1900
Appearance
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Jierren: | 1895 | 1896 | 1897 | 1898 | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1900 MCM |
Ab urbe condita | 2653 |
Armeenske kalinder | 1349 ԹՎ ՌՅԽԹ |
Etiopyske kalinder | 1892 – 1893 |
Hebriuwske kalinder | 5660 – 5661 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1955 – 1956 |
- Shaka Samvat | 1822 – 1823 |
- Kali Yuga | 5001 – 5002 |
Iraanske kalinder | 1278 – 1279 |
Islamityske kalinder | 1318 – 1318 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 12 of 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4596 – 4597 丙亥 – 丁子 |
1900 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1900.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 14 - De opera Tosca fan Giacomo Puccini giet yn premiêre yn Rome.
- 17 - De Feriene Steaten anneksearje it ûnbewenne eilân Wake, yn 'e Stille Oseaan, om as stienkoalstasjon te fungearjen op 'e skipfeartrûte tusken Noard-Amearika en de Filipinen.
- 23-24 - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch bringe troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk ûnder lieding fan generaal Louis Botha de Britten fan sir Redvers Buller yn Natal yn 'e Slach by Spionkop in swiere nederlaach ta.
- febrewaris
- 13 - De Dútske Ryksdei ratifisearret it ferdrach mei de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk oangeande de ferdieling fan Samoä yn in Dútske koloanje en in Amerikaansken-ien.
- 14 - Britske fersterkingen arrivearje yn Súd-Afrika. Laat fan Lord Roberts kinne lang om let tsjinoanfallen dien wurde om 'e fan 'e Boeren belegere garnizoenen te ûntsetten.
- 18-27 febrewaris - De Slach by Paardeberg, útfochten yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch, draait út op in klinkende oerwinning foar de Britten. De Boeregeneraal Piet Cronjé moat him mei 4.000 man oerjaan.
- 27 - Yn Londen wurdt it Labour Representation Committee oprjochte, dat yn 1906 omneamd wurde sil ta de Labourpartij.
- 28 - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch wurdt it Belis fan Ladysmith troch troepen fan 'e Súdafrikaanske Republyk en de Oranje Frijsteat brutsen troch in Britsk ûntsettingsleger.
- maart
- 13 - Britske troepen ûnder Lord Roberts feroverje Bloemfontein, de haadstêd fan 'e Oranje Frijsteat.
- 14 - De Nederlânske wittenskipper Hugo de Vries bringt de lang negearre erflikheidslear fan 'e Eastenrykske botanikus Johann Mendel fannijs ûnder de oandacht.
- 18 - De Amsterdamske fuotbalklub AFC Ajax wurdt oprjochte.
- 19 - De Britske argeolooch Arthur Evans ûntdekt op Kreta de ruïnes fan Knossos, it sintrum fan 'e Minoyske beskaving. Dêrby fynt er ek it Lineêr B-skrift.
- april
- 12 - De Westerske grutmachten Frankryk, Dútslân, Ruslân en it Feriene Keninkryk stelle Sina in ultimatum: der moat binnen twa moannen in ein komme oan 'e útbarstings fan geweld tsjin bûtenlanners dy't yn noardlik Sina, yn it ramt fan 'e Bokseropstân, plakfine. Oars sil der militêr yngrepen wurde.
- 15 - Yn Parys wurdt de fyfde Wrâldtentoanstelling iepene.
- 16 - Earste filmopnames wurde makke fan in oarloch. Yn 'e Twadde Boere-oarloch wurdt de bestoarming fan in Boerestelling op byld fêstlein.
- 26 - By de Grutte Timmerhoutbrân yn 'e Kanadeeske haadstêd Ottawa en Hull (Kebek) falle 7 deaden en reitsje 15.000 minsken dakleas.
- maaie
- 14 - Yn Parys begjint de twadde edysje fan 'e moderne Olympyske Spullen.
- 18 - De ûntsetting fan Mafeking, dat yn 'e Twadde Boere-oarloch belegere waard troch de Boeren, wurdt yn Grut-Brittanje wiidweidich fierd.
- 19 - It Feriene Keninkryk makket it Keninkryk Tonga, yn 'e Stille Oseaan, ta in Britsk protektoraat.
- 31 - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch feroverje Britske troepen de wichtige stêd Jehannesburch, yn de Súdafrikaanske Republyk.
- juny
- 5 - Yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch wurdt Pretoria, de haadstêd fan 'e Súdafrikaanske Republyk, ynnommen troch Britske troepen. It regear fan presidint Paul Kruger is op 'e tiid út 'e stêd evakuëarre.
- 20 - De Dútske gesant yn Peking, Clemens von Ketteler, dy't út namme fan 'e belegere Westerske legaasjes mei de Boksers ûnderhannelet, wurdt troch harren fermoarde. De Westerske lannen beslute yn te gripen.
- 21 - Cixi, de keizerinne-dûairiêre fan Sina, ropt yn it ramt fan 'e oangeande Bokseropstân de oarloch út tsjin alle bûtenlânske grutmachten. De bûtenlânske legaasjes yn Peking wurde belegere troch de Boksers.
- 30 - By de Havenbrân yn it Amerikaanske plak Hoboken (Nij-Jersey) geane û.m. de Dútske passazjiersskippen de Saale, de Main, de Bremen en de Kaiser Wilhelm der Große yn flammen op. Der komme 326 minsken om.
- july
- 1 - Aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk boasket oan Sophie Chotek.
- 2 - Greve Ferdinand von Zeppelin beävensearret de earste flecht mei in loftskip by it Dútske Friedrichshafen, oan 'e Bodenmar.
- 9 - Yn 'e Sineeske missypost Tai-Yuan-Foe wurde 7 missysusters, 2 biskoppen, 2 paters en in frater troch de Boksers ûnthalze.
- 11 - Generaal Christiaan de Wet begjint yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch in guerriljastriid tsjin 'e Britske besettingstroepen yn 'e Oranje Frijsteat en de Súdafrikaanske Republyk.
- 14 - In ynternasjonaal ekspedysjeleger besteande út 55.000 Japanske, Russyske, Dútske, Britske, Frânske, Amerikaanske, Italjaanske en Eastenryksk-Hongaarske troepen giet yn Sina oan lân en nimt de havenstêd Tianjin yn. Doel fan 'e ekspedysje is om 'e ynternasjonale legaasjes yn Peking te ûntsetten en in ein oan 'e Bokseropstân te meitsjen.
- 19 - Iepening fan de Paryske metro.
- 29 - By in oanslach yn Monza wurdt kening Umberto I fan Itaalje fermoarde troch de anargist Gaetano Bresci.
- augustus
- 1 - De Amerikaanske presidint William McKinley stelt in fiifkoppige kommisje ûnder foarsitterskip fan William Howard Taft yn, dy't bepale moat hoe't de Filipinen it bêst (troch de Feriene Steaten) regearre wurde kinne.
- 14 - Nei 55 dagen wurdt it Belis fan de Ynternasjonale Legaasjes yn 'e Sineeske haadstêd Peking troch de Boksers opbrutsen troch in ynternasjonale troepemacht fan 'e Alliânsje fan de Acht Naasjes.
- 22 - Yn Tilburch wurdt de alvejierrige Marietje Kessels fermoarde.
- septimber
- 8 - De orkaan fan Galveston makket de stêd Galveston, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, mei de grûn lyk. Der falle tusken de 6.000 en 12.000 deaden.
- oktober
- 2 - De Belgyske kroanprins Albert trout mei prinsesse Elisabeth, hartoginne fan Beieren.
- 16 - Keninginne Wilhelmina makket har ferloving mei de Dútske hartoch Hindrik fan Meklenburch-Schwerin bekend.
- 19 - Paul Kruger, de yn ballingskip ferkearende presidint fan 'e troch Britske troepen besette Súdafrikaanske Republyk, giet yn Lourenço Marquez oan board fan it Nederlânske marineskip de Gelderland, dat him nei Jeropa ta bringe sil om 'e saak fan 'e Boeren dêr te bepleitsjen.
- 26 - Grut-Brittanje anneksearret de Súdafrikaanske Republyk.
- 28 - Yn Parys wurde de Olympyske Spullen ôfsletten.
- novimber
- 1 - Paus Leo XIII lit de ensyklyk De Redemptore útgean, dêr't er yn seit dat er bliid is mei pylgerstochten.
- 6 - Yn ferbân mei de oanboazjende yntinsiteit fan 'e guerriljastriid dy't yn it ramt fan 'e Twadde Boere-oarloch troch de Boeren fierd wurdt tsjin 'e Britske besetters, nimt generaal Herbert Kitchener it beslút om 'e froulju, bern en âlderein fan 'e Boeren yn konsintraasjekampen fêst te setten, dêr't se ûnder erbarmlike omstannichheden libje moatte.
- 9 - Ruslân anneksearret Mantsjoerije.
- 23 - Presidint Paul Kruger fan Súdafrikaanske Republyk komt oan yn Marseille.
- desimber
- 2 - De wrâldpremiêre fan Sergej Rachmaninov syn ferneamde Pianokonsert nû. 2 wurdt holden yn Moskou.
- 4 - It parlemint fan Frankryk fersmyt in plan fan 'e nasjonalistyske generaal Auguste Mercier om it Feriene Keninkryk oan te fallen.
- 9 - Keninginne Wilhelmina hellet de Afrikaner presidint Paul Kruger yn. By de rit troch De Haach fan 'Omme Paul' binne de Haachsters tige optein.
