Utah

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Steat Utah
State of Utah
flagge wapen
Flag of Utah.svg Seal of Utah.svg
Industry
(Ingelsk, "Warberens")
lokaasje yn de Feriene Steaten
Utah in United States.svg
algemien
ôfkoarting UT
status (jier) steat (1896)
haadstêd Salt Lake City
grutste stêd Salt Lake City
offisjele taal Ingelsk
ynwennertal 2.949.902 (2014)
befolkingstichtens 13,2 / km²
oerflak 219.887 km² (wêrfan 3,3% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Beehive State
tiidsône UTC –7
simmertiid UTC –6
webside utah.gov
1rightarrow.png Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Utah. Foar oare betsjuttings, sjoch: Utah (betsjuttingsside).

Utah (útspr.: ['ju:tɔ:], likernôch "jûûtô"), offisjeel de Steat Utah (Ingelsk: State of Utah), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Utah, byneamd de Beehive State ("Bijekoersteat"), leit yn it westen fan it lân, foar in part yn 'e Rocky Mountains en foar in part yn 'e Grutte Dobbe. It wurdt wol ta de regio fan it Amerikaanske Súdwesten rekkene. De haadstêd is Salt Lake City, en dat is mei-iens ek de grutste stêd. Neffens in skatting út 2014 hie de steat doe rom 2,9 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 33e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Utah mei krapoan 220.000 km² de 13e steat. Utah stiet bekend om 'e Grutte Sâltmar, de Olympyske Winterspullen fan 2002, dy't yn Salt Lake City holden waarden, en om it feit dat it meastepart fan 'e befolking fan 'e steat út mormoanen bestiet.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ingelske namme Utah is ôflaat fan 'e namme fan 'e Jût (Ute), in Yndiaansk folk. Yn it Jût betsjut it letterlik: "Berchfolk". De namme fan Utah yn it Navaho is Áshįįh bi Tó Hahoodzo; yn it Arapaho hjit de steat Wo'tééneihí.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utah hat in oerflak fan 219.887 km², wêrfan't 3,3% út wetter bestiet. It leit yn 'e Berchtiidsône (UTC –7, simmertiid –6), en grinzget yn it westen oan 'e Amerikaanske steat Nevada, yn it suden oan Arizona, yn it easten oan Kolorado, yn it noardeasten oan Wyoming en yn it noarden oan Idaho. Yn it uterste súdeasten komme de eastlike en súdlike grinzen fan Utah gear yn it fjouwersteatepunt Four Corners mei de grinzen fan Arizona, Nij-Meksiko en Kolorado. It heechste punt yn 'e steat is King's Peak, yn it Uinta-berchtme, op 4.120 m boppe seenivo, en it leechste punt is Beaverdam Wash, yn it uterste sudwesten fan 'e steat, mei in hichte fan 610 m boppe seenivo.

Utah stiet bekend om syn natoerskientme en syn grut ferskaat oan lânskipsfoarmen, dy't útinoar rinne fan tesinzgjende woastinen mei sândunen oant florearjende dinnebosken yn 'e berchdellingen. De steat kin geografysk-geologysk opdield wurde yn trije parten: de sniebekape bergen fan 'e Rocky Mountains yn it easten, it Koloradoplato yn it suden, en de Grutte Dobbe yn it westen. It súdwestlike part fan Utah stiet wol bekend as 'Utah's Dixie' ('Dixieland' is in alternative beneaming foar it Amerikaanske Suden), om't iere kolonisten der katoen ferbouwe koene. Yn dy krite leit ek de noardlike útrinner fan 'e Mojavewoastyn.

Fan 'e Rocky Mountains út, wêrfan't de haadrige by de eastgrins fan Utah lâns rint, spriede har ferskate útrinners út dy't djipper yn 'e steat trochkringe. Sa rint it Wasatch-berchtme, dat opriist oant 3.700 m boppe seenivo, fan noard nei súd dwers troch de midden fan it noardlike trêdepart fan Utah. Yn dat gebiet lizze skyoarden dy't populêr binne fanwegen de lichte, dûnzige snie dy't dêr by winterstoarmen mei 30 oant 90 sm de nacht falt. It Uinta-berchtme, mei hichten dy't boppe de 4.000 m útkomme, behearsket de noardeasthoeke fan Utah, dêr't it fan east nei west trochhinne rint. Oan 'e westlike foet fan it Wasatch-berchtme leit it Wasatch-front, in rige dellings dêr't trijefearn fan 'e befolking fan Utah wennet, en dy't har útstrekke fan Brigham City yn it noarden oant Nephi yn it suden.

