Lân Woersten

Ut Wikipedy
De Fryske Seelannen om 1300 mei Lân Woersten rjochts.
Wapen fan Lân Woersten
Lizzing fan de Samtgemeinde Lân Woersten yn Landkreis Cuxhaven

It Lân Woersten is in histoarysk gebiet tusken Bremerhaven en Cuxhaven. Yn it jier 1517 ferlear it Lân Woersten syn Fryske frijheid. Yn de Slach by it Wremer Djip fan dat jier sneuvele flaggedraachster Tjede Peckes. Sawat oant 1700 ta hawwe de Woerstfriezen dêr noch (foar in part) Woerstfrysk praat. Dêrnei waarden it Platdútsk en foaral it Heechdútsk de talen yn it Lân Woersten.

Oant 1 jannewaris 2015 heart dizze histoaryske regio by de Samtgemeinde Land Wursten yn de Landkreis Cuxhaven. De Samtgemeinde Land Wursten waard op 1 maart 1974 foarme en bestiet út de sân gemeenten Cappel, Dorum, Midlum, Misselwarden, Mulsum, Padingbüttel en Wremen. Op 1 jannewaris 2015 waarden de gemeenten mei de gemeente Nordholz gearfoege ta de nije ienheidsgemeente Woerster Noardseekust. It toerisme is fan grutte betsjutting yn it Lân Woersten. Yn Wremen en Dorum binne der treinhaltes op de spoarferbining Bremerhaven-Cuxhaven.