Frankyske Ryk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Frankish Empire 481 to 814-en.svg
Ekspânsje fan it Frankyske Ryk

It Frankyske Ryk wie in Jeropeeske grutmacht tusken de 5e en de 9e ieu, dy't stadichoan foarme waard troch de Frankyske keningen, neidat de Franken en oare Germaanske folken harren yn de Romeinske provinsjes fan Galje festige hienen.

Oername fan it Romeinsk gesach[bewurkje seksje | edit source]

Yn de 4e ieu waarden der ferskate pogings dien troch de Romeinen om de ynfallende Franken wer te ferdriuwen, lykas troch de lettere keizer Julianus Apostata, mar om'e nocht. Yn 358 krigen de Salyske Franken fan de Romeinske keizer 'tastimming' harren as foederaty ('bûnsmaten') op Romeinsk gebiet oan de Skelde en tusken de grutte rivieren te festigjen. De status fan foederaty's joech de oanwêzigens fan de Franken in legitym tintsje mar feitlik hienen de Romeinen al gauris net folle mear te sizzen wêr't de Franken harren festigen. Healwei de 5e ieu stoarte it Romeinske gesach bûten Itaalje folslein yn inoar. De Franken namen de frijheid en besetten al gauris de hiele provinsje Neder-Germaanje (it tsjintwurdige Nederlân besuden fan it rivierengebiet, Belgje en it tsjintwurdige Rynlân) wêrby't de Romeinske en romanisearre bewenners op'e flecht sloegen of harren ûnderwurpen oan de nije Frankyske elite. Harren ekspânsje rjochte har ferfolgens fierder nei it wolfarrende suden ta en sa stadichoan oermasteren sy Galje oan de Seine ta.

de Merovingen[bewurkje seksje | edit source]

Tjien jier nei it ôfsetten fan Romulus Augustulus as lêste Romeinske keizer yn West-Jeropa fersloech yn 486 de Merovingyske kening Klovis de 'Romeinske hearser' Syagrius by Soissons, sadat hiel Noard-Galje binnen syn lân foel. Klovis brocht syn hofhâlding oer nei Parys en makke dit ta sintrum fan syn macht. Yn 507 slagge hy deryn oer hiel Galje te hearskjen doe't hy de Fisigoaten fersloech yn de slach fan Fouillé. Yn de 6e oant de 8e ieu oermasteren de Franken ek de net troch de Romeinen besette Germaanske lânstreken eastlik fan de Ryn en Donau, it tsjintwurdige Dutslân, Eastenryk en Switserlân.

Frankenreich 768-811.jpg

Nei de dea fan Klovis waard it Frankyske Ryk nei goed Germaansk rjocht ferdield ûnder syn fjouwer soannen. Dêrnei waard de ienheid by stuit ferhelpe, mar hieltiid laat de útlis fan it Salyske rjocht opnij ta skeel. Stadichoan woeks de macht fan de hofmeiers en lang om let naam Karel Martel it keningskip oer. Dit wie it begjin fan de dynasty fan de Karolingen.

de Karolingen[bewurkje seksje | edit source]

Under de Karolingyske dynasty makken de Franken in ein oan it Fryske ryk en ûnofhinklikens fan de Saksen (yn Noard-Dutslân) en feroveren sy ek in diel fan Noard-Spanje en hiel Noard- en Mids-Itaalje. Under Karel de Grutte waard it Frankyske Ryk de machtichste steat sûnt de ein fan it West-Romeinske Keizerryk en waard Karel ta Romeinske keizer kroand. Nei de dea fan Karel folget syn soan Loadewyk de Fromme him op as keizer. Yn 843 wurdt it ryk by it ferdrach fan Ferdun opnij ferdield. It ferdielde Frankyske ryk giet dêrnei gruttendiels fierder as Frankryk en it Hillige Roomske Ryk.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]