De Grutte Dobbe yn westlik Utah bestiet foar it meastepart út woastynlân, dat ûnderbrutsen wurdt troch lytse berchtmen. De iennichste útsûndering dêrop wurdt foarme troch de Bonneville-sâltflakte, dy't frijwol hielendal flak is en yn 'e prehistoarje de boaiem foarme fan 'e opdrûge Bonneville-mar. De Grutte Sâltmar, dy't de noardwesthoeke fan 'e steat dominearret, en teffens de Utah-mar, de Sevier-mar en de Rush-mar, binne allegear restanten fan dat ûnbidige binnenwetter. Bewesten de Grutte Sâltmar leit de tige drûge Grutte Sâltmarwoastyn, dy't oan 'e grins mei Nevada ta rikt. As in oäze dêrmiddenyn leit de Snake-delling, dy't relatyf wielderich is fanwegen boarnen en sompen dy't fet wurde troch grûnwetter, ôfkomstich fan teide snie út it Snake-berchtme en it Deep Creek-berchtme.

De Mojavewoastyn yn súdwestlik Utah.

It Koloradoplato fan súdlik Utah bestiet fierhinne út sânstien, dêr't de rivier de Kolorado en syn sydstreamen trochhinne meänderje. It wetter hat dêrby oer in tiidsspanne fan miljoenen jierren geweldige foarmen yn it sêfte stiente útsliten, lykas kleauwen, kliffen, fuorgen, bôgen, rotspjutsen en tafellannen. Grutte dielen fan dit majestueuze lânskip hawwe in beskerme status, wêrûnder de nasjonale parken Arches, Bryce Canyon, Canyonlands, Capitol Reef en Zion, de nasjonale monuminten Cedar Breaks, Grand Staircase-Escalante, Hovensweep en Natural Bridges en it Nasjonaal Rekreaasjegebiet Glen Canyon (mei de Powell-mar). Yn dyselde krite leit ek it prachtige Monument Valley, dat yn it ferline faak as eftergrûn foar westernfilms brûkt is.

Der binne yn Utah seis Yndianereservaten:
● it Gosjût Yndianereservaat (ek yn Nevada)
● it Navaho Yndianereservaat (ek yn Arizona en Nij-Meksiko)
● it Pajût Yndianereservaat
● it Skull Valley Yndianereservaat
● it Uintah en Ouray Yndianereservaat
● it Washakie Yndianereservaat

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prehistoarje en Spaansk en Meksikaansk bewâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minsklike bewenning fan wat no Utah is, giet mear as tsientûzen jier tebek. Milennialang waard it gebiet befolke troch de Anasazy en troch de Yndianen fan 'e Fremont-kultuer. Beide groepen hearden ta de Jûto-Azteken. De Anasazy loeken har letter yn Nij-Meksiko en Arizona werom, dêr't se de foarâlden waarden fan 'e moderne Pûeblo-Yndianen. It Fremont-folk ferdwûn omtrint de fyftjinde iuw út 'e regio. De Atapaskyske Navaho (Navajo) setten har om 1700 hinne nei wenjen yn Arizona, Nij-Meksiko en it uterste suden fan Utah. Hja libben dêr doe't de earste blanke kolonisten arrivearren, dy't fierders yn 'e bergen fan eastlik Utah de Jût (Ute) oantroffen en yn 'e Grutte Dobbe fan westlik Utah de Gosjût (Goshute), Pajût (Paiute) en Sjosjoanen (Shoshone).

Utsjoch oer it Nasjonaal Park Zion, yn súdlik Utah.

De earste Jeropeaan dy't Utah besocht, wie de Spaanske ûntdekkingsreizger Francisco Vásquez de Coronado, dy't yn 1540 oer it Kolumbiaplato reizge op 'e siik nei de mytyske Sân Goudene Stêden fan Cibola. Yn 1776 ferkende de Ekspedysje fan Dominguez en Escalante, oanfierd troch twa roomske preesters, it binnenlân fan Utah oan 'e Utah-mar ta, op 'e siik nei in gaadlike rûte nei de Kalifornyske kust. Hoewol't de Spanjerts it gebiet fierder ûndersochten en it by harren koloanje Nij-Spanje foegen, hiene se der gjin belang by om it te kolonisearjen, mei't it foar it meastepart woastyn en rotsgrûn wie, en se fierder nei it suden ta folle better lân ta har foldwaan hiene.

Yn 1821, doe't Nij-Spanje ûnôfhinklik waard ûnder de namme Meksiko, kaam Utah by dat lân te hearren. Tsjin dy tiid wiene de earste blanke jagers en pelskeaplju út Kanada en de Feriene Steaten wei al yn 'e krite trochkrongen. Nei ien fan harren, Étienne Provost, dy't it gebiet yn 1825 oandie, soe letter de stêd Provo ferneamd wurde, wylst de namme fan in oarenien, Peter Skene Ogden, ferivige is yn 'e plaknamme fan 'e stêd Ogden. Ein 1824 waard de ferneamde gids Jim Bridger de earste Ingelsktalige persoan (ynsafier bekend) dy't de Grutte Sâltmar besocht. Fanwegen de hege sâltheidsgraad fan it wetter tocht er earst dat er in baai fan 'e Stille Oseaan ûntdutsen hie, mar doe't er de kust fan 'e mar folge, ûntdiek er dat it om in reuseftige sâltmar gie. Neitiid fêstigen har hûnderten Amerikaanske en Kanadeeske jagers en pelskeaplju yn 'e neite fan 'e mar, dy't doedestiden bekend stie as Lake Youta.

De Bonneville-sâltflakte, yn noardwestlik Utah.

De mormoanen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1844, nei de dea fan Joseph Smith, waard de profeet Brigham Young as foarsitter fan it Kwoarum fan de Tolve de lieder fan 'e mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, dy't doedestiden yn Nauvoo, yn Illinois fêstige wie. De mormoanen, dy't mearwiverij bedreaune en in wol hast kommunistyske, koöperative libbenswize hiene dy't skril ôfstiek tsjin it ekstreme yndividualisme fan 'e oare Amerikanen, kamen dêr almar mear yn konflikt mei harren net-mormoanske buorlju. Dêrom sleat Young yn oktober 1845 in oerienkomst mei Thomas Ford, de gûverneur fan Illinois, dat hy en syn folgelingen yn 1846 de steat ferlitte soene.

Sadwaande setten de mormoanen doe ôf nei it Wylde Westen, dêr't se in nij Unthjitten Lân hopen te finen. Brigham Young en de earste groep mormoanske pioniers berikten op 24 july 1847 de Sâltmardelling. Hoewol't se dêr de earste jierren wrakselje moasten om te oerlibjen, wiene se sa bliid as wat mei dit woastynlân, dêr't se einlings en te'n lêsten har eigen religy beoefenje koene sûnder dat se dêrfoar ferfolge waarden. Troch harren kommunale wurkwize en heech ûntwikkele lânboumetoaden wisten de mormoanen der te oerlibjen en sels te florearjen. Oer in perioade fan 22 jier joegen har sa'n 70.000 oare mormoanen by dy earste groep. Hja stiften mear as hûndert delsettinkjes yn wat Young Deseret neamde, en regearre as in folslein ûnôfhinklike teokrasy. 'Deseret' wie neffens it Boek fan Mormon in oerâld wurd foar hunichbij; dêrfandinne ek de bynamme fan Utah as de Beehive State ("Bijekoersteat") en it biedwurd Industry ("Warberens").

De profeet Brigham Young, dy't de mormoanen nei Utah late.

De troch Young as residinsje foar de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen stifte stêd Salt Lake City waard it mulpunt dat nije gebiet. Behalven mei de lânbou fertsjinnen de iere mormoanen ek har brea mei de ferkeap fan alderlei guod oan kolonistekarafanen op trochreis nei Kalifornje. Boppedat sleaten se ferdraggen mei de Jût en de oare Yndianen yn Utah om't Young ornearre dat it op 'e lange termyn goedkeaper wêze soe om 'e Yndianen mei-ite te litten fan 'e rispingen fan 'e mormoanen, as om oarloch tsjin harren te fieren. Behalven yn Utah stiften de mormoanen ek plakken dy't bûten de (úteinlike) grinzen fan 'e steat komme soene te lizzen, lykas Las Vegas (Nevada), Franklin (Idaho), San Bernardino (Kalifornje) en Star Valley (Wyoming). Wichtige delsettings yn Utah wiene û.m. St. George, Logan en Manti, dêr't de mormoanen harren earste trije timpels yn Utah setten, mei de bou wêrfan't begûn waard nei dy fan 'e bekendere en gruttere timpel yn Salt Lake City, mar dy't allegearre al jierren klear en yn gebrûk wiene ear't de timpel fan Salt Lake City yn 1893 reekaam.

Nei't it gebiet yn 1848 by it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo, dat in ein makke oan 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, troch Meksiko oan 'e Feriene Steaten ôfstien wie, kaam it bekend te stean as it Territoarium Utah. Dat wie in stik lytser as Deseret, mar omfieme noch altyd it hjoeddeiske Utah en Nevada, mei dêropta dielen fan Wyoming en Kolorado. Dat territoarium kaam ta stân by it Kompromis fan 1850, en Fillmore, ferneamd nei de Amerikaanske presidint Millard Fillmore, waard de haadstêd. Al yn 1856, lykwols, waard de sit fan it regear ferpleatst nei Salt Lake City. Hoewol't de mormoanen harren Deseret as steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen hawwe woene, rêden se dat net op, mei't hast de hiele politike fêstige oarder yn Washington, D.C. tige anty-mormoansk wie.

De American Fork Canyon, yn eastlik Utah.

Dat waard noch helte minder doe't it Amerikaanske regear yn 1848, ûnder druk fan protestantske tsjerken, it besteansrjocht fan Deseret en de troch de mormoanen as ûnderdiel fan harren leauwe beliden polygamy ôfwiisde. Young-en-dy loeken har lykwols neat oan fan in regear yn it fiere Washington dat sy net erkenden, en de relaasjes giene mei feart en faasje berchôf. Oan 'e ein fan 'e 1850-er jierren, doe't de Amerikaanske presidint James Buchanan it Amerikaanske Leger op 'e mormoanen ôfstjoerde, liek it skeel op iepen oarloch ta te gean.

Lytse Boargeroarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't der gjin fjildslaggen plakfûnen, wiene der àl wapene konfrontaasjes yn 'e Rocky Mountains, dêr't it mormoanske Nauvoolegioen de opmars fan 'e Amerikanen yn 'e berchpassen opkearde yn in barren dat wol de 'Lytse Boargeroarloch' neamd wurdt. Fierders waarden yn septimber 1857 by it Bloedbad fan Mountain Meadows de 120 Amerikaanske kolonisten fan 'e Baker-Fancher-karafaan ôfslachte troch it mormoanske Nauvoolegioen yn gearwurking mei in groep Pajût-krigers. Ear't de Amerikaanske troepen ûnder generaal Albert Sidney Johnston yn 1858 Utah berikke koene, liet Brigham Young de hiele befolking fan Salt Lake City evakuëarje, sadat de soldaten yn in spûkstêd arrivearren. Neitiid waard der in kompromis sletten wêrby't Young syn funksje as gûverneur fan Utah oerdroech oan Alfred Cumming (hoewol't de measte histoarisy it deroer iens binne dat dy feroaring poer kosmetysk wie, en dat Young efter de skermen persiis deselde macht behold as tefoaren). Yn 'e folgjende jierren folge in lange rige fan troch it Amerikaanske regear oanstelde territoriale gûverneurs, dy't om it hoartsje ûntslach namen.

Utsjoch oer de stêd Provo.

