Berlyn

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Berlyn
BrandenburgGate FrontatNight June 2004.jpg
Sifers
Ynwennertal 3.543.676 (2012)
Oerflak 891,85 km²
Befolkingstichtens 3.869 km²
Hichte 24-115 m. boppe seenivo
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Berlyn
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 31' NB, 13° 25' EL
Webside www.berlin.de
Plak fan Berlyn yn Dútslân en Europa.
Reliëfkaart fan Berlyn.

Berlyn (Dútsk: Berlin) is de haadstêd fan Dútslân en fan de stêdsteat en dielsteat Berlyn. It is de grutste stêd fan it lân mei likernôch 3,54 miljoen ynwenners. Berlyn is ek ien fan de grienste stêden yn Jeropa: 18% fan Berlyn bestiet út natoer en parken en 7% út marren, rivieren en kanalen.

De stêd leit oan de rivier de Spree en om de stêdsteat hinne leit de dielsteat Brandenboarch, dêr't Berlyn yn 1920 troch de Groß-Berlin-Gesetz fan ôfskieden waard. De stêd wie eartiids haadstêd fan Prusen (1701–1918), it Dútske Keizerryk (1871–1918), de Weimarrepublyk (1919–1933) en nazi-Dútslân (1933–1945). Nei de Twadde Wrâldkriich wie Berlyn mear as fjirtich jier in dielde stêd mei it eastlike part as haadstêd fan de Dútske Demokratyske Republyk en West-Berlyn as in stik West-Dútslân yn East-Dútslân. Nei't de beide Dútslannen yn 1990 wer byinoar kamen waard Berlyn de haadstêd fan de Bûnsrepublyk Dútslân.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berlyn leit yn it easten fan Dútslân, sa likernôch 70 kilometer fan de grins mei Poalen en grinzet rûnom oan de dielsteat Brandenburch. De stêd leit oan de iggen fan de rivier de Spree, dy’t by it meast westlike stedsdistrikt útmûnet yn de Havel. De Havel streamt fan noard nei súd troch West-Berlyn en, en kruzet dêrby de Tegeler See en de Großer Wannsee. De grutste mar fan Berlyn leit lykwols oan de eastkant fan de stêd: de Großer Müggelsee mei in oerflak fan 7,4 km².

Mei in oerflak fan 891,82 km², wêrfan 19 prosint bosk en 6,7 prosint wetter, is Berlyn ien fan de grienste en grutste stêden ta wrâld. Om de stêd hinne lizze ferskate foarstêden dy’t in lanlik gebiet lizze.

De 114 meter hege Große Müggelberg is de grutste natuerlike hichte fan Berlyn en leit yn it distrikt Treptow-Köpenick. De Teufelsberch yn it distrikt Charlottenburg-Wilmersdorf is ek 114 meter heech en is ûntstien troch púnresten fan de Twadde Wrâldkriich. It djipste punt fan it stedsgebiet (32 meter) leit yn de markrite yn it súdwesten fan de stêd.

Stedsdistrikten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berlyn is, lykas Hamburch en Bremen, in dielsteat (Bundesland) op himsels. It regear wurdt foarme troch de senaat, dy't in Regierender Bürgermeister en acht senatoaren hat. De leden fan it regear wurde keazen troch it parlemint fan Berlyn, it Abgeordnetenhaus. De sit fan de boargemaster en de senaat is it Rotes Rathaus tichtby de Alexanderplatz.

Elts district hat in eigen boargemaster (Bezirksbürgermeister). De boargemasters fan de distrikten foarmje de Rat der Bürgermeister, dêr't de Regierender Bürgermeister foarsitter fan is. De ried jout advys oan de senaat.

