Atlantyske Oseaan
![]() |
Dit artikel is in stobbe oer Oerflaktewetter.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Atlantyske Oseaan
| |
![]() | |
Lokaasje | tusken Amerika en Europa/Afrika |
See | |
Koördinaten | {{{koordinaten}}} |
Oerflakte | 82 362 000 km² |
Djipte (maks.) | 8605 m |
Trochsneeddjipte | {{{trochsneeddjipte}}} m |
Trochsneeddjipte | 3926 m |
Breedte | {{{breedtemin}}} |
Maks. breedte | {{{breedtemaks}}} |
Maks. breedte | {{{breedtemax}}} |
Lingte | {{{lingte}}} |
Oer | |
{{{oer}}} |
De Atlantyske Oseaan is in wrâldsee, dy't ynleit tusken de Jeropa en Afrika yn it easten en Amearika yn it westen. Yn it noarden wurdt de Atlantyske Oseaan begrinzge troch de Noardpoalsee, yn it suden troch de Súdpoalsee.
De Atlantyske Oseaan is op de Stille Oseaan nei de grutste see op Ierde, en hy is likernôch in fiifde fan it gebiet fan de Ierde grut.
Untstean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei alle gedachten is de Atlantyske Oseaan earst 150 miljoen jier lyn ûntstien, doe't ferskate parten fan Pangea al wer útelkoar dreaunen. Mooglik is de skuor tusken Amearika en Jeropa/Afrika it gefolch fan it ûntstean fan de Hekla. Ut dy skuor komt de Midatlantyske Rich omheech, ûntstien út omheechkommend magma. De magma komt hieltyd noch omheech, wat betsjut dat de wrâlddielen om de oseaan hinne hieltyd noch fierder útelkoar skood wurde, en dat de Midatlantyske Rich hieltyd noch waakst. Dêr't de rich boppe wetter útkomt, foarmet dy de Midatlantyske eilannen.
Eilannen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de Atlantyske Oseaan lizze in tal fan eilannen en eilannegroepen:
- De Britske Eilannen
- Rockall
- De Fiere Eilannen
- Yslân
- De Azoaren
- Madeara
- De Kanaryske Eilannen
- De Kaapverdyske Eilannen
- Sint-Helena
- Tristan da Cunha
- De Falklâneilannen
- Súd Georgje
- De Antillen
- De Bahama's
- Bermuda
Ferskaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Atlantyske Oseaan wurdt ek wol -koartswillich- oantsjut mei Grutte Dobbe. 'Oer de grutte dobbe stekke' betsjut: 'nei Amearika ferfarre'.
Atlantyske Oseaan - Yndyske Oseaan - Noardlike Iissee - Stille Oseaan - Súdlike Oseaan |