Om't yn 1861 de (grutte) Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, waarden doe alle Amerikaanske troepen út Utah weromlutsen, en waard de besetting sadwaande beëinige. Datselde jiers waard it Territoarium Nevada bestjoerlik fan Utah losmakke, en yn 1866, twa jier nei't Nevadat in Amerikaanske steat wurden wie, wreide it syn grûngebiet nochris foars út yn it neidiel fan Utah. Yn 1862 waard yn Utah in regimint Kalifornyske frijwilligers legere ûnder it befel fan generaal Patrick E. Connor. Dyselde liet op krapoan 5 km ôfstân fan Salt Lake City Fort Douglas bouwe, en fitere kolonisaasje fan Utah troch net-mormoanen oan. De Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika besochten Young ûnder de Boargeroarloch safier te krijen dat er mei harren de lapen op ien bulte smite soe, mei as bedoeling dat de mormoanen in westlik front tsjin 'e Noardlike Feriene Steaten iepenje soene, mar Young wie sa liep dat er de boat ôfhold, wat nei alle gedachten de rêding fan syn tsjerke wie.

Yntegraasje yn 'e Feriene Steaten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't it Noarden de oarloch yn 1865 wûn hie, rjochte it Amerikaanske regear de oandacht wer op it westen. De nije Republikeinske Partij, de driuwende krêft efter de ôfskaffing fan 'e slavernij yn it Suden, swarde no dat it ek de polygamy útrûgje soe, mei't dat krektlyk as in skeining sjoen waard fan alle religieuze, kulturele en morele wearden dy't in moderne beskaving hawwe moatte soe. Dy sjenswize waard noch fuortsterke troch de publikaasjes fan guon mormoanske ôffalligen, wêrûnder Wife No. 19, or: My Life of Bondage, in boek dat skreaun waard troch Ann Eliza Young nei't hja harsels skiede litten hie fan Brigham Young. Yn 'e folgjende jierren waard it regear oer Utah de mormoanen systematysk ûntnadere, en de tsjerkelieding moast sels in hoartsje ûndergrûnsk gean. Oan 'e oare kant soargen de troch de Amerikanen sels bewurkmastere bettere ferbinings mei Utah en agressyf sindingswurk fan mormoanske kant derfoar dat der yn dyselde snuorje in tafloed fan mormoanske kolonisten út it Easten en út Jeropa wei nei Utah streamde.

It Earste Transkontinintale Spoar komt ree as de beide spoarlinen inoar moetsje te Promontory Summit, op 10 maaie 1869.

Oare ûntwikkelings út dyselde tiid wiene de de foltôging fan it Earste Transkontinintale Spoar, op 10 maaie 1869 by Promontory Summit yn Utah, en de Utahaanske Oarloch fan Swarte Hauk (net te betiizjen mei de bekendere Oarloch fan Swarte Hauk yn Iowa), wêrby't yn 1865 de Jût-Yndianen ûnder lieding fan it opperhaad Antonga Swarte Hauk yn opstân kamen tsjin 'e blanke oerhearsking. Hoewol't Antonga Swarte Hauk yn 1870 stoar, hold de oarlochssitewaasje yn Utah oan oant it Amerikaanske Leger yn 1872 yn it territoarium de geastedûnsbeweging de kop yn drukte. De Utahaanske Oarloch fan Swarte Hauk wie opmerklik mank de Amerikaanske Yndiaanske oarloggen om't it in trijesidich konflikt wie, wêryn't de Yndianen, it Amerikaanske Leger en mormoanske milysjes inoar befochten.

Uteinlik besleat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn 1890 en skaf de polygamy ôf. Dat waard buorkundich makke troch de útfurdiging fan it saneamde Manifest fan 1890, en late daliks ta in tsjerkskuorring, om't in minderheid bûge of barste oan mearwiverij fêsthâlde woe. Mar fierwei it grutste part fan 'e mormoanen lei him der by del, sadat der in kompromis berikt wurde koe mei Washington. Fan gefolgen koe Utah op 4 jannewaris 1896 einlings as de 41e steat yn 'e Amerikaanske Uny opnommen wurde. Utah fierde al yn 1870 it frouljuskiesrjocht yn, en liet datoangeande yn 'e Feriene Steaten inkeld Wyoming foargean. Yn 1887 waard dat beslút lykwols troch it Amerikaanske Kongres weromdraaid yn in besykjen om 'e politike ynfloed fan 'e mormoanen yn Utah oan bannen te lizzen. Pas yn 1896, doe't Utah in folweardige steat waard, koe it frouljuskiesrjocht werynfierd wurde.

