Springe nei ynhâld

Tanzania

Ut Wikipedy
Jumhuriya Muungano wa Tanzania (Swahily)
United Republic of Tanzania (Ingelsk)
Flagge fan Tanzania Wapen fan Tanzania
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tanzania
Offisjele taal Ingelsk, Swahily
Haadstêd Dodoma
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
945.087 km²
6.2­%
Ynwenners (2002) 34.443.603
Munt Tanzaniaanske shilling (TZS)
Tiidsône UTC +3
Lânkoade KEN
Ynternet .tz
Tillefoan 255

Tanzania, offisjeel de Feriene Republyk Tanzania, is in lân yn East-Afrika. De haadstêd is Dodoma.

Tanzania wurdt begrinzge troch:

De offisjele haadstêd is sûnt febrewaris 1996 Dodoma, mar yn de eardere haadstêd Dar es Salaam binne noch in protte ynstellings fan it regear en ambassaden te finen. Dar es Salaam hat ek likernôch tsien kear safolle ynwenners as Dodoma. Oare belangrike stêden binne Arusha, by de Kilimanjaro, Mwanza, Tabora en Sansibar.

Steatsynrochting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tanzania is in republyk mei in federale struktuer (Tanganjika en Sansibar). De presidint wurdt foar fiif jier keazen en mei himsels ien kear op 'e nij kandidaat stelle. Hy komt meastentiids fan it fêstelân. De earste fise-presidint is dan de premier fan Sansibar, de twadde fise-presidint is premier fan de federale regearing.

It parlemint, de Nasjonale Gearkomste, hat 156 leden: 101 keazen op it fêstelân en 55 fan Sansibar en Pemba.

Oant 1992 wie de Chama Cha Mapinduzi (CCM), ('Partij fan de Revolúsje') de ienige tastiene partij. Dy partij wie yn 1977 ûntstien nei in fúzje fan de Tanganyika Afrikaanske Nasjonale Uny (TANU) fan Julius Nyerere en de Afro-Shirazy Partij fan Aboud Jumbe. De National Executive Committee hie de macht, der wie gjin parsefrijheid, de Tanzaniaanske steatsfoarm ûnder Nyerere wie winliken kommunistysk. Fan 1992 ôf waarden ek oare partijen tastien.

Tanzania is ferdield oer 26 regio's (mkoa), dy't oer 129 distrikten ferdield binne distrikten. De yndieling sa't dy der no ta leit komt fan de weryndieling fan 2002 doe't Manyara parte waard fan Arusha. In grut part fan de regio's hat deselde namme as de haadstêd fan de regio's. By de regio's dêr't dit net it gefal is stiet de haadstêd apart oanjûn.

Regio(Haadstêd) Oerflak. (km²) Ynwenners. (2002) Kaart
Arusha 33.809 1.288.088 Regio's fan Tanzania
Dar es Salaam 1393 2.487.288
Dodoma 41.311 1.692.025
Iringa 56.864 1.490.892
Kagera (Bukoba) 28.388 2.028.157
Kigoma 37.037 1.674.047
Kilimanjaro (Moshi) 13.309 1.376.702
Lindi 67.000 787.624
Mara (Musoma) 19.566 1.363.397
Manyara (Babati) 46.359 1.037.605
Mbeya 60.350 2.063.328
Morogoro 70.799 1.753.362
Mtwara 16.707 1.124.481
Mwanza (regio) 19.592 2.929.644
Pwani (Kibaha) 32.407 885.017
Pemba Noard (Wete) 574 185.326
Pemba Súd (Mkoani) 332 175.471
Rukwa (Sumbawanga) 68.635 1.136.354
Ruvuma (Songea) 63.498 1.113.715
Shinyanga 50.781 2.796.630
Singida 49.341 1.086.748
Tabora 76.151 1.710.465
Tanga 26.808 1.636.280
Sansibar Sintraal/Súd (Koani) 854 94.244
Sansibar Noard (Mkokotoni) 470 136.639
Sansibar Stêd/West (Sansibar) 230 390.074

It is in republyk mei in federale struktuer (Tanganjika en Sansibar), ûntstien yn 1964. De namme Tanzania is gearfoege fan de earste trije letters fan beide parten fan de federaasje: Tan - Zan - ia.

Yn de 4e iuw f.Kr. kamen de Arabieren en Perzen hanneljen yn Tanzania. Troch de Arabyske ynfloed op de lokale befolking, meast Bantoe folken ûntstie it Swahili, in Bantoe taal mei in protte arabyske ynfloeden. Tusken de fyftjinde en njoggentjinde iuw hiene de Portugezen in monopoaljeposysje wat de hannel mei Tanzania oanbelanget, mar sy waarden yn 1828 troch de Arabieren ferslein.

In 1884 sletten fertsjinwurdigers fan de Dútske East-Afrika Feriening ferdraggen mei lokale haadmannen, wêrnei de Dútske East-Afrika Feriening Tanganyika kolonisearre. Yn 1890 waard Tanganyika in Dútske koloanje. In opstân tsjin it Dútske regear yn 1907 (Maj-Maj opstand) waard troch de Dútsers hurdhandich ûnderdrukt. Yn 1914 rekke Tanganyika as Dútske koloanje belutsen by de Earste Wrâldkriich. Waarden de measte Dútske koloanjes yn Afrika en Aazje al yn 1914 en 1915 troch de Entente ferovere, Tanganyika bleau oant it ein fan de oarloch yn Dútske hannen. Gûverneur Albert Heinrich Schnee en de geniale Dútske kolonel (letter: generaal) Paul von Lettow-Vorbeck wisten mei guerrilla-metoaden út de hannen fan de oanfallende Britten, Belgen en letter ek de Portugezen te bliuwen. Sterker noch, it lytse leger dat Von Lettow-Vorbeck kommandearre foel sels mei sukses de Britske stellings yn Kenia oan. Fan 1918 ôf lutsen de mannen ûnder Von Lettow troch Mozambyk. Op 14 novimber 1918 kapitulearre Von Lettow doe't hy hearde dat de striid yn Jeropa oer wie.

Tanganyika gie no oer yn Britsk hannen, maar Dútsers bleauen in aardich grut tal yn Tanganyika wenjen (bygelyks as plantaazjehâlders). Yn 1919 waard Tanganyika in Britsk mandaatgebiet en waard it links riden ynfierd. Nei de Twadde Wrâldkriich groeide it nasjonaal bewustwêzen ûnder de autochtoane befolking en waarden der partijen en ferienings oprjochte. De wichtichste wie de Tanganyika Afrikaanske Nasjonale Unie (TANU) dy't yn 1954 oprjochte waard troch Julius Nyerere, ei soan fan in haadman. By de ferkiezings fan 1958 waard de TANU de grutste partij. Yn maaie 1961 krige it lân folslein selsbestjoer en op 9 desimber 1961 waard Tanganyika in ûnôfhinklik lân. Presys ien jier letter waard it in republyk (as part fan de Britske Mienebest) mei Julius Nyerere as presidint, 'chief minister' (dat wol sizze premier) en foarsitter fan de TANU.

Op 26 april 1964 ferienige Tanganyika himsels mei de eilannen Sansibar en Pemba en kaam de Federale Republyk Tanzania ta stân. Presidint fan de federaasje waard Nyerere en fisepresidint waard foarsitter sjeik Abeid Karume fan de Folksrepubliek Sansibar en Pemba.

Yn 1979 operearren Ugandeeske troepen fan diktator Idi Amin op Tanzaniaansk grûndgebiet. Tanzania, dat al langer spul hie mei de diktatuer yn Uganda foel doe mei stipe fan Ugandeesk anti-Amin striders it buorlân binnen en ferjoegen de diktator Amin.

Tanzania hat ferskate bestimmings foar safarys (it wurd safari betsjut reis yn it Swahily):

  • Ngorongoro: krater mei in unike populaasje wylde bisten
  • Serengeti: wyldpark, bekend troch de jierlikse migraasje (foar in part yn Kenia)
  • Selous : wyldpark in it suden fan it lân, mei de Rufiji-rivier
  • Manyaramar : wyldpark bekend om it grutte tal flamingo's
  • Ruaha : wyldpark yn it midden fan it lân
  • Kilimanjaro : heechste berg fan Afrika (5895m), troch toeristen te beklimmen

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]