East-Berlyn
Berlin (Ost) Ost-Berlin | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | East-Dútslân |
Bezirk/Besettingssône | East-Berlin |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.279.212 (1989) |
Oerflak | 403 km² |
Oar | |
Stifting | 1948 |
East-Berlyn wie yn 'e tiid fan it partsjen fan Dútslân it eastlike part fan Berlyn ta tsjinstelling fan West-Berlyn. East-Berlyn wie ynearsten it part fan Berlyn dat ta de Sowjet-besettingssône hearde, wilens de besettingssônes fan de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk West-Berlyn foarmen. Neffens de ôfspraken fan de Oerienkomst fan Potsdam wie East-Berlyn gjin part fan de Sowjet-besettingssône fan Dútslân (fan 1949 ôf de Dútske Demokratyske Republyk). It regear fan de DDR rôp (East-)Berlyn yn 1961 lykwols ta haadstêd fan de DDR út; Berlin, hauptstadt der DDR.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Berlyn waard nei de ôfrin fan de Twadde Wrâldkriich beset troch de alliearde legermachten fan Frankryk, it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten yn it westen en de Sowjet-Uny yn it easten. Dy machten ferdielden de stêd yn fjouwer sektoaren. De trije westlike sektoaren foarmen West-Berlyn en de eastlike sektor foarme East-Berlyn. Ta in politike skieding kaam it yn 1948, doe't de Sowjet-Uny de boargemasterskar fan it Berlynske Hûs fan Offurdigen net oannaam en in eigen boargemaster en parlemint ynstallearre.
Doe't op 7 oktober 1949 yn de Sowjet-besettingssône fan Dútslân de Dútske Demokratyske Republyk útroppen waard jilde dy allinnich foar de dielsteaten (Länder) Brandenboarch, Meklenboarch-Foarpommeren, Saksen, Saksen-Anhalt en Tueringen. Yn deselde grûnwet waard ek besletten dat Berlyn de haadstêd fan de republyk is; Die Hautstadt der Republik ist Berlin. Dêrmei waard oantsjutten dat der hope wie dat de fjouwer besettingssônes fan Dútslân ta ien republyk útroppen wurde soene.
De Sowjet-sektor fan Berlyn wie gjin part fan de Sowjet-besettingssône fan Dútslân, en waard dus winliken net in part fan de DDR. Wetten fan de DDR waarden yn East-Berlyn yn wurking steld nei't dy goedkard wiene troch de magistraat fan Berlyn. Oarsom wiene de East-Berlynske leden fan de Volkskammer ek net folweardich lid en hiene hja allinnich in advisearjende stim.
Yn de praktyk wie de bining fan East-Berlyn mei de DDR al hiel nau. Fan it begjin ôf hie it DDR-regear syn sit yn East-Berlyn en beskôge gâns Berlyn as har haadstêd. Fan 1953 ôf koe in East-Dútske identiteitskaart oanfrege wurden yn East-Berlyn. Yn jannewaris 1957 naam de magistraat fan Berlyn in nustje wetten oan dy't de bannen fan East-Berlyn mei de DDR ferstevige. Tenei stie de magistraat ûnder gesach fan de ministerried fan de DDR, wêrmei it DDR-regear winliken it direkte gesach oer East-Berlyn krige.
Yn 1961 waard de Berlynske Muorre boud. Yn septimber fan dat jier besleat de Steatsried fan de DDR dat Berlyn in lykweardige status krige as de oare 14 distrikten, dy't yn 1952 foarme waarden ynplak fan de eardere dielsteaten. Yn jannewaris 1962 waard de tsjinstplicht yn de Nationale Volksarmee ynfierd en dy jilde ek foar de ynwenners fan East-Berlyn. Yn dat jier waard East-Berlyn ek offisjeel ta Berlin, Hauptstadt der DDR (Berlyn, haadstêd fan de DDR) útroppen. Yn East-Dútske boarnen wie de namme Berlin meastentiids ornearre foar it eastlike part fan de stêd. De namme Groß-Berlin wie ornearre foar de gânse stêd. It westlike part fan de stêd waard oantsjutten as: Besondere politische Einheit Westberlin (bysûndere politike ienheid West-Berlyn) of koart Westberlin.
Neffens de westlike alliearden en de Bûnsrepublyk wie East-Berlyn gjin part fan de DDR en erkenden dat ek net en dus ek net as haadstêd fan de DDR. Offisjele besites fan West-Dútske lieders fûnen dus ek nea plak yn East-Berlyn. Kânselier Willy Brandt moete Erich Honecker yn 1969 yn Erfurt en de steatsbesite fan Helmut Schmidt fûn yn 1981 plak yn Güstrow. Yn it westen waard it eastlike part fan de stêd oantsjutten as Berlin (Ost), yn de folksmûle ornaris Ost-Berlin en foar it westlike part as Berlin (West), yn de folksmûle West-Berlin oantsjutten.
Nei de Wende fan 1989 waard oantrune op in wer byinoar bringen fan de stêd en yn 1990 nei it byinoar bringen fan Dútslân waarden de eastlike en westlike parten fan de stêd ek wer gearfoege. Nei 40 jier skieding binne der nettsjinsteande it warbere besykjen om de fersillen fuort te wurkjen, noch hieltyd ferskillen te sjen tusken it eardere East- en West-Berlyn. It eardere sintrum fan East-Berlyn, Mitte hat de betsjutting fan stedssintrum wer werom krigen.
Grinsferkear
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 13 augustus 1961 oant 9 novimber 1989 wie West-Berlyn skieden fan East-Berlyn en de DDR troch de Berlynske Muorre. Ferkear tusken West- en East-Berlyn wie mooglik by in tal grinsoergongen, wêrfan Checkpoint Charlie wol de wichtichste wie. Treinferkear mei de S-Bahn en U-Bahn. West-Berliners en West-Jeropeanen koene mei in fisum nei it easten reizgje. East-Berliners, útsein de âlderein, wie it ferbean nei it westen te reizgjen. Reizgers út it westen wei moasten yn it Stasjon Friedrichstraße nei de grinskontrôles foar't hja East-Berlyn yn komme koene. Men moast 25 D-mark ynwikselje foar 25 Eastmarken (Ostmarken). Dat wie in manier foar it DDR-regear om oan hurde faluta te kommen. Hoewol't toeristen meastentiids jild oerholden nei harren besite oan East-Berlyn, mochten hja de eastmarken net wer omwikselje. Meinimmen fan Eastmarken nei it westen ta wie ek ferbean, dochs der wie net folle kontrôle op. Toeristen moasten in deifisum oan de grins keapje foar 5 D-Mark en moasten foar 12 oere nachts de eastsône fan de stêd wer ferlitte. Mei dat fisum koene hja allinnich East-Berlyn besykje, mar net bûten de stedsgrinzen reizgje. Mei beheinings wie it dochs wol mooglik mei in organisearre trip nei Potsdam te gean.
Wiken en buorren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]East-Berlyn bestie yn 1990 út de folgjende wiken en buorren:
- Mitte
- Prenzlauer Berg
- Friedrichshain
- Pankow
- Weißensee
- Hohenshönhausen (fan 1 septimber 1985 ôf)
- Lichtenberg
- Marzahn (fan 5 jannewaris 1979 ôf)
- Hellersdorf (fan 1 juny 1986 ôf)
- Treptow
- Köpenick
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory East Berlin fan Wikimedia Commons. |