Springe nei ynhâld

Presidint

Ut Wikipedy

In presidint stiet oan it haad fan in republyk. It wurd kom út it Latyn en betsjut 'foarsitter' (pre: 'foar', siděre, 'sitten gean'). De plakferfanger fan in presidint is in fise-presidint.

De ynfloed fan in presidint is net yn elke republyk itselde. Yn bygelyks Dútslân hat de presidint in mear seremoniële funksje, wylst yn 'e Feriene Steaten de presidint de útfierende macht hat. Dat ferskil hinget der ûnder mear fan ôf oft de presidint allinnich steatshaad is as ek regearingslieder. Mar ek tusken steaten dy't njonken de presidint in earste minister hawwe, kin de funksje fan de presidint bot ferskille.

'Presidint' is fierders yn de measte westerske talen de oantsjutting foar in lieder fan in gearkomst, bedriuw, feriening as rjochtbank.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.