Pepyn I fan Akwitaanje

Ut Wikipedy
Munt fan Pepyn I

Pepyn I fan Akwitaanje (797 - 13 desimber 838 wie de kening fan Akwitaanje en hartoch fan Maine. Hy wie de twadde soan fan keizer Loadewyk de Fromme en syn earste frou Ermengarde fan Haspengoa.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't syn heit yn augustus 817 it ryk ûnder al syn soannen ferdield hie as ûnderkeninkriken, krige Pepyn Akwitaanje, dat it ûnderkeninkryk fan Loadewyk sels wie ûnder it regear fan dy syn heit Karel de Grutte.
Hy boaske yn 822 mei Ingeltrude, dochter fan Teodebert fan Madrie. Hy krige mei har twa soannen: Pepyn (823-nei 864) en Karel (825-830 - 4 juny 863), dy't aartsbiskop fan Mainz waard. Pepyn hie ek noch twa dochters, dêr't der ien fan mei greve Gerard fan Auvergne boaske.
Pepyn kaam yn 830 yn ferwar tsjin syn heit op oantrûnen fan Wala fan Corbie, de adviseur fan syn broer Lotarius. Hy tôge mei in leger Basken nei Parys ta mei help fan de Neustrjers. Syn heit kaam werom fan in kampanje yn Bretanje nei Compiègne, dêr't Pepyn syn leger besingele en him finzennaam. De opstân bedarre lykwols al rillegau.
Yn 832 kaam Pepyn fannijs yn opstân en syn jongere broer Loadewyk de Dútser die itselde. Loadewyk de Fromme wie yn Akwitaanje om in rebûlje del te slaan, mar waard ôflaat troch de Beierske rebûlje fan de jongere Loadewyk. Pepyn naam Limoges yn, allyk oare keizerlike besittings. It folgjende jier sleat Lotarius him by syn bruorren oan en, mei help fan Ebbo, aartsbiskop fan Reims, setten hja harren heit ôf. Troch it grutte stribjen nei macht fan Lotarius, keazen Pepyn en Loadewyk de Dútser de kant fan harren heit en stelden him op 1 maart 834 fannijs wer oan. Pepyn krige syn âlde posysje wer werom.
Pepyn ferstoar in lytse fjouwer jier letter en waard begroeven yn de Sint-Radegondetsjerke yn Poitiers. Syn beide soannen wiene noch minderjierrich en Loadewyk de Fromme joech it keninkryk oan Pepyn syn healbroer Karel de Keale. De Akwitaanske adel keas lykwols foar Pepyn syn soan, Pepyn II. Syn broer Karel makke foar in skoftke ek taspraak op it keninkryk. Beide ferstoaren sûnder bern.