Steatsfoarm

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De steatsfoarm is in typearring fan it bestjoerssysteem dat in lân hat. It jout oan hoe't it regear fan in lân foarme wurdt.

Aspekten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steatsfoarm omfettet ferskate aspekten:

Steatshaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it steatshaad kin in steat oantsjut wurde as ûnder oaren:

Steatsynrjochting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steatynrjochting jout oan wa't it liederskip fan it lân hat:

  • Teokrasy - in god is de lieder, of goaden binne de lieders.
  • Diktatuer - ien persoan hat it persoanlik liederskip.
  • Monarchy - ien persoan hat it erflike liederskip.
  • Oligargy - in lytse groep hat it liederskip.
  • Aristokrasy - dy dy't der geskikt foar achte wurde, hawwe it liederskip.
  • Demokrasy - eltsenien hat diel oan it liederskip.

Regearfoarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regearfoarm jout oan hokfoar orgaan regearret:

Fertsjinwurdiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fertsjinwurdiging jout oan hoe dejingen dy't diel oan it liederskip hawwe, ynfloed op it regear útoefenje kinne:

  • Absolút - it regear funksjonearret sûnder ynfloed fan oaren.
  • Betrieme - der is ynfloed op it regear fia fertsjinwurdiging.
  • Streekrjocht - eltsenien dy't diel oan it liederskip hat, hat ek sels ynfloed.

Grûnslach[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grûnslach fan it regear jout oan wêr't de beslissings fan it regear op bassearre wêze moatte:

Steatferbân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It steatferbân jout oan hoe't de territoriale parten fan in steat har ta inoar en ta it sintrale regear ferhâlde. Yn dit gefal wurdt bygelyks sjoen nei de mate fan autonomy dy't de ûnderdielen fan de steat hawwe. Sa wurdt er bygelyks sprutsen fan: in ienheidssteat, bûnssteat of steatebûn.

Steatyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De steatyndieling omfettet ûnder oare hoe't de útfierende macht opdield is tusken de parten fan de steat en it sintrale regear: sintralisearre of desintralisearre.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan dizze aspekten kin in koarte omskriuwing makke wurde. Almeast wurde dêrby wêr mûglik eigenskipswurden brûkt. Ek wurdt fan kombinaasjes dy't in soad foarkomme meast mar ien aspekt neamt.

Bygelyks: Nederlân is in desintrale ienheidssteat mei in konstitúsjonele monargy. Dêrby is dan weilitten dat dy monarchy in kening hat, en dat it lân njonken in grûnwet ek in parlemint hat, wat it lân betrieme fertsjinwurdiging jout.

Lannen dy't in formele omskriuwing fan harren steatfoarm opstelle, sille dêrby ek allinnich dy aspelten neame dy't hja wichtich en posityf fine.