Maine

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Steat Maine
State of Maine (Ingelsk)
État de Maine (Frânsk)
flagge wapen
Flag of Maine.svg Seal of Maine.svg
Dirigo
(Latyn, "Ik wiis it paad")
lokaasje yn de Feriene Steaten
Maine in United States.svg
algemien
ôfkoarting ME
status (jier) steat (1820)
haadstêd Augusta
grutste stêd Portland
offisjele taal Ingelsk en Frânsk (de facto)
ynwennertal 1.330.089 (2014)
befolkingstichtens 14,5 / km²
oerflak 91.646 km² (13,5% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Pine Tree State
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –3
webside www.maine.gov
1rightarrow.png Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Maine. Foar oare betsjuttings, sjoch: Maine (betsjuttingsside).

Maine (útspr.: [me:n], likernôch "meen"), offisjeel de Steat Maine (Ingelsk: State of Maine; Frânsk: État de Maine), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Maine, byneamd de Pine Tree State ("Dinnebeamsteat"), leit yn it uterste noardeasten fan it lân, oan 'e kust fan 'e Atlantyske Oseaan, en heart ta de regio Nij-Ingelân. De haadstêd is Augusta, mar de grutste stêd is Portland. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe goed 1,3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 41e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Maine mei krapoan 92.000 km² de 39e steat. Maine stiet bekend om syn rotseftige kustline, syn tichtbeboske binnenlân en syn kwisine op basis fan 'e fiskerij, mei yn 't bysûnder kreeft en moksels.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der bestiet gjin slutende ferklearring foar de oarsprong fan 'e namme 'Maine'. Yn 2001 naam it Steatsparlemint fan Maine in resolúsje oan dy't Franco-American Day skoep, in feestdei ta oantins oan 'e Amerikanen fan Frânsk etnysk komôf. Yn dy resolúsje waard steld dat de steat ferneamd is nei de histoaryske Frânske provinsje Maine. Oare teoryen hâlde lykwols út dat Maine ferneamd is nei oare plakken mei deselde namme, of wolle hawwe dat it in ferwizing út 'e seefeart is nei it fêstelân (fan Noard-Amearika), yn it Ingelsk mainland.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maine hat in oerflak fan 91.646 km², wêrfan't 13,5% út wetter bestiet. It leit yn it uterste noardeasten fan 'e legere 48 Feriene Steaten, en makket diel út fan 'e regio Nij-Ingelân, wêrfan't it sawol de grutste as de noardlikste steat is. Maine leit yn 'e Eastlike Tiidsône (UTC –5, simmertiid –4). De steat grinzget yn it westen oan 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire, yn it noardwesten en noarden oan 'e Kanadeeske provinsje Kebek, yn it noardeasten en easten oan 'e Kanadeeske provinsje Nij-Breunswyk, en yn it súdeasten en suden oan 'e Golf fan Maine, in diel fan 'e Atlantyske Oseaan. Maine is de iennichste Amerikaanske steat dy't mar oan ien oare Amerikaanske steat grinzget. It is ek de eastlikste fan alle Amerikaanske steaten, en it eastlikste punt fan Maine is West Quoddy Head.

De Moosehead-mar, yn Maine, is de grutste mar dy't hielendal yn Nij-Ingelân leit, mei't de gruttere Champlain-mar op 'e grinzen fan Fermont, Kebek en New York leit. It heechste punt fan Maine is de Mount Katahdin, yn 'e Appalachen, op 1606,4 m boppe seenivo. Dy berch is sawol it noardlike einpunt fan it Appalachysk Paad, dat alhiel oan Springer Mountain yn Georgia ta rint, as it súdlike einpunt fan it Ynternasjonaal Appalachysk Paad, dat him útstrekt oant Belle Isle, yn 'e Kanadeeske provinsje Nijfûnlân en Labrador. It leechste punt fan Maine is de Atlantyske kust, dy't uteraard op seenivo leit.

Maine hat in kustline dy't, mei al syn baaien en ynhammen 400 km lang is. Foar de kust lizze withoefolle eilantsjes en noch mear keale rotsen dy't der by heech wetter ûnder strûpe. Somes Sound, in djip it lân ynsnijende ynham dy't it resultaat is fan 'e wurking fan in gletsjer ûnder de lêste iistiid, wurdt beskôge as de iennichste fjord fan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten. It binnenlân fan Maine is fierhinne begroeid mei leafwâld en mingd wâld, en wurdt dominearre troch de Appalachen, it heechste berchtme fan Noard-Amearika beëasten de Rocky Mountains. It Nasjonaal Park Acadia, yn 'e Appalachen, is it iennichste nasjonaal park fan Nij-Ingelân. De grutste rivieren fan Maine binne de Kennebec en de Penobscot.

Der binne yn Maine 5 Yndianereservaten:

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike bewenners fan wat no Maine is, wiene Algonkwynske Yndianen fan ferskate etnyske groepen, wêrûnder de Abenaky (Abenaki), de Passamakwoddy (Passamaquoddy), de Malisiit (Maliseet), de Penobskot (Penobscot) en de Mikmak (Micmac). It ierste kontakt mei Jeropeänen moat omtrint 1200 plakfûn hawwe, doe't Noarske Wytsingen de kust fan it hjoeddeistige Hancock County berikten en dêr nei alle gedachten hannel dreaune mei de pleatslike Penobskot. Twa iuwen earder hiene de Wytsingen Noard-Amearika ûntdutsen troch út harren koloanjes yn Iislân en Grienlân wei yn westlike rjochting te silen. Hoewol't harren besykjen om it eilân Nijfûnlân te kolonisearjen mislearre, is bewiisd dat se fanút Grienlân yn 'e folgjende iuwen ferskate kearen nei Noard-Amearika weromkearden om timmerhout te besetten. Oangeande Maine is it meast relevante bewiisstik yn dit ferbân de saneamde Peinje fan Maine, in Noarsk muntstik datearjend út it regear fan kening Olaf III (1067-1093), dat yn 1957 by in argeologyske opgraving yn 'e steat ûntdutsen waard.

Oan 'e kust fan Maine.

De earste kolonisaasje troch Jeropeänen fan it grûngebiet fan Maine fûn plak yn 1604, op it eilân Saint Croix, troch Pierre Dugua, hear fan Mons, wêrby't ek de ferneamde Frânske ûntdekkingsreizger Samuel de Champlain belutsen wie. De Frânsen neamden it gebiet dat Nij-Breunswyk, Nij-Skotlân en Maine omfieme Akadia. De earste Ingelske delsetting yn Maine waard yn 1607 te Popham fêstige. Dy kolonisaasje wie lykwols ûnsúksesfol, en de kolonisten kearden nei fjirtjin moannen al wer werom nei Ingelân.

Letter fêstigen de Frânsen twa jezuïtyske missyposten yn Maine: ien oan 'e Penobscotbaai, yn 1609, en ien op it eilân Mount Desert, yn 1613. Yn dat lêste jier waard ek Castine stifte, troch Claude de Saint-Étienne de la Tour, en yn 1625 boude Charles de Saint-Étienne de la Tour it Fort Pentagouet, om dy delsetting te beskermjen. Underwilens waard súdlik Maine yn 1622 formeel troch de Ingelsen yn besit nommen as de Koloanje Maine. De súdeastlike kust, benoarden de mûning fan 'e rivier de Kennebec, foarme yn 'e santjinde iuw it saneamde Territoarium Sagadahok. Yn 1623 besocht de Ingelske seefarder Christopher Levett foar de twadde kear om in Ingelske koloanje op 'e kust fan Maine te fêstigjen, troch de delsetting York te stiftsjen, dy't lykwols ek al koarte tiid letter wer ferlitten waard. Pas yn 1630 fûn te Berwick de earste permaninte Ingelsk kolonisaasje fan Maine plak. Yn 1652 waard Maine in diel fan 'e Massachusettsbaaikoloanje, hoewol't it dêr net oan grinzge (mei't de kustline fan 'e Koloanje Nij-Hampshire dertuskenyn lei).

Yn 'e santjinde en achttjinde iuw waard der in soad om Maine fochten troch de Frânsen en Ingelsen en harren respektivelike Yndiaanske bûnsgenoaten, wêrby't oer en wer oerfallen en ynfallen útfierd waarden en lju finzen nommen waarden om se tsjin in lospriis wer frij te litten. Under de Oarloch fan Kening Willem waard in diel fan 'e Abenaky, de sterkste Yndiaanske stamme fan it gebiet, út it binnenlân ferdreaun, en de restearjende Abenaky litten slimme nederlagen yn Dummers Oarloch, troch de ferovering fan Norridgewock yn 1724 en de ferdylging fan 'e Pekwâket-Abenaky yn 1725. Uteinlik loeken alle Abenaky har út Maine werom en fêstigen har yn Nij-Frankryk (it lettere Kebek, ûnder de beskerming fan harren Frânske bûnsgenoaten.

