Springe nei ynhâld

Dialektkontinuum

Ut Wikipedy

In dialektkontinuum of taalkontinuum is in keatling fan dialekten dy't yn oangrinzgjende gebieten sprutsen wurde. Op elts punt fan dy yninoar gripende keatling kinne de sprekkers fan in beskaat dialekt de sprekkers fan 'e dialekten oan wjerskanten fan harren eigen taalgebiet ferstean; lju dy't fierderôf wenje, binne foar harren lykwols mar dreech of hielendal net mear nei te kommen.

In foarbyld fan sa'n dialektkontinuum is it Nedersaksysk-Nederdútske taalgebiet. Sprekkers fan it Stellingwerfsk sille der gjin muoite mei hawwe om lju te ferstean dy't Noarddrintsk prate, en Noarddrintsktaligen kinne sûnder mis minsken ferstean dy't it Feankoloniaalsk fan eastlik Grinslân prate. Dy fan 'e Feankoloanjes kinne Aldamtsksprekkers goed ferstean, en Aldamtsters hawwe gjin muoite om it Platdútske Eastfrysk fan oer de Dútske grins nei te kommen, en sa fierder oant de Poalske grins ta (en foar de Twadde Wrâldoarloch hielendal oant yn Litouwen). Stellingwervers sille it Feankoloniaalsk en miskien it Aldamtsk noch wol neikomme kinne, mar it is mar gehiel de fraach oft hja it Nederdútske dialekt fan Eastfryslân wol folgje kinne, en de sprekkers fan alle Nedersaksyske dialekten yn Nederlân sille grif it Nederdútsk út 'e eardere DDR op syn bêsten tige dreech te begripen fine.

Likegoed wurde it Nedersaksysk en it Nederdútsk yn 'e regel as ien en deselde taal beskôge. In dialektkontinuum kin oars ek twa besibbe taalfoarmen dy't algemien as ferskillende talen sjoen wurde, mei-inoar ferbine. Dat is bygelyks sa mei it Deensk en it Sweedsk, mei it Sweedsk en it Noarsk, mei it Oksitaansk en it Katalaansk, mei it Iersk en it Skotsk-Gaelysk, mei it Spaansk en it Portegeesk, en sels mei it Nederlânsk en it Dútsk. Dêrby binne de beide standerttalen dan net mear ûnderling fersteanber, mar de dialekten oan 'e râne fan 'e beide taalgebieten, dêr't dy in mienskiplike grins diele, binne dat wol. Foar it Nederlânsk en it Dútsk wurde dy grinsdialekten foarme troch it Nederrynsk, fan oer de Dútske grins by Arnhim, en troch it Limburchsk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Crystal, David, The Penguin Dictionary of Language (Second Edition), Londen, 1999 (Penguin), ISBN 0 14 05 14 163, s. 87.