Fise-presidint

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In fise-presidint (fan it Latynske vice, "ynstee fan", en president, "foarsitter") is de earste plakferfanger fan in presidint. Dizze titel wurdt benammen brûkt binnen de steatshúshâlding fan in republyk, dêr't de fise-presidint as assistint fan it steatshaad (de presidint) fungearret, beskate seremoniële taken ferrjochtet, en it regear oer it lân oernimt as de presidint op 'e iene of oare wize ynkapabel rekket, op wettige wize ôfset wurdt of komt te ferstjerren.

It amt fan fise-presidint is it bekendst út 'e Feriene Steaten, dêr't de fise-presidintskandidaat ûnder de kampanje foar de presidintsferkiezings as running mate útkeazen wurdt troch de presidintskandidaat. Yn 'e Amerikaanske steatshúshâlding is de fise-presidint ek de foarsitter fan 'e Amerikaanske Senaat. As sawol de presidint as de fise-presidint fan 'e Feriene Steaten útskeakele wurde, moat it regear oer it lân oernommen wurde troch de foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn guon oare lannen is de funksje fan fise-presidint in keazen amt, oer de ynfolling wêrfan't de presidint gjin ynfloed útoefenje kin.

Behalven yn 'e polityk komt de term 'fise-presidint' ek wol foar op oare mêden. Yn grutte bedriuwen is in fise-presidint hast nea de plakferfanger fan 'e presidint-direkteur, mar ien fan faak tsientallen of sels hûnderten managers op it nivo fan it deistich bestjoer fan 'e ûndernimming of op it nivo krekt dêrûnder. Yn 'e Nederlânske rjochtspraak hie in fise-presidint foarhinne in hege rjochtersfunksje en fungearre er faak as foarsjenningsrjochter by koarte pleiten. Tsjintwurdich is de oantsjutting fan fise-presidint yn 'e rjochtspraak ferfongen troch dy fan 'senior rjochter' (by in rjochtbank) of fan 'senior riedshear' (by in gerjochtshôf). It heechste rjochtskolleezje, de Hege Ried fan de Nederlannen, hat noch wol in fise-presidint as plakferfanger foar de presidint. Yn 'e Ried fan Steat, wêrfan't it Nederlânske steatshaad de presidint is, is de deistige lieding tabetroud oan 'e fise-presidint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.