Sosjaalliberalisme
Sosjaalliberalisme is in politike streaming dy't minder negatyf is oer it yngripen fan de steat yn de maatskippij. Oare nammen foar sosjaalliberalisme binne progressyf liberalisme en lofts-liberalisme.
De streaming ûntstiet oan it begjin fan de 20e iuw as sosjalisten en liberalen ta in kompromis komme en punten fan de oare politike ideology oernimme.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]D66 en GroenLinks binne de progressyf-liberale partijen fan Nederlân, mar ek bûten dizzze partijen binne progressief-liberalen warber. Yn oktober 2005 is DeZes oprjochte en yn augustus 2006 de Liberaal Demokratyske Partij (LibDem).
Opfettings yn it sosjaal-liberalisme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It progressyf liberalisme hat in oantal skaaimerken:
- Hoedzjen fan boargerfrijheden
- In mingde ekonomy
- Sosjale foarsjennings dy't yndividuele ûntjouwing mooglik meitsje
- Tagonklik ûnderwiis en sûnenssoarch
- Omtinken foar duorsumens en bistewolwêzen
- Liberale opfettings oer etyske kwestjes, sa as homohoulik, eutanasy, abortus, prostitúsje en drugsbelied
- Konstitusjonele herfoarmingen dy't demokratisearring fersterkje
- (Yn Europa) Foarstanner fan Europeeske yntegraasje
- Fersterking fan it ynternasjonaal rjocht (multilateralisme) en minskerjochten
Sosjaal-liberale filosofen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wichtige progressyf-liberale filosofen binne ûnder oaren Thomas Hill Green, John Stuart Mill, Isaiah Berlin, John Rawls, en Amartya Sen.