Erfurt
Erfurt | ||
Riedhûs | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Tueringen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 215.675 (31.12.2023) | |
Oerflak | 269,91 km² | |
Befolkingsticht. | 799 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50°59' NB, 11°2' EL | |
Offisjele webside | ||
www.erfurt.de | ||
Kaart | ||
Erfurt is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Tueringen. De stêd hat 215.675 ynwenners (2023) en bestjoerlik de status fan kreisfreie Stadt (in fuort ûnder de dielsteat fallende stêd).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Erfurt waard yn 742 foar it earst neamd mei't Bonifatius dêr in bisdom stifte. Dat bisdom bestie lykwols net lang en waard al yn 755 by it bisdom Mainz foege. Om 1167 hinne krige de stêd stedsmuorren, dy't yn 1873 ôfbrutsen binne.
Yn 'e midsiuwen wie Erfurt ien fan 'e belangrykste stêden fan Dútslân. Yn dy tiid telde de stêd wol 80 tsjerken en 36 kleasters en ek hjoed-de-dei is de stêd noch ryk oan religieus erfgoed.
Sûnt 1392 hat de stêd in universiteit. It wie de trets oprjochte universiteit yn Dútslân (nei dy fan Keulen en Heidelberch) en yn de 15e iuw wie it de grutste. De universiteit joech ûnderrjocht oan lettere wichtige renêssânse-humanisten. Maarten Luther studearre dêr fan 1501 oant 1505. De universiteit waard yn 1816 sletten, mar sûnt 1994 is Erfurt wer in universiteitsstêd.
It âlde sintrum hat yn 'e Twadde Wrâldkriich minder te lijen hân fan bombardeminten as oare Dútske stêden.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It besjen wurdich is de romaansk-goatyske dom, dy't fan de 12e oant de 15e iuw op 'e domberch boud waard.
- Njonken de domtsjerke stiet de Sint-Severustsjerke. Oan beide tsjerken op 'e domberch wiene oant de sekularisaasje yn 1803 in stift ferbûn.
- It stedhûs oan 'e Fiskmerk (Fischmarkt) is boud yn neogoatische styl. Oan it plein steane ek de renêssânse hûzen Zum breiten Hert (nû 13; 1584) en Zum roten Ochsen (nû 7, 1562). Op it plein stiet it Römermonumint fan 'e Nederlanner Israel van der Milla (1591).
- De Krämerbrücke is in midsiuwske brêge dy't beboud is mei fakwurkhûzen.
- It joadsk-midsiuwsk erfgoed fan Erfurt is sûnt 2023 UNESCO-wrâlderfgoed.
- De sitadel op 'e Petersberg is in barokke stedsfêsting op it plak fan in earder benediktynsk kleaster.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Angermuseum
- Museum Neue Mühle
- Naturkundemuseum
- Stadtmuseum
- Alte Synagoge
- Volkskundemuseum
- Topf und Söhne (betinkingsplak fan it bedriuw, dat yn 'e nazytiid de kremaasjeûnen foar de ferneatigingskampen boude).
Stedsdielen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It stedsgebiet fan Erfurt is yn 53 Stadtteile te ferdielen. Dêrfan binne 44 in Ortsteil, yn 'e regel doarpen dy't earder selsstannige gemeenten wiene en by de stêd foege binne.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Krämerbrêge.
-
Fiskmerk.
-
Fransikaanske tsjerke (Barfüsserkirche).
-
Andréastsjerke.
-
Synagoge.
-
Marktstraße.
-
Kaufmannstsjerke.
-
Sitadel Petersberg.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|