Nei't de Frânsen yn 1755 yn 'e Frânske en Yndiaanske Oarloch troch de Britten yn Akadia ferslein wiene, kaam it diel fan Maine beëasten de rivier de Penobscot yn 'e mande mei it lettere Nij-Breunswyk yn namme ûnder de koloanje Nij-Skotlân te fallen. Under de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1774-1783) en de Oarloch fan 1812 (1811-1815) fochten de Britten en de Amerikanen om Maine, en yn beide konflikten waard eastlik Maine troch de Britten beset. Trochdat it Ferdrach fan Parys, dat in ein makke oan 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch, sa dizenich wie oer it ferrin fan 'e grins tusken it Amerikaanske Maine en it Britske Kebek en Nij-Breunswyk, ûntstie der in grinsskeel dat oant fier yn 'e njoggentjinde iuw oanhâlde soe.

De skyline fan Bangor.

Underwilens wie Maine nei de Unôfhinklikheidsoarloch in ûnderdiel wurden fan 'e Amerikaanske steat Massachusetts. Dêr wie de befolking fan Maine alhiel net bliid mei, want troch de ôfhandichheid fan it gebiet binnen Massachusetts kaam it op alderlei mêden oan it krapperein, wylst rike lju út Massachusetts yn Maine sûnder swierrichheden it bêste lân opkeapje koene om dermei te spekulearjen. Yn 1807 fûn der yn it Steatskongres fan Massachusetts in earste stimming plak oer it rjocht fan Maine om him fan Massachusetts ôf te skieden; dat foarstel waard lykwols fuortstimd. Doe't ûnder de Oarloch fan 1812 pro-Britske keaplju út Masschusetts wegeren om Maine te ferdigenjen tsjin Britske ynfallen út Nij-Breunswyk wei, woe men yn Maine lykwols neat mear witte fan it fuortsetten fan 'e uny mei Massachusetts.

Uteinlik stimde Massachusetts der yn 1819 mei yn om ôfstân te dwaan fan Maine, op it betingst dat de mearderheid fan 'e befolking fan Maine dêr yn in referindum syn goedkarring oan jaan soe. Dy folksriedplachting fûn yn 1820 plak, en dêrby joech in romme mearderheid fan 'e befolking fan Maine oan dat it gebiet selsstannich wurde moast. Yn it Amerikaanske Kongres moast noch wol hantsjebakt wurde mei it Amerikaanske Suden, wat late ta it saneamde Kompromis fan 1820, wêrby't ôfpraat waard dat Maine (as frije steat) en Missoery (as slavesteat) opnommen wurde soene yn 'e Amerikaanske Uny, sadat it lykwicht tusken de beide lânsdielen beholden bliuwe soe. Sadwaande waard Maine op 15 maart 1820 de 23e steat fan 'e Feriene Steaten.

It omstriden gebiet yn Maine, Kebek en Nij-Breunswyk mei yn 'e midden dêrfan de grins (griene line) sa't dy fêststeld waard by it Webster-Ashburton-Ferdrach fan 1842.

De oarspronklike haadstêd fan 'e steat Maine wie Portland, mar de sit fan it regear waard yn 1832 ferhuze nei Augusta, fanwegen de sintralere lizzing fan dat plak. Lykwols is Portland noch altyd de sit fan it Heechgerjochtshôf fan Maine. Om 1840 hinne kamen de Feriene Steaten en Grut-Brittanje wer yn konflikt oer de grins tusken Maine en de Britske koloanjes yn wat letter Kanada wurde soe. Hoewol't der net fochten waard, kaam dat konflikt bekend te stean as de Aroostook-Oarloch. Lang om let waard doe yn 1842 it ferrin fan 'e grins dúdlik fêststeld yn it Webster-Ashburton-Ferdrach, mei as gefolch dat it noardlike Aroostook County by Maine kaam te hearren. Foartiid hie de hegere Saint John-delling diel útmakke fan 'e saneamde Republyk Madawaska.

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) focht Maine oan 'e kant fan it Noarden tsjin 'e Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika. Yn dat konflikt fûn op 26 juny 1863 te Portland de Slach om de Haven fan Portland plak, it noardlikste militêre treffen fan 'e hiele oarloch, doe't in Konfederearre ôfdieling ûnder lieding fan kaptein Charles Read it stedsje binnenfoel en besit besocht te nimmen fan 'e haven. Datselde jiers makke it 20e Frijwillige Ynfanteryregimint fan Maine namme doe't it ûnder lieding fan kolonel Joshua Chamberlain in krúsjale rol spile by it weromslaan fan 'e Konfederearre troepen yn 'e beruchte Slach by Gettysburg, yn Pennsylvania. Chamberlain soe letter fjouwer terminen lang as gûverneur fan Maine tsjinje.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maine bestiet bestjoerlik út 16 countys. De steatshaadstêd, Augusta, leit yn Kennebec County, dat yn it sintrale suden fan 'e steat leit. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Maine bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Parlemint fan Maine, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 35 leden en it Steatshûs fan Offurdigen mei 151 leden. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Maine, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Maine ek 2 sitten.

It Steatskapitoal fan Maine.

It politike lânskip fan Maine wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Nettsjinsteande dat wurdt der yn Maine, mear as yn 'e measte oare Amerikaanske steaten, op ûnôfhinklike kandidaten stimd. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch hat Maine sels twa ûnôfhinklike gûverneurs hân, ntl. James B. Longley (1975-1979) en Angus King (1995-2003). By Amerikaanske presidintsferkiezings stimt Maine yn 'e regel yn mearderheid op 'e Demokratyske kandidaat.

Sawol de Demokraten as de Republikeinen út Maine hawwe oer it algemien progressivere politike tinkbylden as dat gongber is yn 'e nasjonale partijen dêr't se ta hearre. Yn Maine is de ferkeap fan alkohol in steatsmonopoalje. Op 6 maaie 2009 waard Maine de fyfde Amerikaanske steat dêr't it homohoulik ynfierd waard. Dy beslissing waard lykwols op 3 novimber fan dat jier weromdraaid doe't it troch tsjinstanners foar de rjochter oanfochten waard. Op 6 novimber 2012 waard Maine de earste Amerikaanske steat dêr't mearderheid fan 'e befolking him by in referindum útspriek foar de ynfiering fan it homohoulik, mei as gefolch dat homo's fan dy datum ôf yn Maine wer trouwe koene.

De skipswerven fan Bath.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2010 berûn it bruto steatsprodukt fan Maine $52 miljard, en yn 2007 bedroech it BSP per lid fan 'e befolking $33.991, wêrmei't de steat it 34e plak ynnaam yn in ranglist fan Amerikaanske steaten. Maine is noch altyd in fierhinne agraryske steat. De wichtichste lânbouprodukten binne plomfee, aaien, suvelprodukten, kij, beien, apels, eskdoarnsjerp en eskdoarnsûker. It noardlik Aroostook County stiet fierders bekend om syn jirpels. Oan 'e kust fan Maine is de fiskerij tige wichtich, wêrby't behalven op seefisk ek fral op kreeft en moksels fiske wurdt.

Fierders wurdt der yn Maine in soad oan boskbou dien, en bestiet der in navenant grutte hout- en papieryndustry. Oarsoartige yndustryen produsearje elektroanika, lear, itenswaren, tekstyl en biotechnologyske produkten. Ek de skipsbou, dat oan 'e kust fan Maine in tradisjonele foarm fan wurkgelegenheid is dy't tebek giet oant yn 'e iere achttjinde iuw, is noch in sektor fan belang, benammen yn Bath en Portsmouth. It toerisme hat in grut en groeiend oanpart yn ekonomy fan Maine. Fakânsjegongers komme benammen nei de steat om te angelfiskjen en te jeien (op harten, elanden en bearen), en fierders om te kampearjen, kuierjen, snieskûterjen, skyen en foar oare bûtendoaraktiviteiten.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Maine yn 2014 1.330.089 ynwenners, wat in groei fan 0,13% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens bedroech yn 2014 14,5 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is Portland, mei 66.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere stêden binne: Lewiston (37.000), Bangor (33.000), South Portland (25.000), Auburn (23.000), Biddeford (21.000), Sanford (21.000), Brunswick (20.000) en de steatshaadstêd Augusta (19.000). Maine is de tinst befolke Amerikaanske steat beëasten de Mississippy. Wat noardliker oft men komt, wat tinner befolke oft Maine is: yn it ûnorganisearre territoarium Noardwest-Aroostook, in gebiet fan 6.910 km², wenje bgl. mar 10 minsken, wat in befolkingstichtens opsmyt fan 1 persoan op 690 km².

Etnisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Maine doe sa: 94,4% blanken; 1,3% Latino's; 1,1% swarten; 1,0% Aziaten; 0,6% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Utsjoch op it sintrum fan Portland, de grutste stêd fan Maine.

Blanke ynwenners fan Maine binne fierhinne fan Noardwestjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen (neffens sifers út 2011) de Frânsen en Frânsk-Kanadezen (23,9% fan 'e totale steatsbefolking), Ingelsen (21,6%), Ieren (17,8%), Angelsaksyske Amerikanen (9,4%), Dútsers (8,5%), Italjanen (5,8%), Skotten (5,5%), Poalen (2,1%), Sweden (1,8%) en Ulstersen oftewol protestantske Noardieren (1,7%). De lju dy't harsels omskriuwe as 'Angelsaksyske Amerikanen' binne foar de oergrutte mearderheid fan Ingelsk komôf, mar harren foarâlden hawwe faak al sa lang yn Maine (of alteast yn Noard-Amearika) wenne, dat se gjin inkele bining mei Ingelân of de Ingelsen mear fiele.

Maine hat fan alle Amerikaanske steaten it heechste persintaazje blanken op 'e steatsbefolking (salang't blanke Latino's net meirekkene wurde). De steat hat ek it heechste persintaazje fan Frânsk-Amerikanen fan alle Amerikaanske steaten. Mear as in fearn fan 'e befolking fan plakken as Lewiston, Waterville en Biddeford bestiet út Frânsk-Amerikanen. De Ieren, Italjanen en Poalen yn 'e steat binne foar it meastepart ôfstammelingen fan ymmigranten dy't har oan 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste iuw yn Maine nei wenjen setten.

Maine omfiemet 4 federaal erkende Yndianestammen.

Dizze stammen hawwe allegear harren har eigen reservaat, en de Passamakwoddy Stamme hat sels twa reservaten. Der binne yn Maine gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

Utsjoch oer de Atlantyske Oseaan út it Steatspark Camden Hills wei.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maine hat gjin offisjele taal dy't as sadanich by wet fêstlein. Yn 'e praktyk ferfollet it Ingelsk dy funksje, mar ûnder de steatswetjouwing genietsje it Ingelsk en it Frânsk deselde beskerming. Sadwaande wurdt wol beweard dat Maine in twatalige steat is, hoewol't de iennichste offisjeel twatalige Amerikaanske steat eins Hawaï is. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie it Ingelsk doe foar 92,3% fan 'e befolking fan Maine de memmetaal, folge troch it Frânsk mei 5,3%. Dat is it heechste persintaazje Frânsktalige ynwenners fan alle Amerikaanske steaten, Louisiana (4,7%) ynbegrepen.

De measte Frânsktaligen stamje ôf fan lju dy't har foarôfgeande oan 'e grinsfêststelling fan 1842 fanút Nij-Breunswyk yn noardlik Maine fêstigen, of fan Kebekanen dy't tusken 1840 en 1930 nei de Feriene Steaten emigrearren. Fral yn 'e Saint John-delling yn Aroostook County, yn noardlik Maine, binne in protte Frânsktaligen konsintrearre.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2010 39% fan 'e befolking fan Maine út kristenen, wêrûnder 28% roomsen en 11% protestanten. Dêrmei wie Maine it minst religieus fan alle Amerikaanske steaten. De grutste protestantske denominaasjes wiene yn 2010 de Feriene Metodistyske Tsjerke mei 28.000 leden en de Feriene Tsjerke fan Kristus mei 23.000 leden. Ateïsten en agnosten foarmen 59,3% fan 'e befolking. De oanhingers fan alle oare godstsjinsten as it kristendom makke mei-inoar 1,7% fan 'e befolking út. De grutsten dêrfan wiene it hindoeïsme, de islaam, it boedisme en it bahaïsme.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maine hat in fochtich lânklimaat, mei ridlik waarme, fochtige simmers en kâlde en snieïge winters. Yn it kustgebiet wurde de temperatuerferskillen wat moderearre troch de ynfloed fan 'e Atlantyske Oseaan, sadat de simmers dêr wat koeler binne en de winters wat mylder. Yn it meastepart fan 'e steat leit de deitemperatuer by 't simmer lykwols om 'e 24 oant 27 °C, wylst it kwik by 't winter oan 'e kust om it friespunt sweeft en yn it noarden fan 'e steat maklik sakje kin oant –18 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 10 july 1911 yn North Bridgton, en –46 °C op 16 jannewaris 2009 oan 'e Grutte Swarte Rivier. Delslachhoemannichten binne frij lykmjittich oer de steat ferdield, en berinne 909 mm yn Presque Isle oant 1.441 mm yn it Nasjonaal Park Acadia.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia