Eastfryslân

Ut Wikipedy
Eastfryslân
Ōstfräisland
Aastfräislound
Flagge Wapen
Biedwurd: 'Eala frya Fresena'
"Stean op, frije Friezen"
Ostfriesland hervorgehoben.svg
Haadstêd Auwerk
Offisjele taal Dútsk
Erkende streektaal Eastfrysk Plat
Unôfhinklikheid 1464-1744
Oerflak 3144 km²
Ynwennertal 468.919 (31 desimber 2020)
Befolkingstichtens 150 /km
Tiidsône (UTC+01:00)
- simmertiid (UTC+02:00)

Eastfryslân is in regio yn de Dútske dielsteat Nedersaksen en is in ûnderdiel fan de kulturele regio East-Fryslân.

Grinzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side East-Fryslân.

Eastfryslân komt rûchwei oerien mei it eardere Greefskip Eastfryslân. Eastfryslân omfiemet de bestjoerlike distrikten (Landkreise) Auwerk, Lier en Wittmund. De stêd Emden is in bestjoerlik distrikt dat op himsels stiet (Kreisfreie Stadt). De Eastfryske eilannen binne Boarkum, Júst, Nordeneach, Baltrum, Langereach en Spikereach. Wangereach heart net by de Eastfryslân, mar wol by de gruttere regio East-Fryslân (mei keppelstreekje).

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastfryslân hie op 31 desimber 2020 468.919 ynwenners op in oerflak fan 3144 km². Mei in befolkingstichtens fan 150 /km² is er neffens Leechsaksyske begripen (168 /km²) reedlik ticht befolke, mar neffens Dútske begripen (233 /km²) is er reedlik tin befolke. Tekenjend foar Eastfryslân is dat it net troch in grutte stêd dominearre wurdt. Yn Eastfryslân binne de midgrutte stêden Emden, Auwerk, Lier, Norden, en Wittmund fan belang. Lytsere stêden binne Wiesmoor, Weener en Esens. Ek de eilângemeenten fan Boarkum en Nordeneach hawwe de status fan stêd. Fierder bestiet it goa út in soad lytse doarpen.

Lânskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Polderlân yn it Reiderlân
Berumerfehner Moor

Lykas yn de rest fan East-Fryslân is Eastfryslân in flak gea mei in soad greidlân te ferlykjen mei dy yn Westerlauwersk Fryslân. De folgjende lânskipstypen wurde ûnderskaat:

Fierders binne der noch boskgebieten fierder it lân yn.

Histoaryske lânskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastfryslân bestie oarspronklik út de folgjende lânskippen (goaen):

Yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeenten yn Eastfryslân
Dize oan de grûn yn Eastfryslân
Hokkelingen yn de greidlân by Wrisse

Eastfryslân bestiet út 4 lânkringen en 31 gemeenten:

Grutste plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nr. Namme Lânkring
Ynwennertal
1 Emden Emden 49.913
2 Auwerk Lânkring Auwerk 40.572
3 Leer Lânkring Leer 34.301
4 Norden Lânkring Auwerk 24.873
5 Wittmund Lânkring Wittmund 20.313
6 Weener Lânkring Leer 15.946
7 Wiesmoor Lânkring Auwerk 13.236
8 Esens Lânkring Wittmund 7.271

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eastfryslân om 1600 hinne troch Ubbo Emmius

Yn it gebiet East-Fryslân foarme him yn de fyftjinde iuw in selsstannich greefskip binnen it Hillige Roomske Ryk. Ut it haadlingelaach Sirksena kamen de greven, dy't yn 1628 ferheft waarden ta ryksfoarst. Yn 1520 gie Eastfryslân oer op it protestantisme. Yn 1744 kaam de lêste Sirksena te ferstjerren. Troch in ferdrach tusken Prusen en de magistraat fan Emden (Konvinsje fan Emden) hearde Eastfryslân tenei by Prusen as de Provinsje Eastfryslân. Sebastian Anton Homfeld waard de nije kânselier. Nei it Kongres fan Wenen fan 1815 hearde it by it Keninkryk Hannover. Yn 1866 kaam Eastfryslân wer by Prusen en sûnt 1946 is Eastfryslân in ûnderdiel fan de dielsteat Leechsaksen. Troch it opheffen fan de Provinsje Auwerk yn 1978 komt der in ein oan de lange skiednis fan Eastfryslân as bestjoerlike ienheid. It gebiet fan it eardere greefskip hat nei 1978 noch wol syn Ostfriesische Landschaft (Eastfryske Lânskip), in kultuerparlemint foar Eastfryslân.

