Nevada

Ut Wikipedy
State of Nevada
Vlag van Nevada Zegel van Nevada
Ofkoarting NV
Haadstêd Carson City
Tiidsône -7 / -8
Algemien
Oerflakte 286.585
Befolking 2.234.771
Oare ynformaasje
Tatreden 31 oktober 1864
Oantal countys 17
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Nevada. Foar oare betsjuttings, sjoch: Nevada (betsjuttingsside).

Nevada is in steat yn de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Carson City. De namme komt fan it Spaansk en betsjut "mei snie bedekt".

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de komst fan de Jeropeanen waard Nevada befolke troch Yndianestammen. De Spanjerts namen it yn besit en nei de ûnôfhinklikheid fan Latynsk Amearika hearde it by Meksiko. Dat lân rekke it gebiet kwyt nei de ferlerne kriich fan 1848 tsjin de Feriene Steaten. Yn 1850 ûntstie it Utah-territoarium. Doe't hjir yn 1859 goud en sulver ûntdekt waard, kamen in protte blanken nei de regio. Op 2 maart 1861 skiede Nevada him ôf fan it Utah-territorium en naam it syn hjoeddeiske namme oan. Op 31 oktober 1864 waard Nevada de 36e steat fan de Feriene Steaten.

Geografy en klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steat Nevada is 286.585 km² grut en leit yn de Pasifik-tiidsône. It grinzet oan de steaten Oregon, Idaho, Kalifornje, Utah en Arizona

Nevada hat in protte berchtmen, mei de top fan Boundary Peak (4005 meter) as heechste punt, en woastinen. Fan alle Amerikaanske steaten hat Nevada de minste delslach.

De eastgrins fan Nevada folget foar in part de Koloradorivier, dy't troch Lake Mead streamt, dêr't him de grutte Hooverdaam befynt.

Las Vegas

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia