Springe nei ynhâld

Hartochdom Boergonje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boergonje (hartochdom))
Hartochdom Boergonje
Flagge fan Hartochdom Boergonje Wapen fan Hartochdom Boergonje
Lokaasje fan Hartochdom Boergonje
Taal Frânsk, Latynsk, Nederlânsk
Haadstêd Dijon
Steatsfoarm Monargy
Tal ynwenners -
Oerflak -
Tiidrek 880 - 1477
Munt net spesifisearre


It Hartochdom Boergonje wie tusken 880 en it begjin fan de 15e iuw in feodaal gebiet mei in soad selsstannichheid yn it Frânske ryk. It bestie út in grut part fan de feriene Boergonjeske gewesten, haadstêd wie Dijon. Boergonje waard regeard troch hartoggen, wêrfan Karel de Stoute de lêste wie. Hy ferstoar yn 1477, wêrnei't it súdlike part fan it hartochdom ûnder de Frânske kroan fan Kening Loadewyk XI, wylst de Lege Lannen by Habsburch kamen.

Nei dat Gûndomar II tsjin Lotarius en Gildebert I yn 534 ferslein waard, waard it eardere keninkryk Boergonje in part fan it Frankyske Ryk. It hâlde wol in aparte status, want de âlde wetten fan it lân bleaune bestean. Stadichoan ferwettere it ûnderskied tusken Franken en Boergonjers en assimilearren de folken yn Latynsprekkende befolking om harren hinne. Dit Boergonjeske part fan it Frankyske Ryk lei yn de hiele Rhônedelte, benammen de hjoeddeiske regio’s Rhône-Alpes en Provence-Alpes-Côte d’Azur. By it Ferdrach fan Ferdun foel it westlike part fan Boergonje yn West-Frânsje en it eastlike yn Midden-Frânsje.

It noard-westlike, of Frânske, part fan Boergonje waard in hartochdom ûnder de Frânske kroan yn 880, doe’t de Frânske kening Karel II de titel fan Hartoch fan Boergonje oan syn sweager Richard fan Autûn skonk. Dizze line hâlde stân oant 1004, doe’t Boergonje waard anneksearre troch Hindrik I. De lêste hartoch, Otto-Willem, hie gien soannen. Boergonje waard yn namme wer ûnôfhinklik yn 1032, doe’t Hindrik de titel skonk oan syn broer Robert I Kapet.

Hûs fan Falois

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Hûs fan Kapet kaam oan de ein mei de dea fan Filips I fan Boergonje, dy’t gjin bern hie, yn 1361. Karel de Lilke, kening fan Navarra, kleemde no de titel, mar dit wie net te akseptearjen foar Frankryk: Navarra stipe Ingelân yn de Hûndertjierrige Oarloch tusken Ingelân en Frankryk. De Frânske kening Jan II skonk de titel oan syn soan Filips de Stoute, wêrmei it Hûs fan Falois begûn.

Under Filips en syn soan Jan sûnder Eangst waard Boergonje, de jure fan fasal fan de Frânske kening, in bedriging foar de Frânske troan. Karel VI, de pakesizzer fan Jan II, wie dwylsinnich, en Filips hie de Frânske troan opeaske. Syn grutste tsjinstanner wie Loadewyk fan Orléans, in jongere broer fan Karel VI. Yn 1407 fermoarde Jan sûnder Eangst Loadewyk, en alhoewol’t Jan absolúsje krige fan Karel VI, waarden de relaasjes net wer goed.

De Ingelske kening Hindrik V hie yn de geheim in ferbûn mei Jan sûnder Eangst sletten en by de Slach fan Agincourt wienen Boergonjeske militêren net oanwêzich. It Frânske leger waard yn dy slach fernietige. Yn 1418 feroveren Boergonjeske militêren Parys, mar de dauphin Karel VII koe ûntkomme. Karel de Dwylsinnige waard troch Boergonje ûnder druk setten om net Karel VII, mar de soan fan Hindrik V as troanopfolger te beskôgjen. Dêrmei waard de troan fan Frankryk nei Ingelân oerjûn.

Yn 1419 waard Jan sûnder Eangst op 10 septimber fermoarde troch militêren fan de dauphin, mar dit koe net tsjingean dat op 6 novimber 1429 net Karel VII, mar de jonge Hindrik VI fan Ingelân de Frânske troan krige. Jan syn soan Filips de Goeie wie no hartoch fan Boergonje, en mei diplomatike setten bewarre hy de frede mei it leger fan de dauphin en Ingelân. Filips slagge deryn syn ryk út te wreidzjen mei parten fan de Lege Lannen. Tsjin 1451 omfieme it Boergonjeske gebiet de Lege Lannen, útsein Fryslân, Gelre en Brabân-Limboarch en ek sûnder Luik en in tal lytsere gebieten dy’t nea ta de Santjin Provinsjes heard hawwe. Gelre en Brabân-Limboarch wienen doe al fasallen en ek Lúksemboarch kaam ûnder it bewâld fan Boergonje. Yn it hjoeddeiske Frankryk kamen ek Arteesje en Pakardië, parten fan Lotaringen, neist de âlde kearn fan Boergonje by it Boergonjeske gebiet. De hartoggen wienen no op it hichtepunt fan harren macht.

Under Filips syn soan Karel de Stoute waard de Boergonjeske macht sintralisearre yn de rike en ekonomysk wichtichste Lege Lannen, nei dat yn 1430 ek Brabân-Limboarch definityf by Boergonje kaam nei de dea fan Jan IV fan Brabân. De haadstêd fan it ryk waard nei Brussel ferpleatst. Karel besike syn besittingen noch fierder út te wreidzjen mei diplomatike en militêre aksjes. Dat ferrûn yn it begjin tige goed, mar yn 1477 kaam Karel om yn de Slach by Nancy tsjin Lotaringen en Switserlân. Frankryk makke gebrûk fan de sitewaasje om grutte parten fan it ryk, wêrûnder Boergonje sels, yn it besit te krijen.

Mei Filips de Goeie begûn in Boergonjeske sintralisaasjepolityk. Der waard in ienheidsmunt ynfierd en de sintrale ynstellings waarden lyk foar alle gewesten. Neist de foarst wie der in Hofrie dy’t syn persoanlik advysorgaan wie. Dizze Hofrie krige stadichoan ek politike macht. De rekkenkeamer wekke oer de finânsjes en de Grutte Rie fan Mechelen krige de rjochterlike macht. Om dizze funksjes yn te foljen waard brûk makke fan amtners.

Karels dochter Maria fan Boergonje wie no de erfgenamt fan de Lege Lannen, en har hân waard troch in soad minsken socht. De Frânske kening Loadewyk XI hope dat sy houwe soe mei syn soan Karel, om sa ek de Lege Lannen ûnder syn bewâld te krije. Mar Maria houde yn 1477 mei de Eastenrykske aartshartoch Maksimiliaan. De Boergonjeske lannen, sûnder Boergonje sels, kamen yn it besit fan Habsboarch. It Habsboarchske Boergonje, dat wol sizze: de Boergonjeske Nederlannen, en fan 1493 ôf, ek Franche-Comté, letter tegearre de Boergonjeske Kreits fan it Hillige Roomske Ryk, soe yn 1543 ek Gelre en Fryslân derby krije, wêrmei de Santjin Provinsjes ûnder ien hearsker kamen.

Yn namme Boergonje bleau bestean, mar it soe gjin wichtige rol mear spylje, it waard de âlde provinsje en de hjoeddeiske regio Bourgogne.