Likenis fan de Tsien Jongfammen

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Magdeburg, domtsjerke. Twa portaalbylden fan skriemende jongfammen dy't de oalje fergetten hiene

De Likenis fan de Tsien Jongfammen is yn it Nije Testamint in parabel dy't Jezus fertelt om dúdlik te meitsjen dat elts wach wêze moat foar it Jongste Gerjocht, want dêrfan is dei noch oere bekend.

De likenis stiet yn Mattéus 25:1-13. Yn de midsiuwen wie it ien fan de meast populêre likenissen mei in grutte ynfloed op de goatyske keunst. Tal fan katedralen waarden fersierd mei portaalbylden fan de fiif ferstannige jongfammen en de fiif sleauwe jongfammen.

De likenis fertelt it ferhaal fan de breidsfammen, dy't op de breugeman wachten om him te begelieden nei de brulloft. Hja hawwe oaljelampen by har, mar fiif fan de tsien hawwe ekstra oalje meinaam. As de breugeman hieltiid mar net komt falle de fammen yn 'e sliep. Midsnacht waarden de jongfammen wekker makke om't de breugeman yn oantocht wie en hja waarden ferge him yn 'e mjitte te rinnen. Hja makken gau de lampen yn oarder, mar de domme fammen seagen dat hja te min oalje hiene. Om't harren lampen útgyngen, fregen hja oalje fan de oare fiif fammen, mar dy anderen dat der dan wol ris te min oalje wêze koe foar allegear. Wylst de domme fammen fuort gyngen om te sjen oft der noch earne oalje te krijen wie, begelieden de wize fammen de breugeman nei de feestseal. Letter kamen ek de domme fammen, mar de doar fan de seal siet al op it slot. Hja fregen oft hja der yn mochten, mar de breugeman andere dat er har net koe.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]