Springe nei ynhâld

Gûadelûp

Ut Wikipedy
Gûadelûp
Guadeloupe
flagge wapen
geografyske lokaasje
algemien
gebietsdiel fan Frankryk
pol. status oerseeske kollektiviteit
haadstêd Basse-Terre
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 397 990 (2015)
befolkingstichtens 244 / km²
oerflak 1.628,43 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Euro (€) (EUR)
tiidsône UTC -4
tillefoan +590
ynternetekstinsje .gp
webside
Îles de Petite-Terre

Gûadelûp is in Frânsk oerseesk departemint yn de Karibyske See, noardlik fan Dominika en ta súdeastlik fan Montserrat. It bestiet út in arsjipel fan eilannen dy't ta de Lytse Antillen rekkene wurde, oan de noardkant fan de Boppewynske Eilannen. Mei Gûadelûp wurdt faak it haadeilân bedoeld dat eins út twa troch in smelle see-ingte skieden eilannen bestiet: Basse-Terre en Grande-Terre.

Lofthaven is Pole Caraibes by Pointe-à-Pitre (IATA-koade: PTP) op it eilân Grande-Terre.

Gûadelûp waard yn it begjin bewenne fan de Kariben dy’t it eilân Karukera neamden ('eilân fan it moaie wetter'). Doe't Kristoffel Kolumbus de eilannen yn 1493 ûntdekte, neamde er har nei de Faam fan Guadalupe yn it Spaanske Extremadura. Sûnt 1635 is Gûadelûp Frânsk besit, mei útsûndering fan twa koarte besettingen troch de Britten yn de Sânjierrige Oarloch, en ûnder de Frânske Revolúsje. Yn 1848 waard de slavernij ôfskaft.

Sa likernôch 90% fan de befolking is in Afrikaansk-yndiaanske miks. Fiif prosint is blank, en oare groepen mei-inoar meitsje wat minder as fiif prosint fan de befolking út; sy besteane út ûnder mear Libanezen, Yndiërs en Sinezen.

Op Basse-Terre wenje sa likernôch 150.000 minsken en op Grande-Terre 180.000. Op de oare eilannen wenjen folle minder minsken; bygelyks op Marie-Galante binne it 12.000.

Fan de befolking is 95% katolyk. Ien prosint is protestant. De rest is hindû of hinget in Afrikaanske natoergodstsjinst oan.

Gûadelûp is in Frânsk oerseesk departemint (département d'outre mer). It bestjoer wurdt laat troch Ary Chalus, presidint fan de algemiene rie, en Josette Borel-Lincertin, presidinte fan de regionale rie. Gûadelûp hat twa fertsjintwurdigers yn de Frânske Senaat en fjouwer fertsjintwurdigers yn it Frânske parlemint. Binnen de Europeeske Uny hat Gûadelûp de status fan ultraperifeare regio. De eilannegroep falt lykwols net ûnder de Schengenakkoarden. Oare Europeeske akkoarden, bygelyks fergees roaming, jilde wol yn Gûadelûp.

By in referindum op 7 desimber 2003 hawwe de befolkingen fan Saint-Martin en Saint-Barthélemy keazen foar selsbestjoer. Yn 2007 waarden dizze twa gebieten fan it departemint Gûadelûp ôfskieden.

Kaart

It departemint Gûadelûp bestiet sûnt 2003 út sân gebieten:

  • Basse-Terre
  • Grande-Terre
  • Marie-Galante
  • La Désirade

Îles des Saintes (dat út njoggen lytse eilannen bestiet, wêrfan der twa permanint bewenne binne) Îles de la Petite Terre

Algemiene gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Leechste punt: Karibyske See, 0 m boppe seenivo
  • Heechste punt: La Grande Soufrière, 1467 m boppe seenivo
  • Klimaat: tropysk, beynfloede troch de passaatwinen.
  • Geologyske gearstalling: Basse-Terre is fan fulkanyske oarsprong, fierder fan de kust ôf mei bergen; Grande-Terre is frij flak en bestiet benammen út kalkstien. De measte fan de oare sân eilannen binne ek fan fulkanyske oarsprong.
  • Grûngebrûk: kultuergrûn: 14%, ikerbou: 4%, greide: 14%, bosk: 39%
  • Natoergeweld: orkanen (fan juny oant oktober); de Soufrière is in aktive fulkaan.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It departemint is ferdield yn 2 arrondisseminten, 21 kantons en 32 gemeenten.

