Springe nei ynhâld

Hôpital Raymond-Poincaré

Ut Wikipedy
Haadyngong fan it sikehûs

It Raymond-Poincaré Hospitaal (Hôpital Raymond-Poincaré) is in akademysk sikehûs yn Garches, Île-de-France.

It is in part fan it Assistance publique - Hôpitaux de Paris en in learklinyk fan Universiteit fan Versailles[1]. It sikehûs waard yn 1936 stichte[2].

It sikehûs waard ferneamd nei Raymond Poincaré, Frânsk presidint fan 1913 oant 1920. Yn de jierren fyftich spesjalisearre it sikehûs him yn de refalidaasje fan poliopasjinten (de sykte wie doe wiidferspraat, ek yn Frankryk) en rjochten professor André Grossiord en de ortopedysk dokter Olivier Troisier it Centre national de traitement des séquelles de la polio op. Dat hie in tsjinst wijd oan bern, mei 44 bêden foar folwoeksenen (22 foar elk geslacht) yn it paviljoen Widal mei spesjalisearre personiel yn massaazje, hydroterapy en it wer rinnen learen fan pasjinten. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (fr) UFR Simone Veil - santé
  2. (fr) Hôpital Raymond-Poincaré
  3. Hôpital Raymond-Poincaré