Stamhartochdom

Ut Wikipedy
It Hillige Roomske Ryk, rûn 1000

██ Stamhartochdom Saksen

██ Nederloataringen

██ Opperloataringen

██ Hartochdom Franken

██ Hartochdom Swaben

██ Hartochdom Beieren

Taalkaart fan it Aldheechdútsk (Alemannysk en Beiersk), Aldfrankysk, Aldsaksysk en Aldfrysk yn de tiid fan Otto I de Grutte

In stamhartochdom, in ferwizing nei de Germaanske folksstammen de Saksen, Franken, Bajuwaren (Beieren) en Sueven (Swaben of Alemannen), wie in hartochdom yn it Eastfrankyske of Dútske keninkryk oan 'e ein fan de Karolingyske tiid, mei de dea fan Loadewyk it Bern yn 911, en yn de oergong ta it Hillige Roomske Ryk letter yn de tsiende iuw. De Karolingen hiene de oarspronklike stamhartochdommen yn de achtste iuw yn it Frankyske Ryk opheft. Doe't it Karolingyske Ryk yn de twadde helte fan de njoggende iuw yn it neigean rekke, bloeiden de eardere stamgebieten wer op as bestjoerlike ienheden yn it ryk. Der wiene fiif stamhartochdommen, ek wol "jongere stamhartochdommen" neamd ta tsjinstelling fan de tastân fan foar de Karolingen: Beieren, Franken, Loataringen, Saksen en Swaben (Alemanje). De Salyske keizers, dy't regearre hawwe fan 1027-1125, lieten de stamhartochdommen ynearsten as de yndieling fan Dútslân bliuwe. Dy yndieling rekke lykwols ferâldere yn de rin fan de earste helte fan de lette Midsiuwen ûnder de Hohenstaufen en keizer Freark Barbarossa hat harren ta einbeslút opheft yn it foardiel fan lytsere en mear foarstendommen.
De term "Stamhartochdom", sa't it brûkt wie yn de Dútske skiedkunde, giet werom nei de njoggentjinde iuw en wie ynearsten tige besibbe oan de fraach fan nasjonale ienheid.

Dútske stammen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ôfkomst fan it Dútske folk fan in stikmannich Dútske folksstammen ûntwikkele him yn de achttjinde en njoggentjinde iuwske Dútske skiedkunde en etnografy. It konsept "stam(me)" hat mear te krijen fan de tastân út de tiid fan de iere en lette midsiuwen as fan de algemiene Germaanske stammen út de tiid fan de lette Aldheid. In ûnderskied wie bytiden makke tusken de "âlde stammen", dy't noch bestiene yn de tsiende iuw, en de "nije stammen", dy't opkamen yn de rin fan de lettere midsiuwen nei de Eastkolonisaasje. It ûnderskied tusken de twa konsepten is dizenich en binne ûnderwerp fan diskusje.
De tradisjonele Dútske skiedkundigen telle seis "âlde stammen": Beieren, Swaben (Alemannen), Franken, Saksen, Friezen en Tueringers. Al dy stammen wien ynlive yn it Karolingyske Ryk foar de ein fan de achtste iuw. Allinnich fjouwer dêrfan waarden de lettere stamhartochdommen, want de Merovingyske hartochdom Tueringen waard yn 908 by Saksen foege en it Fryske keninkryk wie yn 734 ûnderwurpen yn it Frankyske Ryk. De wetten fan dy folksstammen waarden dêrnei opnaam en opskreaun. Dy wetten wiene de Lex Baiuvariorum, Lex Alamannorum, Lex Salica en Lex Ripuaria, Lex Saxonum, Lex Frisionum en Lex Thuringorum. De Frankyske, Saksyske en Swabyske (Alamannyske) wetten bleaune fan krêft oant fier yn de trettjinde iuw en konkurrearren wolris mei de Rykswet fan it Hillige Roomske Ryk. Ek de Fryske wet bleau fan krêft yn de Fryske Seelannen.
De list fan "nije stammen", dêr't noch wolris oer dikusiëarre wurdt besteane ûnder oaren út Brandenburgers, Lausitzers, Meklenburgers, Oppersaksen, Pommeren, Sileezjers en East-Prusen. Dy groepen ûntstiene sa'n bytsje yn de rin fan de tolfde oant en mei de fyftjinde iuw.
Yn de njoggentjinde iuw waard de term "Stamme" leaver brûkt as "Folk", om't men it "Dútske folk ferienigje woe yn syn stammen". Dit die men yn it ramt nei it stribjen fan de Dútske steaten ta de weriening fan it Dútske Keizerryk yn 1871. De gearstalling fan it Dútske folk út dy stammen is troch de measte skiedkundigen erkend, wylst der gauris opmurken is dat elts in eigen skiednis en etnisiteit hie. Guon skiedkundigen brûke wol gauris de term "Folk" leaver as "Stamme". It ûnderskied is noch hieltyd te sjen yn de yndieling fan de Dútske dialekten yn Frankysk, Alemannysk, Tueringsk, Beiersk, Nedersaksysk en Frisosaksysk. It Frysk, dat him ûntjûn hat ta in eigen taal, wurdt der ek sprutsen.

Eastfrankyske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Eastfrankyske of Dútske Keninkryk

Yn it Eastfrankyske Ryk wiene grutte hartochdommen, ek wolris keninkriken neamd nei harren eardere status, hiene in grut gefoel fan it meiïnoar wêzen, benammen Saksen en Beieren, dy't troch Karel de Grutte ynlive waarden en ek Alemanje, dy't yn 746 ûnder Frankysk hearskippij rekke. Yn de Dútske skiedkunde waarden dy stammen de jonge stammen" neamd ta ûnderskieding fan de "âldere stammen" dy't winliken fasalsteaten wiene ûnder de Merovingen.
Nei de ferdieling fan it Frankyske Ryk neffens de ferdraggen fan Verdun (843), Meerssen (870) en Ribemont (880) waard it Eastfrankyske, of Dútske keninkryk (de keizerstitel gie nei de kening fan it Midfrankyske Ryk) foarme troch Beieren, Alemanje, Saksen en de eastlike gebieten fan it Frankyske gebiet. It keninkryk wie yn 864-865 ferdield tusken de soannen fan Loadewyk de Dútser, neffens de grinzen fan de stamhartochdommen. Keninklike macht rekke hurd yn it neigean nei 899 ûnder de macht fan Loadewyk it Bern, doe't lokale hearskers mear macht nei harren sels talutsen en harren gebieten waarden mear selsstannige ienheden ûnder it oppermacht fan de kening.

Hillige Roomske Ryk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de dea fan de lêste Karolinger, Loadewyk it Bern, yn 911 erkenden de stamhartochdommen de ienheid fan it keninkryk. De hartoggen keazen Koenraad I as harren kening. Neffens guon skiedkundigen wiene de hartochdommen ûnder Koenraad syn regearperioade foarme. Gjin hartoch hat it besocht en meitsje harren gebiet in eigen keninkryk. Sels nei de dea fan Koenraad yn 918, doe't der strideraasjes útbrutsen nei de ferkiezing fan Hindrik de Fûgelder, die Hindrik syn tsjinstanner Arnulf I fan Beieren oanspraak op it hiele keninkryk ynstee fan syn gebiet ôf te skieden. Hy waard lykwols troch Hindrik ferslein en twongen him as kening te erkennen. Hindrik koe sels in wet oankundige hawwe de ienheid fan it keninkryk te betingjen. Arnulf bleau lykwols troch regearjen as wie er sels kening, mar nei syn dea yn 937 wie it keninkryk hurd ûnder de macht brocht troch Hindrik syn soan Otto de Grutte. De Ottoanen ornearren de stamhartochdommen as bestimmings fan de kroan, mar ûnder Hindrik IV hawwe de hartoggen de stamhartochdommen erflik makke.

Stamhartochdommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stamhartochdommen yn it Eastfrankyske of Dútske Ryk wiene:

Hartochdom Franken

De Konradinen krigen de macht yn Franken, mar wiene net yn steat it gebiet te ferienigjen. Franken omfieme net it hiele stamgebiet fan de Franken, dat bekend stie as Austraasje, dy't nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 yn trije parten ferdield waard. Nei't de Konradinen yn 911 it keningskip wûn hawwe, moasten hja belies jaan oan de Saksyske Liudolfingen. Nei in mislearre rebûlje waarden de Konradinen ferdreaun en waard it stamhartochdom in kroanlân. It gebiet fersplintere yn lytsere foarstendommen al sa gau as yn 939 en waard nea wer in politike of bestjoerlike ienheid. Sels yn kulturele of taalkundige sin bleau it gjin ienheid. De Frankyske dialekten foarmje in dialektkontinuum, ferdield yn Opperfrankyske, Middelfrankyske en Nederfrankyske takken mei wer harren dialekten.

