Fean

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
It "Heidemoor", Nedersaksen
De Hege Feanen yn Belgje.
Fean yn Bargerfean (Boertanger Fean)
Feanen binne op de hiele ierde te fienen

Fean is in wiete, soerstofearme en spûnseftige grûnsoarte. It bestiet benammen út fertarre resten fan planten.

Fean komt net allinnich oan it oerflak foar, mar ek djipper ûnder de grûn. Sa binne der yn Grinslân en Drinte grutte feangrûnen dêr't in laach klaai op it fean ôfset is. Ek binne der plakken dêr't in laach sân op it fean leit.

Drûch fean wurdt ek wol turf neamd, dat in Nederlân lange tiid as brânstof brûkt waard. Yn Fryslân waard ûnder oare yn de omkriten fan Jobbegea in protte turf wûn.

Underskied[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it algemien wurdt der ûnderskied makke yn twa soarten fean: heechfean en leechfean.

It ferskil yn de twa soarten is dat heechfean ûntstien is ûnder ynfloed fan it reinwetter, wylst it leechfean ûntstien is troch it grûnwetter.

Benammen heechfean komt in Nederlân net folle mear foar, omdat it fan de 16e ieu ôf in protte stutsen waard foar it gebrûk as brânstof.

Fean wurdt ek fan elkoar ûnderskieden troch ûnder oare de plantesoarten dêr't it fean út bestiet en fiedselrykdom.

Floara en fauna[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bisten yn it fean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynsekten yn it fean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Planten yn it fean[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Feanliken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Holle fan de Man fan Tollund

By it turfstekken binne in soad feanliken fûn, ek yn Nederlân.

Ferneamde feanliken binne:

It Drintsk Museum in Assen hat in grutte fêste kolleksje oer de prehistoarje fan de provinsje Drinte. Der binne ek feanliken te besjen, sa as it Famke fan Yde en it Spantsje fan Weardinge.

Bisten binne der net folle yn feangrûn fûn. In ferneamde fynst wie dy yn 1953 yn de omkriten fan it Sealterlân, de Turfhûn fan Burloage fan om 1544 hinne (± 67 jierren). (Ofbyld hjir)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Wijnand Antonius Bernardus van der Sanden: Mens en moeras: veenlijken in Nederland van de bronstijd tot en met de Romeinse tijd, Archeologische monografieën van het Drents Museum, Nummer 1, Drents Museum, Assen 1990, ISBN 90-70884-31-3, S.48-49
  • Markus Bertling: Der Torfhund von Burlage. Yn: Alfried Wieczorek (Hrsg.): Mumien. Der Traum vom ewigen Leben. Philipp von Zabern, Mainz 2007, ISBN 978-3-8053-3779-3, S. 304–305

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]