy is yn it foarste plak bedoeld foar mear algemiene ynformaasjeoerdracht.
Mar Yn 'e Wâlden woe fan gjin wiken witte; alle wurdfoarmen yn 'e âlde staveringswize moasten en soene folslein út 'e Wikipedy wiske wurde. Uteinlik kaam er dan mei it foarstel om sokke foarmen troch te wizen nei de list fan omstavere wurden; dat wie fansels neat wurdich, want (en dat wit hysels ek donderse goed) ynternetbrûkers hawwe net it geduld om de goede stavering fan it wurd dat se hawwe moatte yn in list op te sykjen. Se wolle streekrjocht trochwiisd wurde, en oars sykje se har ynformaasje wol earne oars op it ynternet.
Hawar, behearder Drewes kaam mei in hiel reedlik kompromisfoarstel, dat lykwols troch Yn 'e Wâlden resolút oan kant reage waard, om't er syn sin oer de trochwizings net krige. Op syn oerlisside pleatste er in berjocht wêryn't er fral tsjin my útfear, mar ek Drewes en de oare behearders krigen in flinke feech út 'e panne. Dêrby liet er him gean dat it yn it rare wie. Ek swarde er by heech en by leech dat er hjir nea wer komme soe.
Twa wike letter wied er wer werom. Hy wizige temûk sûnder yn te loggen in pear trochwizings en pleatste in berjocht op 'e oerlisside fan Drewes. Noch gjin fjirtjin dagen earder hied er de man foar rotte fisk útmakke, mar no wie it ynienen wer allegear moai waar en lange dagen. En gjin wurd fan ekskús foar syn mâltjirgjen. Ik wit net hoe't Yn 'e Wâlden troch it libben bûkelet, mar wy sitte hjir net mear op 'e beukerskoalle, dat je ien de iene deis útskelle kinne foar alles dat lilk is, en dat je dan de oare deis wer freontsjes binne. Sa wurket it net yn 'e grutte-minskewrâld.
Diskear kaam Yn 'e Wâlden mei in nij idee op 'e lapen, wêrby't er op 'e nij de rjochtstreekse trochwizings fan 'e âlde nei de nije stavering derúthelje woe, om se te ferfangen troch in berjocht dat de lêzers fan 'e Wikipedy derop wiisde dat se de ferkearde stavering brûkten. Syn saneamde "tuskenoplossing" is dus neat oars as in ferkapte manier om syn eigen sin dochs noch troch te setten yn in kwestje dêr't al ôfspraken oer makke binne. Ik haw dêrom it spul yndie wer weromset (mei in pear oanpassings) en de oangeande siden beskoattele, om't it blykber net los fertroud is.
Yn 'e Wâlden docht him hjirboppe suver foar as in martelder, mar is feitliks alles behalve dat. Der wurdt neat oars fan him frege as om him oan 'e gewoane regels fan fatsoen en fan respekt foar oarmans wurk te hâlden, sa't dat fan eltse meidogger oan 'e Wikipedy frege wurdt. Net ien dy't Yn 'e Wâlden syn wurk oantaast hat. Syn beslissing om op te hâlden as meidogger komt dan ek folslein foar syn eigen rekken. Der is neat mis mei de Wikipedy of mei de behearders of oare meidoggers fan 'e Wikipedy, sa't Yn 'e Wâlden hawwe wol, mar krekt mei himsels. Dizze man kin gjin kompromissen slute en wol yn alle saken syn eigen sin trochdriuwe. Dêropta is Yn 'e Wâlden ferskate kearen alle perken te bûten gien mei syn ferrinnewearring fan oarmans wurk (allinnich mar om't er it net fan belang fûn) en mei syn skelpartijen op 'e behearders as dy him syn sin net jaan woene. En noch nea is him ek mar ien wurd fan ûntskuldiging oer de lippen kommen. Lykwols is er noch altyd net útsletten wurden. It iennichste dat him behinderet om wer mei te dwaan, is syn eigen ego. Syn lêste wurd hjirboppe, dat Ieneach kening wurden is yn it lân fan 'e blinen, dat is grappich fûn, dat moat ik tajaan, mar it lit ek in grutte kleau sjen tusken de reäliteit en Yn 'e Wâlden syn kijk op 'e wrâld. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 mrt 2015, 00.06 (CET)[beäntwurdzje]
L.S. Om it ferhaal koart te hâlden sitearje ik ieneach [...]Ik sis der dan ek mar daliks by dat der gjin hier op myn holle is dy't der sels mar oer pikert om it wurd ieu tenei as "iuw" te skriuwen.[...]. Fansels giet it hjir krekt om de stavering. Wat de man yn syn eigen brieverij dwaan wol, moat er sels witte. Mar yn in projekt dat bedoeld is om Frysktalige minsken fan krekte - krekt skreaune - ynformaasje te foarsjen seit dat sitaat genôch. Sjoch mar nei de ynhâldlike wikys dy't de man bewurket. Oft wy it no hawwe oer dy fan juster, fan hjoed of fan oer in jier, ferbetterings kwa stavering sille jo der net yn fine. Mar it wurdt fansels de helte slimmer as sa'n man as moderator oaren twingt om foute wurden klakkeleas nei goede wurden ferwize te litten.Yn 'e Wâlden (oerlis) 18 mrt 2015, 16.31 (CET)[beäntwurdzje]
it sil de lêzer grif opfalle dat Yn 'e Wâlden allinnich mar wer oer de stavering begjint, mar dat it earferdôvjende stil bliuwt oer syn eigen misdragings op 'e Wikipedy. Dat komt fansels omdat dy swart op wyt fêstlein binne en hy dêr dus gjin wjerwurd tsjin hat. Ik bin net fan doel om hjir fierders wer oer Yn 'e Wâlden syn hobbelhynke, de stavering, yn diskusje te gean. Oer de staveringsferoaring is de diskusje út en tenei op oare plakken fierd, en dat hoecht hjir net nochris oerdien te wurden. Oer it brûken fan 'e juste stavering yn 'e Wikipedy steane myn arguminten hjirboppe as in hûs. En hoe't immen der yn fredesnamme wat op tsjin hawwe kin om foute wurden safolle as mar mooglik is troch te wizen nei goede wurden, dat is in fraach dêr't inkeld Yn 'e Wâlden it antwurd op wit. In lêste oprop: Yn 'e Wâlden, jo binne hjir wolkom, as jo jo mar gewoan hâlde oan 'e normale regels fan omgong en fatsoen en de troch de behearders yn ûnderling oerlis makke ôfspraken oer it trochwizen fan 'e âlde nei de nije stavering. As jo dat wegerje, dan is dat jo eigen kar en dan moatte jo it sels mar witte. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 mrt 2015, 17.48 (CET)[beäntwurdzje]
Sitaat [...]En hoe't immen der yn fredesnamme wat op tsjin hawwe kin om foute wurden safolle as mar mooglik is troch te wizen nei goede wurden,[...]. Lokkigerwize hie in oar it ljocht al útfûn, mei sokken sieten wy noch altiten yn it tsjuster. Yn 'e Wâlden (oerlis) 19 mrt 2015, 10.18 (CET)[beäntwurdzje]

Side fan de wike 2016

[boarne bewurkje]

Ik ha de ynfrastruktuur klearsetten foar de side fan de wike oare jier. At jimme sa fier binne kinne de berjochten oanmakke wurde. Gr.--Geoffrey (oerlis) 20 okt 2015, 18.02 (CEST)[beäntwurdzje]

Geo yn Archeolooch

[boarne bewurkje]

Fan 'e wike haw ik ynformearre by de Fryske Akademy oft it no argeolooch of archeolooch wêze moast. It antwurd stiet hjirûnder. Miskien dat Pier syn bot hjir ris op los litte wol. Yn 'e Wâlden (oerlis) 2 maa 2016, 12.18 (CEST)

De wurden:

archeology

archeologysk

archeolooch

archipel

architekt

architektoanysk

architektuer

architraaf

wurde sûnt it útbringen fan it Frysk Hânwurdboek yn 2008 mei ch stavere omdat de útspraak fan -ch- stimleas is. Yn de Foarkarswurdlist en de staveringshifker steane se no ek mei ch.

Bêst, Wâldman. De list liket my net al te lêstich ta. --PiefPafPier (oerlis) 14 maa 2016, 19.04 (CEST)

Positive Staveringsaksje

[boarne bewurkje]

Sa stadichoan komt ús aksje op gong. Ferskate minsken, wêrûnder lesjouwers en eksaminatoaren Frysk sille harren oanmelde. De earsten hawwe soks al dien. Devries54 (oerlis) 21 sep 2017, 15.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Ferfrysking of net-ferfryskjen fan plaknammen bûten Fryslân

[boarne bewurkje]

(De ûndersteande stikjes binne hjir gearfandele fan oerlissiden.)

Fan Oerlis:Appingedam:

Oant no ta hawwe wy 'dam' yn plaknammen 'dam' litten, dat net Amsterdaam, Rotterdaam en Edaam. Om my hoecht Appingedaam ek net. Wat tinke de meidoggers? Drewes (oerlis) 6 mai 2019, 21.45 (CEST)[beäntwurdzje]

Mei iens. By myn witten is der ek net ien dy't it efterheaksel yn plaknammen as '-daam' útsprekt. (Mar goed, ik ken net elkenien yn Fryslân, dat dêr kin ik mis mei wêze.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 6 mai 2019, 22.32 (CEST)[beäntwurdzje]
It makket my net út. Ik wol der al even oan taheakje, as wy Appingedam net ferfryskje, wêrom wy oare plakken bûten Fryslân al ferfryskje. Ik tink dat der hast ek net ien is dy't dy foarmen brûkt. Kneppelfreed (oerlis) 6 mai 2019, 23.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Datlêste bin ik net mei jo iens, Kneppelfreed. Plaknammen as Grins, Inkhuzen, Haarlim, om mar wat te neamen, wurde neffens my rûnom brûkt. Foar Swol, Ynskedee, Utert is dat miskien net sa, mar dat binne histoaryske ferfryskings, dy't ik graach yn eare hâld. Wat oare plakken yn Nederlân oangiet, dy't gjin histoaryske Fryske plaknammen hawwe en ek gjin nammen dy't normaalwei yn it spraakgebrûk ferfryske wurde (lykas Lelystêd), bin ik oer it algemien gjin foarstanner fan ferfrysking. Dan krije jo ferfrjemdzjende nammen as Seewâld (Zeewolde) en Swietermar (Zoetermeer). Neffens my sjitte we dêrmei ús doel foarby. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 00.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik bin it alhiel mei jo iens, mar der sitte hjir en dêr noch wol wat nuvere nammen by sa as bygelyks "Hilversum", dêr't wy Hilfertsom fan makke hawwe. Wêr komt dat einlings wei? Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2019, 05.32 (CEST)[beäntwurdzje]
Hilfertsom skynt in histoaryske ferfrysking te wêzen. Ik sis "skynt" omdat ik der noch nea fan heard hie foar't ik by de Wikipedy kaam, mar dat seit fansels mear oer my as oer sa'n plaknamme. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 20.59 (CEST)[beäntwurdzje]
Tige foar om de plakken harren eigen namme werom te jaan. No docht it my faak tinken oan in konferânse fan Fons Jansen dy't it hie oer in plak yn Noard-Hollân dat 'Trousers in Watercountry' hiet. At der gjin boarnen binnne om in namme oars te skriuwen as de offfisjele namme brûke tinkt my. It liket der op dat it fiel-jo-frij útgongspunt hjir trochsjitten is. Wikipedy hat ek gjin taalbefoarderingsdoelstelling. It doel is om mei besteande boarnen feiten te beskriuwen. (Dan is it fansels prachtich as soks yn it Frysk kin.) Foarôf wol efkes ôfprate wat al of net oanpast wurde moat, al sille der altyd oerlisgefallen bliuwe. Hilfertsom heart bygelyks ek yn it rychje Dimter/Grins. It lestige is allinnich dat Google net folle oars fine as in earder hotel. Sjoch hjir. It sil wol in soad wurk wêze om in soad nammen oan te passen, mar ik doch wol mei by it oanpassen.Frou Watzema (oerlis) 7 mai 2019, 10.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Mei iens, en moai dat jo meihelpe wolle. Al even in korreksje: ik leau net dat it oan it "fiel-jo-frij"-prinsipe leit. Neffens my hiene de ierdere meidoggers fan 'e Wikipedy gewoan in hiele oar ynstek as wy, nammentlik: in konsensus dat der safolle mooglik ferfryske wurde moast. No goed, dêr kinne je it mei iens wêze of net, mar it wie net dat elkenien mar wat die. Ik moat bekenne dat ik yn 'e earste jierren dat ik hjir aktyf wie, dêr ek oan meidien haw, mei Amerikaanske plaknammen as Sint-Louis (St. Louis) en Memfis (Memphis). Letter bin ik ta de konklúzje kommen dat dat gjin goed idee is, en haw ik dy artikels omneamd. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 20.59 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk en Frou Watzema: Tankewol foar it útlizzen wat Hilfertsom oanbelanget. Ik fyn it wichtich dat wy de Fryske nammen oanhâlde dêr't in (âlde) Fryske namme foar bestiet. As dy der net is, dan soene wy de offisjele namme oanhâlde moatte en net sels wat betinke want guon nammen yn Seelân dêr't Drewes nei ferwiisde binne dochs wier om te gnizen Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2019, 22.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Fan Kategory oerlis:Plak yn Seelân:

Ik stel út om alle ferfryske Siuwske plaknammen harren wiere namme werom te jaan. 's-Hear Hendriksbern bygelyks, folslein trochsketten en om te gnizen! Drewes (oerlis) 7 mai 2019, 18.15 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes: Mei iens, salang't der útsûnderings makke wurde foar Feare, Flissingen en Middelburch, dat binne neffens my histoaryske foarmen, en miskien Sieriksee ek, dat wit ik sa net. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 21.13 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Sieriksee hawwe we noch net, sjoch ik no. Mar Toalen wol, en om't dat behalven in plaknamme ek de namme fan in (earder) eilân is, fyn ik dat dy ek stean bliuwe kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2019, 21.19 (CEST)[beäntwurdzje]
Okidoo Drewes (oerlis) 9 mai 2019, 21.36 (CEST)[beäntwurdzje]

Fan Oerlis:Westerwâlde (gemeente):

@RomkeHoekstra: Ik stel út de gemeente by syn wiere namme te neamen, Westerwolde. Sjoch ek oerlis Appingedam. Drewes (oerlis) 7 mai 2019, 18.01 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik kin my dêr wol yn fine hear. Somtiden is it wol wat frjemd, lykas yn it foarbyld fan Appingedam (wy hiene dêr famylje en neamden it -oars as Amsterdam- altiten Appingedaam). Wolle jo ek efkes de oare Grinslânske gemeentes neisjen? Miskien moatte dy dan ek de offisjele namme krije.--RomkeHoekstra (oerlis) 7 mai 2019, 18.58 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes: Ik tink der moatte even wat mear dúdlikens komme wêr't wy nammen ferfryskje en wêr net. Ik soe tinke krektas Ieneach sei dat nammen mei tradysjonele Fryske nammen ferfryske wurde sa as bygelyks yn de Frânske en Dútske Wikipedia. Nammen yn Grinslân en oare fan oarsprong Fryske gebieten is wat in twivel gefal om't in soad Grinslânske plakken nammen hawwe dy’t sterk oerienkomme mei dy yn Fryslân. Soene we der in stimming oer hâlde kinne Kneppelfreed (oerlis) 7 mai 2019, 19.02 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes, Kneppelfreed, RomkeHoekstra, en Frou Watzema:Ik fyn 'Westerwâlde' in hiel oar gefal as de plaknammediskusje by Appingedam. It giet hjir nammentlik net om in plaknamme, mar om in histoaryske streeknamme (dêr't se no in gemeente nei ferneamd hawwe). Dus krekt as by it Westerkertier, it Hegelân en it Aldamt is der neffens my alle reden ta om 'e Fryske foarm fan Westerwâlde te brûken. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 mai 2019, 21.10 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes, Kneppelfreed, Ieneach fan 'e Esk, en Frou Watzema: Dêr ha jo ek gelyk yn Ieneach. Mar in plaknamme kin somtiden like âld of noch âlder wêze dan in streeknamme. De geografyske nammen bliuwe jimmeroan wer in hiel lestich ferhaal. Wat foar de ien ynboargere is, is dat foar de oar wer net. It jild winliken foar alle geografyske nammen. Soe de Fryske Akadeemje eat hawwe (in list mei geografyske nammen bûten Fryslân of soksawat?--RomkeHoekstra (oerlis) 8 mai 2019, 06.40 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Dêr haw ik hurde holle yn. Ik haw de yndruk dat de F.A. him net bot mei toponimen dwaande hâldt en alhielendal net bûten Fryslân. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2019, 17.22 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik haw noch in lânkaart fan Fryslân mei dêrop alle Hollânske en Fryske toponimen, dy't begjin njoggentiger jierren mei-útjûn is troch de F.A. (dat we sille mar rekkenje dat it de standert werjout). Dêr steane net in protte plaknammen bûten Fryslân op (fansels), mar dy dy't der wol op steane, binne:
  • Diever - Diever
  • Dwingeloo - Dwingelo
  • Frederiksoord - Frederiksoard
  • Grijpskerk - Grypskerk
  • Grotegast - Gruttegast
  • Hoogersmilde - Hegersmilde
  • Een - Ien
  • Leek - De Like
  • Leens - Liens
  • Marum - Mearum
  • Noordhorn - Noardhorn
  • Opende - De Grinzer Pein
  • Ossenzijl - Ossensyl
  • Robbenoort - Robbeoard
  • Roden - Roan
  • Ulrum - Ulrum
  • Visvliet - Fisfliet (sûnder k)
  • Vledder - Fledder
  • De Wilp - De Wylp
  • Zoutkamp - Sâltkamp
  • Zuidhorn - Súdhorn
  • Zwartendijkster Schans - Iener Skâns
Dêr kin ik út it wurk fan 'e Bruorren Halbertsma noch oan tafoegje: Norg - Noarch. Fierders wit ik yn prinsipe neat fan 'e Fryske foarmen fan Grinslânske en Drintske plaknammen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 20.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik kin der noch in pear oan taheakje dy't ik yn 'e Fryske sprektaal heard hie en/of oer lêzen hie:
  • Delfzijl - Delfsyl
  • Winschoten - Wynskoat (hie ik earder al foar de Wikipedy lêzen, kin sa gau de boarne net fine fia google)
  • Steenwijk - Stienwyk
  • Lelystad - Lelystêd (wurdt rillegau sein)
  • Purmerend - Purmerein
  • Scheveningen - Skeveningen
  • Katwijk - Katwyk
Ik hie ea ris lêzen dat de namme "Zierikzee" fan de Aldfryske namme "Siegerik" komt en dus "Siegerik's Ee" en letter ferfoarme ta Zierikzee/Sieriksee. Kneppelfreed (oerlis) 11 mai 2019, 21.26 (CEST)[beäntwurdzje]
Goed, Westerwâlde is in histoaryske namme yn in earder Frysk gebiet en, ik haw it opsocht, komt hiel ticht by de midsiuwske fariant sa't dy neamd wurdt yn in 9e-iuwske oarkonde fan de Abdij fan Corvey. Dochs pleitsje ik derfoar om in hjoeddeiske gemeente syn offisjele namme te jaan en hjir en no op te hâlden mei it ferfryskjen fan de offisjele Nederlânske geografyske nammen fan no. Drewes (oerlis) 8 mai 2019, 17.31 (CEST)[beäntwurdzje]
Wat geografyske plaknammen fan no oangiet, bin ik it 100% mei jo iens. Sa't ik hjirboppe al sei, liket it my yn dit gefal wat oars ta om't it om in streeknamme giet. Hawar, as jimme de gemeentenamme beslist omneame wolle, sil ik jimme net yn it paad stean, mar ik soe it al wat apart fine dat it artikel oer de gemeente in oare namme hat as dat oer de lânstreek dêr't dy gemeente nei ferneamd is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 mai 2019, 17.22 (CEST)[beäntwurdzje]

Fan Oerlis:Lutjegast:

@RomkeHoekstra: Wêrom Lutjegast feroare yn Lytsegast, wat net in ynboargere foarm is? Fierders is it mar in heal-frysk (Lytsegaast of Lytsegeast hie better west) en leit it doarp net yn it Frysktalige part fan it Westerkertier. Drewes (oerlis) 10 mai 2019, 16.40 (CEST)[beäntwurdzje]

Tsja, dêr ha wy wer soks. Myn skoanfamylje komt út Gerkeskleaster en dêr sizze se (yn it Frysk) Lytsegast (en haw it noch efkes neifrege mar elk dy't dêr Frysk praat neamt it plak dêr Lytsegast). Net Lytsegeast (dat leit ûnder Tytsjerk). It is trouwens ek net Gruttegeast mar Gruttegast. Dy artikels binne trouwens al yn 2017 skreaun, dus fier foar de diskusje fan krekt lyn. Ik hie no allinne de kategory oanpast. Ik sil it fuort feroarje it yn Lutjegast.--RomkeHoekstra (oerlis) 10 mai 2019, 19.03 (CEST)[beäntwurdzje]
@Drewes en RomkeHoekstra: As de foarm 'Lytsegast' yn 'e Fryske sprektaal brûkt wurdt, liket it my in ynboargere ferfrysking ta. Sa't ik earder sei, bin ik net bot foar nije ferfryskings fan plaknammen, mar neffens Romke is it dus in besteandenien. Dan liket der my neat oan 'e hân te wêzen en kin wat my oangiet dizze side omneamd wurde ta Lytsegast. (En wat de diskusje '-gast'/'-geast' oangiet: Gruttegast, wat wis wol in ynboargere ferfrysking is, einiget ek net op '-geast'.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 11 mai 2019, 19.46 (CEST)[beäntwurdzje]
Dit is in twifelgefal dat der al oan siet te kommen, en it sil grif de lêste net wêze. Benammen plakken krekt oer de Fryske grins soene wol de Fryske namme krije kinne, at der mar boarnen foar binne. Yn dit gefal liket de boarne te bestean, al binne de boarnen gauris lestich werom te finen. Wat Gast oanbelanget: wy hawwe it hjir ek oer 'De Gastmer' wylst Gaastmar de offisjele namme is. It giet my der fansels net om, om gelyk te krijen, at wy mar nei goed oerlis ta beslút komme dat te hantearjen is. Dizze side is net sa geskikt om oerlis te hawwen. At ien nei sismar tsien jier witte wol wat der ôfsprutsen is oer de stavering fan lakken bûten Fryslân siket dy net sa gau by Lytsegeast/Lutjegast. Dat is krektlyk as it oerlis oer Sieuske plakken. Ik soe foarslaan wolle om dit oerlis earne oars hinne te plakken, bygelyks hjir of hjirre. At der in better plak is mei om my ek. Frou Watzema (oerlis) 11 mai 2019, 20.00 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik tink der is dus genôch bewiis dat der in Fryske namme gongber is en kinne we it wol omneame ta "Lytsegast" Kneppelfreed (oerlis) 11 mai 2019, 21.26 (CEST)[beäntwurdzje]
Foar it offisjele Lutjegast is wat te sizzen, mar ek foar de Fryske namme Lytsegast. Dêrfoaroer liket my Lytsegaast hielendal bûten de oarder te fallen, om't dy namme sawol mûnling as skriftlik ûnbekend is. In ferfrysking nei Lytsegaast soe boppedat nije diskusjes útlokke oer nammen as Gruttegast → Gruttegaast en Súdhorn → Súdhoarne). My makket it fierder net sa'n soad út. Wy hoege net te ferfryskjen, mar oan de oare kant ek net te ûntfryskjen. Lytse plakjes lykas Lytsegast of Noardwyk binne fral lokaal yn Fryslân bekend, mar hawwe wol Fryske nammen ek al binne dy by in soad oare Friezen ûnbekend. Ek fyn ik it feit dat wy Amsterdam of Rotterdam sizze en skriuwe gjin reden om dan Appingedaam mar te ûntfryskjen. It giet net allinne om Lytsegast of Appingedaam; der is in hiele rige fan dy nammen wêr't wy net goed mei omgeane en dy't wy neffens eigen ynsjoch ferfryskje of ûntfryskje. Dochs moatte wy hjir ta in útdragene saak komme en soe it moai wêze dat der in ein komt oan dy griemerij mei toponimen. Dus: as wy ús no by lemma's fan toponimen by twifelgevallen bûten Fryslân konsekwint oan de offisjele namme hâlde, dan is der yn de tekst romte genôch om de Fryske namme en skriuwwize te brûken. Dus net it lemma Aldenburch of Oldenburch (ek wer sa'n foarbyld!) mar "Oldenburg". Is dat wat of soe dat wer ta nije betizings liede kinne?--RomkeHoekstra (oerlis) 12 mai 2019, 08.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Fan Oerlis: Follendaam:

Wy hawwe no Foalendaam, Follendaam, Folendam en Volendam. Boppedat leit der noch gjin ôfspraak oer hoe't wy oan sille mei it oersetten van Nederlânske plaknammen bûten Fryslân. Drewes (oerlis) 17 mai 2019, 13.51 (CEST)[beäntwurdzje]

De no oanleine 'Gearfettingslist' is noch net mear as in ynventarisaasje. Dan witte wy wêr't wy it oerlis oer gean moat, ynhâldlik leit alles dan op tafel. Dêrnei moat der troch de mienskip oerlein wurde om te kommen ta in list mei ferfryske nammen dêr't de mienskip it wol oer iens is. (Der sille grif ek in pear oerbliuwe dêr't de mienskip it net oer iens wurde kin, wat dêr dan mei dien wurde moat sjogge wy letter wol) 'k Bin no dwaande om oer alle foarlizzende nammen in side oan te meitsjen, mei óf in offisjele óf mei in ferfryske namme. As dat klear moatte wy it der mar ris oer mei elkoar oer ha hokker fan de beide foarmen de redirect krije moat. Hokker foarm keazen wurdt kin bygelyks ek ôfhingje hoe swier oft de neamde boarnen meitelle moatte (dêr sil net iderien itselde yn stean). Frou Watzema (oerlis) 17 mai 2019, 14.23 (CEST)[beäntwurdzje]
@Frou Watzema: It liket my ferstanniger om earst te ynventarisearjen en pas dêrnei artikel te skriuwen. It liket my ta dat wy ús dêr letter in protte wurk mei besparje kinne. Drewes (oerlis) 17 mai 2019, 17.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Alle plakken fan de list ha no al sawat in artikel en der komme grif net folle mear by tinkt my. Ha gjin noed oer it wurk, ik hie ik al oanbean om dêr by te helpen. Boppedat is omneamen net folle wurk. It feit dat der noch gjin artikel is, mei net meispylje by it kiezen fan de stavering. In tafallich bykommend foardiel is ek dat bygelyks Volendam eartiids op syn Frysk skreaun waard. En in oar ding dêr't ik by de Grinslanner doarpen en buorskippen tsjinoan rûn is dat der in soad gearstallings yn in artikel binne, dy soene dan eins ek mei-ferfryske wurde moatte (of net fansels, dat is in kar) Sokke saken kinne no moai meinomd wurde yn it oerlis. Frou Watzema (oerlis) 17 mai 2019, 17.35 (CEST)[beäntwurdzje]
@Frou Watzema: Liket my skoan ta. Der moat my trouwens fan it hert dat ik it moai fyn dat jo artikels oer al dy plakken oanmeitsje, mar it moat fansels gjin hillich moatten wurde, hin? We kinne der ek oer diskusjearje en in beslút nimme sûnder dat it artikel al bestiet. (Ik sis dit even omdat ik juster en hjoed wer in stikmannich ferfryske plaknammen betocht haw dy't ik yn 'e list sette sil.) Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 18 mai 2019, 22.14 (CEST)[beäntwurdzje]
Wolle jo oanjaan wannear't de ynventarisaasjelist wat jo oangiet 'kompleet' is? (der dêrnei grif noch wol 'neidrippers' by komme, dât hâlde je dochs, mar dat is ek net sa slim). Frou Watzema (oerlis) 19 mai 2019, 08.40 (CEST)[beäntwurdzje]
@Frou Watzema: Ik bin justerjûn alle besteande lemma's yn 'e kategoryen Plak yn Grinslân, Plak yn Drinte, Plak yn Oerisel, Plak yn Gelderlân, Plak yn Flevolân, Plak yn Noard-Hollân en Plak yn Súd-Hollân neirûn. Plak yn Seelân wie earder al dien. As ik no fan 'e jûn Plak yn Utert, Plak yn Noard-Brabân en Plak yn Limburch dwaan kin, dan is wat my oangiet de ynventarisaasje kompleet. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2019, 22.24 (CEST)[beäntwurdzje]
P.S.: Dien. Ik hie ferwachte dat der noch folle mear wurk yn siet, mar it foel ta. Sa't jo sizze, der sil miskien noch wolris ien by komme dy't we oant no ta oer de holle sjoen hawwe, mar dat is net oars. Wat my oangiet is de ynventarisaasje sa klear. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2019, 22.54 (CEST)[beäntwurdzje]

Gearfetting

[boarne bewurkje]

Hjir in earste gearfetting fan boppesteande mei in earste konsept. Ik soe sizze: Knal der mar op, ferbetterje en fol mar oan: Gearfetting oerlis Plaknammen (jildt (noch) net foar oare topografyske nammen)

  1. Yn dizze list wurde allinnich plaknammen opnommen wêrfan't de Frysktalige foarm ferskilt fan 'e offisjele namme.
  2. Histoaryske boarnen foar binne: útjeften fan de Fryske Akademy, de Afûk, âlde kaarten en skriuwers as Halbertsma/Gildemacher
  3. Fan Ferfryske plaknammen wurde op de eigen side ek de offisjele namme neamd. Foarbyld: Lytsegast (offisjeel Lutjegast)….
  4. De offisjele plaknamme krijt altyd in redirect as der in Fryske namme bestiet.
  5. De mienskip set nei ôfsluten fan dit oerlis de list definityf fêst.
  6. Nei fêststelling fan dizze list jildt: Plaknammen allinnich ferfryskje nei oerlis op dizze side & konsensus mei de Wikipedymienskip

In earste konsept foar de List fan Frysktalige plaknammen bûten Fryslân:

Drinte
Fryske namme Offisjele namme Boarne [1] taljochting
Alde Willem (Westerfjild) Oude Willem E
Anhâld Anholt Drintsk: Nanholt
Beilerfeart (plak) Beilervaart E
Boppesmilde Bovensmilde H/E
Dwingelo Dwingeloo FA [2] Drintsk: Dwingel
Ekslo Exloo
Feanhuzen (Noardenfjild) Veenhuizen (Noardenfjild) OF, H, OF: Feanhuzen
Fledder Vledder FA [2] wurdt hjir no Vledder (doarp) neamd
Frederiksoard Frederiksoord FA [2]
Hegersmilde Hoogersmilde FA [2]
Ien Een FA / BS [2]; Jelle Hendriks Brouwer
Leutingewâlde Leutingewolde E
Matsleat Matsloot E
Nij-Amsterdam (Drinte) Nieuw-Amsterdam (Drinte) E
Nij-Roan Nieuw-Roden M, sjoch "Roan"
Nijtap Nietap Histoaryske Feriening Nijtap
boppesteande boarne giet oer in strjitte yn of mooglik in buorskip by De Pein (Smellingerlân); de plaknamme giet oer in plak yn Drinte.
Noarch Norg BS Eeltsje Halbertsma / Jelle Hendriks Brouwer
Peizerwâlde Peizerwold E Drintsk:"Peizerwold", Peizerwâld is in Frysk alternatyf
Roan Roden FA / BS [2]; Jelle Hendriks Brouwer; Bûsboekje 2005 side 152 Fryske Krite Roan
Roaneres
Roaneries
Roderesch O sjoch "Roan"; hjit hjir no "Roaneres", mar in goede ferfrysking soe "Roaneries" wêze
Roanerwâlde Roderwolde O sjoch "Roan" Roanerwâld
Sandebuer Sandebuur
Stienbergen (Noardenfjild) Steenbergen (Noardenfjild) E Drintsk: Stienbargen
Súdfjilde Zuidvelde EE Noard-Drintsk: Zudvèle
Súdlaren Zuidlaren OF, E OF: Súdlaren
Súdwâlde Zuidwolde Reden foar ferfryskjen is dat Zuidwolde/Súdwâlde as tsjinfuotter sjoen wurde kin as Noardwâlde yn Weststellingwerf, dêr't al in Fryske namme foar is.Kneppelfreed (oerlis) 7 jul 2019, 18.08 (CEST)[beäntwurdzje]
Westerfjilde Westervelde
Wilhelminaoard Wilhelminaoord H/E
Flevolân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Almeare Almere M ôflaat fan de eartiidske mar. Yn 'e sprektaal wurdt de 'a' fan it earste wurdlid útsprutsen kreksa as de 'a' yn 'bal'.
Emmeloard Emmeloord M/OF OF: Emmeloard
Lelystêd Lelystad M/OF Bûsboekje 2005 (KFS) side 151; OF: Lelystêd
Skoklân Schokland H, E
Gelderlân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Apeldoarn Apeldoorn H Bûsboekje 2005 (KFS) side 150
Arnhim Arnhem H Bûsboekje 2005 (KFS) side 150
Bueren Buren
Easterhout (Gelderlân) Oosterhout (Gelderlân) E
Elburch (plak) Elburg (plak)
Felp Velp
Holkerfean Holkerveen E
Hurderwyk
Harderwyk
Harderwijk H Bûsboekje 2005 (KFS) side 151: Harderwyk (as de namme fan 'e fisksoarte harder ôflaat is, is "Hurderwyk" fout)
Yn it gedicht Fryske Jonge, yn ensafh wurdt ek de foarm "Harderwyk" brûkt.
Kalifornje (Maasdriel) Californië (Maasdriel)
Kulemboarch Culemborg H
Moarst Moorst
Nijtsjerk (Gelderlân) Nijkerk EE
Nymwegen
Nimwegen
Nijmegen H
Sâltbommel Zaltbommel H
Sutfen Zutphen H
Tyl Tiel
Winterswyk Winterswijk M, E
Grinslân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aldedyk (De Marne) Oudedijk (De Marne) EE
Aldesyl (Iemsmûn) Oldenzijl "Mûn" is neffens myn wurdboek in 'poarte fan in stienbakkersûne', net as ferkoarting fan "mûning"
Appingedaam Appingedam M
Bad Nijeskâns Bad Nieuweschans AF Nijeskâns
Balmahuzen Balmahuizen E Balmahûzen?
Barnwert Barnwerd
Boekstee Buikstede
Delfsyl Delfzijl H
Djipswâl (De Like) Diepswal (De Like) EE
Djipswâl (Súdhorn) Diepswal (Súdhorn) EE
Eastein (Iemsmûn) Oosteinde (Iemsmûn) E "Mûn" is neffens myn wurdboek in 'poarte fan in stienbakkersûne', net as ferkoarting fan "mûning"
Easternijlân Oosternieland EE
Ellerhûzen Ellerhuizen E Grinslânsk: Ellerhoezen
Eppenhuzen Eppenhuizen E Eppenhûzen (Grinslânsk:Eppenhoezen)
Feandam


Feandaam

Veendam H
Fiskflyt
Fisfliet
Visvliet FA [2]; wurdt hjir no Fiskflyt neamd
Fjildstreek Veldstreek E
Fjouwerhuzen (De Marne) Vierhuizen (De Marne) EE Grinslânk: Vaaierhoezen, Frysk dus Fjouwerhûzen, mei in 'kapke' der op
Flydoarp Vliedorp E
't Foan Faan (plak) Hjir is de Grinslânske foarm oernommen
Fraansum Fransum
Fraansumer Foarwurk Fransumer Voorwerk EE
Gaaikemadyk Gaaikemadijk E
Gaaikemawear Gaaikemaweer
Grins (stêd) Groningen H/FA Frysk Hânwurdboek side 634
De Grinzer Pein Opende FA [2]
Gryptsjerk
Grypskerk
Grijpskerk FA Grypskerk[2]; wurdt hjir no Gryptsjerk neamd
Grut Maarslach Groot Maarslag E
Gruttegast Grootegast FA/OF [2]; Omrop Fryslân
Hegemieden Hoogemeeden EE
Hegesân Hoogezand EE It Hegesân is in buorskip by it doarp Donkerbroek yn de gemeente Eaststellingwerf.
Heinebuorren Heineburen E
De Hispel De Haspel
Holwien Holwinde
Hornhuzen Hornhuizen E Hernhuzen
Jonkersfeart Jonkersvaart OF, M, E Omrop Fryslân: Jonkersfeart
Keuningswyk Keuningswijk E
Kleasterbuorren Kloosterburen EE
De Knyp De Knijp
Kokswyk Kokswijk E
Kommersyl Kommerzijl E
Koerherne


Korherne

Kornhorn M / BS Koerherne, neffens Jelle Hendriks Brouwer
Kropswâlde Kropswolde E
Krúswei (Grinslân) Kruisweg (Grinslân) E
Kuzemerbalke Kuzemerbalk
Lauwerseach Lauwersoog OF OF: Lauwerseach
Lauwerssyl Lauwerzijl OF Omrop Fryslân
Leechtsjerk Leegkerk E
't Lege 't Lage van de Weg
Liens Leens FA [2]
De Like Leek FA / BS [2]; Jelle Hendriks Brouwer
Lyts Maarslach Klein Maarslag E
Lytse Hûskes Kleine Huisjes E
Lúkswâld Lucaswolde M Lukaswâld?
Lytsegast Lutjegast B Jelle Hendriks Brouwer
't Malik 't Malijk
Marnehuzen Marnehuizen E Marnehûzen?
Mearum Marum FA / BS [2]; Jelle Hendriks Brouwer
Menskewear Mensingeweer
Muntendaam Muntendam E
Nij-Scheemda Nieuw-Scheemda E
Nijtsjerk (Gruttegast) Nijkerk (Gruttegast) E
Nijtsjerk (De Marne) Niekerk (De Marne) E
Noardbroek Noordbroek E
Noarddyk Noorddijk (Grinslân) EE
Noardhorn Noordhorn FA [2]
Noardlaren Noordlaren M, E As Súdlaren brûkt wurdt, moat ek Noarlaren ferfryske wurde
Noardpoldersyl Noordpolderzijl EE
Noardwyk (Grinslân) Noordwijk M, EE
Nús Nuis
Okswert Okswerd
Peebosk Peebos E
Piterbuorren Pieterburen M
Pitersyl Pieterzijl E
Riich Molenrij
Rohoan Roodehaan
Rûgesân Ruigezand E
Saaksumhuzen Saaxumhuizen Grinslânk: Saaksumhoezen, Frysk dus Saaksumhûzen, mei in 'kapke' der op
Sâltkamp Zoutkamp FA [2]
Sânhuzen Zevenhuizen EE Grinslânk: Waaierhoezen, Frysk dus Waaierhûzen, mei in 'kapke' der op
Sânwyk Zandwijk E
Sappemar Sappemeer M
Sebaldebuorren Sebaldeburen E
Sethûs Zethuis E
Siddebuorren Siddeburen M
Syldyk Zijldijk EE
Skyldwâlde Schildwolde E
Skouwen (De Marne) Schouwen (De Marne) M
Skouwersyl Schouwerzijl M, E
Spanjertsdyk Spanjaardsdijk M, E
Startenhuzen Startenhuizen E Grinslânk: Staartenhoezen, Frysk dus Startenûzen, mei in 'kapke' der op
Stedskanaal Stadskanaal M
Stiendaam Steendam E
Stitswert Stitswerd
Stoart (De Marne) 't Stort
Súdbroek Zuidbroek E
Súdhorn (plak) Zuidhorn (plak) FA [2]
Suerdyk Zuurdijk E
Termuntersyl Termunterzijl M, E
De Tinten De Tenten M
Uskwert Usquert
Waadwert Wadwerd
Waaierhuzen Wierhuizen E Grinslânk: Waaierhoezen, Frysk dus Waaierhûzen, mei in 'kapke' der op
Warfhuzen Warfhuizen E
Westernijlân Westernieland E
Wetterhuzen Waterhuizen E Grinslânsk: "Waterhoezen", op syn Frysk dus Wetterhûzen, mei in kapke dus
Willemstêd (Grinslân) Willemstad (Grinslân) M
De Wylp De Wilp FA [2]
Wynskoat Winschoten BS Jelle Hendriks Brouwer
Witewierrum Wittewierum H
Limburch
Fryske namme Offisjele namme Boarne [1] taljochting
Faals Vaals ek de skriuwwize fan 'e Faalserberch/Vaalserberg yn gedachten hâlde
Fenlo Venlo
Hearlen Heerlen
Kling-Kulle Klein-Kullen hjir is blykber de Limburchske namme oernommen
Tsjerkrie Kerkrade
Noard-Brabân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Bergen op Soom Bergen op Zoom
Bokstel (plak) Boxtel (plak)
De Bosk 's-Hertogenbosch
Keatsheuvel Kaatsheuvel
Tilburch Tilburg
Waalwyk (stêd) Waalwijk M, E
Willemstêd (Noard-Brabân) Willemstad (Noard-Brabân) M, E
Noard-Hollân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aalsmear Aalsmeer
Aartswâld Aartswoud E
Abbetsjerk Abbekerk E
Ald-Loasdrecht Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje] Oud-Loosdrecht
Alkmar Alkmaar H?
Amstelfean Amstelveen E
Andyk Andijk E
Ankefean Ankeveen M
Beverwyk Beverwijk H Bûsboekje 2005 (KFS) side 150
Blarikum (plak) Blaricum (plak)
Blommedaal Bloemendaal
Breukelefean Breukeleveen E
Broek op Langedyk Broek op Langedijk E
De Burch (plak) Den Burg op Teksel
De Cocksdoarp De Cocksdorp E
Daam (Wieringen) Dam (Wieringen)
Dimen Diemen
Easterklyf Oosterklief
Easterlân (Wieringen) Oosterland (Wieringen) E
Eastsaan Oostzaan
Felsen Velsen H?
Foalendam
Follendaam
Volendam M wurdt, alteast op 'e Klaai, yn 'e sprektaal útsprutsen as "Foalendam". Wy ha no de histoaryske foarn Follendaam
Fryske Buert Friese Buurt E
Grevelân 's-Graveland
Haarlim Haarlem H/FA Frysk Hânwurdboek 654
Haarlimmermar Haarlemmermeer H namme fan de gemeente ôflaat fan 'e eardere mar
Harkebuert Harkebuurt E histoarysk soe it Harkebuorren wêze moatte
Heechwâld Hoogwoud BS De Tsjerne, Wumkes
Hearhugowaard Heerhugowaard E
De Helder Den Helder
Hiemstee (Noard-Hollân) Heemstede (Noard-Hollân)
Hiemstsjerk Heemskerk E
Hilfertsom Hilversum H
Hoarn Hoorn H Bûsboekje 2005 (KFS) side 151
Hollebalch Hollebalg
Huzen (gemeente) Huizen
Inkhuzen Enkhuizen H/FA FA: Inkhuzen
Julianadoarp Julianadorp E
Kastrikum Castricum
Katryp Catrijp
Koartehoef Kortenhoef
Kreileroard Kreileroord E
Langedyk Langedijk E
Lânsmar Landsmeer E
Loasdrecht Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje] Loosdrecht M
Muiderberch Muiderberg E
Muyefjild Muyeveld E
Mûntsjedam Monnickendam
Nij-Loasdrecht Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 17.21 (CEST)[beäntwurdzje] Nieuw-Loosdrecht M
Noard-Stroe Noord-Stroe E
Noardbueren Noordburen
Noarderbuert (Wieringen) Noorderbuurt (Wieringen) E
De Oever Den Oever
Opmar Opmeer E
Purmerein
Poarmerein
Purmerend H hjit hjir no Poarmerein; 'Purmerein' ken ik 'e santiger en tachtiger jierren fan feekeaplju dy't dêr doe nei de feemerk giene Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 mai 2019, 22.02 (CEST)[beäntwurdzje]
Saandam Zaandam H
Saanstêd Zaanstad H
Sânbuorren (Wieringen) Zandburen (Wieringen) E
Sânfoart Zandvoort
Skagen Schagen we hawwe in kategory:Skagen
Steed Gruttebroek Stede Grootebroek
Sweach Zwaag
Tsjerkebuorren (Andyk) Kerkbuurt (Andyk) E
Utgeast Uitgeest E
Uthoarn Uithoorn E
Warmenhuzen Warmenhuizen E
Westerklyf Westerklief
Oerisel
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aldemerk Oldemarkt H?
Balkbrêge Balkbrug E
Bloksyl Blokzijl H
Dedemsfeart (doarp) Dedemsvaart E
Dimter Deventer H/FA Frysk Hânwurdboek side 307
Eesfean Eesveen E
Gitern
Gietern
Gythoarn
Giethoorn H No Gythoarn, H. Twerda skriuwt oer Gitern, by literatuer oer de feanterijtiid wurde de ynwenners meast 'Gitersken' neamd; Hendrik Twerda, Fan Fryslâns Forline, Boalsert, 1968, A.J. Osinga N.V., side 321: "De Mannen fan Gietern komme".

