Springe nei ynhâld

Ferdrach fan Prüm

Ut Wikipedy
Lotarius I ferdielt syn keninkryk tusken syn trije soannen

It Ferdrach fan Prüm of ek wel de Dieling fan Prüm, ree op 19 septimber 855, wie it twadde ferpartsjen fan it Karolingyske Ryk. Mei it oankommende ferstjerren fan Lotarius I, ferdielde er syn keninkryk ûnder syn trije soannen.

Fan 830 ôf, fochten Lotarius en syn bruorren Pepyn I fan Akwitaanje (ferstoarn yn 838) en Loadewyk de Dútser ferskate slaggen tsjin harren heit, keizer Loadewyk de Fromme. It ferstjerren fan Loadewyk de Fromme yn 840 late ta in nije rige strideraasjes oer it erfskip tusken de trije oerbleaune soannen Lotarius, I, Loadewyk de Dútser en Karel de Keale (de soan fan Loadewyk de Fromme mei syn twadde frou Judit fan Beieren). Lotarius, de âldste soan en mei-keizer mei syn heit sûnt 817 neffens de Ordinatio Imperii, easke de oerhearskippij mar waard troch de oare bruorren wegere. Hja fersloegen him yn de Slach by Fontenoy yn 841.
Keizer Lotarius moast einlings tajaan oan de easken fan Loadewyk de Dútser en Karel de Keale, dy't yn 842 de Eed fan Straasburch ôfleine, dêr't hja inoar stipe ûnthjitten. Hy sleat yn augustus 843 it Ferdrach fan Ferdun mei syn jongere bruorren. Dat Ferdrach late ta dat it Ryk fan Loadewyk de Fromme ("Frânsje") ferdield waard tusken syn trije soannen. Loadewyk de Dútser krige al it lân beëasten de rivieren de Ryn en Aare ("East-Frânsje"), Karel de Keale krige it lân bewesten de rivieren de Skelde, Maas, Saône en Rône ("West-Frânsje"), wylst Lotarius it lân der tuskenyn fan Fryslân oant Itaalje krige mei de stêden Aken en Rome ("Midden-Frânsje" of Lotharii Regnum), en de keizerstitel.
Nettsjinsteande dat de Karolingen de ienheid fan it Ryk bewarje woene, waard it Ryk stadichoan fersnippere troch erflike ferdielings. Benammen om it feit dat Lotarius syn Middenryk lange en swakke grinzen en minne ferbiningsmiddels hie. Ynfallen fan Wytsingen yn it noarden en islamityske Sarasenen yn it suden holpen deroan dat it net in lang libben genietsje koe.

Lotarius, dy't al slim siik wie, ferdielde op syn ferbliuwplak yn Schüller (Sconilare) op 19 septimber 855 it Lotharii Regnum tusken syn trije soannen.

Ferdieling neffens it Ferdrach fan Prüm

     Loadewyk II († 875), de âldste soan, krige de keizerstitel en it Keninkryk Itaalje (bestie doe allinne út de noardlike helte fan it Italjaanske skiereilân)

     Lotarius II († 869) krige Fryslân en de dielen fan Austraasje dy't nei it Ferdrach fan Ferdun ta it gebiet fan syn heit kamen (it oarspronklile gebiet yn it Romeinske Ryk dêr't de Franken delstrutsen en de haadstêd Aken) - dat keninkryk waard bekend as Loataringen ferneamd nei syn kening en wie it koartst besteande fan de trije keninkriken dy't ûntstiene nei it Ferdrach en dy't ferdield waard yn de hartochdommen Nederloataringen and Opperloataringen sa'n hûndert jier letter.

     Karel († 863), de jongste fan de trije soannen, waard kening fan Provence, dêr't er Provence en it grutste part fan it eardere Frankyske Keninkryk Boergonje (útsein it gebiet bewesten de rivier de Saône, dat neffens it Ferdrach fan Ferdun ta West-Frânsje kaam en dat letter it Frânske Hartochdom Boergonje wurde soe) - dit keninkryk soe letter it Twadde Keninkryk Boergonje (Keninkryk fan Arles) wurde.


Lotarius luts himsels werom yn de Abdij fan Prüm en ferstoar dêre tsien dagen letter.


Nei de dea fan Karel yn 863 en Lotarius II yn 869, waarden Boergonje en Loataringen fannijs ferdield tusken East- en West-Frânsje en it Keninkryk Itaalje by it Ferdrach fan Meerssen yn 870. It útwurkjen fan it Ferdrach fan Prüm kaam ta in ein doe't yn 951 kening Otto I fan Dútslân Itaalje yn in tiid fan politike opskuor ferôvere en mei de widdo-keninginne Adelheid boaske. Hy bemachtige de Izeren Kroan en waard yn 962 einlings ta Kening fan Itaalje en keizer fan it Hillige Roomske Ryk kroane. It Ferdrach fan Prüm kin sjoen wurde as ien fan de effekten fan it ûntstean fan it feodalisme yn Jeropa.