Nasjonalisme

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Politike ideology
Side út de rige polityk
Ideology
Anargisme
Ekologisme
Faksisme
Feminisme
Islamisme
Kommunisme
Kommunitarisme
Konservatisme
Kristendemokrasy
Liberalisme
Libertarisme
Marksisme
Nasjonalisme
Nasjonaalsosjalisme
Sosjaaldemokrasy
Sosjaalliberalisme
Sosjalisme

It nasjonalisme is in politike ideology, dêr't de eigen identiteit fan in folk as de kultuer, taal en skiednis yn ferhearlike wurdt en de ienheid fan it lân foarop stiet. As politike streaming hat it in grutte ynfloed hân op de wrâldskiednis en de foarming fan steaten.

Oarsprong[bewurkje seksje | edit source]

Ynspirearre troch it wurk fan de Frânske filosoof Jean-Jacques Rousseau dy't yn syn boek Du contrat social fan 1762 it begryp "volonté générale" folkssoevereiniteit yntrodusearre, ûntstie it as politike streaming op de ein fan de 18e ieu en wie tidens de 19e ieu en de earste helte fan de 20e ieu ien fan de grutste politike bewegingen.