Boergonje-Franche-Comté

Ut Wikipedy
Boergonje-Franche-Comté
Bourgogne-Franche-Comté

([[|Details]])
Lizzing fan it Grutte Easten yn Frankryk
Haadstêd Dijon
Arrondisseminten 24
Kantons 152
Gemeenten 3831
Departeminten Côte-d'Or (21),
Haute-Saône (70)
Jura (39)
Haute-Marne (52)
Nièvre (58)
Saône-et-Loire (71)
Territoire-de-Belfort (90)
Yonne (89)
Oerflakte 47.783 km²
Ynwenners
- Totaal
- Befolkingstichtens

2.801.695 (jannewaris 2020)
59 ynw/km²
Folksliet '
webstee www.bourgognefranchecomte.fr

Boergonje-Franche-Comté (Frânsk: Bourgogne-Franche-Comté, Arpitaansk: Borgogne-Franche-Comtât) is in regio yn it easten fan Frankryk dy't yn jannewaris 2016 ûntstie nei in weryndieling fan de Frânske regio's. De regio ûntstie nei in fúzje fan de eardere regio's Boergonje en Franche-Comté. Yn desimber 2015 wiene de earste ferkiezings fan de 100 leden fan de Regionale Ried (Conseil Régional).

De regio beslacht in gebiet fan 47.783 km² en omfiemet acht departeminten mei in befolking fan likernôch 2,8 miljoen ynwenners. De haadstêd (prefektuer) en grutste stêd is Dijon, dochs it sit fan de Regionale Ried is yn Besançon. Dêrby is Boergonje-Franche-Comté, njonken Normandje de regio dêr't de prefekt net yn deselde stêd as de Regionale Ried is.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de wet oangeande weryndielings besteane de nammen fan fúsearjende regio's út ynterim-nammen. Dy ynterim-nammen binne in kombinaasje fan de fusearjende regio's skaat troch in keppelstreekje. Fêste nammen wurde troch de nije regionale rieden útsteld en dêrnei troch de Conseil d'État foar 1 oktober 2016. De regio besleat de ynterium-namme as de fêste namme oan te hâlden en waard op 28 septimber 2016 offisjeel fêststeld.

De fúzje betsjutte de weriening fan de histoaryske regio's fan it hartochdom Boergonje en it frijgreefskip Boergonje (Franche Comté de Bourgogne) dy't ûntstiene nei it Ferdrach fan Verdun yn 843.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet fan wat hjoed-de-dei Boergonje en Franche-Comté wie earder feriene ûnder it keninkryk Boergonje dy't fan de fyfde oant de achtste iuw bestie. Nei it Ferdrach fan Verdun yn 843 waard it ferparte yn twaen: it hartochdom Boergonje ûnder it keninkryk Frankryk en it greefskip Boergonje ûnder it Hillige Roomske Ryk. It greefskip waard yn de santjinde iuw as in frije provinsje yntegrearre yn it keninkryk Frankryk, mar skaat fan it hartochdom dat in fazalprovinsje fan Frankryk bleau. Dy twa provinsjes waarden nei de Frânske Revolúsje opheft.

Moderne tiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebiet fan Boergonje-Franche-Comté beslacht de eardere provinsjes Boergonje en Franche-Comté, allyk grutte parten fan de eardere provinsjes Nivernais (hjoed-de-dei Nièvre), Sjampanje (hjoed-de-dei noardlik Yonne, Orléanais (hjoed-de-dei súdwestlik Yonne), de Territoire de Belfort (it part fan de Elzas dy't nei 1871 part fan Frankryk bleau en in lyts part fan it Île-de-France (hjoed-de-dei noardwestlik Yonne).

Fan 1941 oant 1944 waarden Boergonje en Franche-Comtê ûnder it Vichy-bewâld weriene. Nei it foarmjen fan de regio's fan Frankryk yn 1964 waarden Boergonje en Franche-Comté fannijs skate ienheden.

Op 14 april 2014 sprutsen de foarsitters fan de Regionale Rieden fan Boergonje en Franche-Comté de winsk út foar in fúzje fan de twa regio's nei't de Frânske premier Manuel Valls buorkundich makke hat dat der in weryndieling fan de Frânske regio's komme soe. Op 2 juny dat jiers liet de Frânske presidint François Hollande in kaart sjen dêr't de twa regio's as ien oanjûn stiene. Dy twa regio's wiene de iennigen dy't frijwillich in fúzje besprutsen hiene, en wie dusdanich de iennige dy't net troch de Nasjonale Gearkomste of de Senaat op 'e nij besjoen hoegde te wurden.

De fúzje waard op 17 desimber 2014 offisjeel oannommen en gie mei yngong fan 1 jannewaris 2016 yn.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regio grinzget it Grutte Easten yn it noarden, Île-de-France yn it noardwesten, Sintrum-Loiredelling yn it westen, Auvernje-Rône-Alpen yn it suden en Switserlân yn it easten.

Departeminten fan de regio[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Regio's oant 2015 Wapen Departemintsnû.: Departeminten Ferdieling sitten
Boergonje
Bourgogne
21 Côte-d'Or 18
58 Nièvre 8
71 Saône-et-Loire 10
89 Yonne 11
Franche-Comté 25 Doubs 20
39 Jura 9
70 Haute-Saône 10
90 Territoire de Belfort 4
Tal sitten yn 'e Regionale Ried: 100

Histoaryske provinsjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

██ Boergonje

██ Sjampanje

██ Elzas

██ Franche-Comté

██ Île-de-France

██ Montbéliard

██ Nivernais

██ Orléanais

██ Oaren

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bourgogne-Franche-Comté fan Wikimedia Commons.
 
             Frankryk
Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen