Arp Schnitger
Arp Schnitger (Schmalenfleth (Golzwarden) by Braak (Under-Weser), 1648; doopt op 9 july 1648 yn Golzwarden; begroeven op 28 july 1719 yn Neuenfelde (?)) wie ien fan de meast ferneamde oargelbouwers fan syn tiid. Syn wurkgebiet omfieme Noard-Jeropa, dêr't er wol 100 oargels makke. Njonken syn oargelmakkerij yn Hamburch hied er meiwurkers yn filialen tusken Grins en Berlyn om fan dêr út nije oargels te bouwen of âldere ynstruminten te ferbouwen en te restaurearjen. Likernôch 30 ynstruminten fan Schnitger binne bewarre bleaun.
Foarming
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der is net in soad bekend oer de jonkheid en de foarming fan Schnitger. Hy woeks op mei syn bruorren en susters en hat it ambacht fan houtbewurker nei alle gedachten fan syn heit leard (1662-1666). It is wol wis dat er fanôf 1670 yn Glückstadt noardwestlik fan Hamburch as feint de oargelbouwer Berendt Hus (1630-1676) holp, dy't famylje wie. Dêr sil Schnitger yn de jierren 1666–1671 de bou fan oargels leard hawwe. De foltôging yn 1673 fan it oargel foar de St. Cosmae yn Stade, ien fan de wichtichtste barokoargels fan Dútslân, wie de kroan op syn wurk yn dy libbensfaze.
Tige wichtich foar Schnitger wie syn libbenslange freonskip mei de komponist Vincent Lübeck, dy't fan 1674 oant 1702 organist wie yn de St. Cosmae en fan 1702 oant 1740 Schnitger's grutste oargel yn de Hamburger St.-Nikolai-Kirche bespile. Nei de dea fan syn learmaster yn 1676 foltôge Schnitger yn 'e âldens fan 29 jier de nijbou fan it oargel yn de St. Wilhadi yn Stade en liede er op fersyk fan de widdo fan Hus it oargelbedriuw fierder.
Schnitger wie in tige from man. Dat docht bliken út syn brieven en oargelkontrakten. Op guon fan syn oargels en yn in soad dokuminten fan syn hân stiet it Soli Deo Gloria. Schnitger begûn syn skriuwen mei sinnen as: "Yn de namme fan Jezus, amen. - Oan God allinne de eare. Ach God, lit my in earlik libben en sillich stjerren krije". Fan de oargelbouwer binne gjin ôfbylden oerlevere, al komme der oan de oargelgalerij fan it troch Schnitger boude oargel yn Golzwarden panelen foar mei in persoan dy't mooglik op de bouwer fan it oargel tsjutte.
Wurkfjild
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schnitger's fakkundigens en keunstsinnigens makke al gau rûnom namme. Ynearsten krige er opdrachten út de omkriten, mar al gau ek út Bremen en Hamburch. Fan 1677 oant 1682 wurke Schnitger yn syn bedriuw yn Stade en boude dêr oan oargels dy't noch by Hus yn opdracht jûn wiene. Dêrnei ferhûze er nei Hamburch en boude dêr fanôf 1681 oan Hamburger tsjerkeoargels. Noch yn itselde jier krige er syn earste grutte opdracht fan de tsjerkeried fan de St.-Nikolai om in oargel mei 67 registers, fjouwer manualen, pedaal en mear as 4000 pipen te bouwen. Dat oargel lei de basis foar de ynternasjonale bekendheid fan Schnitger en wie nei alle gedachten doe it grutste oargel fan 'e wrâld. By in grutte brân yn Hamburch yn 1842 waard it oargel ferneatige. Dêrfoaroer bleau it yn 1689–1693 troch Schnitger ferboude en diels nije oargel fan de Hamburger St. Jacobi bewarre. It hat 60 registers, fjouwer manualen en pedaal en is ien fan de grutste barokoargels dat noch bestiet. Ferneamde komponisten spilen op it oargel, lykas Dieterich Buxtehude, Georg Friedrich Händel en Johann Sebastian Bach.
Alhoewol't Schnitger oan in grut diel fan Jeropa oargels levere, wiene dochs benammen Noard-Dútslân en Nederlân syn wurkfjild:
- Noard-Dútslân
- Fanôf 1691 Nederlân, dêr't Schnitger yn de stêd Grins njonken Stade en Hamburch in tredde bedriuw stifte.
- Ingelân, 1690 (ien oargel)
- Ruslân, 1691 (foar Peter de Grutte), 1697 in hûsoargel foar in partikulier. Fierder oargels foar teminsten twa protestantske tsjerken yn Moskou.
- Denemark (nei alle gedachten), 1693 (ien oargel)
- Portugal, 1701 en letter (fjouwer oargels)
- Spanje, nei 1702 (ien oargel)
Wêr't de nei Ingelân, Ruslân, Denemark, en Spanje levere oargels bedarren is net bekend.
Yn 1699 ferlienden de greefskippen Oldenburch en Delmenhorst Schnitger privileezjes foar de oargelbou. De hertogdommem Bremen, Verden en Sleeswyk-Holstein folgen dêrnei. Yn 1708 waard er beneamd ta de keninklike hôfoargelbouwer fan Prusen, in posysje dy't er oant 1714 hold.
Famylje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Schnitger troude yn 1684 mei de keapmansdochter Gertrud Otte (1665–1707). Yn 1693 erfde Schnitger de pleats fan syn skoanheit Hans Otte yn Neuenfelde by Hamburch, dêr't er yn 1705 hinne ferhûze en oant syn dea yn 1719 noch in oargelmakkerij hie. Schnitger waard op 28 july 1719 yn de St.-Pankratius yn Neuenfelde njonken de preekstoel yn it famyljegrêf byset.
Schnitger krige mei syn frou seis bern. Alle fjouwer soannen leine harren ta op it berop fan harren heit, mar allinne twa slaggen der yn om ek nei de dea fan harren heit it wurk fuort te setten. Arp Schnitger junior (1686–1712) boude yn 1710 it oargel yn Weener en krige dêr in frou, mar hy ferstoar al twa jier letter yn Hamburch oan de pest. Hans Schnitger (1688–1708) ferdronk doe't er swom yn 'e Elbe. Johann Jürgen (Georg) Schnitger (* 1690) wurke oan ferskate oargelprojekten mei en wurke in pear jier tegearre mei syn broer Franz Caspar Schnitger oan de oargels yn Swol. Nei 1734 is fan him neat werom te finen. Franz Caspar Schnitger (1693–1729) wurke nei de dea fan syn heit yn 1719 yn Nederlân, û.o. yn Meppel, Alkmaar en Swol oan de bou fan oargels dy't noch jimmeroan bestean. De âldste dochter Agneta libbe mar sân moanne (1685). Syn jongere dochter Catharina (1697–1736) troude trijeris en wenne oant har dea op de pleats yn Neuenfelde.
Schnitger's earste frou ferstoar yn it jier 1707. In pear jier letter troude Schnitger op 'e nij mei de widdo fan in organist, Anna Elisabeth Koch-Dieckmann út Abbehausen (Nedersaksen).
Dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ynspannende reis nei Swol yn 'e winter fan 1718-1719, dêr't Schnitger ûnderhannele oer de bou fan in nei oargel, taaste syn sûnens slim oan. Wannear't er krekt ferstoarn is wurdt net dúdlik, mar nei alle gedachten is er net yn Neuenfelde ferstoarn mar yn Itzehoe, dêr't er sûnt 1715 wurke oan de nijbou fan in oargel mei trije manualen en 43 registers. De begraffenis fan Schnitger fûn neffens de tsjerkeregisters fan Neuenfeld op 28 july 1719 plak. Hy waard lykas syn earste frou en in dochter yn it famyljegrêf yn de St. Pankratius fan Neuenfeld byset. Njonken it oargel bleau dêr ek de troch Schnitger boude famyljebank en it troch him beynfloede barokke ynterieur bewarre. It famyljegrêf waard pas yn 1971 wer ûntdutsen. Ta oantinken waard by it grêf in ienfâldige stien yn de flier ynlein.
Wurklist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Meiïnoar hat Arp Schnitger likernôch 105 oargels nij boud, Schnitger ferboude 30 ynstruminten en hy fersoarge 30 gruttere reparaasjes. Ungefear 30 oargels binne hjoeddedei noch yn sa'n steat bewarre bleaun, dat it de namme Schnitger-oargel drage mei. Yn Hamburch boude Schnitger 23 oargels, yn Bremen 9, yn it Elbe-Weser-gebiet 23, yn it greefskip Oldenburch 17, yn Magdeburg 7, yn Grins 7 en yn de rest fan Grinslân 10. Bûten Dútslân waarden meiïnoar 30 oargels levere.
Yn de list binne alle nijbou-oargels opnommen wêrfan't de registers of it front fan Arp Schnitger bewarre bleaun binne. Ek opnommen is in kar fan ferlern giene of troch nijbou ferfongen oargels.
De grutte fan de ynstruminten wurdt yn de fyfte kolom troch in tal manualen en yn de sechde kolom troch it tal registers oanjûn. In grutte "P" stiet foar in selsstannich pedaal, in lytse "p" foar in oanhongen pedaal.
De kursive tekst jout oan dat it oargel net mear bestiet of allinne noch it front fan Schnitger stamt.
Opus
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Plak | Tsjerke | Ofbyld | Manualen | Registers | Orizjineel fan Schnitger |
---|---|---|---|---|---|---|
1668–1675/1688 | Stade (D) | St. Cosmae et Damiani | III/P | 42 | Meiwurking en foltôging oan it oargel fan Berendt Hus; bewarre binne front, prospekt en 35 registers (dêrfan acht foar in part); yn 1972–1975 restaurearre troch Jürgen Ahrend. | |
1677–1679 | Borstel (Jork) (D) | St. Nikolai | II/P | ± 20 | Nijbou mei gebrûk fan ferskate 16e iuwske registers; grutte ferbouwings yn 1770-1771 troch Johann Paul Geycke en 1848-1849 troch Philipp Furtwängler; in pedaalregister fan Schnitger bewarre. | |
1677–1679 | Bülkau (D) | St. Johannes der Täufer | I | 10 (?) | Front en prospekt bewarre bleau; hjoeddedei II/P/22. | |
1678–1679/1709 | Jork (D) | St. Matthias | III/P | 35 | Fergrutting oargel mei in frij pedaal (1678–1679); front en prospekt (1709) bewarre; hjoeddedei II/P/22. | |
1680 | Hamburch, tsjintwurdich yn Cappel (D) | St. Johannis, tsjerke fan it eardere Johanneskleaster | II/P | 30 | Yn 1813 yn Hamburg ôfbrutsen en yn 1816 nei Cappel (Nedersaksen) nei de Petrus en Paulustsjerke ferhûze; front, prospekt (mei orizjinele pipen) en 18 registers fan Schnitger bewarre; noch tsien âlde registers troch Schnitger oernommen; 1976–1977/2009 restaurearre troch Rudolf von Beckerath. | |
1678–1682 | Oederquart (D) | St. Johannis | III/p | 28 | Ferbouwing en fergrutting troch Hans Christoph Fritzsche (1652); front en orizjinele prospektpipen bewarre; 2013-2017 rekonstruksje troch Rowan West. | |
1682–1683 | Lüdingworth (D) | St. Jacobikirche | III/P | 35 | Grutte útwreiding en ferbouwing fan it oargel fan Antonius Wilde (1597-1598); likernôch de helte fan alle registers troch Schnitger oernommen; front, prospekt en 14 registers fan Schnitger hielendal of foar in part bewarre; 1981-1982 restauraasje troch Jürgen Ahrend. | |
1684 | Elmshorn (D) | Nicolaikirche | II/P | 23 | Foltôging fan de nijbou fan Joachim Richborn († 1684), wêrfan't it front bewarre bleaun is; tsjintwurdich III/P/33. | |
1686 | Hamburch-Bergstedt (D) | Bergstedter Kirche | I | 8 | Oargelposityf; kast en twa oant trije registers fan Schnitger bewarre. | |
1686 | Hamburch-Altona (tsjintwurdich yn Blankenhagen) | Dorfkirche Blankenhagen | II/p | 12 | Yn 1833 ferhûze nei de doarpstsjerke fan Blankenhagen yn Meklenburch-Foarpommeren; kast en fjouwer oant fiif registers fan Schnitger bewarre; yn 2003 restaurearre troch Alexander Schuke. | |
1682-1687 | Hamburch (D) | St. Nicolai | IV/P | 67 | By de grutte brân yn 1842 yn Hamburch ferlern gien. | |
1685–1687 | Steinkirchen (D) | St. Nicolai et Martini | II/P | 28 | Kast, prospekt, 18 registers (wêrfan't seis hielendal of foar in part oernommen) en seis oare registers foar in part bewarre; 1947-1948 en 1987-1991 restaurearre troch Rudolf von Beckerath. | |
1683–1688 | Hamburch-Neuenfelde (D) | St. Pankratius | II/P | 34 | Kast, prospekt, 18 registers bewarre, restauraasje 2015-2017 troch de Orgelwerkstatt Wegschneider. | |
1688 | Mittelnkirchen (D) | St. Bartholomäus | II/p | 21 | Seis oant acht registers fan Schnitger bewarre bleaun; tsjintwurdich II/P/30; restaurearre troch Bartelt Immer. | |
1688–90 | Hollern (D) | St. Mauritius | II/P | 24 | Kast, prospekt en 13 registers hielendal of foar in part bewarre; yn 2010-2011 restaurearre troch Hendrik Ahrend. | |
1686–1688/1691–1692 | Norden (D) | St. Ludgeri | III/P (IV/P) | 46 | Kast, 13 registers fan Schnitger bewarre, 8 âlde registers troch Schnitger oernommen; 1981-1985 restauraasje troch Jürgen Ahrend. | |
1691–92 | Grins | Martinytsjerke | III/P | 39 | Pedaalkast, prospekt, seis registers bewarre, oare âlde registers troch Schnitger oernommen; tsjintwurdich III/P/52, yn 1976-1977 en 1983-1984 restaurearre troch Jürgen Ahrend. | |
1689–1693 | Hamburch (D) | St. Jacobi | IV/P | 60 | 43 registers hielendal of foar in part bewarre; ferskate âlde registers troch Schnitger oernommen; restauraasje yn 1990-1993 troch Jürgen Ahrend. | |
1693 | Grins | Pelstergasthuiskerk | II/p | 20 | Kast en twa registers hielendal en sân foar in part bewarre; restauraasje yn 1989-1990 troch Bakker & Timmenga. | |
1693 | Eutin (D) | Slotkapel fan it Eutiner Schloss | II/P | 23 | Kast bewarre; tsjintwurdich I/9 | |
1693–1694 | Hamburch (tsjintwurdich yn Grasberg) (D) | Weeshûs | II/P | 21 | Oargel ferhûze yn 1788 nei de protestantske tsjerke fan Grasberg; kast en 14 registers bewarre; restauraasje 1980-1985 troch de bruorren Hillebrand. | |
1694 | Hamburch (tsjintwurdich yn Deyelsdorf) (D) | Oarspronklik hûsoargel foar de teoloog Johann Friedrich Mayer;
nei alle gedachten sûnt 1741/1742 yn de tsjerke fan Deyelsdorf |
I | 8 | Yn 2014 idintifisearre en taskreaun troch Jan von Busch. Kast, twa registers (Gedackt 8′ und Flöte 4′) en it g° fan it Principal 4′ bewarre. Orizjinele disposysje: Principal 4′, Gedackt 8′, Flöte 4′, Sesquialtera en fjouwer oare registers, dêrûnder nei alle gedachten in Octave 2′. | |
1690–1695 | Magdeburg (D) | St. Johannis | III/P | 62 | Yn 1870 troch nijbou fan Wilhelm Sauer ferfongen. | |
1695 | Nieuw Scheemda (NL) | Dorpskerk | I/p | 8 | Kast en twa registers hielendal en trije foar in part bewarre; yn 1968 restaurearre troch Orgelbau Metzler & Söhne en yn 1988 troch Bernhardt Edskes. | |
1695–1696 | Noordbroek | Tsjerke fan Noordbroek | II/P | 20 | Foar in part ferboude kast, 10-11 registers bewarre; tsjintwurdich II/P/24; yn 1955 disposysje troch Cornelius H. Edskes en Simon Graafhuis yn de steat fan 1809 werom brocht. | |
1695–1696 | Harkstede | Tsjerke fan Harkstede | I | 8 | Oargel ûndergyng yn 1908 in grutte ferbouwing; kast, prospekt en fiif registers hielendal of foar in part bewarre; tsjintwurdich I/p/9. | |
1694–1697 | Grins | Der Aa-tsjerke | IV/P | 40 | Yn 1710 troch ynstoarten fan de toer fernield. | |
1696–97 | Grins (tsjintwurdich yn Peize) | Gertruids-Gasthuiskerk | II/P | 22 | Utwreiding fan it oargel fan Anthonie Verbeeck (1631) mei in selsstannich pedaal mei seis registers; ferhûze yn 1861 nei de herfoarme tsjerke fan Peize; kast, prospekt en fjouwer oant seis registers fan Schnitger bewarre; mear âlde registers troch Schnitger oernommen; restauraasje 1973-1981 troch de bruorren Van Vulpen. | |
1693–1698 | Bremen (D) | domtsjerke | III/P | 50 | Yn 1847–1849 troch nijbou fan Johann Friedrich Schulze ferfongen. | |
1694–1698 | Magdeburg (D) | Heilige-Geist-Kirche | II/P | 26 | Ferhûze yn 1737 nei Groß Quenstedt yn Saksen-Anhalt, dêr ferskate kearen ferboud; ferhûze yn 1978 nei Wegeleben en dêr yn 1982 hast folslein ôfbaarnd. | |
1695–1698 | Bremen (D) | St. Stephani | III/P | 42 | Troch brân yn 1754 ferlern gien | |
1697–1698 | Golzwarden (D) | St. Bartholomäus | II/P | 20 | Kast bewarre bleaun; tsjintwurdich II/P/22. | |
1697–1698 | Dedesdorf (D) | St. Laurentius | II/p | 12 | Kast, klaviatuer en tsien registers bewarre bleaun; tsjintwurdich II/P/18; restauraasje troch Orgelbau Führer yn de jierren 1998–1999. | |
1697–1698 | Strückhausen (D) | St. Johannes | II/p | 12 | Yn 1914 troch nijbou fan Johann Martin Schmid ferfongen; kast haadwurk yn wizige foarm bewarre bleaun; tsjintwurdich II/P/15. | |
1696–1699 | Lübeck (D) | Lübecker Dom | III/P | 45 | Yn 1892–1893 troch nijbou fan Eberhard Friedrich Walcker ferfongen; it noch bewarre front fan Schnitger gyng by it bombardemint op Lübeck op 29 maart 1942 ferlern. Der binne plannen foar de rekonstruksje fan it oargel (2017) [1] | |
1696–1699 | Pieterburen (tsintwurdich yn Mensingeweer) | Dorpskerk | I | 8 | Yn 1901 nei de herfoarme tsjerke fan Mensingeweer ferhûze; kast, prospekt en seis registers bewarre; hjoeddedei I/p/9; yn 2010–2011 restaurearre troch Mense Ruiter. | |
1699 | Grins | Lutherske tsjerke | II/p | 16 | Yn 1896 troch nijbou fan de firma Petrus van Oeckelen ferfongen; yn 2017 rekonstruearre troch Bernhardt Edskes. | |
1695–1699 | Achim | St. Laurentius | II/P | 24 | Kosten fan de bou 800 ryksdaalders, ôfbraak nei in beslút fan de tsjerkeried fan 1888. | |
1699 | Ganderkesee (D) | St. Cyprian und Cornelius | II/p | 16 | Kast, prospekt en njoggen registers bewarre; hjoeddedei II/P/22; yn 2005 restaurearre troch Heiko Lorenz. | |
1698–1700 | Stettin (D) | Jakobskathedrale | III/P | 46 | Foltôging fan it wurk fan Matthias Schurig nei syn dea yn 1697; yn 1944 ferneatige. | |
1698–1700 | Magdeburg (D) | Sankt-Ulrich-und-Levin-Kirche | III/P | 49 | Yn 1899 troch nijbou fan Wilhelm Rühlmann ferfongen. | |
1699–1700 | Dargun (D) | Schlot Dargun | II/P | 22 | Yn 1945 ferneatige | |
1699–1701 | Buxtehude (D) | St. Petri | III/P | 36 | Yn 1853 troch bliksemynslach yn de toer ferlern gien; 25 pipen bewarre, dy't yn de nijbou fan Furtwängler (1859) yntegrearre waarden. | |
1700–1701 | Uithuizen | Jacobikerk | II/P | 28 | Kast, 18 registers folslein en trije oare registers foar in part bewarre; yn 1987 en 2000-2001 restaurearre troch Bernhardt Edskes. | |
1701 | Moreira (Maia) (Portugal) | Kleastertsjerke San Salvador | II | 12 | Kast en 11 registers bewarre; yn de jierren 2000–2001 restauraasje troch Georg Jann en Christoph Metzler. | |
1699–1702 | Clausthal-Zellerfeld (D) | St.-Salvatoris-Kirche | III/P | 55 | Kast bewarre; yn 1912 binnenwurk ferfongen; 1969-1970 nijbou troch Karl Schuke (II/P/27). | |
1700–1702 | Grins | Academiekerk (tsjintwurdich yn Der Aa-tsjerke) | III/P | 32 | Yn 1815–1816 nei de Der Aa-tsjerke ferhûze; kast, prospekt en likernôh 13 registers fan Schnitger bewarre; tsien âlde registers troch Schnitger oernommen; hjoeddedeie III/P/40; yn de jierren 1997–2011 ferwidering troch Oargelmakkerij Reil. | |
1702– | Jork (D) | St. Martini | II/P | 34 | Kast bewarre. | |
nei 1702 | Kiel (D) | Slot fan Kiel | II | 19 | Yn 1838 ferbaarnd | |
1704 | Eenum | Dorpskerk | I | 10 | Kas, prospekt en fiif registers hielendal en twa foar in part bewarre; tsjintwurdich I/p/10; yn 1987 restaurearre troch Reil. | |
1704 | Godlinze | Dorpskerk | II/p(?) | 16 | Yn 1785 ferbouwing troch Albertus Antonius Hinsz yn in ienmanualich wurk (I/p/12); kast, prospekt en sân registers hielendal en fjouwer foar in part bewarre, yn 1986 restaurearre troch Reil en werom brocht yn de steat fan 1785. | |
1705 | Accum (D) | St. Willehad | II/p | 14 | Kas bewarre; tsjintwurdich II/P/14. | |
1706 | Berlyn-Charlottenburg (D) | Slot Charlottenburg (Eosander-Kapelle) | II/P | 26 | It oargel waard yn de Twadde Wrâldkriich foar de feiligens demontearre, mar waard nettsjinsteande dat yn 1944 dochs ferneatige. | |
1707 | Berlyn (D) | St. Sebastian | II/P | 24 | Yn 1773–1774 troch nijbou fan Ernst Julius Marx ferfongen. | |
1706–1708 | Berlyn-Spandau (D) | St.-Nikolai-Kirche | III/P | 40 | Yn de jierren 1845–1846 troch nijbou fan Carl August Buchholz ferfongen. | |
1707–1708 | Hamburch (tsjintwurdich yn Lenzen) (D) | St. Georg, tsjerke fan it St. Jorishospitaal (tsjintwurdich St. Katharinen) | II/P | 27 | Doe't de St. Georgskirche fanwegen brekfalligens troch nijbou op in oar plak yn 1748 ferfongen waard, ferhûze it oargel nei de St. Katharinen yn Lenzen (Elbe); kast foar in part en twa oan trije registers fan Schnitger bewarre, fiif registers fan Hans Scherer de Jongere oernommen; yn 2005–2007 troch Reinhard Hüfken restaurearre. | |
1707–1708 | Hamburch-Ochsenwerder (D) | St. Pankratius | II/P | 30 | Kast, prospekt en fiif oant alve registers bewarre; tsjintwurdich II/P/24; yn 1966 nijobu troch Rudolf von Beckerath mei gebrûk fan de registers fan Schnitger. | |
1707–1709 | Flensburg (D) | Nikolaikirche | III/P | 42 | Ferbouwing en fergrutting fan in oargel fan Nikolaas Maas (1604–1609); yn 1922 troch nijbou fan Wilhelm Sauer ferfongen; yn 2009 achter it histoaryske front rekonstruearre. | |
1709–1710 | Weener (D) | Evangelisch-reformierte Kirche | II/p | 22 | Kas en seis registers bewarre; tsjintwurdich II/P/29; yn 1972–1978 troch Hendrik Jan Vierdag en yn 1978–1983 troch Jürgen Ahrend restaurearre. | |
1710–1711 | Pellworm (D) | Alte Kirche | II/P | 24 | Kast en alve registers (hielendal of foar in part) bewarre; yn 1987–1989 restaurearre troch de bruorren Hillebrand. | |
1710–1711 | Snits | Martinytsjerke | III/P | 36 | Kast, prospekt en fjouwer registers hielendal of foar in part bewarre; yn 1988 restaurearre troch Bakker & Timmenga. | |
1711 | Ferwert | Sint-Martinustsjerke | II/P | 26 | Yn 1872 troch nijbou fan de bruorren Adema hast folslein ferfongen; fiif registers fan Schnitger bewarre. | |
1712 | Lissabon, Portugal (tsjntwurdich yn Mariana (Brazylje)) | Fransiskaanske tsjerke | II/p | 19 | Nei alle gedachten troch Schnitgers meiwurker Heinrich Hulenkampf boud; yn 1752 ferhûze nei de katedraal fan Mariana nei Brasylje; kast, prospekt, 14 registers hielendal en twa foar in part bewarre. Yn 1984 troch Rudolf von Beckerath en yn 2001 troch Bernhardt H. Edskes restaurearre. | |
1710–1713 | Abbehausen (D) | St. Laurentius | II/P | 24 | Kast, prospekt en trije registers yn de nijbou fan Alfred Führer (1962) bewarre. | |
1712–1714 | Hamburch (D) | Haadtsjerke St. Michaelis | III/P | 52 | Yn 1750 troch in tsjerkebrân nei bliksemynslach ferlern gien. | |
1713–1714 | Lier (D) | Lutherkirche | II/p | 18 | Yn 1795 troch nijbou fan Hinrich Just Müller ferfongen. | |
1714–1716 | Rendsburg (D) | Christkirche | II/P | 29 | Kast en fjouwer registers yn de nijbou fan Karl Schuke yn 1973 bewarre; hjoeddedei IV/P/51. | |
1715–1716 | Faro (Portugal) | Katedraal | II/p | 22 | Mooglik troch Schnitger's meiwurker Heinrich Hulenkampf boud; nei skea troch de ierdskodding fan 1767 ferboud en fergrutte; in grut part fan it front, acht registers hielendal en trije foar in part bewarre; yn 1972–1973 troch Dirk Andries Flentrop en yn 2006 troch Dinarte Machado restaurearre. | |
1715–1719 | Itzehoe (D) | St. Laurentii | III/P | 43 | Troch Lambert Daniel Kastens foltôge; yn 1948 troch nijbou ferfongen, kast en prospekt bewarre; hjoeddedei IV/P/58. | |
1719–1721 | Swol | Grutte Tsjerke | IV/P | 64 | Troch de soannen Franz Caspar Schnitger en Johann Georg Schnitger foltôge; kast en in grut part fan Schnitger's registers bewarre; sûnt 2008 fasearre restauraasje. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Arp Schnitger
|