Lotarius II

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lotarius II
Segel fan Lotarius II

Lotarius II of Lotar II (835 - Piacenza, 8 augustus 869) wie de kening fan Loataringen oant fan 855 ôf oant syn dea.Hy wie de twadde soan fan keizer Lotarius I en Ermengarde fan Tours. Hy wie boaske mei Teutberga (ferstoarn yn 875), dochter fan Bosso de Aldere

Hearskippij[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Karolingyske keninkriken yn 855 mei it keninkryk fan Lotarius yn pears

Om politike redens liet syn heit Lotarius mei Teutberga boaskje yn 855. Hja wie de dochter fan hartoch Bosso de Aldere fan Arles, dy't grutte besittings hie by it berchtme de Jura yn wat no it westen fan Switserlân is. Dat gebiet lei strategysk tsjinoer Boergonje en Itaalje. Krekt foar dat syn heit ferstoar yn 855 ferdielde hy syn keninkryk Midden-Frânsje tusken syn trije soannen by it Ferdrach fan Prüm. Lotarius krige it keninkryk benoarden de Jura oant de Noardsee yn Fryslân. It waard bekend as it Regnum Lotharii ("keninkryk fan Lotarius") en yn de tsiende iuw as Loataringen. Syn âldste broer, Loadewyk II, krige it Keninkryk Itaalje en de keizerstitel, wylst syn jongste broer Karel Provence en Nederboergonje krige. Om't Karel swak en in soad siik wie, fûn Lotarius dat Karel net gaadlik wie in keninkryk te bestjoeren. Dêrmei krige er de stipe fan syn omke Loadewyk de Dútser, kening fan East-Frânsje. Syn omke Karel de Keale, kening fan West-Frânsje stipe Karel lykwols. Dêrmei waard de ferdieling besegele. Nei't syn broer Karel yn 863 ferstoar, krige Lotarius guon gebieten besuden de Jura.
Syn frou Teutberga koe gjin bern krije. It gânse regear fan Lotarius waard oerhearske troch it besykjen fan him en skied fan syn frou, om't er gjin wetlike opfolgers hie. Lotarius koe dêrtroch syn keninkryk net goed ferdigenje, lykas by de ynfal fan de Wytsingen yn Fryslân en it ferneamde plonderjen fan Doarestêd en oare Fryske plakken. Hy hie al bern (ien soan en trije famkes) mei syn frijster Waldrada, dy't út in aadlik geslacht út it Dútske Rynlân kaam. Mar dy bern wiene bûtenechtlik en koene gjin wetlike opfolgers wurde. Syn omkes Loadewyk de Dútser en Karel de Keale bemuoiden harren der ek mei en hja wiene tsjin in skieding, want hja koene foardiel krije dat Lotarius gjin opfolgers hie. Lotarius, dy't sa fereale wie mei Waldrada stjoerde Teutberga fuort. Dat late ta in kriich mei Teutberga har broer Hubert (Bossoniden), dy't hartoch ûnder him wie, en Lotarius waard twongen Teutberga werom te nimmen yn 858. Lotarius waard stipe troch syn broer Loadewyk II yn ruil fan inkelde gebieten besuden de Jura. Hy krige tastimming fan de pleatslike biskoppen te skieden en Waldrada te boaskjen. Dat die er dan ek yn 862. In synoade fan Frankyske biskoppen kaam byïnoar yn Metz en befêstigen dat beslút, mar Teutberga flechte nei it hôf fan Karel de Keale en paus Nikolaas I draaide it beslút fan de synoade werom. Dat late yn 865 ta in oanfal fan syn broer, de Roomske keizer, op Rome. Under driging fan ekskommunikaasje naam er Teutberga wer werom. Teutberga sels woe no skiede fan Lotarius en Lotarius ferfear nei Itaalje foar tastimming fan de nije paus Adrianus II. De paus sei ta it yn oerweging te nimmen en Lotarius kearde wer werom. Underweis krige er malaria en ferstoar dêroan yn Piacenza op 8 augustus 869.
Syn bern waarden ûnwettich ferklearre en wylst syn broer warber yn de striid tsjin it emiraat fan Bari wie, ferdielden syn omkes Karel de Keale en Loadewyk de Dútser syn keninkryk neffens it Ferdrach fan Meerssen yn 870.

Bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lotarius II hie ien (of mear?) soannen en wierskynlik trije dochters, allegear mei Waldrada dy't allegear ûnwettich ferklearre wiene:

  • Hugo (om 855 hinne–895), hartoch fan de Elsas (867–885)
  • Gisela (om 865 hinne–908), dy't yn 883 boaske mei Godfryd, de Wytsing dy't oer Fryslân regearre en yn 885 fermoarde waard.
  • Berta (om 863 hinne–925), dy't boaske mei Teobald fan Arles (om 854 hinne–895), greve fan Arles, omkesizzer fan Teutberga. Hja hiene twa soannen: Hugo fan Itaalje en Bosso fan Toskane. Nei Teobald syn dea, tusken 895 en 898 boaske hja mei Adalbert II fan Toskane (om 875 hinne–915). Hja hiene alteast trije bern: Guido, dy't syn heit as greve en hartoch fan Lucca en markgreve fan Toskane opfolge, Lambertus folge syn broer op yn 929, mar ferlear syn titels yn 931 oan syn healbroer Bosso fan Toskane, en Ermengard.
  • Ermengarde (ûnbekend)
  • Odo (ûnbekend)