Der wurdt hjoed-de-dei wol wer ris oer prakkesearre en ferienje ta in Lânkring Eastfryslân (Landkreis Ostfriesland).

Ferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ynfrastruktuer yn Eastfryslân

Autodiken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Eastfryslân rinne de folgjende autogongwegen:

Wichtige autowegen binne:

Spoarwegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Lier is it spoarknooppunt fan it goa. Dêrwei rinne fjouwer fan de fiif Eastfryske spoarlinen:

  • Lier - Emden - Norden - Norddeich nei it noarden (DB), mei yn Emden in lytse ôfspjalting nei Emden-Bûtenhaven dêr't beheind treinferkear oer plakfynt
  • Lier - Aldenburch - Bremen nei it easten (DB)
  • Lier - Papenburch - Rheine - Ruhrgebiet nei it suden (DB)
  • Lier - Grins nei it westen (Arriva, Wiederline)
  • Esens - Wittmund - Jever - Sande - Wilhelmshaven (NordWestBahn) as ôfspjalting fan de spoarline Aldenburch - Wilhelmshaven

Nettsjinsteande al dy spoarlinen binne der mar alve spoarstasjons yn Eastfryslân:

  • Burhafe
  • Emden Hbf
  • Emden-Bûtenhaven
  • Esens
  • Lier
  • Marienhafe
  • Norden
  • Norddeich
  • Norddeich Mole
  • Weener
  • Wittmund

Dêrnjonken is der in museumspoarline, de Museumseisenbahn Küstenbahn Ostfriesland, tusken Norden en Dornum.

Wetterwegen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iems-Jadekanaal yn Emden

De wichtichste wetterwegen binne de rivier de Iems, mei as sydrivier de Leda, en it Iems-Jadekanaal. Dêrnjonken binne der yn de feangebieten ferskate lytsere kanalen.

Emden hat fierwei de grutste haven fan de goa en is tagelyk de fearhaven fan fearboaten nei Boarkum. Lier en Weener binne fanâlds havenstêden oan de Iems. Lytsere fearhavens by de kust del binne:

Ek bestiet der in beheinde feartsjinst by de mûning fan de Iems tusken de plakken Ditzum en Petkum.

Polityk en bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Howol't Eastfryslân gjin bestjoerlike en politike ienheid mear is - de lêste foarm fan ienheid, it Regierungsbezirk Ostfriesland, waard yn 1978 opheft, is der op polityk mêd in wichtige oerienkomst tusken de fjouwer bestjoerlike ienheden dêr't it goa út bestiet: harren stimgedrach.

Eastfryslân is in reedlik lofts bolwurk, dêr't de SPD hast altyd de mearderheid hellet.

Persintaazje stimmen de partij by ferkiezings yn 2005 en 2006
Partij Bûnsdeiferkiezings 2005 Lânkringdeisferkiezings 2006
25 26 27 Auwerk Emden Lier Wittmund
SPD 55,9 41,1 46,6 47,1 54,1 44,2 42,5
CDU 24,9 40,5 30,5 28,3 19,2 35,1 44,3
FDP 6,2 7,8 8,9 3,7 15,1 3,9 3,8
Die Grünen 6,2 4,1 5,8 5,7 7,8 7,3 4,0
Die Linke / PDS 4,5 4,1 4,8 3,5 3,8 1,6 1,5
Wählergemeinschaft 10,8 7,7 3,8
Oare 2,4 2,3 3,3 1,0 0,2
Opkomst 77,3 78,1 76,8 58,5 44,9 54,5 57,4

Bestjoerlik binne de lânkringen (Landkreise) ûnderferparte yn gemeenten, dy't út meardere Ortsteile bestean, dy't sels ek wer in eigen doarpsried hawwe kinne, of gearwurkingsgemeenten (Samtgemeinden), dêr't in tal gemeenten mei-inoar oparbeidzje. De kringfrije stêd (Kreisfreie Stadt) Emden is net ûnderferparte yn gemeenten. Benammen yn de 1970-er jierren is it tal gemeenten yn it ramt fan gemeentlike weryndielings tige weromkrongen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Eastfryslân fan Wikimedia Commons.