Springe nei ynhâld

Frânsk

Ut Wikipedy
Frânsk
algemien
oare namme(n) gjin
eigen namme français
lânseigen yn Frankryk, Kanada bynamme yn Quebek, Nij Brunswyk en foar in part yn Ontario; Belgje; Switserlân; Libanon; Lúksemboarch; Monako; Marokko; Algerije; Tuneezje; Ivoarkust; Kongo; Niger; Senegal; Haïty; Laos; Kambodja; Fietnam.
tal sprekkers 270.000.000, dêrfan sa'n 80 miljoen memmetaalsprekers
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Italo Keltysk -Italysk - Latynsk Faliskysk - Latynsk - Romaansk - Frânsk
dialekten Berrisjoansk, Boerboneesk, Orléaneesk, Toerangaarsk, Kebekaansk
taalstatus
offisjele status yn tritich lannen in offisjele taal
taalkoades
ISO 639-1 fr
ISO 639-2 fre (B) en fra (T)
ISO 639-3 fra

It Frânsk (français) is tredde op 'e list fan oantal sprekkers op 'e Romaanske taallist, nei it Spaansk en Portegeesk, wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar sa'n 80 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it Latyn, mar der binne ek in soad Aldgrykske lienwurden yn 'e taal. Histoarysk sjoen hat it Frânsk trije foarmen hân: it Aldfrânsk, it Midfrânsk en it Nijfrânsk.

It Frânsk is yn 30 lannen op ierde in offisjele taal.

Taalkaart Frânsk yn Europa.

Frânsk yn Europa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fierwei de measte memmetaalsprekkers fan it Frânsk wenje yn Frankryk. Yn grutte dielen fan Belgje, Lúksemboarch, Switserlân en yn it uterste noardwesten fan Itaalje wurdt de taal troch memmetaalsprekkers sprutsen. De stedsteat Monako is folslein Frânsktalich.

Neffens in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de Europeeske Kommisje, wurdt it Frânsk troch 12% fan de ynwenners fan de Europeeske Uny as memmetaal praat (2012). It Frânsk is dêrmei nei it Dútsk (16%), Ingelsk (13%) en Italjaansk (13%) de fjirdgrutste Europeeske taal.[1]

Mei it Ingelsk en Dútsk is Frânsk ien fan de wichtichste amts- en wurktalen fan de Europeeske Uny. Dat leit ûnder oaren oan de posysje fan Frankryk as oprjochtingslid en oan de sprieding fan de ynstituten fan de Europeeske Uny yn Frânsktalige stêden lykas Brussel, Straasboarch en Lúksemboarch. Lykwols is it Ingelsk as wurktaal fanselssprekkender wurden as wurktaal. Dêrtroch wurde der hieltyd minder dokuminten direkt yn it Frânsk fêstlein.[2]

Frânsk bûten Europa

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten Europa wenje yn de Kanadeeske provinsje Kebek in soad memmetaalsprekkers. Sa'n 6 miljoen minsken, sa'n 80% fan de ynwenners, hawwe it Frânsk as memmetaal. Yn de provinsjes Ontario, Alberta, Manitoba, Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân wenje noch mear Frânsketalige minderheden. Dêrtroch hat sa'n dik 20% fan de Kanadeeske befolking it Frânsk as memmetaal. Yn de Feriene Steaten wenje Frânsktalige minderheden yn Louisiana en Maine, mei-inoar inkelde tsientûzenen memmetaalsprekkers.

It Frânsk yn 'e wrâld

██ Memmetaal

██ Bestjoerlike taal

██ Ferkearstaal

██ Minderheden

Yn Afrika hat it Frânsk noch hieltyd in belangrike status as ferkears- en hannelstaal. Yn in protte Afrikaanske lannen is it Frânsk de offisjele amtstaal en spilet in belangrike rol yn bygelyks bestjoer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sa hat de Demokratyske Republyk Kongo wol mear as 200 talen, 4 ynterregionale talen en it Frânsk as neutrale amtstaal dy't ek yn it ûnderwiis brûkt wurdt. Yn fierwei de measte Frânstalige lannen yn Afrika is it Frânsk dus de twadde of tredde taal. Der binne stêden lykas Abidjan (Ivoarkust) en Libreville (Gabon) dêr't it Frânsk troch in mearderheid fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt.

