Der Aa-tsjerke
Der Aa-tsjerke
Der Aa-kerk | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
De A-tsjerke fanôf de Fiskmerk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | A-Tsjerkhôf 2 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1425-1492 | |
boustyl | Gotyk, barok | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 18423 | |
offisjele webside | ||
PKN Grins |
De Der Aa-tsjerke of de A-tsjerke is in tsjerkegebou yn it sintrum fan de stêd Grins. Njonken de Martinytsjerke is it de wichtichste midsiuwske tsjerke fan de stêd. Fanôf de Fiskmerk riist de tsjerke oan it A-tsjerkôf heech út boppe de Nôtbeurs (Korenbeurs).
Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der bestiet wolris wat betizing oer de namme, dy't by de measte ynwenners fan Grins bekend stiet as de A-tsjerke. Fan oarsprong hiet de tsjerke Us-Leaffrou ter Aa. Sûnt de reformaasje hat de tserke ferskate oare nammen hân: Ter Aa-tsjerke, Dra-tsjerke, Der Aa-tsjerke en A-tsjerke. Nei de yn 1982 foltôge restauraasje is it beslút nommen om de namme offisjeel fêst te lizzen as "Der-AA-tsjerke". De namme ferwiist nei de tichteby streamende Drintske Aa, dy't diel útmakket fan de Grinzer grêftengurdle. De omjouwing fan de tsjerke, benammen de strjitte fan it Hege der Aa nei de Grutte Merk, foarmet nei alle gedachten it âldste diel fan de Grinzer delsetting.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Midsiuwen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik stie op it plak in oan Marije en Nikolaas fan Myra wijde kapel. Nikolaas wie de patroanhillige fan de skippers, dy't tichteby harren skippen oanleine. De kapel krige yn 1247 de status fan parochytsjerke en de namme fan Us-Leaffrou ter Aa.
Grins ûntstie yn twa wiken. De kearn om de Walburgtsjerke en it prefektenhôf wie op it bestjoer en de lânbou rjochte, wylst de oare kearn om de Der Aa-tsjerke bewenne waard troch fiskers en handlers. Dy lêste kearn soe nei alle gedachten fan oarsprong Frysk west ha. Neffens de oerlevering hat der oant yn de sechtjinde iuw in ôfbyld hongen fan Karel de Grutte mei in ûnderskrift, dat ferwiisde nei de troch him ferliende Fryske frijheid.
De kapel waard ferskate kearen ferboud, sadat der yn de fyftjinde iuw (1425-1495) in bakstiennen krúsbasilyk stie. De tsjerke ûndergyng dêrnei noch ferskate feroarings as gefolch fan fernielings troch kriich (reformaasje en Bearn Poep) en bliksemynslach (1671) en de dêrop folgjende renovaasjes.
Trije tuorren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Skilderijen fan it belis troch Bearn Poep yn 1672 litte in Der Aa-tsjerke sjen sûnder spits op de toer. De Aa-tsjerke stie yn it berik fan de kanonnen fan Münster, mar de spits wie net troch it bombardemint mar al earder troch in stoarm yn 1671 ferneatige. Ek de Martinytoer wie yn dat jier troffen, mar se wisten by dy toer de folsleine ferneatiging tefoarren te kommen. Nei it ûntset fan Grins waard in nije houten spits boud.

Op 23 april 1710 stoartte de toer samar ynienen yn. Der wiene twa slachtoffers en de boargemaster fan Frankfurt, Zacharias von Uffenbach, beskreau wylst er op besite wie yn de stêd yn syn deiboek dat er, genietsjend fan it útsicht fanôf de Martinytoer, ynienen seach dat de toer fan de Der Aa-tsjerke ferdwûn wie:
In bulte geraas ferfolle de loft. Op de brokstikken fan de tsjerke sitte froulju te gûlen lykas yn âldere tiden de Israeliten by de wetterwjitterings fan Babylon (oerset).
Yn 1711 waard mei de bou fan in nije toer útein set. It skip waard foar dat doel krekt wat ynkoarte. De toer krige yn 1714 trije barokke klokken, getten troch Jan Crans út Inkhuzen. Se hawwe de toanhichten bes0, d1 en f1 en yn deselde folchoarder in trochsnit fan: 175 sintimeter (3340 kg), 136 sintimeter (1640 kg) en 112 sintimeter (870 kg).
Yn de 20e iuw en 21e iuw is de tsjerke in pear kear restaurearre, foar it lêst yn 2007.
20e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn de jierren nei de Twadde Wrâldkriich naam de tsjerkegong yn Grins bot ôf. De herfoarme gemeente koe yn de jierren 1970 de tije grutte tsjerken yn de binnenstêd (de Martinytsjerke, de Nije Tsjerke en de Der Aa-tsjerke) de lêst fan it ûnderhâld net mear oan. De toer wie, lykas de measte tsjerketuorren, sûnt it begjin fan de 19e iuw besit fan de oerheid en waard noch ridlik goed ûnderholden, mar de tsjerke rekke yn ferfal en it koer waard op in stuit sels as fytsestalling brûkt. Nei in restauraasje waard de tsjerke oerdroegen oan de Stifting Der Aa-tsjerke. By in grutte restauraasje fan tsjerke en toer yn 1982 waarden de kleuren fan de toer, sêftgriis en blau, opfallend feroare. De arsjitekten keazen foar in histoaryske rekonstruksje en lieten dielen fan de toer yn okergiel skilderje. Sûnt de oerdracht wurdt de tsjerke net mear foar de earetsjinst brûkt en wurde der kulturele eveneminten organisearre.
Oargels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It tsjerkeoargel fan Arp Schnitger datearret út 1702 en stiet sûnt 1815 yn de Der Aatsjerke, mar hat al teminsten trije foargongers hân. Ut argyfstikken docht bliken dat de tsjerke al yn 1475 in oargel hie en dat yn 1558 mei de oargelbouwer Andreas de Mare in kontrakt sletten waard foar de fernijing fan it ynstrumint; mear is net bekend, ek net of it yn beide gefallen om itselde oargel gyng. It is net ûnmooglik dat Theodorus Faber, dy't yn 1654 de opdracht krige in nij oargel te bouwen, dielen fan it âlde ynstrumint ferwurke hat yn it net mear besteande oargel dat er yn 1658 boude foar de herfoarme tsjerke yn Coevorden.


Faber-Hagerbeeroargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De kar foel op Faber om't de tsjerkefâldij tige ûnder de yndruk wie fan it (noch jimmeroan besteande) oargel dat Theodorus Faber boude foar de Jakobustsjerke yn Seeryp. Doe't er yn 1659 ferstoar wie it oargel noch net klear, sadat de ferneamde Amsterdamske oargelbouwer J.G. van Hagerbeer it ynstrumint foltôge. It waard yn 1667 ynwijd, mar it hat mar fjouwer jier tsjinst dien want op 1 maaie 1671 gyng it ferlern doe't de toer troch bliksemynslach yn brân fleach en op it oargel belâne.
Earste Schnitgeroargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Arp Schnitger foltôge dêrnei yn 1697 in nij oargel, syn grutste ynstrumint yn de Nederlannen. Ek dat oargel hat net lang bestien. By de ynstoarting fan de toer yn 1710 waard ek dat oargel ferneatige.

Twadde Schnitgeroargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei't de tsjerke it hûndert jier sûnder oargel dwaan moast joech kening Willem I yn 1814 tastimming om in Schnitgeroargel út 1702 út de Broertsjerke te ferhûzjen nei de Der Aa-tsjerke. Dat barde yn 1815 troch Johannes Wilhelmus Timpe, dy't it ynstrumint oanpasse moast oan de sitewaasje yn de Der Aa-tsjerke. Yn 1830 liet Timpe op 'e nij feroarings oanbringe. Yn 1857 krige Petrus van Oeckelen de opdracht om it oargel yngreven te feroarjen. It haadwurk waard fan njoggen nei trettjin registers útwreide.
Op 14 oktober 2011 is it oargel, nei in jierrenlange restauraasje troch de firma Reil, wer yn gebrûk nommen. It is, krekt as de tsjerke, in ryksmonumint.
Transeptoargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Njonken it Schnitgeroargel hat de Der Aa-tsjerke noch it (net wurkjende) "Boalserter oargel" út 1539. It is boud foar de Martinytsjerke fan Boalsert en ferhûze yn 1635 nei de Broeretsjerke dêr. Nei ferskate feroarings en omswalkings kaam it ynstrumint yn de Grinzer Martinytsjerke telâne. Doe't de Der Aa-tsjerke restaurearre waard ûntdieken se dat der ea yn it suderdwersskip in lyts oargel hongen hie. Se sochten doe nei in geskikt ynstrumint en sûnt 1991 hinget it yn de Der Aa-tsjerke. It binnenwurk ûntbrekt op it stuit noch, mar der binne plannen om it oargel te rekonstruearjen.
Ofmjittings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Der Aa-tsjerke hat in koer, skip en sakristy. De breedte fan de tsjerke is 25 meter en de lingte fan it koer en skip tegearre 50 meter. Ynklusyf de 76 meter hege toer is de lingte 60 meter. It ferwulft is 26 meter heech.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|