Cuxhaven (stêd)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Cuxhaven
Kugelbake, it symboal fan Cuxhaven
Kugelbake, it symboal fan Cuxhaven
Sifers
Ynwennertal 48.325 (31-12-2013)
Oerflak 161,91 km²
Befolkingstichtens 300 / km²
Hichte 3 m
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Distrikt Cuxhaven
Boargemaster Ulrich Getsch (partijleas)
Oar
Postkoade 27472–27478
Tiidsône CET(UTC+1)
Simmertiid (UTC+2)
Koördinaten 53°51´40´´N 08°41´40´´E
Webside www.cuxhaven.de
It Wapen fan Cuxhaven
Lizzing fan Cuxhaven yn de distrikt Cuxhaven
Slot Ritzebüttel
Alde wettertoer
Hamboarger fjoertoer
Tsjerke yn Altenbruch
Loftfoto fan de stêd mei haven

Cuxhaven is in havenstêd yn de Dútske dielsteat Nedersaksen oan de Noardsee by de mûning fan de Elbe. It is de haadstêd fan de lykneamde distrikt Landkreis Cuxhaven. De stêd telt sa'n lytse 50.000 ynwenners. De stêd hat in wichtige fiskerijhaven en fiskerswerf en hat in haventsjinst foar Hamboarch en it Noard-Eastseekanaal. De stêd hat ek in feartsjinst nei Hilgelân en nei Harwich yn Ingelân. Fierder is it toerisme wichtich foar de stêd, benammen de stedsbuorren Duhnen, Döse en Sahlenburg binne populêre bestimmings foar toeristen. Ek wurdt der wol waadrinnen organisearre nei it eilân Neuwerk, dat by Hamboarch heart, sa'n 13 km benoardwesten fan Cuxhaven yn de Noardsee. De stêd en syn foarrinner, de flek Ritzebüttel hearde fan de 13e iuw oant 1937 by Hamboarch. De fjoertoer de Kugelbake is it symboal fan Cuxhaven en stiet op it punt wêr de mûning fan de Elbe begjint. It stiet ek yn it wapen fan de stêd.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme komt fan it Nederdútske wurd koog (keach), dat in yndike part fan in lân betsjut. De flek Ritzebüttel, dat no in part fan de stêd is, hearde by it Hodelerlân, in eksklave fan it Hartochdom Saksen en letter nei de splitsing dêrfan yn 1296 fan it hartochdom Saksen-Lauenburg. Yn 1394 naam de Hânzestêd Hamboarch it Slot Ritzebüttel yn om de mûning fan de Elbe feilich te stellen. Op 4 desimber 1872 waarden de doarpen Ritzebüttel en Cuxhaven gearfoege ta it nije plak Cuxhaven. Oan'e ein fan de 19e iuw waard it plak in wichtige haven en krige in direkte spoarferbining mei Hamboarch. Op 15 maart 1907 krige it stedsrjochten yn de steat Hamboarch. Yn 1937 waard it in frije stêd yn de distrikt Stade yn de Prusyske provinsje Hannover neffens it Grut-Hamboarch Wet. Yn 1972 waarden in stikmannich gemeenten út it buordistrikt Hodelerlân by Cuxhaven tafoege. Yn 1977 ferlear de stêd syn status as frije (Kreisfreie Stadt) stêd en fúsearre mei de buordistrikten Hodelerlân en Wesermünde ta de nije distrikt Cuxhaven, wêrby de stêd de haadstêd fan it nije distrikt waard. De stêd krige lykwols de spesjale status fan Große Selbständige Stadt, wêr't yn Nedersaksen sân stêden fan binne.

Hjoeddeiske stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd bestiet út de folgjende wiken en buorren:

  • Cuxhaven mei:
    • Ritzebüttel
    • Musikerviertel
    • Lotsenviertel
    • Dobben
    • Lehfeld
    • Grimmershörn
  • Altenbruch
  • Altenwalde
  • Arensch
  • Berensch
  • Döse
  • Duhnen
  • Groden
  • Holte-Spangen
  • Lüdingworth
  • Sahlenburg
  • Stickenbüttel
  • Süder-/Westerwisch

De stêd is mei Bundesautobahn 27 ferbûn mei Bremerhaven en Bremen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Slot Ritzebüttel
  • Kugelbake
  • Hamburger Leuchtturm (Hamboarger fjoertoer)
  • Fischereimuseum Cuxhaven (Fiskerijmuseum Cuxhaven)
  • Fort Kugelbake, in festing út de twadde helte fan de 19e iuw
  • Stadtmuseum
  • U-Boot-Archiv
  • Wrackmuseum, dêr't wrakken fan sonken skippen útstald binne.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]