Appingedam

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Appingedaam)
Jump to navigation Jump to search
Appingedam

Appingedam

flagge wapen
Flag of Appingedam.svg Appingedam wapen.svg
lokaasje
LocatieAppingedam.png
polityk
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
sifers en geografy
haadplak Appingedam
ynwennertal 11.801 (2018)
befolkingstichtens 493 / km²
oerflak 24,62 km²
● wêrfan lân 23,77 km²
● wêrfan wetter 0,81 km²
skiednis
oprjochte 2010
oar
netnûmer 0596, 0597, 0598
postkoade 9670-9682, 9684-9694, 9940-9944
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.appingedam.nl

Appingedam is in gemeente en stêd yn Grinslân. De gemeente hat 11.801 ynwenners (2018) en in gebiet fan 24,62 km², wêrfan 0,79 km² wetter.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadplak fan de gemeente is it histoaryske stedsje Appingedam, dat earder de haadstêd fan it lânsdiel Fivelgoa wie. Appingedam is ien fan de fjouwer stêden yn Grinslân. Appingedam krige syn stedsrjochten yn 1327 fan de Opstalbeam, it wurdt ek wol de 12e Fryske stêd neamd.

Edzard de Grutte fan East-Fryslân woe him lânshear fan de Fryske Ommelannen meitsje. De stêd Grins keas Edzard de Grutte as beskermhear en ek de befolking fan Appingedam keas foar Fryslân. Yn 1514 waard Appingedam oerweldige troch Joaris mei it Burd (Georg fan Saksen) yn de slach om Appingedam. Suver alle ynwenners waarden deadien.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Delfsyl linkendewei de grutte buorgemeente fan Appingedam. Delfsyl ûntjoech him mei faasje ta in wichtige havenstêd. De ûntjouwing fan Appingedaam gie lang sa hurd net.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Appingedam (haadplak), Opwierde, Solwerd en Tjamsweer.

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It spoar fan Grins nei Delfsyl rint troch de gemeente Appingedam, der is in stasjon yn de haadplak. De busline (1)40 ferbynt Grins en Delfsyl en rydt troch de gemeente. Der binne oare busferbinings mei de doarpen om it haadplak hinne. De grutste diken binne de N33 (Feandam - Iemshaven), de N989 (Appingedam) en de N360 (Grins-Delfsyl).

Partnerstêd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedsbyld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
Grinslân
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Appingedam - Delfsyl - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Loppersum - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde