Polityk

Ut Wikipedy

Polityk omfettet it ferdigenjen fan yndividuele en kollektive belangen yn de maatskippij, de middels dy't dêrby brûkt wurde en de karren dy't dêrby dien wurde. Dêrby wurdt meast in útsûndering makke foar karren dy't mei geweld ôftwongen wurde. In oare omskriuwing is dat polityk de ekonomy fan de macht is.

In part fan de polityk wurdt fêstlein yn de fasetten fan de steatsfoarm. Mar de polityk omfettet ek de ynfloed bûten it regear om en ek yn oare situaasjes as de lagen fan bestjoer.

De stúdzje dy't de fasetten fan de polityk bestudearret, is de politikology.

Loftse en rjochtse polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte politike analisten en politisy ferdiele de polityk yn lofts en rjochts.

De betsjutting fan loftse en rjochtse polityk kin yn elts lân oars útlein wurde, mar ornaris hat rjochtse polityk te krijen mei konservatisme, rjocht en religy, wylst de loftse polityk mear sosjaal is mei bettere sûnenssoarch, stypjen fan earme minsken en lykweardigens. De rjochtse polityk wurd faak keppele oan tradisjoneel, wylst loftse polityk yn it generaal betsjut it besykjen fan nije ideeën.

Beskate politisy hawwe besocht ienheid te meitsjen fan de skied tusken lofts en rjochts, lykas Manuel Gómez Morín, De Gaulle, Juan Peron, and Jean-Pierre Chevènement. Kristlike Demokrasy is nijsgjirrich omdat er seit in brêge foarmje te wollen tusken de loftse en rjochtse polityk. Manuel Gómez Morín yn it bysûnder is foar it ûntwikkeljen fan "nasjonale aksje" yn tsjinstelling ta lofts-rjochts polityk.

Politike streamingen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In politike streaming is in idee oer hoe't polityk dien wurde moat, en de minsken dy't it oer sa'n idee iens binne. Politike streamingen binne ûnder oaren:

Polityke partijen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Minsken dy't part fan deselde politike streaming binne, organisearje harren faak mei it doel tegearre diel te nimmen oan ferkiezings. Sa'n organisaasje is in politike partij.

In pear politike partijen dy't foar de Friezen yn it spier binne: