Skiednis fan Bremen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Frije Hânzestêd Bremen 1815-1939 (338.846 ynwenners yn 1925)

Dizze side beskriuwt de skiednis fan Bremen, sawol de stêd Bremen as ek de Dútske dielsteat Bremen.

Yn de earste fiif iuwen foar de jiertelling ûntjoech him in tydlike folksgroep yn it gebiet yn en om Bremen hinne, dêr't hjoed de dei net sa'n protte oer bekend is, de Sjauken. Wierskynlik binne de Sjauken letter opgien yn de Fryske en it Saksyske stammen.

Yn de tiid fan de kerstening fan it noarden fan Jeropa stjoerde Karel de Grutte de misjonaris Willehad yn 780 nei it lân oan de Wezer. Yn 782 neamde Willehad de stêd Bremen yn ien fan syn skriften. Troch syn plak oan de Wezer waard Bremen al gau in omslachhaven foar Fryske hannelers. Yn it jier 787 wurdt troch Karel de Grutte it bisdom Bremen stifte. It bisdom groeit út ta in aartsbisdom en bliuwt oant 1648 bestean.

Fan de earste stedsmuorren en wâlen fan 1032 en 1157 wie om 1229 in slutende stedsmuorre – de "murus civitatis" – wurden. Yn de midsiuwen wie de stêd in hânzestêd en it gebiet letter in geastlik foarstedom dat grutte dielen fan it gebiet tusken Wezer en Elbe omklamme.

Yn de jierren 1158, 1185 en 1240 fernielden stedsbrannen grutte dielen fan de stêd. Lykwols wennen yn de earste helte fan de 13e iuw tusken de 10.000 en 15.000 minsken yn Bremen.

Bremen wie fjouwer kear lid wurden fan de Hânze:

  • 1260–1285
  • 1358–1427
  • 1438–1563
  • 1576–1669

De stêd koe it net rjocht lykfine mei de swakke hâlding fan de Hânze foar de seerôvers oer. Dêrneist woe Bremen syn bân mei de Friezen yn Bûtjadingen goed hâlde om sa de macht oer it gebiet by de mûning fan de Wezer te krijen.

Bremen woe in frije Ryksstêd wurde, mar krige dy status pas yn 1646 (Linzer Diplom). De Wezer ferbûn de stêd Bremen mei de Noardsee en sa wie de stêd twongen om de skipfeart oer de rivier yn it gebiet Rjustringen feilich te stellen tsjin Fryske haadlingen en it greefskip Aldenboarch. Yn it jier 1424 krige Bremen in slimme tebeksetter doe't in ferbûn fan Fryske haadlingen de macht yn Rjustringen wer oernamen. Dêrop ûntstie politike ûnrêst yn de stêd. Der waard in nije stedsrie keazen en de boargemaster flechte yn 1425 út de stêd en mobilisearre de Hânze, dy't Bremen yn 1427 út it bûn smiet. Yn 1428 krige de stêd in nij stedsrjocht.

Alde kaart fan Bremen tusken 1572 en 1618.

Fan 1452 ôf hie de greve Gerd fan Aldenboarch ynfloed op de hannel troch lân- en seerôf. Yn 1464 ferlear Bremen mei syn Fryske bûnsmaten in slach tsjin Aldenboarch, wêrnei't greve Gerd besocht de stêd oan te fallen. Pas yn 1474 kaam de tsjinoanfal mei help fan oare foarsten en stêden, úteinlik waard de oarloch tsjin de greve fan Aldenboarch wûn yn it jier 1482.

Om 1500 wienen de omstannichheden gâns better foar Bremen en syn hannel. De stêd koe him yn deselde wer fierder útwreidzje nei it noarden ta. It Fryske Stedingen, Bûtjadingen, Lân Wurden en Lân Woersten waarden yn dy tiid ûnderdiel fan Bremen.

It foarstedom kaam by de Frede fan Münster yn 1658 by Sweden en waard letter ûnderdiel fan it Keninkryk Hannover. De stêd koe him as frije Ryksstêd binnen it Hillige Roomske Ryk fierder ûntjaan. Troch tichtslykjen fan de Wezer waard it ferlet fan nije havens grutter. Sa ûntstienen de havens yn it noarden fan de stêd en los dêrfan de stêd Bremerhaven.

By it Kongres fan Wenen yn 1815 waard Bremen as ûnôfhinklike steat erkend. Yn itselde jier waard Bremen lid fan it Dútske Bûn, yn 1867 fan it Noard-Dútske Bûn en yn 1871 waard Bremen ûnderdiel fan it Dútske Keizerryk. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden Bremen en Bremerhaven brûkt as haven foar de Amerikaanske strydkrêften en foarme sa in Amerikaanske enklave yn de Britske besettingssône. Sa koe Bremen syn status as selsstannige dielsteat hâlde.