Dom fan Erfurt
Dom fan Erfurt | ||
Lofts: de Marijedom, rjochts: de Severustsjerke. | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Tueringen | |
plak | Erfurt | |
koördinaten | 50° 58' N 11° 1' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Erfurt | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw (begjin bou) | |
boustyl | romaansk, gotyk | |
Webside | ||
www.dom-erfurt.de | ||
Kaart | ||
De Dom fan Erfurt (eartiids ek: Marijetsjerke of proasdijtsjerke Beatae Mariae Virginis) is de wichtichste en âldste tsjerke fan Erfurt, de haadstêd fan 'e Dútske dielsteat Tueringen. De domtsjerke besit mei de troch Geart fan Wou getten Gloriosa de grutste midsiuwske lietklok fan 'e wrâld. Healwei de 8e iuw wie de tsjerke foar in hoart de haadtsjerke fan it bisdom Erfurt. Yn 'e midsiuwen oant de iere 19e iuw wie de goed 81 m hege tsjerke de sit fan it kollegiale Marijestift. Sûnt 1994 hat de domtsjerke wer de funksje fan katedraal fan it yn dat jier op 'e nij oprjochte bisdom Erfurt.
Oan 'e noardlike kant fan 'e domtsjerke stiet op 'e katedraalheuvel de ek roomske Severustsjerke, ien fan 'e belangrykste goatyske monuminten fan it lân. Yn 'e tsjerke stiet in ryk fersierde sarkofaach mei dêryn it bonkerak fan Severus fan Ravenna.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e tiid fan it Frankyske Ryk wie Erfurt in wichtich sintrum. Paus Gregoarius II (715–731) rôp de Thüringers op om hjir in hûs te bouwen foar Bonifatius, dy't hjir it evangeelje ferkundige. Yn 725 waard dêrmei útein set. Om 740 hinne frege de misjonaris oan paus Sacharias om in bisdom te organisearjen. Tagelyk waarden ek de bisdommen Büraburg (letter: Fritzlar) en Würzburg stifte. In pear jier letter yn 'e iere jierren 750, mar op 't lêst nei't Bonifatius, Adolar en Eoban de martlerdea ferstoaren yn Fryslân, waard it bisdom Erfurt opheft en yntegrearre yn it bisdom Mainz.
Foargonger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste foargonger fan 'e hjoeddeiske domtsjerke waard nei alle gedachten yn it jier 752 troch Bonifatius stifte. Op hokker plak en hoe't dy domtsjerke der útseach is net bekend. Yn 'e tsjerke waard by archeologysk ûndersyk yn 1991 op 3 m djipte ienfâldich muorrewurk fan in westlike apsis oantroffen. Dat muorrewurk waard ynearsten op 'e 9e iuw rûsd, mar letter die bliken dat it 12e-iuwsk wie.
Romaanske arsjitektuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1154 waard op 'e heuvel mei de bou fan 'e letromaanske basilyk úteinset mei in krúsfoarmige plattegrûn. It wurk eine goed, fral mei't der twa grêven ûntdutsen waarden, wêrfan't tocht waard dat it de bonkerakken fan 'e hillige biskoppen Adolar en Eoban wiene. Dat nijs soarge foar in soad ekstra ynkomsten. Al yn 1170 wie de bou safier dat keizer Freark I Barbarossa dêr Loadewyk III fan Thüringen, soan fan lângreve Loadewyk II fan Thüringen, ta ridder sloech. Ut dy tiid datearje de saneamde Wolfram-ljochter en in romaanske Madonna (1160). De tsjerke waard op 20 juny 1182 ynwijd. Fan 'e romaanske bou út de twadde helte fan 'e 12e iuw binne de ûnderbou fan 'e tuorren, de westlike romten oan it koer en dielen fan it dwersskip oerbleaun.
Goatyske bou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw waard mei de ferbouwing fan 'e tsjerke yn goatyske styl útein set. Der ûntstie in hiel nij, grutter koer mei in mearsidige ôfsluting. Dêrnei waard in klokkestoel boud foar de ferneamde Gloriosaklok. Dy klok hat in gewicht fan mear as 11 ton en is de grutste midsiuwske klok fan 'e wrâld, dy't getten waard troch Geart fan Wou. De tsjerke wie yn 'e 14e iuw te lyts woarn en op 'e nij waard it koer fergrutte. Om 't de heuvel foar de tsjerke te lyts waard, krige it útwreide koer in ûnderbou mei útsparrings, dy't kavaten (ôfkomstich fan it Latynske cavare - útholje) neamd wurde. Dy romten tsjinnen oant yn 'e 19e iuw foar wenten.
Tagelyk mei de bou fan 'e saneamde kavaten ûntstie ek de ûndertsjerke, dy't yn 1353 ynwijd waard. Oan ien fan 'e pylders fan 'e kavaten is noch in midsiuwske bûtenkânsel bewarre. It haadportaal oan 'e noardlike earm fan it dwersskip mei de bylden fan 'e fiif sleauwe en de ferstannige jongfammen wurde flankearre troch Ecclesia en Synagoge en stamme ek út dy tiid.
Dat der gjin represintatyf haadportaal is hat te meitsjen mei it romtetekoart op 'e heuvel. Yn 1455 waard it tsjerkeskip ôfbrutsen om plak te meitsen foar in nije letgoatyske halletsjerke. De tsjerke wie foar 1465 yn alle gefallen wer yn gebrûk om 't wy witte dat der yn dat jier in Corpus Christi-prosesje troch it westlikportaal holden waard.
Lettere skiednis oant hjoed-de-dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tritichjierrige Kriich soarge foar in soad feroaringen, sawol yn 'e stêd en as yn 'e tsjerke. Der hat sels praat west om de gebouwen oan 'e jezuïten oer te dragen en it stift op te heffen. Dêr wist it kapittel lykwols it near op te lizzen. Tusken 1697 en 1706 waard it grutte barokke heechalter boud en yn it koer opsteld om de oerwinning fan 'e Mainzer aartsbiskop op it protestantske stedsbestjoer te fieren. De Mainzer aartsbiskoppen ferlearen lykwols harren ynteresse yn it stift en lieten de gebouwen yn 'e 17e en 18e ferrinnewearje. Yn 1717 baarnden de spitsen fan 'e tuorren ôf en dêrnei ferfongen troch needdakken.
By de Napoleontyske krigen waard it gebiet om 'e tsjerke hinne yn in fêsting feroare en de dom troch Frânsen brûkt as hynstestâl. De tichte bebouwing om de domtsjerke en de biskoplike gebouwen waarden by de befrijingskriich yn 1813 folslein ferneatige. Yn 1803 en lang om let yn 1837 waard yn it ramt fan 'e sekularisaasje it stift opheft en de tsjerke krige de status fan parochytsjerke. Yn it Prusyske Erfurt sette sûnt 1828 in grut, puristysk restauraasjeprogramma útein. It lytgoatyske skylddak waard yn 1868 ferfongen troch in leger sealtek. Om 1900 hinne waard it programma ôfsletten.
Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de stêd Erfurt troch swiere bombardeminten troffen, mar net sa slim as yn oare Dútske stêden. Dochs hie ek de domtsjerke te lijen fan skea. Sa rekken it tek en de finsters fan it koer troch eksploazjes yn 'e omjouwing skansearre. Oant 1949 waard der oan 'e restauraasje fan 'e skea wurke.
In nije restauraasje folge yn 'e jierren 1960. It dak út 1868 waard wer ôfbrutsen en ferfongen troch in nij dak, dat mear op it oarspronklike goatyske dak like. Yn 'e jierren 1970 en 1980 waard de restauraasje mei help fan 'e Bûnsrepublyk trochset. Yn 1994 waard de restaurearre tsjerke de domtsjerke fan it bisdom Erfurt.
Kleastergebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klausuer bestiet út trije dielen en omslút in lyts hôf. It westlike en súdlike part binne de kleastergongfleugels. De noardlike fleugel waard by de bou fan it letgoatyske tsjerkeskip ôfbrutsen. Dêrfoaroer is de eastlike fleugel in twaskippige konstruksje út 1230-1240, de Kunigundenhalle, dy't foar de sittings fan it kapittel brûkt waard. De oare dielen fan 'e klausuer binne 13e- en 14e iuwsk. Yn 'e rin fan 'e tiid is der in soad fan 'e oarspronklike klausuergebouwen ferlern gien, benammen yn 'e 19e iuw.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fan 'e oarspronklike ynrjochting is de brûnzen Wolfram-ljochter en in troanende Madonna út 1260.
- De 18,60 m hege en oant 2,60 m brede maaswurkfinsters hawwe brânskildere ramen út 1370-1420 en hearre ta de grutste fan Dútslân yn harren soarte. Trettjin fan 'e fyftjin ramen binne folslein misiuwsk. De ramen waarden yn 1940 en 1941 fanwegen de bommekriich útboud en opslein yn 'e kelders ûnder de krypte. It net útboude Elisabethraam út 1913 gie yn 1944 by de bombardeminten troch de drukweagen ferlern.
- It ikehouten koerstuoltme mei 89 sitten bestiet út twa dûbele rigen fan 17,5 m lang en it is ien fan 'e bêst bewarre koerstuoltmes fan it lân. Oan 'e westlike sydkant fan 'e noardlike bank is de foarstelling te sjen fan 'e saneamde Judensau von Erfurt, in foarstelling dy't stiet foar de oerwinning fan it kristendom op it joadedom: in kristlike ridder giet de striid oan mei in joad dy't op in baarch sit. Om de koarbanken tsjin de bombardeminten yn 'e Twadde Wrâldkriich te beskermjen waarden se ommitsele en mei betonizerplaten oerdutsen.
- It 16,5 m hege en 13 m brede barokke heechalter waard tusken 1697 en 1707 makke en op it plak set, dêr't earder in grut goatysk retabel stie. It alter waard oan it begjin fan it nije millenium restaurearre. It is net bekend wa't it heechalter makke hat.
- It skip hat letgoatyske stjerferwulften.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It haadoargel waard yn 1992 troch Alexander Schuke Potsdam Orgelbau GmbH boud. By de bou fan dat oargel waarden in pear registers fan it eardere oargel út 1906 oernommen. It hat 62 registers op trije manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk. Fan 'e spyltafel fan it haadoargel is ek it koeroargel oan te spyljen.
Klokken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De domtsjerke hat 13 klokken, dy't ûnder ferskillende tuorren ferdield binne. It dragende fûnemint foar it seisstimmige haadlûd is de Gloriosa yn 'e middeltoer. De jitter is de út Kampen ôfkomstige Geart fan Wou. De klok waard yn 'e nacht fan 7 op 8 july 1497 boppe de treppen fan 'e dom getten en draacht as ynskrift:
- + Laude / patronos / cano / glorioſa • • Fulgur / arcens / et / demones / malignos • Sacra / templis / a / populo / ſonanda • • Carmine / pulſo • • Gerhardus / wou / de / Campis / me / fecit • Anno / D[omi]ni / M . CCCC . XCUII
Sûnt de restauraasje yn it jier 2004 wurdt de klok fanwegen de monumintale wearde allinne mei heechfeesten let. De klok oerstimt alle oare klokken, sadat de klok it bêste ta syn rjocht komt as de klok allinne let wurdt.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|