De twa arrondisseminten fan Gûadelûp binne:

  • Arrondissemint Basse-Terre
  • Arrondissemint Pointe-à-Pitre

Nei de bestjoerlike weryndieling fan 2013 hat Gûadelûp noch 21 kantons.

Om't Gûadelûp in diel fan Frankryk is, wurdt as betelmiddel de euro brûkt. Gûadelûp libbet fan ikerbou, toerisme, lichte yndustry en tsjinstferliening. It eilân is ôfhinklik fan Frânske ymport. It toerisme is ien fan de wichtichste ekonomyske sektoaren. De measte toeristen komme fan de Frânske fêstewâl, folge troch Switserske toeristen; hieltyd mear toeristen besykje de arsjipel mei in cruiseship.

Tradisjonele lânbouprodukten lykas sûkerreid wurde stadichoan troch oare produkten ferfongen, lykas bananen (dy’t sa likernôch 50% fan de jierlikse eksport beslaan), auberzjines en blommen. Oare griente en knolgewaaks wurde foar de pleatslike merk ferboud. Dochs is Gûadelûp ek ôfhinklik fan ymportearre fiedingsmiddels, benammen út Frankryk. De lichte yndustry wurdt skaaimerkt troch sûker- en rumfabrikaazje. It measte fabryksmjittich makke guod wurdt ymportearre, lykas brânstof. It wurkleazenssifer is bysûnder heech, benammen ûnder de jonge Gûadelûpers. Orkanen dy’t sa no en dan oer it eilân komme, bringe de ekonomy in soad skea ta.

Algemiene gegevens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • ynlânsk produkt: 12000 euro netto per haad fan de befolking
  • arbeiders: omtrint. 130.000
  • wurkleazenssifer: 16%
  • yndustrytûken: bouwnijverheid, semint-, rum- en sûkerfabrikaazje, toerisme
  • lânbouprodukten: bananen, sûkerreid, tropyske fruchten en griente, kij, bargen, geiten
  • eksport: bananen, sûker, rum
  • eksportlannen: Frankryk 80%, Martinyk 18%, Feriene Steaten 4%
  • ymport: fiedingsmiddels, brânstof, auto's en oar ferbrûksguod, grûnstoffen foar bouniverheid
  • ymportlannen: Frankryk 63%, Dútslân 4%, Feriene Steaten 3%, Japan 2%, Nederlânske Antillen 2%

De keuken fan Gûadelûp hat Afrikaanske, yndiaanske en Europeeske ynfloeden mar is foar it grutste part kreoalsk. Der binne tal fan skerpe gerjochten en der wurdt in soad fruit yn de keuken brûkt. Dat komt ûnder oaren omdat dy yn oerfloed op it eilân oanwêzich binne. Yn Gûadelûp is der sels in kear per jier it feest fan de koks. By dat feest makket elke kok syn bêste resept en dat wurdt oan ’e ein fan de dei presintearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: Gûadelûp – foto, fideo en harktriemmen
Departeminten fan Frankryk Flagge fan Frankryk

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

· · Berjocht bewurkje
 
             Frankryk
Flagge fan Frankryk
regio's yn Jeropeesk Frankryk
Auvernje-Rône-Alpen | Boergonje-Franche-Comté | Bretanje | it Grutte Easten | Île-de-France | Korsika | Lân fan de Loire | Nij-Akwitaanje | Normandje | Oksitaanje | Opper-Frankryk | Provâns-Alpen-Côte d'Azur | Sintrum-Loiredelling
oerseeske regio's
Frânsk-Guyana | Gûadelûp | Majot | Martinyk | Reünion
histoaryske regio's
Akwitaanje | Auvernje | Boergonje | Bretanje | Elzas | Franche-Comté | Languedoc-Roussillon | Limousin | Loataringen | Midy-Pyreneeën | Neder-Normandje | Noarden-Nau fan Calais | Opper-Normandje | Pikardje | Poitou-Charentes | Rône-Alpen | Sjampanje-Ardinnen
· · Berjocht bewurkje
Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje