Springe nei ynhâld

Lübeck

Ut Wikipedy
Lübeck
De Holstentor, it ferneamde stedspoarte fan Lübeck.
De Holstentor, it ferneamde stedspoarte fan Lübeck.
Symboalen
Bestjoer
Lânflagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Sleeswyk-Holstein
KreisKreisfreie Stadt
Stedsyndieling10 stedsdielen mei 35 Stadtbezirken
Sifers
Ynwennertal217.061 (31.12.2023)
Oerflak214,19 km²
Befolkingsticht.1.013 ynw./km²
Hichte13 m
Oar
Postkoade23552–23570
Offisjele webside
www.luebeck.de
Kaart
Lübeck (Sleeswyk-Holstein)
Lübeck

De Hânzestêd Lübeck is in kreisfreie Stadt oan 'e mûning fan 'e Trave yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It hat ien fan 'e grutte havens fan Dútslân. It wie iuwenlang de 'haadstêd' fan it Hânzebûn ("Keninginne fan de Hânze") en waard út reden fan syn goatyske bakstienarsjitektuer ynskreaun yn 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Haven fan Travemünde.

Lübeck leit yn 'e Noard-Dútske Leechflakte oan 'e ûnderrin fan 'e Trave, in befarbere rivier dy't likernôch 17 kilometer fan it âlde stedssintrum yn it stedsdiel Travemünde yn 'e Eastsee útmûnet. It stedssintrum leit op in hichte tusken de rivieren de Trave en de Wakenitz. Dêrnjonken trochsnijt it Elbe-Lübeckkanaal it stedsgebiet fan Krummesse ôf oant de Trave. It lânskip fan 'e omjouwing heart by it Schleswig-Holsteinisches Hügelland en waard foarme yn 'e lêste iistiid. De geografyske lizzing oan 'e Trave, dy't flak foar Travemünde troch de Baltyske lânrêch hinne brekt, wie in grut foardiel foar de ûntwikkeling fan 'e stêd as Eastseehaven en ferklearre de rappe groei ta in Noard-Europeesk machtssintrum yn 'e midsiuwen.

Oarsprong en iere skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Lübeck komt fan 'e Slavyske (Polabyske) delsetting Liubice ("delsetting fan it neiteam fan L'ub"), dy't healwei de 11e iuw foar it earst neamd waard. Nei de ferneatiging fan dat Ald-Lübeck stifte greve Adolf II fan Schauenburg en Holstein yn 1143 op it hjoeddeistige eilân Buku de earste Dútske havenstêd oan 'e Eastsee. De stêd groeide fluch, krige yn 1160 it Soester stedsrjocht en yn 1163 ferhûze it bisdom fan Oldenburg nei Lübeck. Yn 1226 ferliende keizer Freark II Lübeck de Reichsfreiheitsbrief, wêrtroch't Lübeck in frije ryksstêd (reichsunmittelbare Stadt) waard.

Troch syn geunstige lizzing ûntwikkele Lübeck him ta de "Keninginne fan de Hânze". Hoewol't de Hânze gjin skreaune grûnwet hie dy't Lübeck de lieding joech, fertsjinne de stêd dy posysje troch syn ekonomyske en militêre oerwicht:

Lübeck, 13e iuw.
  • 1227 (Slach by Bornhöved): Lübeck focht mei yn in koälysje dy't de Deenske hegemony oer de Eastseekust briek.
  • 1249: De stêd foel Stralsund oan om syn hannelsposysje yn hjerring feilich te stellen.
  • 1259: Lübeck, Wismar en Rostock sletten in bûn foar feilige hannel, de basis foar it Wendyske stêdebûn. Ek mei Hamburch (1241) en Visby (1280) waarden wichtige ferbûnen sletten.

De stêd waard it sintrum foar de hannel tusken East- en West-Europa, benammen troch it Lüneburger sâlt dat nedich wie foar it ynmeitsjen fan hjerring, en de hannel mei it Easteuropeeske Novgorod (hannel yn pels). Yn 1293 wist Lübeck de konkurrint Visby definityf te ferslaan yn 'e hannel mei Novgorod.

Yn 1356 fûn de earste algemiene Hânzedei yn Lübeck plak. Mei de Frede fan Stralsund (1370) waard de stêd machtiger as ea. De rol fan Lübeck as liedende hannelsmacht yn 'e Eastsee krige yn it earste fearn fan 'e 16e iuw hieltyd mear lêst fan Nederlânske keaplju, dy't it steapelrjocht fan Lübeck omsylden en streekrjocht nei de stêden yn it eastlike part fan 'e Eastsee farden.

Nei de mislearre militêre aventoeren fan boargemaster Jürgen Wullenwever yn it Greveskeel (1534–1535) wie it mei Lübeck as grutmacht definityf dien. De lêste Hânzedei fûn plak yn 1669.

Nije tiid (17e oant 19e iuw)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De stêd yn 1750.

Yn 'e Tritichjierrige Kriich bleau Lübeck neutraal en yn 1629 waard dêr de "Frede fan Lübeck" tekene. Nei deein fan it Hillige Roomske Ryk yn 1806 waard Lübeck in soevereine steat, mar waard fan 1806 oant 1813 beset troch de Frânsen ûnder Napoleon. Yn 1815 waard de stêd as Freie und Hansestadt Lübeck lid fan it Dútsk Bûn. Mei de oprjochting fan it Dútske Keizerryk yn 1871 ferlear de stêd syn folkerjochtlike soevereiniteit. Yn 'e lette 19e iuw sette de yndustrialisaasje yn en groeide de stêd bûten syn histoaryske grinzen.

Ynterbellum en de Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Frije Hânzestêd Lübeck.

De Novimberrevolúsje fan 1918 ferrûn yn Lübeck sûnder grutte ûnrêst en yn 1920 krige de stêd in demokratyske grûnwet. Yn 'e jierren 1930 feroare it politike klimaat fluch; yn 1933 twongen de nasjonaalsosjalisten de demokratyske ried ta ôftreden. De nazy's stelden it hiele stedsbestjoer, de plysje en de amtners fuortendaliks ûnder de nasjonaalsosjalistyske kontrôle en alle oare politike partijen waarden bûtensluten. Politike tsjinstanners waarden oppakt; de lettere bûnskânsler Willy Brandt wist te ûntkommen troch te flechtsjen nei Skandinaavje. Troch de Groß-Hamburg-wet ferlear Lübeck yn 1937 syn 711 jier âlde territoriale selsstannigens en waard it ûnderdiel fan 'e Prusyske provinsje Sleeswyk-Holstein.

Yn 'e nacht fan 28 op 29 maart 1942 waard Lübeck it doel fan 'e Britske Royal Air Force. It wie it earste grutte flaktebombardemint op in Dútske grutte stêd. De tichtbeboude, midsiuwske binnenstêd waard folslein yn 'e jiske lein en dêrby foelen 320 deaden, waarden mear as 3.000 gebouwen ferneatige (wêrûnder de Marienkirche, de Petrikirche en de Dom) en rekken oant 30.000 minsken dakleas.

De baarnende binnenstêd fan Lübeck yn 1942.

Yn 'e maitiid fan 1942 waarden trije katolike preesters (Johannes Prassek, Eduard Müller en Hermann Lange) en in protestantske dûmny (Karl Friedrich Stellbrink) oppakt mei nochris 18 katolike leken fanwegen harren krityske hâlding foar de nasjonaalsosjalisten oer. De fjouwer geastliken waarden yn 1943 foar it harkjen nei fijannige stjoerders en lânferried feroardiele en ûnthalze. Se wurde hjoed-de-dei as de Lübecker martlers betocht.

Op 2 maaie besetten Britske troepen de stêd. Generaal-majoar Kurt Lottner hie foarkommen dat de brêgen en kaaimuorren opblaasd waarden, wêrtroch't fierdere ferneatiging útbleau. In dei letter, op 3 maaie, bombardearren de Alliearden by fersin it skip de Cap Arcona yn 'e Bocht fan Lübeck, wêrby't tûzenen finzenen út konsintraasjekampen om it libben kamen. Op 4 maaie folge de kapitulaasje fan 'e Dútske troepen yn Noardwest-Dútslân.

Nei-oarlochske tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1946 waard Lübeck ûnderdiel fan 'e nije dielsteat Sleeswyk-Holstein. Troch de Dútske dieling rekken de bannen mei it Mecklenburchske efterlân trochsnien, mar de haven fan Travemünde groeide út ta in wichtige ferbining mei Skandinaavje. Sûnt de Dútske feriening yn 1990 is Lübeck wer it ekonomyske en kulturele sintrum foar de hiele regio, ynklusyf West-Mecklenburch.

Kaart fan Lubeck.
Oerflak en befolking fan 'e tsien Stadtteile fan Lübeck (2024)[1]
Stadtteiloerflak (km²)ynwennertal
01Binnenstêd2,214.356
02St. Jürgen61,945.993
03Moisling13,411.100
04Buntekuh4,911.642
05St. Lorenz-Süd2,915.800
06St. Lorenz-Nord27,943.537
07St. Gertrud26,542.501
08Schlutup8,45.708
09Kücknitz24,618.616
10Travemünde41,313.903
Hânzestêd Lübeck214,2223.156
Stadtteile en Stadtbezirke
Stadtteile en Stadtbezirke

It stedsgebiet fan Lübeck is sûnt 1972 ferdield yn tsien Stadtteile. De Stadtteile binne wer yn 35 Stadtbezirke ferdield.

Keunst en kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Holstenpoarte.
An der Obertrave.
  • St. Annen-Kleaster
  • Buddenbrookhaus
  • Günter Grass-Haus
  • Industriemuseum Geschichtswerkstatt Herrenwyk
  • Kultuerforum Burgkleaster mei Museum foar Archeology
  • Museum
  • Teaterfiguren Museum
  • Museum foar Natuer en Miljeu
  • Museum Holstentor
  • Katarinatsjerke

Berne yn Lübeck

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske ôfbylden fan Lübeck

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hansestadt Lübeck, Statistische Nachrichten 66 (2025); Bevölkerung mit Hauptwohnsitz in Lübeck (Basis: Melderegister am 31.12.2024) https://bekanntmachungen.luebeck.de/dokumente/d/1854/inline

Sleeswyk-Holstein Flagge fan Sleeswyk-Holstein
Landkreise

Dithmarschen - Herzogtum Lauenburg - Noard-Fryslân - Ostholstein - Pinneberg - Plön - Rendsburg-Eckernförde - Sleeswyk-Flensburch - Segeberg - Steinburg - Stromarn

Kreisfreie Städte

Flensburch - Kiel - Lübeck - Neumünster

· · Berjocht bewurkje