Hamboarch

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frije Hanzestêd Hamburch
Flagge Wapen
Flagge fan Hamburch Wapen fan Hamburch
Lokaasje yn Dútslân
Lokaasje fan Hamburch
Basisgegevens
Haadstêd Hamburch
Oerflakte 755,264 km²
Befolking 1.760.322 (30 juny 2007)
Befolkingstichtens 2.330 ynw./km²
Distrikten
Distrikten van Hamburch

De Frije Hânzestêd Hamburch (Nedersaksysk: Hamborg) is in stêd en metropoal yn Dútslân. De stêd leit oan de rivier de Elbe en is de op ien nei grutste stêd yn it lân en de wichtichste havenstêd. De stêd makket sels gjin part út fan in Dútske dielsteaten, mar foarmet in dielsteat op himsels. Binnen de offisjele grinzen wenje 1,7 miljoen minsken en yn de neistlizzende stêdlike gebieten wenje nochris sa'n 750.000 minsken.

Hamburch hat ferskate foarmen fan yndustry en der binne ferskate wittenskiplike ynstellings, ûnder oaren in universiteit en it Max-Planck-Ynstitút. De stêd hat in metro, en der is ek in fleanfjild: Hamburch Airport. De Alte Elbtunnel (1911) wie de earste tunnel op it Jeropeeske kontinint. Sankt Pauly is in ferneamd útgongssintrum.

De measte histoaryske gebouwen fan Hamburch binne yn de Twadde Wrâldkriich ferwoaste by it bombardemint fan Hamburch.

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne twa profesjonele fuotbalklups yn Hamboarch, Hamburger SV (spilet yn de HSH Nordbank Arena) en FC St. Pauli (spilet yn it Millerntor-Stadion). HSV Hamburg spilet yn de earste Bundesliga.

Yn 2006 wie Hamboarch ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Hamboarch – foto, fideo en harktriemmen
 
Dútslân
Flagge fan Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen