Swahily (taal)

Ut Wikipedy
Swahily
algemien
oare namme(n) Swahili
eigen namme Kiswahili
lânseigen yn Kenia
Madagaskar
Mozambyk
Somaalje
Tanzania
tal sprekkers 5 miljoen (2007)
skrift Latynsk alfabet
Arabysk-Perzysk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Niger-Kongoleesk
  ● Atlantysk-Kongoleesk
    ● Benûé-Kongoleesk
      ● Súdbantoïdysk
        ● Bantoe
          ● Noardeastkustbantoe
            ● Sabaky
              ● Swahily
dialekten Mombasaansk-Lamûaansk,
Pembaansk, Komoarsk,Bravaneesk,
Badjûny, Kimwany, Sidy †,
Sokotraansk Swahily †,
taalstatus
offisjele status Kenia
de Dem. Rep. Kongo:
   ● 10 eastlike provinsjes
Oeganda
Tanzania
  Afrikaanske Uny
Eastafr. Mienskip
taalkoades
ISO 639-1 sw
ISO 639-2 swa
ISO 639-3 swa

It Swahily (Swahily: Kiswahili) is in Bantoe-taal dy't fan oarsprong sputsen waard troch de Swahily, in folk dat lânseigen is yn East-Afrika, oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan. Yn 'e koloniale perioade hat it gebrûk fan dizze taal him lykwols oant fier yn it Afrikaanske binnenlân ta útwreide. It Swahily is hjoed de dei in offisjele taal yn Kenia, Tanzania, Oeganda en dielen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo. It nau besibbe Komoreesk, de nasjonale taal fan 'e Komoaren en Majot, wurdt soms as in dialekt fan it Swahily beskôge. Der binne sa'n 5 miljoen minsken dy't it Swahily as memmetaal sprekke, mar mooglik wol oant 150 miljoen minsken dy't it as twadde taal oanleard hawwe.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Swahily' komt fan 'e meartalsfoarm sawāḥil (سواحل), fan it Arabyske sāḥil (ساحل), in eigenskipswurd foar "grins" of "kust" (bygelyks yn gearstallings as 'kustbewenners'). Ut ditselde wurd komt ek de namme Sahel fuort. Yn it Swahily wurdt oan 'e namme Swahili it foarheaksel Ki- tafoege om oan te jaan dat it om in taal giet.

Taalbesibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Swahily heart ta de Niger-Kongoleeske talen (foarhinne de Niger-Kordofaanske talen neamd), ien fan 'e trije grutte taalfamyljes fan Afrika. Dêrbinnen falt it Swahily ûnder de Bantoe-talen, wêrfan't it taalgebiet hast de helte fan it Afrikaanske kontinint beslacht. Oare talen út dy kloft binne û.m. it Kikûjû (Kikuyu) fan Kenia, it Sjona (Shona) fan Simbabwe, it Swazy (Swazi) fan Swazylân en it Sûlû (Zulu) en Kosa (Xhosa) fan Súd-Afrika.

Taalgebiet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Swahily is lânseigen oan 'e Swahilykust, in stripe lân yn East-Afrika by de kust fan 'e Yndyske Oseaan lâns, dy't rint fan súdlik Somaalje fia Kenia en Tanzania nei noardeastlik Mozambyk. Ek de eilannen foar dy kust, wêrûnder Sansibar, hearre ta it taalgebiet fan it Swahily. Datselde gou foarhinne foar de trije eilannen fan 'e Komoaren en it Frânske oerseeske gebietsdiel Majot, mar it Komoreesk, dat dêr de memmetaal fan hast de hiele befolking is, wurdt tsjintwurdich yn 'e regel as in selsstannige taal los fan it Swahily sjoen. In stik fan 'e noardpunt fan it grutte eilân Madagaskar wurdt noch wol ta it taalgebiet fan it Swahily rekkene.

It taalgebiet fan it Swahily:
     gebiet dêr't it Swahily lânseigen is
     gebiet dêr't it Swahily in offisjele status hat
     gebiet dêr't it Swahily as lingua franca brûkt wurdt

Dêrnjonken bestiet der in folle grutter gebiet dêr't it Swahily as lingua franca brûkt wurdt, foar de kommunikaasje tusken leden fan ferskillende etnyske groepen dy't allegear harren eigen taal sprekke. Dat gebiet beslacht it binnenlân fan Kenia en Tanzania, en fierders ek Oeganda, Rûanda en Boerûndy, de eastlike helte fan 'e Demokratyske Republyk Kongo en de noardlike grinskriten fan Sambia, Malawy en Mozambyk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Swahily wie oarspronklik de taal fan 'e fiskerslju dy't de Eastafrikaanske kust bewennen fan wat letter Kenia en Tanzania wurde soe. Troch it yngeande kontakt dat dy fiskers hiene mei de bewenners fan 'e eilannen, lykas Sansibar, Pemba en de Komoaren, fersprate de taal him dêr al ier hinne, mooglik al fan 'e twadde iuw n.Kr. ôf. Fan 'e sechsde iuw ôf wreide it taalgebiet him ek út by de saneamde Swahilykust lâns, yn it noarden oant yn it hjoeddeistige Somaalje, en yn it suden oant yn wat no Mozambyk is, en teffens oersee nei noardlik Madagaskar.

Yn 'e Midsiuwen fêstigen har boeren út Omaan op 'e Sansibareilannen, dy't dêr krûdnagels begûnen te ferbouwen en de islaam der brochten. Stadichoan naam de hannel mei Araabje en Perzje ta, om tusken de tolfde en fyftjinde iuw syn hichtepunt te berikken. Sansibar ûntjoech him ta in machtige stêdsteat dy't regearre waard troch de sultans fan Omaan. It Swahily waard yn dy tiid sterk troch it Arabysk beynfloede, mar wreide him fia de tanommen hannelskontakten ek út nei Gûdjarat, op it Yndiaaske subkontinint.

De ierst oerlevere dokuminten dy't skreaun binne yn it Swahily binne guon brieven yn it Arabysk-Perzyske alfabet út 'e stêd Kilwa Kisiwany, dy't datearje fan 1711. De orizjinelen binne no op 'e noed fan it Histoarysk Argyf fan Goä, yn Yndia. In oare iere Swahily-tekst, út 1728, is in epysk gedicht yn it Arabysk-Perzyske alfabet, mei as titel Utendi wa Tambuka ("De Histoarje fan Tambuka").

Fan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw ôf krong it Swahily, dat oant dy tiid ta fierhinne op 'e see rjochte west hie, fanwegen de slavehannel fan 'e Arabieren en de kolonisaasje fan Afrika troch de grutmachten fan Jeropa ek troch yn it binnenlân. Nei't Dútslân yn 1886 in koloniaal bewâld fêstige hie oer Tanganjika (it fêstelân fan it hjoeddeistige Tanzania), waard it Swahily as de bestjoerstaal foar de nije koloanje oanwiisd, mei't it der de taal wie mei de grutste fersprieding. Hoewol't de Britten yn Kenia it Ingelsk ta offisjele taal makken, brûkten se dêrnjonken it Swahily as in lingua franca en foar spesifike doelen, lykas it trenen fan ynlânske troepen.

Doe't Dútslân oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch al syn koloniale besittings ûntnadere waard, kaam Tanganjika as mandaatgebiet fan it Folkebûn en letter as trustgebiet fan 'e Feriene Naasjes ek ûnder Britsk bestjoer. De Britten fierden der it Ingelsk yn as offisjele taal, mar moedigen it gebrûk fan it Swahily oan as mienskiplike taal foar it leger ûnderwiis en as algemiene lingua franca. Ek yn Oeganda, dêr't it Swahily fan oarsprong hielendal net sprutsen waard, fierden de Britten it yn 'e koloniale tiid op lyksoartige wize yn. Dêrby waard ûnder auspysjes fan 'e koloniale machthawwers yn juny 1928 in konferinsje belein yn Mombasa, wêrby't besletten waard dat it Sansibareeske dialekt (it Kiunguja) de basis wurde soe foar de Swahily-standerttaal.

Swahily-tekst yn it Arabysk-Perzyske alfabet op in muntstik fan ien pysar, út Sansibar (1882).

Taalstatus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Swahily is de offisjele taal fan Tanzania, njonken it Ingelsk, dat yn dat lân in legere status as it Swahily hat. Yn Kenia en Oeganda hawwe it Swahily en it Ingelsk in gelikense status as offisjele talen. Tanzania en Kenia fierden fuort nei it winnen fan har ûnôfhinklikheid, yn 1961, resp. 1963, it Swahily as offisjele taal yn, mar yn Oeganda gie it oars. Dêr krige it Swahily foar it earste in offisjele status yn 1970, ûnder it regear fan presidint Milton Obote. Neitiid naam Idi Amin de taal oer, mar nei't dy diktator yn 1978 ûnder fuotten helle wie, waard it wer ôfskaft. Yn 1992 waard it lykwols ûnder druk fan 'e tanimmende gearwurking mei Kenia en Tanzania as ferplichte fak op 'e legere skoallen ynfierd, en yn 2005 waard it wer in offisjele taal.

Behalven yn Kenia, Tanzania en Oeganda hat it Swahily ek in beskate status yn 'e Demokratyske Republyk Kongo, dêr't it in offisjele taal is yn 'e tsien eastlike provinsjes, Opper-Katanga, Lualaba, Opper-Lomami, Tanganjika, Maniema, Noard-Kivû, Súd-Kivû, Tshopo, Ituri en Opper-Uele. De iennichste lanlike offisjele taal fan 'e Kongo is it Frânsk, mar it Swahily genietet der lanlik in legere formele status as 'nasjonale taal', yn 'e mande mei trije oare Afrikaanske talen, it Kongo (of Kituba), it Lingala en it Lûba (of Tshiluba). Op 'e Komoaren is it Komoreesk, dat soms noch as in dialekt fan it Swahily beskôge wurdt, ien fan 'e trije offisjele talen, yn 'e mande mei it Frânsk en it Arabysk. Fierders is it Swahily ien fan 'e trije offisjele talen fan 'e Eastafrikaanske Mienskip (EAC) en ien fan 'e fiif offisjele talen fan 'e Afrikaanske Uny (AU).

Tal sprekkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens út 2007 wiene der doe likernôch 5 miljoen minsken dy't it Swahily as memmetaal sprutsen, benammen yn 'e kustregio's fan Kenia en Tanzania. Yn Tanzania hat likernôch 80% fan 'e befolking it Swahily oanleard as twadde taal, en foar Kenia jilde datoangeande ferlykbere sifers. Yn Oeganda is it gebrûk fan it Swahily as lingua franka beheind ta de noardlike parten fan it lân, mei't de Baganda, dy't fierwei de grutste etnyske groep yn it suden fan Oeganda foarmje, it ornaris net machtich binne. (De reden dêrfoar is dat der yn it noarden in protte lytsere folken libje, dy't foar ûnderlinge kommunikaasje op in mienskiplike taal oanwiisd binne, wylst de Baganda sa'n grutte groep foarmje dat se net folle kommunikaasje mei oare groepen nedich binne.)

De roomske ferzje fan it gebed Us Heit yn it Swahily, skreaun yn it Latynske alfabet.

Yn 'e Demokratyske Republyk Kongo sprekt likernôch de helte fan 'e befolking it Swahily as twadde taal, en begjint it it Lingala nei de kroan te stekken as wichtichste Afrikaanske taal. Yn Omaan wurdt it Swahily sprutsen troch likernôch 22.000 minsken, wêrby't it foar it meastepart giet om ôfstammelingen fan 'e lju dy't út Sansibar wei dêrhinne repatriëarre binne nei de fal fan it Sansibareeske sultanaat, yn jannewaris 1964. Yn totaal wurdt rûsd dat der wrâldwiid mooglik wol 130 oant 150 miljoen twadde-taalsprekkers fan it Swahily binne.

Skrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik waard it Swahily skreaun yn it Arabysk-Perzyske alfabet, wêrby't lykwols net folle oanpassings trochfierd waarden om oan 'e fonology fan it Swahily rjocht te dwaan. Soms diene har dêrtroch swierrichheden foar op it mêd fan it lêsbegryp. Tsjintwurdich wurdt it Swahily almeast skreaun yn it Latynske alfabet, dat yn 'e njoggentjinde iuw troch Jeropeeske sindelingen yn East-Afrika yntrodusearre waard.

Taaleigenskippen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lienwurden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ferline hat it Swahily in tige sterke ynfloed fan it Arabysk ûndergien troch hannel en troch kontakt mei Arabysksprekkers oan 'e Swahilykust, mei as gefolch dat in oansjenlik part fan 'e wurdskat fan Arabyske orizjine is (ferlykber mei de ynfloed fan it Latyn en it Gryksk op Jeropeeske talen). Dêrnjonken hat it Swahily ek ynfloeden ûndergien fan it Dútsk, it Ingelsk, it Hindoestaansk, it Frânsk en it Portegeesk, allegear talen dy't har spoaren as lienwurden neilitten hawwe.

Fonology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Swahily wurdt hjoed oan 'e dei skreaun yn in Latynsk alfabet fan 25 letters:

A a B b Ch ch D d E e F f G g H h
I i J j K k L l M m N n O o P p
R r S s Sh sh T t U u V v W w Y y
Z z

Der binne fiif fokalen yn it Swahily: a, e, i, o en u. De a is de [ɑ] fan it Hollânske bak (dy't dus wat niget nei de o fan "hok"); de e is de [ɛ] fan "lek"; de i is de [i] fan "wyt"; de o is de [ɔ] fan "hok"; en de u sit likernôch healwei tusken de [u] fan "rûch" en de [o] fan "bok". De fokalen wurde yn it Swahily nea redusearre (lykas de e yn "gewoan"), en komme inkeld yn koarte foarm foar. Ek twaklanken besteane net yn it Swahily, en in wurd as chui ("panter") wurdt útsprutsen as [ʧu.i], "tsjû-y", mei twa aparte fokalen.

Fan 'e konsonanten hawwe f, h, k, l, m, n, p, r, s, t, v en z de 'gewoane' útspraak. De b [ɓ], d [ɗ], g [ɠ] (g fan "goed") en j [ʄ] (dj fan "djerre") binne ymplosive klanken, dy't sterk 'ploppend' útsprutsen wurde. De digraven ch [ʧ] en sh [ʃ] steane foar de tsj fan "tsjerke", resp. de sj fan "sjippe". Fierders is de w de [w] fan "skowe" en de y de [j] fan "jas". It Swahily hat ek noch ferskate oare klanken dy't net as aparte letters fan it alfabet rekkene wurde. Dêrûnder binne ng ([ᵑɡ] fan it Ingelske finger), ng’ ([ŋ] fan "ding"), ny ([ɲ] fan "njirre") en ferskate prenasalisearre konsonanten, lykas mb, nd, mv en nz.

Yn guon dialekten komme fierders noch foar de dh ([ð], de stimhawwende th fan it Ingelske this); de th ([θ], de stimleaze th fan it Ingelske thin); de gh ([ɣ], de g fan "bûge"); en kh ([x], de ch fan "berch"). Beskate dialekten hawwe ek noch fjouwer aspirearre konsonanten, [ʧʰ], [kʰ], [pʰ] en [tʰ] (wêrby't de basislûden folge wurde troch in licht h-ke, lykas yn it bekende Grinslânske Marthinithoren). Aspiraasje wurdt yn 'e regel yn 'e stavering fan it Swahily net oanjûn, hoewol't guon skriuwers in apostrof nei de oanbelangjende konsonant tafoegje (ch’, k’, p’, t’). Dat kin fan belang wêze om't aspiraasje yn guon dialekten betsjuttingsûnderskiedend is; ferlykje tembo ("palmwyn") en t’embo ("oaljefant").

Dialekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De moderne standerttaal fan it Swahily is basearre op it Sansibareesk (Kiunguja), it dialekt sa't dat sprutsen wurdt yn 'e stêd Sansibar (Unguja). Yn syn boek Swahili and Sabaki: A Linguistic History, út 2009, dielt de taalkundige Jouni Filip Maho de dialekten fan it Swahily op yn twa grutte groepen: it Mombasaansk-Lamûaansk en it Pembaansk.

  • Mombasaansk-Lamûaansk
    • Chichifundi (sprutsen oan 'e Súdkeniaanske kust)
    • Kimrima (sprutsen yn Pangani, Vanga, Dar es Salaam, Rufiji en op Mafia)
    • Kivumba (sprutsen oan 'e Súdkeniaanske kust)
    • Lamûaansk
      • Kiamu (sprutsen op it eilân Lamu en omkriten)
      • Kipate (sprutsen op it eilân Pate)
      • Kingozi † (foarhinne sprutsen oan 'e Eastafrikaanske kust fan súdlik Somaalje oant Lamu, en histoarysk brûkt foar it skriuwen fan poëzij; faak beskôge as de meast oarspronklike foarm fan it Swahily, en soms noch wol as literêre taal brûkt)
    • Mambrui (sprutsen yn Malindi)
    • Mombasaansk
      • Chijomvu (sprutsen yn 'e omkriten fan 'e havenstêd Mombasa)
      • Kimvita (sprutsen yn Mombasa sels)
      • Kingare (sprutsen yn 'e omkriten fan Mombasa)
    • Nosse Be (sprutsen op 'e noardpunt fan Madagaskar)
    • Sansibareesk (Kiunguja) (sprutsen yn 'e stêd Sansibar op it eilân Sansibar; op it plattelân fan it eilân wurde Pembaanske subdialekten sprutsen)
  • Pembaansk
    • Kilwa
    • Kimakunduchi (sprutsen op it plattelân fan it eilân Sansibar)
    • Kimgao † (foarhinne sprutsen oan 'e Tanzaniaanske kust)
    • Kipemba (sprutsen op it eilân Pemba)
    • Kitumbatu (sprutsen op it plattelân fan it eilân Sansibar)

Maho foeget it Komoreesk ta as trêde groep, hoewol't dat troch de measten fan syn kollega's as in selsstannige taal beskôge wurdt. Oan 'e oare kant beskôget Maho de folgjende taalfoarmen, dy't ek wol as dialekten fan it Swahily sjoen wurde, as selsstannige talen:

Fierders moatte ek ferskate dialekten en taalfarianten fan twadde-taalsprekkers neamd wurde:

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.