Oerlis:Atlantyske Oseaan
Appearance
Ik sjoch dat it berjocht stobbe taheaken is oan it artikel, mar neffens my is dat sjoen de lingte fan it artikel net mear it gefal. Mar ja wat is no krekt in stobbe? --Geoffrey 27 apr 2011, 22.15 (CEST)
- Tsja, dêr sit in oast: Wat foar grins ek betocht wurdt, it bliuwt diskutabel: In side fan 2000 bytes oer de Atlantyske Oseaan is in stobbe, mar ien fan 2000 bytes oer bygelyks de Doltesleat is in prestaasje fan formaat... Wy soene elk hjiryn frij litte kinne, wa't it der net mei iens mei al/net in stobbe moat him/har mar oppenearje en sizze wat der dan noch by moat eardat in stobbe roege wurde kin. Oars ferfalle wy te folle yn in soad regeltsjes dy't (as ik foar mysels sprek) letter dochs wer ferjitten wurde.--Swarte Kees 27 apr 2011, 23.10 (CEST)
- Ja wis, it komt hjir ek net sa krekt, mar wat mear rjochtlinen soe ik wol fyn fine. Mar ja dan moatte dizze earst noch betocht wurde en dan wer oerlein wurde ensafuorthinne. --Geoffrey 27 apr 2011, 23.19 (CEST)