Springe nei ynhâld

Kroaasje

Ut Wikipedy
Republika Hrvatska
Flagge fan Kroaasje Wapen fan Kroaasje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kroaasje
Offisjele taal Kroatysk
Haadstêd Zagreb
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
56.542 km²
0,01­%
Ynwenners (2001) 4.437.460
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 30 maaie
Lânkoade HRV
Ynternet .hr
Tillefoan 385

Kroaasje of Kroäsië, offisjeel Republyk Kroäsië, is in Súd-Jeropeesk lân op de Balkan. De haadstêd is Zagreb en de presidint fân de republyk is sûnt 2020 Zoran Milanović.

Kroaasje wurdt begrinzge troch:

Oankomst fan de Kroaten by de Adriatyske kust

Yn de 7e iuw waard it gebiet fan it tsjintwurdige Kroaasje kolonisearre troch de Kroäten, in Slavyskefolk ôfkomstich út de Oekraïne. Ynearsten foelen sy ûnder de hearskippij fan de Byzantinen en letter de Franken, mar yn 925 - ûnder lieding fan kening Tomislav - waard Kroaasje in sterk ûnôfhinklik lân. Harren selsstannigens einige yn 1102 mei de oermastering troch de Hongaren.

Nei iuwen fan Hongaarske oerhearsking krige it swiere klappen te ferstowen troch it Ottomaanske Ryk dat har macht útwreide oant it bercheftige gebiet fan it tsjintwurdige Bosnje en Herzegovina. Om-ende-by deselde tiid kaam Dalmaasje foar in grut part ûnder Feneesjaansk gesach te lizzen.

Yn 1527 kaam it gebiet ûnder it Habsburchse bewâld en hearde by it keizerryk Eastenryk-Hongarije. Nei de Earste Wrâldkriich hearde Kroaasje by de Joegoslavyske federaasje. De ûnôfhinklikheidsferklearring yn de njoggentiger jierren fan de foarrige iuw late ta in boargerkriich dy't ein 1995 einige. Kroaasje waard yn 2010 lid fan de Jeropeeske Uny.

Kroaasje leit yn Sintraal-, Súd- en East-Jeropa en hat troch har wat nuvere foarm, dy't wol wat wei hat fan in heale moanne in protte buorlannen en lange ryksgrinzen. It fêstelân is yn twa net yn inoar trochrinnende stikken ferdield troch in lytse kuststripe fan Bosnje en Herzegovina tichtby Neum. Hjirtroch foarmet it twadde diel in lytse enklave tusken Bosnje en Herzegovina en Montenegro.

It lânskip is tige ôfwikseljend. Yn it kontinintale noarden en noardeasten, dat diel útmakket fan de Pannonyske flakte), lizze greiden, marren en heuvels. It berchgebiet by Lika en Gorski Kotar yn it noarden is ûnderdiel fan Dinaryske Alpen en ticht beboske. De kuststripe bylâns de Adriatyske see, Istrje, de noardlike seekust en Dalmaasje) is rotseftich.

De natuer is goed fertsjintwurdige en der lizze inkele skitterende nasjonale parken yn Kroaasje.

Bekende gebieten en stêden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In bekend gebiet yn Kroaasje is Istrje. Bekende stêden yn dat gebiet:

Oare grutte stêden binne:

Tichtby de stêd Rijeka leit it eilân Krk, ien fan de tsientallen bewenne eilannen lâns de kust. It eilân beskikt oer in noflik klimaat en is as fakânsjeoarde tige yn trek.

Kroaasje wurdt benammen bewenne troch Kroaten (89,6%). Minderheden binne de Servjers (yn dizze tiid 4,5%; yn 1991 noch 12,5%), Bosniakken (0,5%), Hongaren (0,4%), Italjanen (0,8%) en noch inkele oare. It grutste part fan de befolking is Kristen dêr't de Katoliken mei 87,8% de grutste tsjerke fan foarmet. 4,4 % heart by de Easterske Ortodoksenen en 1,3 % is Moslim.

De offisjele en meast brûkte taal is it Kroatysk, in Súd-Slavyske taal dy't it Latynske alfabet brûkt. Minder as 5% fan de befolking sprekt bûten it Kroatysk noch in oare taal.

BYP per persoan is $15.500 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 7,2% lânbou, 31,7% yndustry en 61,2% tsjinsten.

Jeropeeske Uny
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykReünionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
· · Berjocht bewurkje