Bremen
Bremen | ||
riedhûs mei domtsjerke | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Bremen (dielsteat) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 546.525 (2013) | |
Oerflak | 325,42 km² | |
Befolkingsticht. | 1.679,4 km² | |
Hichte | 11,5 m. boppe seenivo | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 5' NB, 8° 48' EL | |
Offisjele webside | ||
www.bremen.de |
- Dizze side giet oer de stêd yn noardlik Dútslân. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bremen (betsjuttingsside).
Bremen is in stêd yn Noard-Dútslân dy't tegaearre mei Bremerhaven de dielsteat Frije Hânzestêd Bremen foarmet. De stad hat sa'n 540.000 ynwenners (2004). De stêd bestiet út 5 distrikten (Stadtbezirke) mei 23 stedsdielen
Bremen stêd leit oan beide kanten fan de Wezer, de rivier dêr't de âlde hânzestêd wierskynlik har bestean te tankjen hat. De rivier ferbredet him just foarby de stêd en makket de stêd berikber foar seeskippen. De havenaktiviteiten binne tsjintwurdich benammen yn Bremerhaven, dat 60 km noardliker en fuort oan see leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Bremen.
Bremen waard foar it earst neamd yn 782. Fiif jier letter stifte Karel de Grutte der in bisdom en waard de stêd in stipepunt foar de kerstening fan Noard-Europa. Yn 1260 sluet de stêd him foar de earste kear oan by de Hânze, mar skelen mei oare hânzestêden makken dat Bremen oan trije kear ta út it ferbûn setten waard. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard Bremen by loftbombardeminten foar mear as de helte ferwoastge.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme fan Bremen is ferbûn oan it mearke fan de Bremer stedsmuzikanten. De muzikanten wurde mei in stânbyld eare. In oar symboal fan de stêd is de figuer Roland, waans stânbyld út 1404 de frijheid fan de stêd symbolisearret. Beide bylden stean foar it riedshûs, in wichtich goatysk bouwurk út deselde perioade mei in fasade yn de styl fan de Wezerrenêssânse. It Roland-byld en it âlde riedshûs steane sûnt 2004 tegearre op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. It riedshûs wurdt tsjintwurdich brûkt troch it dielsteatsregear. In oar goatysk (fan oarsprong romaansk) bouwurk is de domtsjerke fan Bremen.
Bremen hat in fleanfjild (sûnt 1920), in universiteit (sûnt 1970) en in fuotbalstadion (Weserstadion) fan fuotbalklub Werder Bremen. De grutste private wurkjouwer yn de stêd is autofabrikant Daimler.
Keunst en kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Museums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kunsthalle Bremen
- Neues Museum Weserburg Bremen
- Paula Modersohn-Becker Museum
- Focke-Museum
- Schloss Schönebeck
- Hafenmuseum
- Überseemuseum
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Berne yn Bremen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ernst Hoppenberg (26 july 1878), swimmer
- Edith Kortkampf (22 septimber 1888), Feministe
- Karl Carstens (14 desimber 1914), West-Dútske Bûnspresidint
- Bert Trautmann (22 oktober 1923), fuotbalkeeper
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bremen fan Wikimedia Commons. |