Utsjoch oer Monument Valley, op 'e grins fan Utah en Arizona.

Tweintichste iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan it begjin fan 'e tweintichste iuw ôf kaam fral it suden fan Utah bekend te stean om syn natoerskientme. Dat late doe ta de oprjochting fan û.m. it Nasjonaal Park Bryce Canyon en it Nasjonaal Park Zion. Yn 'e 1910-er en 1920-er jierren ûntjoech Utah him ta in populêr oard om spylfilms op te nimmen; benammen de skildereftige Monument Valley is yn in protte yn westernfilms fan tusken de tweintiger en sechstiger jierren te sjen. Troch de oanlis fan it Interstate highway-stelsel, yn 'e 1960-er en 1970-er jierren, waard it makliker om sokke plakken te berikken, wat late ta in foarse taname fan it toerisme. Sûnt de stifting fan it Alta Skygebiet, yn 1939, is noardeastlik Utah ien fan 'e populêrste skybestimmings fan 'e wrâld wurden. Mei dêrtroch koene yn 2002 de Olympyske Winterspullen yn Salt Lake City holden wurde.

It Steatskapitoal fan Utah, yn Salt Lake City.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utah bestiet bestjoerlik út 29 countys. De steatshaadstêd, Salt Lake City, leit yn Salt Lake County, yn it noardwesten fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Utah bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de gûverneur. De wetjaande macht is yn 'e hannen fan it Steatsparlemint fan Utah, dat bestiet út 'e Steatssenaat mei 29 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 75 sitten. Yn 'e Amerikaanske Senaat wurdt Utah, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2 senators. Yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen hat Utah 4 sitten.

It politike lânskip fan Utah wurdt behearske troch de beide grutte Amerikaanske politike partijen, de Demokratyske Partij en de Republikeinske Partij. Alle oare partijen spylje mar in tige marzjinale rol. Nettsjinsteande it feit dat de Republikeinen oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw de swarde fijannen fan 'e mormoanen wiene, stimme mormoanen hjoed oan 'e dei foar it oergrutte part Republikeinsk en is Utah no ien fan 'e meast Republikeinske steaten fan 'e Feriene Steaten. Anno 2017 besetten Republikeinen sawol it gûverneurskip as alle sitten fan Utah yn it Amerikaanske Kongres. De Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen hâldt him lykwols strikt ôfsidich fan 'e polityk.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It bruto steatsprodukt fan Utah wie yn 2012 $130,5 miljard, wat delkaam op 0,87% fan it bruto nasjonaal produkt fan 'e hiele Feriene Steaten oer dat jier. It BSP per lid fan 'e befolking bedroech yn Utah yn 2012 $45.700. It meastepart fan 'e Utahaanske ekonomy wurdt opmakke troch mynbou, lânbou, toerisme, sâltproduksje en oerheidstsjinsten. Yn eastlik Utah wurdt in protte ierdoalje wûn. Oare grûnstoffen fan belang yn 'e Utahaanske mynbousektor binne koper, goud, sulver, molybdenum, sink, lead, beryllium, stienkoal en ierdgas. Op it mêd fan 'e lânbou wurdt yn Utah benammen oan feehâlderij dien op grutskalige ranches.

Sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw hat it toerisme him ûntjûn ta ien fan 'e wichtichste pylders fan 'e ekonomy yn Utah. Toeristen komme fral yn súdlik Utah foar de natoerskientme en benammen yn noardlik Utah foar wintersport. Mei fiif nasjonale parken (Arches, Bryce Canyon, Canyonlands, Capitol Reef en Zion) hat de steat nei Alaska en Kalifornje de measte nasjonale parken fan alle Amerikaanske steaten. Dêropta omfiemet Utah sân nasjonale monuminten (Cedar Breaks, Grand Staircase-Escalante, Hovensweep, Natural Bridges, Rainbow Bridge en Timpanogos Cave), twa nasjonale rekreaasjegebieten (Flaming Gorge en Glen Canyon), sân nasjonale wâlden (Ashley, Caribou-Targhee, Dixie, Fishlake, Manti-La Sal, Sawtooth en Uinta-Wasatch-Cache) en ferskate steatsparken. Oare natoerattraksjes yn 'e steat binne Monument Valley, de Grutte Sâltmar, de Powell-mar en de Bonneville-sâltflakte.