Yn de ferskillende oerseeske gebieten dy't Frankryk hjoed de dei hat, is it Frânsk de iennichste amtstaal.

Ynternasjonale amts- en wurktaal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frânsk is in amts- of wurktaal by ferskate ynternasjonale organisaasjes (bgl. de Europeeske Uny, Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Wrâld Hannel Organisaasje, Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje, FIFA, Afrikaanske Uny, ESA, Ynterpol ensfh.) en it is ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes en syn organisaasjes.

Galje yn de tiid fan Julius Caesar (58 f. Kr.)

Yn Galje wienen trije folken mei elk in eigen taal: De Kelten yn it midden (troch de Romeinen Galjers neamd), de Aquitani yn it súdwesten en de Belgjers yn it noarden. De Romanisearring fûn yn twa fasen plak. Mei it ûntstean fan de Romeinske provinsje Gallia Narbonensis waard it Latyn yn Súd-Frankryk yntroduseard. Fan 58 f. Kr. ôf ferovere Julius Caesar it noarden fan Galje yn de Gallyske Kriech. Nei de ferovering folge de fersprieding fan it Latyn nei it noarden.

De âldst oerlevere Frânske skriften komme út de 9e iuw. It âldste dokumint yn it Frânsk is it Unthjit fan Straasboarch, dy't nei alle wierskyn ek troch it gewoane folk begrepen wurde moast. Fan de 12e iuw ôf is der sprake fan in literêre kultuer. De measte Frânske teksten fan foar de 14e iuw binne skreaun yn de súdlike dialekten, it Oksitaansk as ek de Langue d'Oc. Yn it Edikt fan Villers-Cotterêts, dat yn 1539 opsteld is, waard it Frânsk as ferplichte bestjoerstaal ynsteld. Dat wurke yn it foardiel fan de Langue d'Oïl, de noardlike fariant fan it Frânsk, want it noardlike Parys wie doe al sa'n tûzen jier it nasjonale en sintrale bestjoerssintrum. Yn dy tiid waard, krekt as by oare Europeeske nasjonale talen, in begjin makke mei it standardisearjen fan de grammatika en it gearstallen fan wurdboeken.

Yn 1635 waard de Académie française oprjochte. Dêrmei krige de steat Frankryk it foech oer it standardisearjen fan de Frânske taal. De 'Gouden Iuw' fan it Frânsk wie de 17e iuw, benammen troch literêre wurken fan Corneille, Racine en Molière. Yn de 18e iuw makke it Latyn yn wittenskiplike publikaasjes hieltyd mear romte foar it Frânsk, wat geunstich wurke op de helderheid en krektens fan de taal.

De moderne Frânske stavering ûntstie, krekt as de Ingelske, gruttendiels oan 'e ein fan de midsiuwen. Sûnt is de útspraak bot feroare, dat de skriuwwize komt faak net mear oerien mei de sprektaal. Hja ferdútst wol de talige sitewaasje fan de midsiuwen. Doe waarden alle einletters ek noch útsprutsen (filles waard útsprutsen sa't it skreaun waard), de ai en de oi noch wienen noch wide twilûden en de ou klonk mear as oow.

De histoaryske ûntwikkelingsfasen fan de Frânske taal wurde oanjûn mei trije tiidrekken:

  • Aldfrânsk (sa likernôch oant de 13e iuw);
  • Midfrânsk (oant de 16e iuw)
  • Nijfrânsk.

Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske:

Tous les êtres humains naissent libres et égaux en dignité et en droits.

Ils sont doués de raison et de conscience et doivent agir les uns envers les autres dans un esprit de fraternité.

„Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.“

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: French language – foto, fideo en harktriemmen


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Frânske ferzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Europeeske Kommisje (Special Eurobarometer 386): Europeans and their Languages (sjoen op 29 augustus 2016)
  2. France Diplomatie: The French language in European institutions (sjoen op 29 augustus 2016)