By de bestjoerlike weryndieling fan 1 jannewaris 2001 wie it in oantal distrikten (Verwaltungsbezirke) werombrocht fan 23 nei 12. De 12 hjoeddeistiche distrikten binne:

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei in oerflak fan 891,82 km², wêrfan 19 prosint boskgebiet en 6,7 persint wetter, is Berlyn ien fan de grutste stêden op 'e wrâld. Om dy tichtbefolke stêdskearn leit in foarstêdgebiet mei in lanlik karakter. Grutte marren lykas de Havel, de Wannsee en de Müggelsee binne in part fan de stêdekloft. De stêd leit yn in gebiet mei kontinintale temperatueren; waarme simmers en tuskenbeiden winters. De trochsneed jierlikse temperatuer is 9,1 °C en der binne 2.135 sinneoeren yn it jier (2003).

Gemiddelden Jan. Feb. Mar. Apr. Maa. Jun. Jul. Aug. Sep. Okt. Nov. Des.
Maksimale temperatuer (°C) 2,9 4,2 8,5 13,2 18,9 21,6 23,7 23,6 18,8 13,4 7,1 4,4
Minimale temperatuer (°C) −1,9 −1,5 −1,3 4,2 9,0 12,3 14,3 14,1 10,6 6,4 2,2 −0,4
Reinfal yn (mm) 42,3 33,3 40,5 37,1 53,8 68,7 55,5 58,2 45,1 37,3 43,6 55,3
Reindagen 10,0 8,0 9,1 7,8 8,9 9,8 8,4 7,9 7,8 7,6 9,6 11,4

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedsplattegrûn út 1652.

It gebiet om Berlyn hinne wurdt sûnt de âldheid bewenne. Om 1200 hinne wiene der twa stêden oan de rivier, Cölln en Berlyn. It is net bekend wannear't hja krekt stedsrjochten krigen hawwe, mar foar Berlyn wurde de stêdsrjochten neamd yn 1251 en foar Cölln yn 1261. Yn 1307 hawwe de twa mienskippen besletten de plakken gear te foegjen. Yn 1400 hiene de plakken mei-inoar likernôch 8.000 ynwenners. Fan 1319 ôf waard der lang en bloedich striiden om it gebiet Brandenboarch troch ferskate foarstenhûzen. Yn 1411 freege de befolking help fan de keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1415 waard Frederik fan Hohenzollern troch Rome beneame ta karfoarst fan Brandenboarch; dit wie it begjin fan de 500-jierige hearskippij troch de Hohenzollern-dynasty. Karfoarst Frederik III krige de titel yn 1688, yn 1701 hat er Brandenboarch ta keninkryk ferklearre en tenei hjitte er Frederik I van Prusen. Op 18 jannewaris 1871 ropte Otto von Bismarck it Dútske Keizerryk út mei as haadstêd Berlyn. De ekonomy, dy't besibbe wie mei de Dútske yndustralisaasje waakst rap, hat der oan de ein fan de njoggentsjinde iuw foar soarge dat de stêdske befolking in rappe waakst trochmakke.

Dútske militêren yn de Twadde Wrâldoarloch yn Berlyn mei in FLAK

Efter de ein fan de Earste Wrâldkriich waard yn 1918 yn Berlyn de Weimarrepublyk útroppen. Yn 1920 wiene ferskate stêden en gebieden om Berlyn hinne anneksearre neffens it Groß-Berlin-Gesetz, dat in stêdgemeente Berlyn foarme dy't net langer in part fan Brandenboarch wie. It nije Grut-Berlyn hie doe likernôch 4 miljoen ynwenners. Nei it ta de macht gripen troch de nasjonaal-sosjalisten yn 1933 waard Berlyn de haadstêd fan it Tredde Ryk. De nazi's brûkten yn 1936 de Olympyske Spullen fan Berlyn foar propeganda. Ek wiene de nasjonaal-sosjalisten fan doel Berlyn ta Germaanske wrâldhaadstêd fan it Germaanske Ryk om te bouwen. Dy plannen binne troch it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich net útfierd.

Yn april 1945 foel it Sowjetleger Berlyn yn. Strjitte nei strjitte moast op 'e nazi's ferovere wurde. Tsientûzenen soldaten en boargers ferstoaren. Adolf Hitler die himsels op 30 april 1945 tekoart yn in bunker ûnder Berlyn. In pear dagen letter waard de kapitulaasje fan Dútslân tekene. Berlyn waard nei de Twadde Wrâldkriich beset troch alliearde legers fan Frankryk, Grut-Brittanje, de Feriene Steaten en de Sowjetuny. By de Konferinsje fan Potsdam yn 1945 waard Berlyn, lykas oare parten yn Dútslân, yn fjouwer sektoaren opdiele: in Sowjetsektor, in Amerikaanske sektor, in Britske sektor en in Frânske sektor. Rap nei de ferdieling begûnen Frânske, Britske en Amerikaanske sektor mei elkoar op te arbeidzjen, mar de Sowjetsektor bleau strikt ôfskieden. Sa waard Berlyn it middelpunt yn de Kâlde Kriich. De Sowjetautoriteiten seagen de gearwurking sûnder de Sowjetsektor as it ferbrekken fan it ferdrach fan Potsdam en reagearre op 24 juny 1948 mei it blokkearren fan de oare sektoaren, faaks mei it doel de gânse stêd te anneksearjen. It wie foar de minsken út de oare sektoaren ferbean troch de Sowjetsektor te reizigjen. Om't dy oare sektoaren as in eilân yn de Sowjetsektor fan Dútslân leinen, wie it net mooglik dy sektoaren oer it lân fan goederen te foarsjen. De Feriene Steaten, Frankryk en Grut-Brittanje besleaten doe in loftbrêge yn te stelle: Mei fleanmasinen kamen de goederen te plak. Op 12 maaie 1949 waard de blokkaasje opheft. Maaie 1949 waard de Bûnsrepublyk Dútslân (BRD) stifte, mei fanwege de blokkade fan Berlyn de stêd Bonn as tydlike haadstêd. Yn reaksje waard yn oktober de Dútske Demokratyske Republyk (DDR) stifte. Dy Dútske Demokratyske Repúblyk, East-Dútslân krige in kommunistysk regear en de Sowjetsektor waard as East-Berlyn dêrfan de haadstêd. De trije oare sektoaren krigen in westersk bestjoer. De trije oare sektoaren foarmen mei-inoar West-Berlyn. Hieltyd mear DDR-boargers flechten nei West-Berlyn. Om dy flechtelingestream te stopjen kamen de East-Berlynske autoriteiten ta it beslút yn 1961 om West-Berlyn hinne in grinsôfsetting te bouwen. Yn de nacht fan 13 augustus 1961 waard der in grins om West-Berlyn bout. Al gau wie it stektried net foldwaande, en waard út ein set mei de bou fan in muorre, de Berlynske Muorre. Eltsenien dy't dochs besocht fan East-Berlyn nei West-Berlyn te flechtsjen, waard delsketten. Op dy wize waard West-Berlyn feitlik in eksklave fan West-Dútslân yn East-Dútslân.

Troch politike feroarings yn 1989, waard op 9 novimber 1989 de grins tusken East- en West-Berlyn iepene. Op 3 oktober 1990 waard East-Dútslân offisjeel tafoege oan de Dútske Demokratyske Republyk. Berlyn waard de haadstêd fan it nije Dútslân. Yn 1991 waard it útstel oannaam it regear wer nei Berlyn te ferhúzjen, wat yn 2000 foleinige waard.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tiergarten

Op 31 desimber 2012 wie it ynwennertal fan de stêd Berlyn 3.375.222[1] en wie dêrmei de grutste stêd fan Dútslân. Yn Berlyn en de stêdekloft deromhinne wenje sa'n 4,4 miljoen minsken. It ynwennertal fan de metropoalregio Berlyn/Brandenboarch, dy't yn beide dielsteaten leit, leit om de 5,8 miljoen minsken hinne.

