Tonga
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk, Tongaansk | ||||
Haadstêd | Nuku'alofa | ||||
Steatsfoarm | Konstitutionele monargy (keninkryk) | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | pa'anga (TOP) | ||||
Tiidsône | UTC +13 | ||||
Nasjonale feestdei | 4 juny | ||||
Lânkoade | TON | ||||
Ynternet | .to | ||||
Tillefoan | 676 |
Tonga is in lân yn Polyneesje. De haadstêd is Nuku'alofa.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tonga is in eilannensteat yn de Grutte Oseaan en beslacht in gebiet fan 700.000 km². It leit súdeastlik fan Fidzjy en sawat 2000 km benoardeasten fan Nij-Seelân. Fan alle eilannen binne yn totaal 36 bewenne.
De eilannen kinne opdield wurde yn trije groepen, fan noard nei súd:
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten hawwe de earste bewenners de eilannen sa'n 6000 tûzen jier lyn berikt fanút de Santa Cruz eilannen. Hja makken diel út fan de grutte Lapita-migraasje.
Yn de 12e iuw wiene de Tonganen, en harren opperhaad Tu'i Tonga, bekend yn de hiele regio. Guon skiedkundigen tinke dêrom dat er yn dy tiid in Tongaansk Ryk bestien hat. Yn de 15e en 17e iuw waarden op de eilannen in protte striid ûnder inoar fierd. Yn dy tiid diene ek de earste Jeropeanen de eilannen oan.
De Nederlânske ûntdekkingsreizgers Willem Cornelisz Schouten en Jacob le Maire wienen yn 1616 de earste Jeropeanen dy't fuot oan wâl setten op Niuatoputapu, ien fan de noardlike eilân, folge troch Abel Tasman dy't Tongatapu en Ha'apay oandie yn 1643. Yn 1773, 1774 en 1777 besocht ek James Cook de eilannen. De earste Britske misjonarissen arrivearen yn 1797.
Tonga waard gearfoege ta in Polynezysk keninkryk troch in jonge kriger, strateech en betûft sprekker Taufa'ahau. Hy krige de titel Tu'i Kanokupolu, mar waard as "King George" doopt. Yn 1875 ferkleare hy mei help fan misjonaris Shirley Baker Tonga in konstitúsjoneel keninkryk. Hy stelde in oantal wetten fêst, en joech stamhaaden minder macht. Yn 1900 waard Tonga in beskerme steat ûnder de Britske kroan. Dy status waard yn 1970 beëinige, en dat jier waard Tonga lid fan de Britske Mienebest. Yn 1999 waard it lid fan de Feriene Naasjes.