24 maaie is de 144e dei fan it jier op de Gregoriaanske kalinder (yn in skrikkeljier de 145e). Der folgje noch 221 dagen oan 'e ein fan it jier ta.
- 1370 - De Frede fan Stralsund makket in ein oan 'e oarloch tusken Denemark en de Hânze.
- 1571 - De Krimtartaren plonderje Moskou, wêrby't de stêd yn flammen opgiet.
- 1626 - Peter Minuit keapet Manhattan fan 'e Yndianen.
- 1639 - De Fryske kommandeur Gale Hamkes, op 'e walfiskfarder Oranjeboom út Harns, rêdt op 78° N.B., by Spitsbergen, de 20 oerlibjende bemanningsleden (fan 'e 86) fan 'e sonken Hoarnske walfiskfarder Spitsbergen.
- 1844 - It earste tillegram ea wurdt troch Samuel Morse fan Baltimore nei Washington, D.C. ferstjoerd, mei as ynhâld: "What hath God wrought?".
- 1895 - It passazjiersskip de Lucania, fan 'e rederij Cunard, wint de Blauwe Wimpel foar de fluchste oerfeart oer de Atlantyske Oseaan.
- 1956 - It earste Eurofyzjesongfestival wurdt holden, mei mar 7 dielnimmende lannen. Switserlân wint.
- 1960 - De PTT ferrjochtet yn Nederlân de miljoenste tillefoanoansluting.
- 1991 - Eritreä ropt de ûnôfhinklikheid út en makket him los fan 'e Etioopje.
- 1993 - Nei in troch de Feriene Naasjes beävensearre referindum wurdt de ûnôfhinklikheid fan Eritreä ynternasjonaal erkend.
- 2006 - Connexxion kriget it busferfier yn noardlik en súdwestlik Fryslân yn 'e hannen.
- 1619 - Philips Wouwerman, Nederlânsk keunstskilder en tekener († 1668)
- 1686 - Gabriel Fahrenheit, Dútsk natuerkundige († 1736)
- 1819 - keninginne Fiktoaria fan it Feriene Keninkryk († 1901)
- 1830 - Aleksej Savrasov, Russysk keunstskilder († 1897)
- 1895 - Marcel Janco, Roemeensk Israelysk keunstskilder en arsjitekt († 1984)
- 1910 - Jan van Wijhe, Nederlânsk politikus († 1987)
- 1920 - Sake van der Ploeg, Frysk fakbûnslieder, politikus en boargemaster († 1985)
- 1929 - Riekele Borger, Frysk-Dútsk assyriolooch († 2010)
- 1938 - Mathieu Sprengers, Nederlânsk sportbestjoerder († 2008)
- 1939 - Gert Schutte, Nederlânsk politikus († 2022)
- 1940 - Josef Brodsky, Russysk-Amerikaansk dichter († 1996)
- 1941 - Bob Dylan (Robert Allen Zimmerman), Amerikaansk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer
- 1947 - Sijtze Malda, Nederlânsk keunstner en muzikant
- 1987 - Déborah François, Waalsk aktrise
- 1153 - kening David I fan Skotlân (* 1084)
- 1543 - Nikolaus Copernicus, Poalsk astronoom (* 1473)
- 1696 - Albertine Agnes fan Nassau, regintesse fan Fryslân, Grinslân en Drinte (* 1634)
- 1850 - Jane Porter, Ingelsk skriuwster (* 1776)
- 1904 - Friedrich von Siemens, Dútsk ûndernimmer (* 1826)
- 1952 - Jelle Pieters Siebenga, Frysk bestjoerder (* 1868)
- 1972 - Asta Nielsen, Deensk aktrise (* 1881)
- 2001 - Hylkje Goïnga, Frysk skriuwster (* 1930)
- 2003 - Jaap Goeman Borgesius, Nederlânsk politikus (* 1929)
- 2014 - Billy Glide, Amerikaansk pornoakteur (* 1970)
- 2023 - Tina Turner, Switsersk/Amerikaansk sjongeres (* 1939)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory 24 May fan Wikimedia Commons.
|
|