Ik meande ea ris "Giteren" lêzen te hawwen. Ik wit net mear wêr. Miskien doelde Twerda op "Giteren" ynstee fan "Gitern" Kneppelfreed (oerlis) 9 jun 2019, 00.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Ynskedee Enschede H Bûsboekje 2005 (KFS) side 151
De Kúnder Kuinre H
Oatmarsum Ootmarsum
Oldenseal Oldenzaal
Ossensyl Ossenzijl FA [2]
Sint-Janskleaster Sint-Jansklooster M
Stienwyk Steenwijk H Bûsboekje 2005 (KFS) side 152
Stienwikerwâld Steenwijkerwold E Oflaat fan Stienwyk
Swartslûs
Swartslús
Zwartsluis S De Woudklank
Swartewetterkleaster Zwartewatersklooster E De ferfrysking moat yn elts gefal ferbettere wurde ta Swartewetterskleaster. Der is gjin reden om dy s der by de ferfrysking út it litten.
Swol Zwolle H Bûsboekje 2005 (KFS) side 152
Willemsoard (Stienwikerlân) Willemsoord E
Wite Peal (Oerisel) Witte Paal is trouwens gjin wenkearn
Seelân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aksel Axel H?
Feare Veere
Filippine Philippine
Flissingen Vissingen
Middelburch Middelburg
Sas fan Gent
Sas fan Gint
Sas van Gent M moat eins Sas fan Gint wêze om't it Belgyske Gint histoarysk is
Sieriksee Zierikzee H?,E
Toalen (plak) Tholen (plak) H neamd nei it eilân dêr't it op lei, en de namme dêrfan moat al ferfryske wurde
Súd-Hollân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Alblasserdaam Alblasserdam E
Ald-Beierlân Oud-Beijerland
Ouderkerk oan de Isel
Aldertsjerk oan de Isel
Ouderkerk aan den IJssel
Alfen oan de Ryn Alphen aan den Rijn M Ryn bestiet al
Boadegraven
Bodegreve
Bodegraven H Bûsboekje 2005 (KFS) side 150; hjit hjir no Bodegreve
Brylle of De Bryl Brielle of Den Briel H?
Doardt Dordrecht H Bûsboekje 2005 (KFS) side 150; It Nijs
Eastfoarne Oostvoorne E
Flaardingen Vlaardingen H Bûsboekje 2005 (KFS) side 150
Foarburch Voorburg EE
Foarskoat Voorschoten E
Gorkum Gorinchem/Gorcum H? waard hjir foarhinne Garkum neamd. Drewes en ik (Ieneach) snapten dat net en yn oerlis hawwe wy it omneamd, mar letter betocht ik dat it grif sa gien is: Warkum is yn Ned. Workum, dus dan is Gorkum yn it Frysk Garkum. Tsja.
De Haach Den Haag H Bûsboekje 2005 (KFS) side 151
Hellefuotslûs Hellevoetsluis E
Hoek fan Hollân
Hoeke fan Hollân
Hoek van Holland M
Katwyk (Súd-Hollân) Katwijk S, E
Krimpen oan de Isel Krimpen aan den IJssel M Isel bestiet al
Leardam
Leardaam
Leerdam M it hjit no Leardaam
Leien Leiden H/FA Frysk Hânwurdboek side 1068
Lekkertsjerk Lekkerkerk E
MaasslûsMaasslús? Maassluis H
Nijkeap Nieuwkoop EE we hawwe in kategory:Nijkeap
Noardwyk (Súd-Hollân) Noordwijk (Súd-Hollân) M, EE
Noardwikerhout Noordwijkerhout M, EE
Rynsburch Rijnsburg Ryn bestiet al
Skeveningen Scheveningen H
Skiedam Schiedam E
Skoanhoven Schoonhoven
Soetermar Zoetermeer EE
Swyndert
Swyndrecht
Zwijndrecht (Súd-Hollân) we hawwe in kategory:Swyndert
Wâldbrêge Woubrugge EE hjit hjir no Wâldbrêge...
Utert
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Achttjinhoven Achttienhoven
Ald-Maarssefean Oud-Maarsseveen EE
Ald-Zuilen Oud-Zuilen
Aldewetter Oudewater H?, EE
Amersfoart Amersfoort H Bûsboekje 2005 (KFS) side 149
Bunskoat (stêd) Bunschoten (stêd) nei analogy fan Wynskoat, tink
Doarn Doorn
Fianen (Utert) Vianen (Utert)
Iembrêge Eembrugge EE
Iemdyk Eemdijk EE
Iemnes Eemnes
Iselstein IJsselstein Isel bestiet al
Loenen oan de Fecht Loenen aan de Vecht
Maarssefean Maarsseveen E
Martensdyk Maartensdyk Maartensdijk E
Sânhuzen (Bunskoat) Zevenhuizen (Bunskoat) Sjoch ek Bunskoat
Seist Zeist H Bûsboekje 2005 (KFS) side 152
Soestdyk Soestdijk E
Spakenburch Spakenburg
Utert Utrecht H/FA Frysk Hânwurdboek side 2212
Wâldenberch Woudenberg EE
Wyk by Duerstede Wijk bij Duurstede M, EE
(eardere) Nederlânske Antillen
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Oranjestêd (Arûba) Oranjestad M
Oranjestêd (Sint-Eustasius) Oranjestad M
Rinkon Rincon
Willemstêd (Kurasau) Willemstad M
Belgje & Lúksemboarch
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aarlen Arlon
Bastenaken Bastogne|
Bergen Mons H
Brussel Bruxelles/Brussel H
Doarnik Tournai H
Gint Gent H
Koartryk Kortrijk
Leuven Louvain H
Limburch (stêd) Limbourg
Luik Liège H
Lúksemboarch / Lúksemburch Luxembourg/Lëtzebuerg FA ôflaat fan 'e lânsnamme, Frysk Hânwurdboek side 2389. Omrop Fryslân skriuwt 'Lúksemburch'.
Lúksemburch is fansels ek goed, mar dan soene we it lân ek omneame moatte, en dat is in soad wurk om neat. (IfdE) It wurk mei net de reden wurde. (FW) Dat mei as wy beslute dat it mei. (IfdE)
Moeskroen Mouscron
Namen Namur H
Waver Wavre
Dútslân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aldenburch Oldenburg komt yn 'e Wikipedy ek foar as Oldenburch
Aken Aachen H
Auwerk Aurich H Aldfrysk: Aurik. Mar: de Groep fan Auwerk.
Berlyn Berlin H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Berlyn
Boarkum Borkum ?
Breunswyk Braunschweig H
Dillenburch Dillenburg H
Emmerik Emmerich hist. Ned.
Flensburch Flensburg H
Grytsjesyl Greetsiel ?
Hamburch Hamburg H
Heidelberch Heidelberg
Keulen Köln H
Kleef Kleve hist. Ned.
Kloppenburch Cloppenburg
Lier (stêd) Leer (stêd) nei de Sealterfryske foarm?
Limburch oan de Lahn Limburg an der Lahn
Luneburch Lüneburg
Meurs Moers hist. Ned.
Múnster
Meunster
Münster H?
Neurenberch Nürnberg H
Nordeneach Norderney H?
Rynberk Rheinberg hist. Ned.
Sleeswyk Schleswig H ôflaat fan de namme fan de steat Sleeswyk-Holstien en it eardere hartochdom
Spiers Speyer H
Wangereach Wangerooge ?
Frankryk
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Dowaai Douai H
Dúntsjerk Duinkerken / Dunkerque / Dúntsjerke H?
Falensyn Valenciennes H ferfrysking fan 'e Nederlânsk/Flaamske foarm Valencijn
Hazebroek Hazebrouck
Kalês Calais H histoaryske foarm net mear gongber
Kassel (Frankryk) Cassel
Parys Paris H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Parys
Oranje (stêd) Orange (stêd)
Risel Lille H
Robeke Roubaix
Roeaan Rouen H histoaryske foarm net mear gongber
Sint-Winoksbergen Bergues
Straasburch
Straatsburch
Strjitsburch
Strasbourg H Straatsburg, dat hjir ek foarsteld waard, kin sowieso net, om't dat net de offisjele namme is en ek gjin ferfrysking mar in fernederlânsking
Itaalje
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Feneesje / Feneetsje Venezia H
Florâns Firenze H
Genua Genoa H
Milaan Milano H
Napels Napoli H
Rome Roma H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Rome
Padua
Padûa
Padova H
Triëst Trieste H
Turyn Torino H
Ruslân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Jekaterineburch Jekaterinboerg H
Moskou Moskva H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Moskou
Sint-Petersburch Sankt-Peterboerg H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Sint-Petersburch
oare lannen
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Akkra Accra
Aleksandrje
Aleksanderje
al-Iskandariyyah H
Algiers Al-Jazā'ir H
Atene Athinai H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Atene
Bakû Bakı H
Bandûng Bandung
Bangkok Krung Thep
Barseloana Barcelona M
Belgrado Beograd H
Betlehem
Betlehim
Bait Lahm / Beth Lechem Bibel
Boedapest
Bûdapest
Budapest H
Boekarest
Bûkarest
Bucureşti H
Bombay Mumbai H
Breslau Wrocław H
Bûjûmboera Bujumbura
Daka Dhaka
Delly Delhi Bosatlas fan Fryslân side 180: Delhi
Djakarta Jakarta H
Dzjibûty (stêd) Djibouti FA ôflaat fan 'e lânsnamme
Edinburch Edinburgh H
Fiktoaria (Seysjellen) Victoria
Goateboarch
Goateburch
Göteborg H
Gûatemala-Stêd Ciudad de Guatemala FA ôflaat fan 'e lânsnamme
Helsinky Helsinki Bosatlas fan Fryslân side 180: Helsinki
Hongkong
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Hong Kong H / OF / BfF Bosatlas fan Fryslân side 181: Hongkong; Omrop Fryslân: Hongkong
Istanbûl İstanbul H? Bosatlas fan Fryslân side 180: Istanbul
Jehannesburch Johannesburg M
Jericho Ariha Bibel
Jeruzalim Jerušalayim / Al-Oudh Bibel
Jûba Juba In goede ferfrysking soe "Dzjûba" wêze (net dat ik dêr foar bin, trouwens) [IfdE]
Kaapstêd Cape Town H
Kaïro Al-Qāhira H
Kalkutta Kolkata H
Kanton (stêd) Guangzhou H
Kasablanka ad-Dār al-Dayḍāʾ H ferfryske fan 'Casablanca', dat út it Spaansk komt
Kebek (stêd)
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Québec (stêd) BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Kebek
Kiëv Kijiv H
Kigaly Kigali
Kinsjasa Kinshasa
Kolombo (stêd) Colombo
Kopenhagen København H / BfF bûten de Wikipedy ek ris lêzen as Keappenhaven, mar dat is wol hiel âldfrinzich; Bosatlas fan Fryslân side 180: Kopenhagen
Korinte Korinthos Bibel
Krakau Kraków H
Kumasy Kumasi
Lissabon Lisboa H
Lomee Lomé
Londen London H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Londen
Lûanda Luanda
Lûsaka Lusaka
Madras Chennai H
Makau Macao / Macau H
Meksiko-Stêd Ciudad de México FA / BfF ôflaat fan 'e lânsnamme; Bosatlas fan Fryslân side 180: Meksiko-Stêd
Mogadisjû Muqdisho BfF Bosatlas fan Fryslân side 181: Mogadisjû
Monako Monaco FA ôflaat fan 'e lânsnamme yn it Frysk Hânwurdboek
Morony Moroni
Nairoby Nairobi
Nazaret (Israel) Natzrat/Naṣrath Bibel
Nij-Delly New Delhi Bosatlas fan Fryslân side 180: New Delhi
Peking Beijing H
Pnom Pen Phnom Penh
Praach Praha H
Rangoon Yangôn H
Reykjavik Reykjavík H
Riga Rīga H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Riga
Sao Tomee (stêd) São Tomé FA ôflaat fan 'e lânsnamme
Seoel Kneppelfreed (oerlis) 17 jul 2019, 21.24 (CEST)[beäntwurdzje]
Seûl ?
Seoul Bosatlas fan Fryslân side 180: Seoul
Singapoer
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Singapore FA ôflaat fan 'e lânsnamme: Frysk Hânwurdboek s. 2390: Singapoer
Sjenêve Genève
Soerabaja Surabaya H
Sofia Sofija H
Stettin Szczecin H de reden foar ferfrysking is benammen de ûnútsprekberens fan 'e Poalske namme: Sjtsjetsyn
Stokholm
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Stockholm BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Stokholm
Tebe (Egypte) Thebe
Tebe (Grikelân) Thebe
Tessaloniky
Tessaloniki
Thesaloniki H
Tiflis Tbilisi H
Tokio, Frou Watzema (oerlis) 7 jul 2019, 11.05 (CEST)[beäntwurdzje] Tokyo H
Warsjau Warszawa H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Warsjau
Wenen Wien H / BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Wenen
Wynhoeke Windhoek Bosatlas fan Fryslân side 180: Windhoek

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 {{{1}}}.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 2,10 2,11 2,12 2,13 2,14 2,15 2,16 2,17 Kaart van Friesland / Kaart fan Fryslân, 1986, in útjefte fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân, de Fryske Akademy, de Ljouwerter Krante, VVV Fryslân-Ljouwert, Falkplan-Suurland B.V. Eindhoven.
  • H= Histoarysk; FA= Fryske Akademy/Afûk; M= mûnling; BS= boeken fan skriuwers (Halbertsma, Gildemacher); BfF=Bosatlas fan Fryslân; O=oars OF=Omrop Fryslân; E= Elemint as: -wyk, -fjild , noard-, Nij- ensfh.

Reaksje Omrop Fryslân

[boarne bewurkje]
Niis ha'k de fraach dellein by Omrop Fryslân, hoe't sy hjirmei omgeane. Op de Teletekstside hat OF ommers ek alle dagen hjirmei te krijen. De ôfdieling kommnunikaasje jout as beskied: "Ek by Omrop Fryslân is it ferfrysken fan nammen it ûnderwerp fan petear. Us belied op it stuit is dat wy foar plakken bûten de provinsje de Nederlânske namme oanhâlde. Utsûndering hjiryn is de stêd Grins. Fierder sette wy provinsjes, lannen en wrâlddielen/kontininten wol altyd oer nei it Frysk. Dat belied wurdt fierd foar it skriuwen; yn sprektaal wurde guon plakken faker oersetten; lykas Gryptsjerk en De Like. Dêrneist binne wy by Omrop Fryslân dwaande om in beslút te nimmen oer de ferfrysking fan offisjele nammen, bygelyks Rykswettersteat/Rijkswaterstaat, en strjitnammen." Frou Watzema (oerlis) 13 mai 2019, 14.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Goede aksje fan Frou Watzema. Soe it doel hawwe kinne en konsultearje it taalburo fan de FA ek? Drewes (oerlis) 13 mai 2019, 17.19 (CEST)[beäntwurdzje]
It is in fraach wurdich oan it buro as 'gesachhawwende boarne'. Wikipedy is 'folgjend en net liedend' yn soksoarte kwestjes ha'k niis oan de LC skreaun. 'k Sil it it buro ek ris foarlizze. Frou Watzema (oerlis) 13 mai 2019, 17.51 (CEST)[beäntwurdzje]

Reaksje Fryske Akademy

[boarne bewurkje]
De Fryske Akademy (Pieter Duijff) skriuwt: "Jo snije in lestich punt oan. Yn de praktyk is hjir lykwols net in regel foar te jaan. Wolle wy foarmen as Amsterdaam, Rotterdaam en Einhôven hawwe? Nee, dêr kieze wy net foar. Mar, Swolle, Arnhim, Berlyn, Parys en Londen binne wol foarmen dy’t funksjonearje en werom te kennen binne. Ik jou jo in nustje dat wy hiel gewoan fine: Almeare, Lelystêd, Apeldoarn, Grins, Hoarn, Enkhuzen, Ynskede en Oerisel en Gelderlân.
It komt der eins op del, as foarmen maklik ien op ien nei it Frysk ta oer te bringen binne, bart dat ek. Nochris, fêste regels binne der net te jaan."

Reaksje Taalburo

[boarne bewurkje]
Sijens skriuwt: "It Taalburo hat op it stuit gjin fêste regel om hjir mei om te gean. Ik haw jimme diskusje op de oerlisside besjoen en kin it dêr fierhinne mei lykfine. Gjin foarmen ‘konstruearje’, mar histoaryske en bekende foarmen wol honorearje. Fierders ferfryskje wy bekende eleminten as ‘wijk’, ‘stad’ wol: Lelystêd, Noardwyk, Súdlaren. Mar Hoogeveen ta Hegefean omsette giet dogge wy wer net. By ús leit it dus ek net hielendal fêst. Foar bûtenlânske nammen jildt dat wy dy net ferfryskje, útsein in pear bekend nammen as Parys, Berlyn en Hamboarch."

List gearstalle

[boarne bewurkje]

De Gearfetting mei plakken bûten Fryslân dy't yn de beneaming komme foar ferfrysking liket net folle langer te wurden (it kin fansels noch altyd). It binne sa'n stik of 130. By de iene giet it my soms oer de grouwe, mar der binne ek in soad dêr't ik my fuortendaliks yn fine kin. Hoe no fierder? Om te foarkommen dat it oerlis fan it iene nei it oare foarbyld giet liket it my handich at we de list earst wat opskjinje, koarter meitsje. Plakken dêr't eltsenien him yn fine kin hoege wy net lang oer te praten. De plaknammen dy't oerbliuwe kinne wy it dan wat langer oer ha. Wannear kin in plak dan fan de list ôf? Ik soe sizze at der fiif fêste brûkers binne dy't akkoard binne mei ferfryskjen dat dan ek trochgiet. Wy kinne ek stelle dat der bygelyks 75% fan de fêste brûkers foar is. It kin wêze dat it plak al ferfryske is: dan hoecht der yn it artikel sels neat te feroarjen. Hoe litte wy elkoar witte wat sa'n oerdúdlik gefal is dat ferfryske wurde moat, dan soe dat oanjûn wurde kinne lykas hjir (dat giet ynearsten oer de Nederlânske plaknammen). At fiif fêste brûkers oanjouwe dat in plak ferfryske wurde moat liket my dat wol genôch, mar dat is myn persoanlike miening.) Of hat ien fan jim in better foarstel om yn dizze saak ta in beslút te kommen? Om oer elk plak te stimmen liket my wat te lang te duorjen. Earst mar ris de list mei Nederlânske nammen wat koarter sjen te krijen, de bûtenlânske komme dan dêrnei wol. Ik hear graach jim miening. Frou Watzema (oerlis) 17 mai 2019, 20.03 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik tink dat it handiger is om gewoan mei in mearderheid fan de helte + 1 te wurkjen as mei 75%. Dat wurdt sa'n gerekken. En fiif fêste brûkers dy't foar stimme moatte, komt neffens my del op 100%, want neffens my binne hjir op it heden mar fiif minsken struktureel oan 'e gong: jo (Frou Watzema), ik (Ieneach fan 'e Esk), Drewes, RomkeHoekstra en Kneppelfreed. Dat komt trouwens wol handich út, want as eltsenien in stim útbringt, moat der altyd in mearderheid foar ien fan beide mooglikheden út 'e bus komme. Fierders bin ik it mei jo iens dat de list ynkoarte wurde moat. As ik jo foarbyld goed begryp is read copyrightsymboal in tsjinstim, in grienenien in foarstim en in blauwen in ûnthâlding? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2019, 23.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw hjirre romte oanmakke foar in definitive list. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 19 mai 2019, 23.47 (CEST)[beäntwurdzje]
@Ieneach fan 'e Esk: @Drewes: @Kneppelfreed: en @RomkeHoekstra: De mooglikheid fan 75% hie ik der by setten om eardere meidoggers net yn it foar út te sluten, elts moat ommers de kâns ha om der wat fan te sizzen. Mar boppesteand oerlis rint al in skoftke, dus de kâns dat ien him no noch ûnferwachts ien meldet liket net sa grut. (Mar der kin him ek samar in 'nije anonym' melde, sa ha se op nl. alris te krijen hân mei in anonym dy't ienen meidie oan in moderatorferkiezing sûnder dat er ea earder in bewurking dien hie)
De kleure copyrightsymboaltsjes hie ik der by set omdat ik net in read, blau of grien rûntsje seach. De betsjutting wie yndie
  • = tsjin ferfryskjen
  • = foar ferfrykjen
  • ( = twifel of neutraal )
Noch better is miskyn allinnich readen of grienen te setten. Dan bliuwt der noch in listke oer, dêr't wy it dan yn de twadde omloop oer hawwe kinne. Litte wy ús dus earst rjochtsje op de plakken binnen Nederlân, de rest komt letter wol. Kinne Drewes, Kneppelfreed en RomkeHoekstra harren yn boppesteande fine? Frou Watzema (oerlis) 20 mai 2019, 13.09 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, bêst genôch. Ik tink as 3 fan de 5 foar binne al goed genôch is. Kneppelfreed (oerlis) 20 mai 2019, 16.08 (CEST)[beäntwurdzje]
@Frou Watzema, Drewes, RomkeHoekstra, en Kneppelfreed: Dan kinne we, tink ik, it bêste noch mei ien kleur wurkje (bygelyks grien), want in foarstim by de iene foarm komt ommers del op in tsjinstim by de oare foarm. Litte we dan sa'n grien symboaltsje del te setten by de nammefoarm dêr't jo de foarkar foar hawwe. Dan bliuwt it wol sa oersichtlik. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mai 2019, 20.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Yn myn opset wie it de bedoeling om allinnich in oardiel te jaan oer de ferfryske foarm. Dêr is it ús ommers om te dwaan. Allinnich oardiel yn de earste kolom dus. Sels ha'k bygelyks net stean op "Bunskoat", dy sil fan my read krije. It yn ien kolom beoardielen jout mear oersjoch en de list koartet yn de earste omloop ek wat hurder yn. Frou Watzema (oerlis) 22 mai 2019, 08.14 (CEST)[beäntwurdzje]
It probleem dêrmei is dat der by sommige plakken twa mooglike ferfryskings binne (Purmerein/Poarmerein; Hurderwyk/Harderwyk). Bygelyks Harderwijk, dat hjit hjir no Hurderwyk, mar ik haw in boarne fûn dy't Harderwyk skriuwt, en as je der oer neitinke, is dat de goede ferfrysking: in wyk (wetter) dêr't de fisksoarte harder foarkomt. Dat hat neat mei "hurd" te krijen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 mai 2019, 22.18 (CEST)[beäntwurdzje]
Wat oare meidoggers oangiet, ik soe yn prinsipe anonimen net oer sokke dingen meistimme litte. It liket my wol it alderminste betingst dat se har even ûnder in brûkersnamme oanmelde. Fierder bedoelde ik dus net, dat der gjin oare oanmelden meidoggers meidwaan meie, mar sa't jo sizze, dêr hawwe se oant no ta gjin belangstelling foar toand. Ik haw earder ris by in diskusje op 'e oerlisside in oprop oan sokken dien op har eigen oerlissiden, mar dêr is amper op reägearre, dat dat hoecht om my net wer. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mai 2019, 18.34 (CEST)[beäntwurdzje]
Even foar de dúdlikheid trouwens: doe't ik hjirboppe sei: in mearderheid fan 'e helte + 1, bedoelde ik dat dat úteinlik genôch wêze moat. As we in sitewaasje krije wêrby't trije meidoggers foar de iene foarm binne en twa foar de oare, kin oer dat gefal earst fansels wol even oer diskusjeard wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 mai 2019, 20.48 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik haw ek efkes yn my omgean litten om meidoggers dy't yn it ferline in protte bydroegen hawwe yn dizze saak te beheljen. Haw ik earder wol dien by wichtige saken, mar ik ferhip it langer. Wol soe ik dy lju noch in pear wike de gelegenheid jaan wolle om te reagearjen. Drewes (oerlis) 21 mai 2019, 19.32 (CEST)[beäntwurdzje]

@Frou Watzema, Drewes, Ieneach fan 'e Esk, en Kneppelfreed: Ik ha in pear dagen yn Dútslân sitten en jo binne dan net goed selskip as jo hieltiten efter de kompjoeter sitte. Sadwaande ha jim de lêste dagen neat fan my fernommen. It gyng my fral om 'e dúdlikens en ik fyn it poerbêst sa't it fêststellen hjirboppe útwurke is.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 mai 2019, 07.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Stimmerij

[boarne bewurkje]

Der wurdt net stimd oer it al of net ferfryskjen fan de plaknammen. Hoe soe dat kinne? Drewes (oerlis) 6 jun 2019, 22.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Jo hawwe gelyk. We moatte der noadich oer gear. Mar it is my no te let. Moarn mar ris sjen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 jun 2019, 00.14 (CEST)[beäntwurdzje]

@Drewes, Kneppelfreed, en Frou Watzema: Ik haw der niis noch trije plakken by set dy't ik earder oer de holle sjoen hie: Hongkong, Makau en Kebek. As jimme jim dêr noch even oer bûge wolle... Fierders haw ik RomkeHoekstra oanskreaun op syn oerlisside mei de fraach oft hy ek meistimme wol. Ik hie fan syn boppesteande bydragen de yndruk fan wol. Ik stel foar dat we it spul dan noch ien, heechút twa wiken iepenstean litte foar it gefal dat der noch oaren binne dy't meistimme wolle, hoewol't ik fierders net fan doel bin om lju dêrfoar oan te skriuwen. As der him yn dy perioade net ien meldt, geane we wat my betreft oer ta it nimmen fan besluten. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 9 jun 2019, 21.55 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik sil der mei te set. Ik hie net yn 'e rekken dat it al oan it stimmen ta wie.--RomkeHoekstra (oerlis) 10 jun 2019, 09.19 (CEST)[beäntwurdzje]

No, dochs mar wat: Sjoch mar wêr't it komme moat.

  • Der binne allegear arguminten oer beheining yn tiid en romte, en de regels om dan wer om sokke beheinings hinne te kommen.
  • Der binne net in soad arguminten oer it wêrom fan al as net Fryske foarmen te brûken.
    • Skynber is der eat mei de begniisberens fan de Fryske foarmen fan Sieuwske plaknammen. Mar leit dat net earder oan de plaknammen as oan de taal?
  • Wat is it perbleem dat oplost wurde moat?
  • Wat binne de regels dy't dat dwaan moatte? Wy hawwe al de regel dat in namme yn it Frysk skreaun wurde kinne moat; Latynske letters, gjin qx of losse c, begjint ek net mei cvz en einiget net mei gvz, leau'k. Wy hawwe ek al de regel dat de ofsjele namme opnaam wurde moat yn it artikel, at dat kin.)

Mar at wy foarbygeane oan grinzen en jierren, wat is dan de kearn, en hoe kinne wy dat dwaan sûnder in edikt ôf te kundigjen? Aliter (oerlis) 28 jun 2019, 22.07 (CEST)[beäntwurdzje]

@Aliter: Ik bin der hartstikkene foar om Fryske foarmen fan plaknammen te brûken, mar ik fyn wol dat it besteande Fryske plaknammen wêze moatte. Dus: binnen Fryslân beslist de Fryske plaknammen brûke. Bûten Fryslân: sjen oft der in Fryske foarm fan in plaknamme bestiet. Bestiet dy (bgl. Grins, Swol, Haarlim, Arnhim, Utert, Berlyn, Parys, Moskou, Singapoer, Kaapstêd), dan dy ek brûke. Bestiet dy net, dan liket it my foar de hân lizzend om 'e offisjele nammefoarm te brûken, foaral as it om in lyts, frijwol ûnbekend plak yn Nederlân giet of om in stêd fier yn it bûtenlân. Ik snap net wat foar sin oft it hat om bgl. 's-Heer Hendrikskinderen (yn Seelân), te ferfryskjen ta 's-Hear Hindriksbern. Net ien dy't sa'n nammefoarm brûkt, net ien dy't wit wat dermei bedoeld wurdt. It wurket ferfrjemdzjend en ja, der sit ek in elemint fan begniisberens oan. Ik fyn net dat dat oan 'e plaknammen leit, want neffens my komt it fan 'e ûnnedige en sa't ik al sei ferfrjemdzjende ferfrysking fan sokke plaknammen.
It probleem dat we besykje op te lossen is dat der in soad ûndúdlikens bestiet oer wannear't plaknammen ferfryske wurde en wannear net. It liek Frou Watzema, dy't dizze kwestje oankaarte hat, in goed ding ta om dêr ris nei te sjen, der per gefal oer te beslissen en dan in list mei ferfryskings op te stellen dy't rieplachte wurde kin. Sy wol dat der dan in ferbod komt op nije ferfryskings as oer sokke nije ferfryskings net diskusjearre is; dat giet my dan eins wer te fier. Ik mien út jo skriuwen hjirboppe te begripen, Aliter, dat jo elkenien frij litte wolle yn it ferfryskjen fan plaknammen. Ik fyn sels dat it wol wat oardering lije kin. Ut de diskusje oant safier liedt ik ôf dat de measte oare meidoggers ek wat mear struktuer sjen wolle.
Wat binne de regels dy't it probleem oplosse moatte? Yn myn eagen soene we it bêste de regel oanhâlde kinne dat in ferfrysking fan in plaknamme bûten Fryslân teminsten yn ien boarne bûten de Wikipedy brûkt wurde moat. Ik fyn it oars net nedich om foar alle snypsnaren boarnen oanfiere te moatten, mar yn dit gefal is it, tink ik, de iennichste manear om dúdlikheid te krijen. Ik haw by de stimmen dy't ik hjirboppe útbrocht haw dan ek besocht om dy regel safolle mooglik oan te hâlden. Yn guon gefallen fan grutte stêden bûten Nederlân is it fansels wol dreech om Frysktalige boarnen te finen, dat ik haw in pear kear wat smokkelje moatten (bgl. by Bombay, Madras en Kalkutta, dêr't myn foarkar dúdlik útgiet nei dy bekende foarmen boppe de nije nammen Mumbai, Chennai en Kolkata). Yn sokke gefallen, en ek oangeande Dútske stêden deunby de Nederlânske grins (Emmerik, Meurs) en plaknammen yn Walloanje en Frânsk-Flaanderen (Bastenaken, Namen), soe de oplossing wêze kinne dat we ek de Nederlânske foarm oanhâlde meie as dy sûnder beswier yn it Frysk oernommen wurde kin.
Noch wat oer jo útspraak: "Wy hawwe al de regel dat in namme yn it Frysk skreaun wurde kinne moat; Latynske letters, gjin qx of losse c, begjint ek net mei cvz en einiget net mei gvz, leau'k." Ik hoopje dat ik it net goed begryp, mar it liket my wol ta dat jo sizze dat der yn plaknammen yn 'e Wikipedy nea in q of in x of in losse c sitte mei, ensfh. As dat yndie is wat jo bedoele, dan bin ik it dêr beslist net mei iens. Ik bin poer tsjin op ferfryskings fan bûtenlânske nammen dêr't net al in ferfrysking fan bestiet, en dêrûnder rekkenje ik ek it feroarjen fan offisjele staverings, lykas Cosenza yn "Kosenza" of L'Aquila yn "L'Akila" of Xanten yn "Ksanten" of Bordeaux yn "Bordo". Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 jun 2019, 23.42 (CEST)[beäntwurdzje]
  • Oanlieding wie oan de iene kant de ferfrjemding fan nammen bûten Fryslân. Tichtby it Fryske taalgebiet, lykas Grinslân en eartiids it taalgebiet yn de Midsiuwen, komme wy der noch wol út. Hoe fierder by Fryslân wei hoe lestiger it wurdt. Mei âlde boarnen wurkje kin hast net. Der waard net folle Frysk skreaun en offisjele stikken wiene yn it Latyn of Hollânsk. Offisjele stikken en nammen mochten net iens yn it Frysk. Yn gemeentehuzen, rjochtbanken en de tsjerke mocht bytiden net iens Frysk praten wurde. Ek waarden Fryske nammen amtners ferhollânske, oan eigennammen ta (bg. 'Geertje' ynstee fan 'Geartsje' en 'Terhorne' ynstee fan 'Terherne'). Dat dit ferhollânsken/fernederlânskjen rjochtsetten wurdt is dêrom in goede saak.
  • By it weromdraaien fan dit eartiidse fernederlânsking wienen der plaknammen dy't ûngelyk ferfryske waarden. Dat late ta meardere ferfryskings foar deselde plaknamme, eltse bewurker like syn eigen stavering te kiezen. En dan is der noch de offisjele bûtenlânske namme (yn dat gefal kinne de begjinlettersC/Q/V stean bliuwe). Hoe fierder de topografyske nammen fuortlizze, hoe lestiger it ferfryskjen wurdt. (New Delhi/Nij Delly/ Nij Delhi) Nammen as Nij Delly wurkje ferfrjemdzjend en roppe by de lêzer fragen op. It oproppen fan fragen liket my no krekt net in taak fan in ensyklopedy.
  • Wat soe by ferfryskjen liedend wêze moatte: de werkenberheid, de Fryske foarheaksels stean litte (New=>Nij, Laag=>Leech), analogy of histoaryske ôflieding.. ensfh.? Om nije (en âlde) brûkers hâldfest te jaan binne meardere (ûngelikense) ferfryskings foar inselde plak net winsklik. Om dat foar te kommen en op te lossen jout in standertlist wat dúdlikheid en hâldfêst. Dat is gjin edikt, mar in helpmiddel dat yn goed oerlis ta stân komd is. Boppedat kin sa'n list nei ferfolchoerlis fergrutte of ynkoarten wurde. Frou Watzema (oerlis) 29 jun 2019, 08.32 (CEST)[beäntwurdzje]

Dêrom. Drewes (oerlis) 29 jun 2019, 21.52 (CEST)[beäntwurdzje]

Stimmerij (2)

[boarne bewurkje]

@Drewes, Frou Watzema, RomkeHoekstra, en Kneppelfreed: No, ik leau net dat der noch oaren binne dy't oer dizze saak meiprate wolle, dat we moatte mar fierder. Ik ha my der de holle oer brutsen hoe't we dizze saak it flotst ôfhannelje kinne, mar ik haw wat betocht dêr't we de list fluch folle koarter mei meitsje kinne.

  • As we útgeane fan it prinsipe "de measte stimmen telle", dan kinne we alle plaknammen dêr't in dúdlike mearderheid foar ien fan 'e mooglikheden is, sûnder fierdere diskusje út 'e list helje (en it byhearrende artikel sa litte of oanpasse, ôfhinklik fan wat der út de bus kommen is).
  • As der lykwols plaknammen binne dêr't de kar net op 'e mooglikheid fallen is dy't ien of mear fan jim graach hawwe woene, en jim hawwe slimme problemen mei de útkomst, dan moatte we it dêr noch al oer hawwe. Om soks even dúdlik oan te jaan, soe ik jim freegje wolle om dit symboal yn 'e tabel-sel fan dy plaknamme te pleatsen, graach even mei ~~~~ derefteroan, sadat we witte wa't dy plaknamme foardroegen hat foar fierdere diskusje. Iksels haw bygelyks fjouwer plaknammen foar fierdere diskusje foardroegen dêr't de stimmerij tsjin it gebrûk yn boarnen bûten de Wikipedy yn giet.
  • Dan bewarje we de plaknammen mei it symboal en dy, dêr't net ien fan 'e mooglikheden in mearderheid helle hat, foar fierdere diskusje.

Dus myn fraach is oft jimme allegear noch ien kear de list even bylâns rinne kinne en besjen kinne wat de útslach wurdt sa't dy der no stiet en oft jimme jim dêr yn fine kinne.

Ik haw der noch ien bysetten: Súdwâlde/Zuidwolde yn Drinte.Kneppelfreed (oerlis) 7 jul 2019, 18.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Seoel en Falensyn moat ek noch even oer stimd wurde. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 8 jul 2019, 22.37 (CEST)[beäntwurdzje]

Oerbleaune list

[boarne bewurkje]

De ûndersteande list is wat deroer bliuwt nei't ik de grutte list hielendal bylâns west ha. No haw ik earst ek skjin myn nocht fan plaknammen. Hjir moatte we it nije wike of sa mar ris oer ha. Of miskien is it better om 'e fierdere diskusje oer de fakânsje hinne te tillen? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jul 2019, 23.50 (CEST)[beäntwurdzje]

Drinte
Fryske namme Offisjele namme Boarne [1] taljochting
Beilerfeart (plak) Beilervaart E
Súdwâlde Zuidwolde Reden foar ferfryskjen is dat Zuidwolde/Súdwâlde as tsjinfuotter sjoen wurde kin as Noardwâlde yn Weststellingwerf, dêr't al in Fryske namme foar is.Kneppelfreed (oerlis) 7 jul 2019, 18.08 (CEST)[beäntwurdzje]
Gelderlân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Bueren Buren
Kulemboarch Culemborg H
Nijtsjerk (Gelderlân) Nijkerk EE
Grinslân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Feandam
Feandaam
Veendam H
Leechtsjerk Leegkerk E
Skouwen (De Marne) Schouwen (De Marne) M
Skouwersyl Schouwerzijl M, E
Warfhuzen Warfhuizen E
Limburch
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Hearlen Heerlen
Roermûn Roermond we hawwe in Sint-Kristoffelkatedraal (Roermûn)
Noard-Hollân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Ald-Loasdrecht Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje] Oud-Loosdrecht ferlykje útkomst stimming Loasdrecht en Nij-Loasdrecht; neffens my moat it òf beide ferfryske wurde, òf beide ûntfryske, mar net de iene ferfryske en de oare ûntfryske
Loasdrecht Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 17.15 (CEST)[beäntwurdzje] Loosdrecht M ferlykje útkomst stimming Ald-Loasdrecht en Nij-Loasdrecht; neffens my moat it òf beide ferfryske wurde, òf beide ûntfryske, mar net de iene ferfryske en de oare ûntfryske
Nij-Loasdrecht Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2019, 17.21 (CEST)[beäntwurdzje] Nieuw-Loosdrecht M ferlykje útkomst stimming Ald-Loasdrecht en Loasdrecht; neffens my moat it òf beide ferfryske wurde, òf beide ûntfryske, mar net de iene ferfryske en de oare ûntfryske
De Burch (plak) Den Burg op Teksel
Deade Hûn Dode Hond
Foalendam
Follendaam
Volendam M wurdt, alteast op 'e Klaai, yn 'e sprektaal útsprutsen as "Foalendam". Wy ha no de histoaryske foarn Follendaam
Oerisel
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Gitern
Gietern
Gythoarn
Giethoorn H No Gythoarn, H. Twerda skriuwt oer Gitern, by literatuer oer de feanterijtiid wurde de ynwenners meast 'Gitersken' neamd; Hendrik Twerda, Fan Fryslâns Forline, Boalsert, 1968, A.J. Osinga N.V., side 321: "De Mannen fan Gietern komme".

Ik meande ea ris "Giteren" lêzen te hawwen. Ik wit net mear wêr. Miskien doelde Twerda op "Giteren" ynstee fan "Gitern" Kneppelfreed (oerlis) 9 jun 2019, 00.57 (CEST)[beäntwurdzje]

Seelân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Filippine Philippine
Súd-Hollân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Foarburch Voorburg EE
Hoek fan Hollân
Hoeke fan Hollân
Hoek van Holland M
Leardam
Leardaam
Leerdam M it hjit no Leardaam
Leiderdoarp Leiderdorp
Leidskendam Leidschendam
Hindrik-Ido-Ambacht Hendrik-Ido-Ambacht
bûtenlân
Fryske namme Offisjele namme Boarne[1] taljochting
Aldenburch Oldenburg komt yn 'e Wikipedy ek foar as Oldenburch
Daka Dhaka
Dúntsjerk
Dúntsjerke
Dunkerque H?
Feneesje / Feneetsje Venezia H
Goateboarch
Goateburch
Göteborg H
Hongkong
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Hong Kong H / OF / BfF Bosatlas fan Fryslân side 181: Hongkong; Omrop Fryslân: Hongkong
Jûba Juba In goede ferfrysking soe "Dzjûba" wêze (net dat ik dêr foar bin, trouwens) [IfdE]
Kebek (stêd)
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Québec (stêd) BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Kebek
Lier (stêd) Leer (stêd) nei de Sealterfryske foarm?
Lúksemboarch / Lúksemburch Luxembourg/Lëtzebuerg FA ôflaat fan 'e lânsnamme, Frysk Hânwurdboek side 2389. Omrop Fryslân skriuwt 'Lúksemburch'.
Lúksemburch is fansels ek goed, mar dan soene we it lân ek omneame moatte, en dat is in soad wurk om neat. (IfdE) It wurk mei net de reden wurde. (FW) Dat mei as wy beslute dat it mei. (IfdE)
Rynberk Rheinberg hist. Ned.
Seoel Kneppelfreed (oerlis) 17 jul 2019, 21.24 (CEST)[beäntwurdzje]
Seûl ?
Seoul Bosatlas fan Fryslân side 180: Seoul
Singapoer
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Singapore FA ôflaat fan 'e lânsnamme: Frysk Hânwurdboek s. 2390: Singapoer
Sint-Winoksbergen Bergues
Stokholm
Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 3 jul 2019, 22.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Stockholm BfF Bosatlas fan Fryslân side 180: Stokholm
Straasburch
Straatsburch
Strjitsburch
Strasbourg H Straatsburg, dat hjir ek foarsteld waard, kin sowieso net, om't dat net de offisjele namme is en ek gjin ferfrysking mar in fernederlânsking
Tokio, Frou Watzema (oerlis) 7 jul 2019, 11.05 (CEST)[beäntwurdzje] Tokyo H

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 {{{1}}}.
  • H= Histoarysk; FA= Fryske Akademy/Afûk; M= mûnling; BS= boeken fan skriuwers (Halbertsma, Gildemacher); BfF=Bosatlas fan Fryslân; O=oars OF=Omrop Fryslân; E= Elemint as: -wyk, -fjild , noard-, Nij- ensfh.