Grinslân
Grinslân | |||||||||||
Provinsje fan Nederlân ![]() | |||||||||||
| |||||||||||
Folksliet | |||||||||||
"Grönnens laid" (It liet fan Grinslân) | |||||||||||
Kaart | |||||||||||
![]() | |||||||||||
Geografy | |||||||||||
| |||||||||||
Polityk | |||||||||||
| |||||||||||
Befolking | |||||||||||
| |||||||||||
Webstee | |||||||||||
www.provinciegroningen.nl |
Grinslân (Grinslânsk: Grunnen of Grönnen; Nederlânsk: Groningen) is in provinsje fan Nederlân, en bestiet as sadanich sûnt 1814. It hat 585.866 ynwenners (2020), en in oerflak fan 2967 km².
Algemien[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grinslân wurdt wol Stêd en Ommelannen neamd. De stêd is dan Grins, de Ommelannen it plattelân dêrom hinne. Fan oarsprong wie de stêd Saksysk en it plattelân Frysk, de gebieten hienen faak spul mei elkoar. De trije histoaryske Ommelanner ketieren binne Hunsingo, Fivelingo en it Westerkertier. De Ommelannen en it Aldamt wienen oant de 15e iuw foar it meastepart Frysk, de stêd, Goarjocht en Westerwâlde wienen Saksysk. No wurdt hast oeral yn de Ommelannen Nedersaksyske dialekten sprutsen. Allinne de doarpen Mearum, De Wylp, Koerherne en De Grinzer Pein yn it Westerkertier binne foar it grutste part noch altyd Frysktalich.
Grinslân is nei Drinte, Fryslân en Seelân de tinst befolke provinsje fan Nederlân, mei 246 ynwenners de kante kilometer.
Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grinslân grinzet yn it westen oan Fryslân, yn it noarden oan de Waadsee, yn it easten oan Dútslân en yn it suden oan de provinsje Drinte. De Waadeilannen Rottumereach, Rottumerplaat en de Suderdúntsjes hearre by de provinsje Grinslân. De eilannen binne allegearre ûnbewenne.
Grinslân is ien fan de lytsere provinsjes fan Nederlân. It noardeasten fan Grinslân wurdt karakterisearre troch greidlân (terpelân) mei grutte pleatsen. Yn it súdeasten lizze de Grinzer Feankoloanjes, fan oarsprong in grut heechfeangebiet. De spoaren fan de feanwinning binne dêr noch goed te sjen oan it kanalestelsel. Yn it súdwesten fan de provinsje leit in útrinner fan de Hûnsrêch. Wichtige kanalen yn Grinslân binne ûnder oare it Reitdjip, it Iemskanaal en it Stedskanaal.
Grinslân hat goed 7.500 hektare natuergebiet. Se binne net allegearre tagonklik foar publyk. It grutste en nei alle gedachten ek bekendste natuergebiet fan Grinslân is de Lauwersmar. In soad natuergebieten binne ûntstien troch de bou fan seediken.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De skiednis fan de provinsje Grinslân is foar in grut part de skiednis fan it proses dêr't de stêd Grins yn de rin fan jierren hieltyd mear macht by krige oer de Ommelannen. Dêrfoar leit lykwols noch in tiidrek wêryn it grutste part fan de provinsje in geheel foarme mei it oanswettende Westerlauwersk Fryslân en East-Fryslân. It wie in gebiet mei in lânskip dat noch it measte wei hie fan de hjoeddeiske Waadsee. By eb foel it drûch, by floed stie it gruttendiels ûnder wetter. Yn dat kwelderlân wie permaninte bewenning allinnich mooglik op wierden.
Lykwols wiisd de oanwêzigens fan in hunebed by Noardlaren derop dat de bewenningsskiednis weromgiet oant de stientiid. De fynst fan in hunebed by Delfsyl is in oanwizing dat dy bewenning him net allinnich beheinde oant it grinsgebiet mei Drinte. Neffens guons is de oanwêzigens fan dat hunebed in bewiis foar de teory dat de hunebedbouwers fan see ôf it lân yn lutsen.
De âldst bekende fermelding fan de stêd Grins datearret út 1040. De stêd wie op dat stuit yn besit fan de biskop fan Utert. Oannommen wurdt dat de stêd fan oarsprong in Drintsk doarp wie. De stêd waard ek troch Friezen bewenne en hie ynearsten wat konkurrinsje fan Appingedam, mar neidat de stêd deryn slagge wie om it stapelrjocht te krijen wie de dominante posysje festige. De ynfloed fan de stêd wreide him stadich út en berikte de toppunt fan macht op de ein fan de 15e iuw, doe't har ynfloed oant fier yn de tsjintwurdige provinsje Fryslân rikte.
Nei ferrin fan tiid naam de hiele provinsje de taal oer dy't yn de stêd praten waard, mar holde wol in oantal Fryske wurden en siswizen. Yn guon dielen fan de provinsje, benammen it Aldamt en Westerwolde wie de stêd ek formeel de baas. Yn de tiid fan de Republyk wie de gongbarte oantsjutting foar Grins Stêd en Lande. De folchoarde wie gjin tafal.
De hearskippij oer grutte parten fan de provinsje einige yn bestjoerlike sin nei de Frânske tiid. Doe waard de tsjintwurdige provinsje ynsteld wêryn de bysûndere posysje fan de stêd ôfskaft waard. De stêd bleau lykwols wol de eigener fan grutte dielen fan it Aldambt, Westerwolde en de Feankoloanjes. Oan dy situaasje kaam pas in ein yn de njoggentiger jierren fan de 20e iuw.
Untjouwing ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- 2015 - 582.649
- 2017 - 583.581
- 2020 - 585.866
Gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Grinslân bestiet sûnt 2021 út 10 gemeenten.
- Aldamt
- Feandam
- Grins (haadstêd)
- Iemsdelta
- It Hegelân
- Midden-Grinslân
- Pekela
- Stedskanaal
- Westerkertier
- Westerwâlde
Eksterne ferwizing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
![]() | |
---|---|
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde |
![]() | |
---|---|
Drinte - Flevolân - Fryslân - Gelderlân - Grinslân - Limburch - Noard-Brabân - Noard-Hollân - Oerisel - Seelân - Súd-Hollân - Utert |