Polyneezje
Appearance

Polyneezje (soad eilannen) is ien fan de trije grutte eilânnekloften yn de Grutte Oseaan dy't mei inoar Oseaanje foarmje. Rûchwei foarmet it in trijehoek mei Nij-Seelân, Hawaï en Peaske-eilân as hoekpunten. It totale lân oerflakte is om-ende-by 294.000 km² op in oerflaktewetter fan mear as 50 miljoen km². Yn totaal binne der mear as 1000 eilannen dy't by Polyneezje hearre.
Eilannen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De folgjende eilannen en eilânkeatens lizze yn Polyneezje:
- Australeilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Baker (part fan de Feriene Steaten)
- Chathameilannen (part fan Nij-Seelân)
- Cookeilannen
- Gambiereilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Genoatskipseilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Hawaï-eilannen (part fan de Feriene Steaten)
- Howland (part fan de Feriene Steaten)
- Johnston (part fan de Feriene Steaten)
- Kermadeceilannen (part fan Nij-Seelân)
- Line-eilannen (part fan Kiribaty, omfiemet allyksa Kingman Reef, Palmyra en Jarvis dy't bestjoerd wurde troch de Feriene Steaten)
- Markesaseilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Midway-eilannen (part fan de Feriene Steaten)
- Naurû
- Nij-Seelân
- Niûé
- Peaske-eilân (part fan Sily)
- Phoenikseilannen of Rawaki (part fan Kiribaty)
- Pitcairneilannen
- Samoä-eilannen (omfiemje Samoä en Amerikaansk-Samoä)
- Tokelau-eilannen
- Tonga
- Tûamotû-eilannen (part fan Frânsk-Polyneezje)
- Tûvalû
- Wallis en Fûtûna
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike befolking fan dizze eilannen sprekke (of sprutsen) nau oan inoar besibbe talen, dy't ta de Maleis-Polynesyske of Austronesyske talenkloft hearre.
Kontakten mei Amearika
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al lang foardat Kolumbus Amearika ûntdekke, bestiene der al kontakten tusken de Polyneezjers en de Amearika's.