As wintersportbestimming is Utah sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw almar mear yn trek, benammen fanwegen de lichte, dûnzige snie dy't dêr by winterstoarmen mei 30 oant 90 sm de nacht falt, en dy't wol de bêste skysnie fan 'e wrâld neamd wurdt. Mar troch de Olympyske Winterspullen fan 2002, yn Salt Lake City, is Utah as sky-oard popularisearre, en sûnt is it tal wintersporters dat de steat besiket gâns tanommen. De sky-oarden fan Utah lizze benammen yn it sintrale noarden, deunby Salt Lake City, Park City, Ogden en Provo. It Utah Olympic Park en it Utah Olympic Oval, dat beide fasiliteiten yn Salt Lake City binne dy't de stêd oerholden hat oan 'e Olympyske Spullen, wurde noch altyd brûkt foar wrâldkampioenskippen en oare wichtige wedstriden op it mêd fan hurdriden, keunstriden, skyskânsspringen en bobslydzjen.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele rûzing troch it Amerikaanske Folkstellingsburo (op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010) hie Utah yn 2014 2.949.902 ynwenners, wat in groei fan 6,48% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn 2010. De befolkingstichtens wie yn 2014 13,2 minsken de km². De grutste stêd fan 'e steat is de haadstêd Salt Lake City, mei krapoan 185.000 ynwenners yn 2010. Oare gruttere stêden binne: West Valley City (130.000), Provo (113.000), West Jordan (104.000), Orem (88.000), Sandy (87.000), Ogden (83.000) en St. George (73.000).

Etnisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 wie de etnyske opbou fan 'e befolking fan Utah doe sa: 81,4% blanken; 13,0% Latino's; 2,0% Aziaten; 1,2% Yndianen; 1,1% swarten; 0,9% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 0,4% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Blanke Utahanen binne fierhinne fan Noardwest-, Midden- en Noardjeropeeske orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen Ingelsen (26,0% fan 'e totale steatsbefolking), Dútsers (11,9%), Angelsaksyske Amerikanen (6,6%), Ieren (6,2%), Denen (5,4%), Skotten (4,6%), Sweden (4,0%), Italjanen (2,7%), Nederlanners (2,4%), Noaren (2,4%), Frânsen (2,2%) en Welsen (2,2%).

Fan 'e Latino-befolkingsgroep bestiet it meastepart (9,0% fan 'e steatsbefolking) út Meksikanen. De grutste Yndiaanske etnyske groepen binne de Navaho (Navajo) en de Jût (Ute). Utah omfiemet seis federaal erkende Yndianestammen, dy't allegear har eigen reservaat hawwe:
● de Konfederearre Stammen fan it Gosjût Reservaat (ek yn Nevada)
● de Jût Yndianestamme fan it Uintah en Ouray Reservaat
● de Navaho Naasje (ek yn Arizona en Nij-Meksiko)
● de Noardwestlike Troep fan de Sjosjoanske Naasje
● de Pajût Yndianestamme fan Utah
● de Skull Valley Troep fan Gosjût
Der binne yn Utah gjin stammen mei inkeld erkenning op steatsnivo.

Taal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De offisjele taal fan Utah is it Ingelsk, dat yn 2000 as sadanich by wet fêstlein waard. Utahaansk-Ingelsk, sa't dat op it plattelân fan 'e sintraal Utah sprutsen wurdt, is fierhinne in ferminging fan ferskate noardeastlike Amerikaansk-Ingelske dialekten út noardlik New York, súdlik Ohio en sintraal Illinois. It meast opfallende skaaimerk dêrfan is in omkearing fan 'e fonetyk fan beskate fokalen, sadat wurden as farm ("pleats") en barn ("skuorre") klinke as form ("foarm") en born ("berne"), en form en born klinke as farm en barn.

Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2000 wie doe foar 87,5% fan 'e befolking fan Utah it Ingelsk de memmetaal (in ôfname fan 4,7% yn ferhâlding ta de tastân fan 1990). Op it twadde plak kaam neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 it Spaansk, dat foar 7,4% fan 'e befolking fan Utah de memmetaal wie. Dêrnei folgen it Dútsk, mei 0,6%; it Navaho, mei 0,5%; en it Frânsk, mei 0,4%.

Utahaanske hindoes fiere it Holyfeest by de Sri Sri Radha Krishna-timpel yn Spanish Fork.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan godstsjinst bestie yn 2008 84,5% fan 'e befolking fan Utah út kristenen, wêrûnder 74% protestanten, 10% roomsen en 0,5% eastersk-otterdoksen. De grutste protestantske denominaasje wie de mormoanske Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen, mei in oanhing fan mar leafst 58% fan 'e steatsbefolking. Neffens oare sifers, datearjend fan 2012, lei dat persintaazje sels noch heger, op 62,2%. Yn abslute sifers waard yn 2010 fêststeld dat de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen yn Utah 1.910.504 leden hie. Utah is it meast religieus homogeen fan alle Amerikaanske steaten, en de iennichste dêr't de mearderheid fan 'e befolking ta ien en itselde tsjerkgenoatskip heart.

Nei de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen folge neffens gegevens út 2012 op ôfstân as twadde tsjerkgenoatskip fan Utah de Roomsk-Katolike Tsjerke mei 160.125 leden, en dêrnei kaam de Súdlike Baptistekonvinsje mei 12.593 leden. Ateïsten en agnosten foarmen yn 2008 16% fan 'e befolking. Oare godstsjinsten wiene datselde jiers, yn folchoarder fan grutte: de islaam (0,8%) en it joadendom, it boedisme en it hindoeïsme (allegear mei 0,5%).

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan Utah hat in drûch steppeklimaat oant op plakken in woastynklimaat, hoewol't der yn it bercheftige easten fan 'e steat in ferskaat oan oare klimaatfoarmen hearsket, fan in lânklimaat yn 'e dellingen oant in heechberchtmeklimaat boppe de beamgrins op 'e sniebekape toppen fan 'e Rocky Mountains. De temperatuer yn Utah is ekstreem, mei kâlde winters en gleonhjitte simmers. Rekôrtemperatueren wiene 48 °C, op 4 july 2007 by St. George, en –56 °C op 1 febrewaris 1985 by Peter Sinks yn it Bearerivierberchtme. De leechste temperatuer metten op in bewenne lokaasje wie lykwols –45 °C op 12 desimber 1932 te Woodruff.

De drûchte yn in grut diel fan Utah is it gefolch fan it feit dat dat gebiet yn it reinskaad fan 'e Sierra Nevada (yn Nevada en Kalifornje) leit. Simmerdeis kin súdlik en eastlik Utah lykwols rein ferwachtsje dy't ta de moesson út 'e Golf fan Kalifornje heart. Nettsjinsteande dat ûntfangt it meastepart fan 'e leger leine dielen fan Utah minder as 305 mm delslach jier: yn it Wasatch-berchtme, it wietste diel fan 'e steat, falt mear as 500 mm, yn it tichtbefolke Wasatch-front sa'n 380 mm, en yn 'e Grutte Sâltmarwoastyn, it drûchste part fan Utah, mar 125 mm jiers.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


 
             Feriene Steaten
Flagge fan de Feriene Steaten
steaten
Alabama | Alaska | Arizona | Arkansas | Delaware | Fermont | Firginia | Floarida | Georgia | Hawaï | Idaho | Illinois | Indiana | Iowa | Kalifornje | Kansas | Kentucky | Kolorado | Konettikut | Louisiana | Maine | Marylân | Massachusetts | Michigan | Minnesota | Mississippy | Missoery | Montana | Nebraska | Nevada | Nij-Hampshire | New York | Nij-Jersey | Nij-Meksiko | Noard-Dakota | Noard-Karolina | Ohio | Oklahoma | Oregon | Pennsylvania | Rhode Island | Súd-Dakota | Súd-Karolina | Teksas | Tennessee | Utah | Washington | West-Firginia | Wyoming | Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen | Amerikaansk-Samoä | Gûam | Noardlike Marianen | Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia