Wetter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Wetter as fêste stof, floeistof en gas

Wetter (H2O) is de gemyske ferbining fan twa wetterstofatomen en in soerstofatoom. Wetter is de ienige gemyske ferbining dy't yn de natoer as floeistof, as fêste stof en as gas foarkomt. By keamertemperatuer is wetter in floeistof sûnder dúdlike kleur en rook. Al it libben op ierde bestiet foar it grutste part út en is ôfhinklik fan wetter. Wetter bedekt 71% fan de Ierde.

Wetter foar ûntwikkeling[bewurkje seksje | edit source]

In jonge yn Jakarta dy't him wasket'

Wetter, en benammen goed drinkwetter is tige wichtich foar de mins. It spilet dan ek in grutte rol yn de ûntwikkeling fan de Tredde wrâld. Meastentiids wurdt ûnderwiis as wichtichste faktor sjoen, mar wetter is in net te ûnderskatten middel om by te dragen oan it súkses fan dit ûnderwiis. De medyske en hygiënyske aspekten fan in wettertekoart mei dêrby ek de tiid dy't it kostet om wetter by in fierôf lizzende pomp te heljen, ferminderje de tiid dy't leararen en learlingen oan skoalle bestede kinne.

Der kin in wetterkonflikt ûntstean as der net genôch skjin wetter foarhannen is yn in gebiet of lân. Dit jildt net allinnich foar drinkwetter, mar ek op wetter dat brûkt wurde kin foar de lânbou, yndustry, transport (bygelyks de Suezkrisis) en ûntspanning. Der binne regio's yn de wrâld dêr't wetter krap is troch klimatologyske omstannichheden of ynfrastrukturele problemen of ûntbosking. Dit betreft bygelyks it Midden-Easten, it eastlike diel fan de Feriene Steaten fan Amearika en de Sahara, mar ek lannen yn de Tropen.

Anno 2007 hawwe 1,1 miljard minsken gjin skjin wetter. Dit is in seisde fan de wrâldbefolking. Dêrby hawwe 2,4 miljard minsken net genôch hygiëne troch wettergebrek. Elke dei stjerre wrâldwiid 6000 minsken troch gebrek oan wetter.

Der is oantoand dat wetter in posityf effekt op it ûnderwiis yn earme lannen hat. In stúdzje fan de Wrâldbank wiisde út dat in skoalle yn Tanzania, doe't der in wetterpomp op in kertier rinnen ynstee fan in oere kaam, in 12% hegere opkomst helle waard. Doe't de heltiid fan wetter op in plak yn Banglades ferkoarte waard, levere dat in 15% hegere opkomst op.[1] Yn Nederlân is wetter ien fan fiif prioritêre tema’s fan it Nederlânske ûntwikkelingsbelied.

Wetter yn it lichem[bewurkje seksje | edit source]

Bisten binne ek wetter nedich

It minsklik lichem bestiet foar ûngefear 65%[2] út wetter, ôfhinklik fan leeftiid en geslacht. Dit wetter sit yn de lichemssellen, yn it bloed, in de intersellulêre romte, yn de lymfeklieren en yn in soad oare dielen fan it minsklik lichem. Dêrom is it ek belangryk foar in mins om genôch te drinken. It minslik lichem ferliest wetter troch útskieding fia swit, triennen, urine. Ek troch ûntlêsting en sykheljen giet wetter ferlern. Dit wetter wurdt net allinnich mei wetter út dranken oanfold, mar ek troch wetter dat yn it iten sit.

Elk bist hat wetter nedich, al hat it iene bist minder wetter nedich as it oare. Bisten dy't fan natuere yn droege gebieten lykas woastinen libje, kinne skoften sûnder wetter. Kamielen bygelyks kinne wikenlang sûnder wetter. Dieren dy't fan natuere yn wetterrike gebieten libje, hawwe faak konstant tagong ta wetter nedich om oerlibje te kinnen.

Fysyske eigenskippen[bewurkje seksje | edit source]

Wittenskiplik eksperimint mei in wetterbrêge

Wetter kin yn trije haadfazes of aggregaasjetastannen bestean: iis, wetter en wetterdamp. Ofwol: fêste stof, floeistof en gas. De temperatuerskaal fan Celsius is basearre op de oergong tusken dizze tastannen: iis teit (wurdt floeiber) by 0 °C en wetter ferdampt (wurdt gasfoarmich) by 100 °C (by standertomstannichheden). It kôk- en ek it raanpunt hinget lykwols ôf fan de druk: it kôkpunt leit leger by legere druk en it teipunt leit leger by hegere druk. It earste betsjut dat de jirpels net gear wurde, at se op de top fan de Mount Everest kôke wurde; it twadde dat by it reedriden in laachje wetter tusken de izers en it iis ûntstiet, dêrsûnder soe it riden lang sa hurd net gean. De fêste tastân fan wetter hat lykwols teminsten alve ferskillende iisfazes, optredend by ferskillende drukken en temperatueren, elk mei har eigen kristalstruktuer.[3] It fazediagram fan wetter is tige yngewikkeld.

Der is ek in tastân wêrby't iis floeiber wetter en wetterdamp tagelyk foarkomme. Dit hjit it tripelpunt fan wetter, dat optreedt by in bepaalde druk en temperatuur (0,01 °C).

By normale atmosfearyske druk kinne ek "oerferhjitte wetter" en "ûnderkuolle wetter" foarkomme. Dat is wetter dat respektivelik waarmer as 100 °C of kâlder as 0 °C is, mar noch altiten yn de floeistoffaze is.

Skjin, floeiber wetter krijt in blauwe kleur troch ferskillen yn absorpsje en ferstruiïng fan blau en read ljocht: wetter absorbearret read ljocht 100 kear mear as blau ljocht en ferstruit blau ljocht 5 kear mear as read ljocht. De kleur wurdt lykwols pas dúdlik sichtber as it wetter mear as in pear desimeter djip is.

Wetter hat by 4 °C syn grutste soartlike massa; kâlder wetter set út en waarmer wetter ek. Dêrtroch friest in wettermassa yn de natuer fan boppen nei ûnderen. It iis isolearret dêrby it floeibere wetter derûnder. Dit effekt spilet in grutte rol by foar it libben yn sleatten en plassen. Mooglik hat dizze eigenskip ek in grutte rol spile by it ûntstean fan libben op ierde, ommers én djip ûnder ekstreem dikke iislagen én djip ûnder waarm oerflaktewetter kin floeiber wetter mei in stabile temperatuer fan 4 °C sitte.

Omrin[bewurkje seksje | edit source]

Op aarde bestiet der in wetteromrin wêrby't seewetter ferdampt, yn de atmosfear kondinsearret en as delslach werom falt, wêrnei't rivieren en grûnwetter it wer weromfiere nei de see. Seewetter wurdt ek wol sâltwetter neamd omdat der in soad sâlten yn oplost binne. By it ferdampen fan seewetter bliuwe de sâlten efter yn see, wêrtrocht't yn delslach gjin sâlt sit, dit wurdt swietwetter neamd. De oergong tusken sâltwetter en swietwetter is net altiten like dúdlik (bygelyks yn rivieren mei tijwurking), dizze minging fan swiet- en sâltwetter wurdt brakwetter neamd.

Op de ierde komt ± 1.400.000×10³ km³ wetter foar. Hjirfan sit 97% as sâlt wetter yn oseanen en seeën. De rest is ûnderferdield yn swiet en sâlt grûnwetter (23.300×10³ km³), iis (24.000×10³ km³), oerflaktewater (marren en rivieren, 190×10³ km³) en wetterdamp yn de atmosfear (14×10³ km³). De ferhâldings fariearje wat troch ferskate faktoaren, wêrûnder de klimaatferoaring.

Wetter yn de gemy[bewurkje seksje | edit source]

In wettermolekúl is in gemyske ferbining fan twa wetterstofatomen en ien soerstofatoom. De molekúlformule is H2O. In selden brûkte gemyske namme foar wetter is diwetterstof(mon)okside.

Eigenskippen fan it wettermolekúl[bewurkje seksje | edit source]

It wettermolekúl is in dipoal: omdat de wetterstofatomen net symmetrysk lizze ten opsichte fan it soerstofatoom is ien kant fan it wettermolekúl elektrysk laden fergelike mei de oare kant. Yn oerienkomst mei de oktetregel hat it soerstofatoom yn wetter syn elektroanen sa ferdield: twa kear twa elektroanen foar de bining mei de twa wetterstofatomen, en twa kear in frij elektroanepear. Troch de polariteit fan it wettermolekúl, lûke dizze molekulen elkoar dus sterk oan, wat it ten opsichte fan oare stoffen lege raantpunt, hege kôkpunt en de hege teiwarmte en ferdampingswarmte ferklearret. De polariteit fan wetter ferklearret ek wêrom't sâlten (ioanen) en polêre stoffen (lykas sûker) sa goed yn wetter oplosse.

Wettermolekulen kinne opsplitst wurde yn (soere) H+-ioanen en (basyske) OH--ioanen. Dizze reaksje wurdt autoprotolyze neamd. Yn suver wetter by in temperatuer fan 298 K binne de aktiviteiten fan beide ioanen 10-7 molêr. De soergraad fan it wetter is dan pH=7.

Gemyske eigenskippen[bewurkje seksje | edit source]

Wetter kin ûnedele metalen oksidearje ûnder foarming fan wetterstofgas. By tige ûnedele metalen lykas natrium en kalium ferrint dy reaksje hurd (mei fjoerferskynsels), by minder ûnedele metalen lykas izer ferrint de oksidaasjereaksje folle stadiger en lykmjittiger. De fergeliking fan dy reaksje is:

2 Na (s) + 2 H2O (l) → 2 Na+ + H2 (g)+ 2 OH-

Wetter hat syn grutste tichtheid (999,972 kg/) by in temperatuer fan ± 3,984 °C boppe it teipunt by standert atmosfearyske druk. Hjirtroch is de fêste stof minder ticht as de floeistof en dêrom in útsûndering op oare stoffen: it is de ienige stof wêrfan de fêste faze driuwt op de floeibere faze.

It fazediagram fan wetter. Op de fertikale as is logaritmysk de druk útsetten yn Pascal, op de horizontale as is de temperatuer útsetten yn Kelvin.
Yn dit diagram kin ôflêzen wurde by hokker temperatuer en druk wetter gasfoarmich (V), floeiber (L) of fêst (S) is. By it
triple punt (TP) kin wetter yn trije fazes foarkomme. Boppe it krityske punt (CP) is wetter in superkrityske floeistof.

Symboalyske betsjutting[bewurkje seksje | edit source]

Wetter is fanút de Klassike Aldheid beskôge as ien fan de natuereleminten neist ierde, fjoer en lucht.

Yn it kristendom en it joadendom nimt wetter in apart plak yn. Yn de tiid dat de Bibel of dielen hjirfan skreaun waard, koenen misken net swimme. Swimme wie gewoan net útfûn. Yn dy tiden, leinen de beskavingen fan it Alde Egypte en it Keninkryk Israël yn of lâns droege, woastyneftige gebieten. Sûnder foarrie wetter wie men dêr doemd te stjeren. De inkele kearen dat it reinde wie it fakentiden sa hurd dat grutte modderstreamen en oerstreamings ûntstienen.

Ien fan de mooglike eksegezes fan it ferhaal wêryn Jezus oer wetter rint[4], is dat Hy, Jezus, libben noch dea freze en/of beide behearske.

Wyn as symboal foar God, fermingd mei wetter as symboal foar it (gewoane) libben kin útlein wurde as de duale natoer fan Jezus, dy't yn it kristendom mins en God is. Dizze betsjutting kin ek betrokken wurde yn it ferhaal wêryn't Jezus wetter (it gewoane) feroaret yn wyn (it godlike).

Fierders wasket wetter by de doop de erfsûnde of de sûnden ôf. It hat hjirby in reinigjend karakter.[5] De doopte wurdt hjirmei sûndeleas werberne.

Rooms-katoliken kennen it wijwetter. Dit wetter is seinige troch in pryster en kin yn de tsjerke brûkt wurde of meinomd wurde om thús te brûken. Men doopt dan de fingers yn in fold wijwetterbakje, en makket in krústeken. It sprankeljen fan dit wetter op de flier soe harren dy't yn it faaiefjoer sitte, ten goede komme.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Siedend wetter by gewichtleasheid

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as wetter en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. *'No drain, no gain', Gideon Burrows. The International Guardian, 24 maart 2004.
  2. Ut hoefolle persint wetter bestiet int minsklik lichem?
  3. John Finney, The phase diagram of water/ice and a new metastable phase of ice, webstee University College London, ôfdieling fysika fan de kondinsearre matearje.
  4. Mattheüs 14:22-33
  5. Mattheüs 3:13-17