Healwei de 17e iuw wennen der noch in protte minsken yn Berlyn en omkriten. Troch de Tritichjierrige Oarloch rekke Berlyn sawat de helte fan syn ynwennertal kwyt. Nei 1640 binne der ferskillende inisjativen om minsken nei Berlyn ta te heljen, lykas de Hugenoaten út Frankryk. Sa koe it ynwennertal groeie fan 6.000 minsken om 1648 hinne nei sawat 57.000 minsken yn it jier 1709. Yn de jierren dêrnei sette de befolkingsgroei troch, yn 1877 hie Berlyn ien miljoen ynwenners.

De grutste religys wie neffens amtlike feiten yn (2004): 756.800 (22 prosint) Luteraansk, 307.000 (9 prosint) Roomsk-Katolyk, 210.000 (6 prosint) Moslim, 90.000 oare Kristlike tsjerken, 12.000 Joaden, 6.500 Bûdisten. 60 prosint hie gjin religy.

Der wenje mear as 460.000 bûtenlanners út 185 lannen yn 'e stêd: likernôch 117.700 Turken, 40.800 Poalen, 24.800 Servjers, 14.000 Russen, 13.800 Italjaners, 12.600 Amerikanen, 11.500 Frânsen, 11.500 Kroaten, 11.300 Fietnamezen, 10.400 Bosnjers, 10.100 Griken, 9.200 Britten, 8.400 Eastenrikers, 7.900 Libanezen, 5.900 Tay, 5.800 Spanjerts en 5.600 Sinezen. Der binne likernôch 200.000 net registrearre flechtelingen. De wurkleazens by de bûtenlanners is 41,5 prosint.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dikekaart Fleanhavens
Dikekaart fan Berlyn (lofts) en kaart fan lofthavens yn Berlyn (rjochts).

De A10 is de ringwei om sawat it hiele stedsgebiet hinne en is 196 kilometer lang, de sneldyk rint net allinnich troch de stedsteat Berlyn mar ek foar in grut part troch Brandenburch. Troch it stedsgebiet hinne lizze ek in oantal sneldiken lykas de 22 kilometer lange A 100 yn it súdlike stedsgebiet. De A11 (E 26) ferbynt it sintrum mei it noardwestlike diel fan de ringwei, de A 113 ferbynt it sintrum mei it súdeasten, en de A 115 slút yn it súdwesten oan op de ringwei.

Yn 2006 waard Berlin Hauptbahnhof iepene en is it belangrykste stasjon fan de stêd en it grutste krusingsstasjon fan Europa. Berlyn hat ferskillende flugge treinferbiningen mei de belangrykste stêden fan Dútslân en ferskillende oare Europeeske stêden. Yn it stedsgebiet sels leit ek in ferskaat oan regionale spoarferbiningen. Foar it iepenbier ferfiersnetwurk binnen it stedsgebiet binne 15 S-Bahn ferbiningen, 10 U-Bahn ferbiningen, 27 tramferbiningen, 150 buslinen en seis fearboatferbiningen (sjoch ek list mei U-Bahn en S-Bahn stasjons yn Berlyn).

Sûnt de sluting fan de ynternasjonale lofthaven Berlin-Tempelhof yn 2008 is Flughafen Tegel it iennichste fleanfjild binnen it stedsgebiet. It fleanfjild Berlin-Schönefeld leit krekt bûten de stedsteat Berlyn yn de Brandenburchske gemeente Schönefeld. Yn it suden waard op it stuit noch wurke oan it nije fleanfjild Berlyn Brandenburch dat begjin 2015 neffens de planning iepene wurde sil. Mei de iepening fan Berlyn Brandenburch soenen sawol Tegel as ek Schönefeld slute.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadstêd fan Dútslân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prusysk Hearehûs

Foar de stifting fan it Dútske Keizerryk yn 1871 hie Dútslân gjin haadstêd. Yn de praktyk wie Frankfurt am Main de haadstêd fan de foarrinders fan it keizerryk, mar in formeel beslút wie der nea foar nommen. Yn 1871 koe Berlyn haadstêd wurde fan it Dútske Keizerryk, omdat it de haadstêd fan Prusen wie, it wichtichste lân fan it hiele keizerryk. Nei de Twadde Wrâldkriich wie Bonn de haadstêd fan West-Dútslân en East-Berlyn wie de haadstêd fan de DDR.

Bundeskanzleramt
Ryksdei

De earste Dútske Bûnsdei nei de werieniging beslute yn 1991 mei it saneamde “Hauptstadtbeschluss” (haadstêdbeslút), dat Berlyn as Bûnshaadstêd ek sit fan de Bûnsdei en it Bûnsregear wurde soe.

Sûnt 1994 sit it kantoar fan de Bûnspresidint yn it Slot Bellevue yn Berlyn. Yn 1999 waard it grutste part fan it regear fan Bonn nei Berlyn ferhuze. De Bûnsdei (yn it Ryksdeigebou), de Bûnsried (yn it eardere Prusysk Hearehûs) en it Bûnsregear binne doe útein set mei har wurksumheden. Yn it jier 2001 waard it Bundeskanzleramt iepene mei Bûnskânselier Gerhard Schröder as earste bewenner.

Fan de fjirtjin ministearjes (ûnder bewâld fan Merkel II) sitte der acht yn Berlyn, dêrûnder it Auswärtige Amt (Utlânske Saken) dat yn de eardere Ryksbank mei boujier 1934 sit en it Bundesministerium der Finanzen dat yn it eardere Reichsluftfahrtministerium mei boujier 1935 sit. De oare seis ministearjes sitte yn Bonn. Alle ministearjes hawwe yn de oare stêd, dêr’t hja net fêstige binne, in twadde fertsjintwurdiging. Sa hawwe de bûnsministers allegear in wurkplak yn de haadstêd. Dielen fan de bûnsministearjes binne krekt as foar 1991 fêstige yn de eardere bûnshaadstêd (no Bûnsstêd) Bonn. De mearheid fan de amtners, sa’n 9.000 minsken, wurkje yn Bonn. Mear as 140 ambassades en harren diplomatike fertsjintwurdigers sittte yn Berlyn.

Dielsteat Berlyn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prusyske Lândei, hjoed-de-dei it dielsteatparlemint.
Reade Riedshûs (Rotes Rathaus)

Berlyn is krekt as Hamburch en Bremen in dielsteat (Bundesland) op himsels. It regear wurdt foarme troch de senaat, mei dêryn de boargemaster en maksimaal acht senatoaren. De leden fan it regear wurde keazen troch it parlemint fan Berlyn, it Abgeordnetenhaus, dat 141 sitten hat. De boargemaster en senaat húsmanje yn it Rotes Rathaus tichtby de Alexanerplatz.

Berlyn is bestjoerlik yndield yn tolve Verwaltungsbezirke (distrikten). Elk distrikt hat syn eigen Bezirksamt (distriktsbestjoer) mei in Bezirksbürgermeister (boargemaster) en fiif riedsleden. It bestjoer wurdt keazen troch de 55 leden fan de Bezirksverordnetenversammlung (distriktsried) dy’t streekrjocht troch de befolking keazen wurdt. De boargemasters fan de distrikten foarmje de Rat der Bürgermeister, wêrfan de Regierender Bürgermeister foarsitter is. De ried jout advys oan de senaat.

Boargemasters fan de hiele stêd Bertlyn sûnt 1991
  • Eberhard Diepgen (CDU) (24 jannewaris 1991 - 16 juny 2001)
  • Klaus Wowereit (SPD) (16 juny 2001 11 desimber 2014)
  • Michael Müller (11 desimber 2014 - hjoed)

Partnerstêden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berlyn hat mei 17 stêden oer de hiele wrâld partnerskippen.[2] De measte stêdebannen binne relatyf fluch nei de werieniging fan de twa Dútslannen yn 1990 ta stân kommen. Doel fan de partnerskippen is it fersterkjen fan de ekonomy en wittenskip fan Berlyn mei oare wichtige stêden.[2] Dêrneist wolle hja mei de stêdebannen de útwikseling en oanbod fan kultuer befoarderje.

De dielgemeenten fan Berlyn ûnderhâlde sels ek partnerskippen mei oare stêden.

Wapen en flagge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stedswapen (sûnder kroan)

Op it stedswapen is in steande swarte bear ôfbylde. De oarsprong fan it wapen is net dúdlik. Der wurdt grute dat it wapen komt fan Albrecht I, ek wol ‘Albrecht de Bear’ neamd, de persoan dy’t stifter wie fan de Mark Brandenboarch. Der wurdt ek wolris sein dat de bear sjoen wurde moat as in ynterpretaasje fan de stedsnamme, mar dy teory is minder wierskynlik. De âldste oerlevering fan de bear is op in segel út it jier 1280. Iuwenlang moast de bear de segels en wapens diele mei de earnen fan Brandenboarch en Prusen. Pas yn de 20e iuw wûn de bear it fan de earn en ferskynde alsa op it stedswapen.

Op de stedsflagge komt de bear ek nei foarren op in wite eftergrûn mei boppe en ûnder it wite flak in reade baan. De flagge hat twa farianten. De standertflagge, dy’t de ynwenners sûnder bysûnder foarskrift frij brûke meie, en de dielsteatflagge mei in kroan op it wapen. De flaggen waarden formeel yn 1954.

De ferskillende distrikten fan Berlyn hawwe allegear in eigen unyk wapen. Hja brûke de bear lykwols wol yn it wapen as ferbinend elemint.

Ferdivedaasje en kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Alte Nationalgalerie

Bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Olympiastadion

Sport[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Olympyske Simmerspullen fan 1936 waarden yn Berlyn holden en yn 2006 wie Berlyn ien fan de spylstêden fan it WK fuotbal. By it fuotbaljen binne Hertha BSC en de 1. FC Union Berlin de ferneamdste fertsjintwurdigers. Op it mêd fan basketbal is Alba Berlin de bekendste en de Eisbären Berlin is stedsfertsjintwurdiger yn de nasjonale yshockeyliga.

De grutste stadions fan de stêd binne it Olympiastadion mei 74.649 sitplakken,[3] it Stadion An der Alten Försterei mei 21.717 sitplakken, it Friedrich-Ludwig-Jahn-Sportpark mei 19.000 sitplakken, de O2 World mei in maksimale kapasiteit foar 17.000 minsken, it Velodrom mei in maksimale kapasiteit foar 12.000 minsken en de Max-Schmeling-Halle mei 11.900 sitplakken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons Commons: Berlin – foto, fideo en harktriemmen

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Befolkingssifers fan it Amt für Statistik Berlin-Brandenburg as PDF-triem
  2. 2,0 2,1 Städtepartnerschaften, Berlin.de
  3. olympiastadion-berlin.de: Zahlen und Fakten zum Berliner Olympiastadion
 
Berlyn
Flagge fan Berlyn
Charlottenburg-Wilmersdorf - Friedrichshain-Kreuzberg - Lichtenberg - Marzahn-Hellersdorf - Mitte - Neukölln - Pankow - Reinickendorf - Spandau - Steglitz-Zehlendorf - Tempelhof-Schöneberg - Treptow-Köpenick
 
Dútslân
Flagge fan Dútslân
Baden-Wuertemberch - Beieren - Berlyn - Brandenburch - Bremen - Hamburch - Hessen - Meklenburch-Foarpommeren - Nedersaksen - Noardryn-Westfalen - Rynlân-Palts - Saarlân - Saksen - Saksen-Anhalt - Sleeswyk-Holstein - Tueringen