Hartochdom Loataringen

As in sintraal gebiet yn it Frankyske Ryk en mei in rike ferbining mei it Frankyske stamgebiet, wie Loataringen yn 843 fan Austraasje ôfsplitst as in part fan it Midfrankyske Ryk en waard in hartochdom yn 903. It kaam neitiids ferskate kearen hinne en wer ûnder de hearskippij fan it Westlike en Eastlike keninkryk. Yn 939 rekke it foargoed ta it Eastlike keninkryk. Yn 959 waard it hartochdom ferdield yn Nederloataringen, dat al rillegau yn ferskate greefskippen en hartochdommen fersplintere waard oant it wer troch de Boergondyske hartoggen ferienige waard, en Opperloataringen, dat him letter stadichoan yn de Frânske regio Loataringen ûntjoech. Nederloataringen bleau part fan it Hillige Roomske Ryk oant 1190, doe't de hartochstitel oergie nei de hartoggen fan Brabân. De namme Loataringen ferwiisde lykwols net nei in stamme.

Hartochdom Swaben

Alemanje hat einliks al ferbûn west mei it Frankyske keninkryk sûnt de fyfde iuw, mar waard pas yn 746 in hartochdom ûnder Frankysk bewâld. De nammen Alemanje en Swaben waarden beide brûkt foar it gebiet oant yn de lette midsiuwen. De Hunfridingen krigen ynearsten de hartochstitel, mar moasten al rillegau belies jaan oan de Liudolfingen. Yn 1079 rekke it hartochdom yn de macht fan de Hohenstaufen. Harren rin nei it keningskip makke fan Swaben in kroanlân, mar nei harren fal yn de trettjinde iuw waard Swaben yn trewyn jage. It gefolch wie dat machtige famyljes lykas Wittelsbach, Wuertemberch en Habsburch. De Habsburgers hiene lykwols mei it ôfsplitsen fan de Switserske Konfederaasje te krijen. It hert fan Swaben bleau fuortbestean as it greefskip Wuertemberch, dat yn 1495 in hartochdom waard en nei it opheffen fan it Hillige Roomske Ryk waard it in keninkryk.

Hartochdom Saksen

De Liudolfingen hiene foar lange tiid in soad macht yn Saksen en krigen de titel fan hartoch en nei 919 sels fan kening. Yn de âlfde iuw regearren de Billungers oer it hartochdom. Nei 1137 wiene de Welfen oan de macht. Nei de fal fan hartoch Hindrik de Liuw yn 1180 ferplintere it hartochdom yn it hartochdom Westfalen en it hartochdom Breunswyk-Lüneburg. Wat oerbleau wie it hert fan it hartochdom Saksen oan de rivier de Elbe dat oan de Askaanjers ta kaam. Dat waard yn 1296 wer ferdield yn it hartochdom Saksen-Lauenburg en it hartochdom Saksen-Wittenberg. Saksen-Wittenberg waard yn 1356 in karfoarstendom en waard it Keninkryk Saksen nei it opheffen fan it Hillige Roomske Ryk.

Hartochdom Beieren

De Luitpoldingen waarden de hartoggen fan Beieren. In takke fan de Liudolfingen namen letter de macht oer en dêrnei kamen de Welfen. Troch strideraasjes tusken de Welfen en Hohenstaufen rekke Beieren yn 1156 it Hartochdom Eastenryk kwyt en yn 1180 Stiermarken en Tirol. De rest fan it hartochdom rekke ûnder it bewâld fan it Hûs Wittelsbach, dy't de macht holden oant de ein fan de Earste Wrâldkriich. Yn 1623 waard it in karfoarstendom en nei it opheffen fan it Hiilige Roomske Ryk waard it in keninkryk.

Neiltittenskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De yngewikkelde politike skiednis fan it Hillige Roomske Ryk yn de Midsiuwen late ta de ferdieling en ôfskaffing fan de measte eardere hartochdommen. Yn 1180 skafte keizer Freark Barbarossa it systeem fan de stamhartochdommen ôf yn it foardiel fan mear en lytsere foarstendommen. It hartochdom Beieren is it iennichste stamhartochdom dat oergie yn in hartochdom fan it Hillige Roomske Ryk en letter de frijsteat Beieren waard yn it moderne Dútslân. It lettere karfoarstendom Saksen, dat út it stamhartochdom Saksen fuort kaam, waard letter it hartochdom Saksen en einlings de dielsteat Saksen. De stamhartochdommen Franken en Swaben ferdwûnen hielendal en besteane allinnich noch as geografyske gebieten. It Merovingyske hartochdom Tueringen is nea in stamhartochdom fan it Hillige Roomske Ryk wurden, mar wie sûnt 908 ta in lângreefskip ferwurden fan Saksen. De moderne steat Tueringen wie pas yn 1920 oprjochte yn de tiid fan de Weimarrepublyk.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.