- 24 - De earste opfiering fan Op Hoop van Zegen fan Herman Heijermans fynt plak, mei yn 'e haadrol Esther de Boer-van Rijk.
- datum ûnbekend
- Antoni Gaudí begjint yn Barseloana mei de oanlis fan it Park Güell.
- De Amerikaanske swimster Anette Kellerman toant it earste baaipak út ien stik.
- De Dútske natuerkundige Max Planck skriuwt Zur Theorie des Gesetzes der Energie-Verteilung im Normal-Spektrum; hy ferklearret dêryn de strieling fan swarte lichems. Hy nimt oan dat ljocht út 'kwanta' bestiet, it wurk jildt as de oanset fan de ûntjouwing fan de kwantumfysika.
- De Nederlânske natuerkundige Hendrik Lorentz ûntdekt de Lorentztransformaasje.
- De Eastenrykske fysiolooch Karl Landsteiner ûntdekt de bloedgroepen A, 0, B en AB.
- De Noar Johan Vaaler freget yn Dútslân it patint oan op 'e paperclip.
- De Dútske natuerkundige Friedrich Ernst Dorn ûntdekt it radio-aktive gas radon.
- De Frânske natuerkundige Paul Ulrich Villard ûntdekt dat radium neist alfa- en bêtastrieling ek gammastrieling útstjoerd.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 15 - William Heinesen, Fêreusk skriuwer († 1991)
- 15 - César Domela Nieuwenhuis, Nederlânsk byldzjend keunster († 1992)
- febrewaris
- 10 - Jaap van Hattum, Nederlânsk skriuwer († 1981)
- 21 febrewaris - Gerlof Bontekoe, Frysk boargemaster en heraldikus († 1988)
- maart
- 2 - Kurt Weill, Dútsk-Amerikaansk komponist († 1950)
- 3 - Anne Jousma, Frysk skriuwer († 1981)
- 10 - Jan Kostelijk, Frysk sportbestjoerder († 1982)
- april
- 11 - Sándor Márai, Hongaarsk skriuwer en sjoernalist († 1989)
- 28 - Jan Hendrik Oort, Nederlânsk astronoom († 1992)
- maaie
- 5 - Charles Jewtraw, Amerikaansk reedrider († 1996)
- juny
- 29 - Antoine de Saint-Exupéry, Frânsk skriuwer († 1944)
- july
- 5 - Bernardus Johannes Alfrink, Nederlânsk kardinaal († 1987)
- 13 - Johan Scheps, Nederlânsk politikus en aktivist foar it Frysk († 1993)
- 31 - Morvan Marchal, Bretonsk aktivist († 1963)
- augustus
- 4 - Elizabeth Bowes-Lyon, Britsk Keninginne-Mem († 2002)
- 14 - Age Scheffer, Frysk sjoernalist († 1980)
- 23 - Jelle Hendriks Brouwer, Frysk dichter en heechlearaar († 1981)
- 28 - Douwe Algra, Frysk ûnderwizer en fersetsman († 1975)
- septimber
- 19 - Cornelis Roggen, Skylger skriuwer, dichter en taalaktivist foar it Aastersk († 1985)
- oktober
- 7 - Heinrich Himmler, Dútsk oarlochsmisdiediger, lieder fan 'e SS († 1945)
- 27 - Ko Willems, Nederlânsk hurdfytser († 1983)
- novimber
- 22 - Jacob Hylkema, Frysk fersetsstrider († 1944)
- desimber
- 5 - Louise Mellema, Nederlânsk publisist († 1990)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 7 jannewaris - Albert Martin, Nederlânsk keunstskilder en tekener (* 1827)
- 16 febrewaris - Marten Hylkes Kingma, Frysk politikus en bestjoerder (* 1817)
- 30 april - Casey Jones, Amerikaansk treinmasinist (* 1864)
- 2 maaie - Johan Barger, Nederlânsk dûmny en moardner (* 1853)
- 21 july - Albert Breunissen Troost, Nederlânsk arsjitekt (* 1832)
- 25 augustus - Friedrich Nietzsche, Dútsk filosoof en publisist (* 1844)
- 30 novimber - Oscar Wilde, Iersk skriuwer (* 1854)
- 7 desimber - Tinco Martinus Lycklama à Nijeholt, Frysk jonkhear, aventuerier en socialite (* 1837)
- 16 desimber - Baptiste Garnier (Little Bat), Amerikaansk ferkenner en pionier (* 1854)
- datum ûnbekend
- Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders (Young-Man-Afraid-of-His-Horses), opperhaad fan 'e Lakota (* 1836)
- Sijo Kornelis Thoden fan Velzen, Frysk predikant en teolooch (* 1809)
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joseph Conrad, Lord Jim (oerset nei it Frysk as It Geheim fan Lord Jim)
Jierren: | 1895 | 1896 | 1897 | 1898 | 1899 | 1900 | 1901 | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 |
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|