Majot

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Majot
Mayotte
Flagge Wapen
Flag of Mayotte (local).svg Coat of Arms of Mayotte.svg
Geografyske lokaasje
Mayotte (976) in France.svg
Algemien
Gebietsdiel fan Flag of France.svg Frankryk
Pol. status oerseeske kollektiviteit
Haadstêd Mamoudzou
Offisjele taal Frânsk
Ynwennertal 212.645 (2012)
Befolkingstichtens 569 / km²
Oerflak 374 km² (ynkl. wetter)
Bykommende ynformaasje
Muntienheid Euro (€) (EUR)
Tiidsône UTC+3
Tillefoan +262
Ynternetekstinsje .yt
Webside www.mayotte.pref.gouv.fr
Majot

Majot (Frânsk: Mayotte) is in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk yn de Yndyske Oseaan, tusken Madagaskar en Mozambyk. De faluta is de euro. Majot brûkt de Frânske trijekleur as flagge en hat .yt as eigen topleveldomein.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Majot, met de byhearrende eilantsjes Petite Terre, Chissioi Mtsamboro en Chissioi Mbouzi, leit benoarden de Strjitte fan Mozambyk. It heart by de eilannekloft fan de Komoaren, mar net mear by de republyk fan de Komoaren dêr't de rest fan de eilannegroep wol ta heart. De tiidsône op Majot is UTC+3.

It hat in oerflakte fan 374 km² (± 39 by 22 kilometer) en 212.645 ynwenners (2012). Hjirfan wenje de measten yn de haadstêd Mamoudzou, dat oant 1963 de haadstêd fan de Komoaren wie. Mamoudzou leit op it byeilantsje Petite Terre en hat in fleanfjild.

It heechste punt is Mont Bénara, dat 660 meter boppe de seespegel leit. De berch is feitlik in útdôve fulkaan. Om it eilân hinne binne in soad koraalriffen.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It eilân is ûntdekt yn de 16e iuw troch de Portegees Diego Ribeiro. Yn 1831 waard Majot ferovere Andriantsoly, de kening fan Iboina op Madagaskar. Dyselde ferkocht it yn 1841 oan Frankryk, dat it tagelyk mei de oare eilannen fan de Komoaren ta ien koloanje makke.

Doe't de oare eilannen fan de Komoaren yn 1975 ûnôfhinklik waarden, wegerde Majot him hjirby oan te sluten en keas derfoar om Frânsk te bliuwen. De Komoaren wegeren om dat te erkennen en meitsje noch altyd oanspraak op het eilân. Yn 1976 waard Majot in territoriale mienskip binnen it Frânske steatsbestel. Yn 2001 waard de status fan Majot feroare yn dy fan in departemintale kollektiviteit. Nei de grûnwetlike herfoarming fan 2003 krige it de rjochten fan in oerseeske kollektiviteit wylst it de namme fan 'departemintale kollektiviteit' behold.

Op 29 maart 2009 makke de befolking fan Majot by in referindum dúdlik dat it eilân in folweardich oerseesk departemint fan Frankryk wurde moast. Dat soe betsjutte dat der in ein komme soe oan de polygamy en sjaria dy't op de islamityske eilannen gou. Yn maart 2011 krige Majot de status fan Frânsk departemint.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Majot wurde fjouwer talen sprutsen. Nettsjinsteande it feit dat Frânsk de ienige offisjele taal is, oertreffe de trije oare lânstalen, it ynhiemske Bushi, it Komoarysk ôfkomstich út de Komoaren en it Swahily út Tanzania, allegear it Frânsk wat it oantal sprekkers yn Majot oangiet. It Komoarysk is dêrfan fierwei de wichtichste taal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]