Utfierende macht

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Útfierende macht)

De útfierende macht is de macht yn in rjochtsteat dy't har dwaande hâldt mei it bestjoer fan it lân en dat foaral bestiet út: Frede slute, kriich fiere, soargje foar de iepenbiere oarder en it lân ferdigenje. De oare machten binne de wetjouwende macht en de rjochterlike macht. De útfierende macht hat ek as taak dat de wetten - útfurdige troch de wetjaande macht - tapast en neilibbe wurde.

Yn Nederlân is de regearing û.o. beklaaid mei de útfierende macht. By de provinsjes wurdt dat foarme troch de Kommissaris fan de Kening tegearre mei Deputearre Steaten. Yn de gemeente binne dat de boargemaster en wethâlders.